45

De trein De provinsje Fryslân is dwaande mei in wiziging fan it spoarboekje. Har winsk is it oantal treinen yn 'e spits út te wreidzjen nei fjouwer. Dat soe realisearre wurde kinne as de treinen allegear wat hurder ride. En dêr knypt it: in part fan it baanfak tusken Mantgum en Snits is net stabyl genôch foar hegere snelheden. Tusken Ljouwert en Mantgum giet de snelheid nei 130 oant 140 kilometer yn it oere. Tusken Mantgum en Snits bliuwt it 100 kilometer yn it oere. Fersteviging fan it baanfak kostet tsientallen miljoenen en dat jild is der op it stuit net. By in hegere snelheid kinne der mear treinen tagelyk op it trajekt. Der hat in oerlis west tusken de provinsje Fryslân en de doapsbelangen fan Mantgum en omlizzende doarpen. Yn dat oerlis is ús meidield dat der oer in tydlike maatregel neitocht wurdt. It foarstel is no: - Oerdei, tusken de spitsen ride der twa treinen yn it oere fan Mantgum nei Ljouwert en twa treinen fan Mantgum nei Snits. - Yn 'e moarnsspits rydt der in ekstra lange trein fan Ljouwert nei Snits. Yn Snits splitst dizze trein en rydt der elk kertier in trein fan Snits nei Ljouwert. Ien trein stoppet yn Mantgum, de oare rydt op snelheid Mantgum foarby, oars komt it net út mei de trein fan Ljouwert nei Snits. - Yn 'e jûnsspits bart itselde as yn 'e moarnsspits mar dan krekt de oare kant út. - De trein fan Mantgum-Ljouwert krijt in bettere oansluting op de oare treinen yn Ljouwert. De provinsje Fryslân nimt hjir selstandich in beslút yn. De doarpsbelangen ha oanjûn it spitich te finen dat de tredde trein ferdwynt. Oan de oare kant is it sa dat der deis sa'n 250 opstappers yn Mantgum binne. It oantal reizgers, ek fierder tusken Ljouwert en Snits, is te lyts om trije treinen oan te hâlden. Doarpsmienskip Mantgum sil der by de provinsje op oan trune dat der jûns faker in trein rydt. Sadat ek dan mear minsken foar it iepenbier ferfier kieze sille ynstee fan de auto te pakken. Doe't de direkteur fan Arriva yn septimber yn Mantgum wie, hat hy ús beloofd dat eltse trein dy't yn Mantgum stoppet ek de doarren iepen docht foar yn- en útstappers. By dy belofte wiene mear as 150 minsken oanwêzich! Mandeguod 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication