57

dan brûkt om âldere psychiatryske pasjinten yn op te fangen. Yn it ferfolch kinne wy hjir dus ek klean foar folwoeksenen bringe. Tiisdeitemoarn kinne wy yn ien rit 150 doazen fuortbringe. De earste 75 binne bestimd foar Tiborszálas (âldereintehûs). Op it gebou sjogge wy in nij boerd. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 binne se in reformatysk tehûs. Letter as wy yn Mérk (opfang âlderen en psychiatyske pasjinten) binne, hearre wy dat it ministearje de kommende jierren ferantwurdlikheid foar de sosjale ynstellingen oan de tsjerken jout. De tsjerken krije dan in pot jild dêr’t sy de ynstellingen en skoallen fan betelje moatte. De froulju hjir binne noch wat skeptysk. De tiid moat leare oft der yn de praktyk jild oerbliuwt foar de tehuzen. Yn Mérk treffe wy de direktrise fan dit tehûs en noch trije oare tehuzen. Fia de tolk lit se ús witte dat se o sa tefreden is mei it belied fan Vikor Orbán. Wy fiele ús dêr wat ûngemaklik by, lestich dy politike kwestjes. Nei it middeisiten ride we werom nei Kisléta. Wy bringe de dekbêdoertrekken dy’t wy kocht hawwe foar de bern yn it A-paviljoen. De susters en de bern binne der o sa wiis mei. Dêrnei lade wy yn foar Nábrád (dei-opfang handikapte bern). De reis giet net sa flot, want it is al tsjuster en boppedat hiel mistich. Om healwei fiven komme we oan. Nei it útladen moatte we fansels wat ite en we krije in poster dy’t de bern hjir foar ús makke hawwe. Omdat it juster in lange dei wie, beslute wy woansdei relaxed te begjinnen mei in oerke yn it termaalbad. Hjoed bringe wy yn it opfangtehûs foar bern yn Nyírbátor 40 doazen. We prate in skoftke, yn ús bêste Hongaarsk, oer de problemen dy’t se hjir hawwe. Fan de 40 bern dy’t hjir wenje, binne der mar fiif dy’t it echt goed dogge. De rest docht it net goed op skoalle en foaral oer de famkes hat it personiel grutte soargen. We helje broadsjes foar ûnderweis en ride dan troch nei Gönc. Dêr stiet in opfangtehûs foar bern, tichtby de Tsjechyske grins. De learares Ingelsk wurket der net mear. De direktrise fertelt dat it hiel lestich is om nij personiel te krijen. It wurk is kompleks en leararen kieze dan foar gewoane skoallen. Foar dit tehûs hawwe wy nij túnark kocht. Dêr hiene se foarige kear om frege omdat se graach mei de bern griente ferbouwe wolle. De direktrise is der bliid mei. Tongersdei ride wy de moarns nei it blijf van mijn lijfhuis yn Nyíregyháza. Se binne hiel wiis mei de wasserette kisléta Mandeguod 55

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication