babyklean en berneweinen dy’t wy bringe. Yn dit hûs binne se begûn mei in naaiatelier. Wy krije wat spul mei dat se hjir makke hawwe. Neist de opfang fan famyljes hawwe se op in oare lokaasje in opfang foar âldere dakleazen. Alles wat se hjir net brûke kinne, jouwe se oan de ‘gemeenterie fan sigeuners’ dy’t it dan wer ûnder de befolking ferdielt. Moai om te hearren dat alles goed te plak komt. Middeis ride bllijf van mijn lijf huis wy nei Berettyoújfalu. De froulju dêr fine it hiel spannend omdat se gjin Ingelsk of Dútsk prate. Lokkich komme wy mei it Hongaarsk in hiel ein. Op de weromreis komme wy yn de file, dus wer let thús. Freed kinne dan de lêste doazen ynladen wurde. Dy binne bestimd foar it Reade Krús. Wy treffe de nije direktrise, dy’t in bytsje Ingelsk praat. Fansels is ek Júlia oanwêzich om te tolken. Wat fijn om har wer te sjen! Se binne wat oerweldige troch it oantal doazen (65) want der wurdt ferboud. Dochs komt alles te plak. Foarich jier hiene wy trije troujurken mei foar de ‘kleanbank’. Se litte ús no in betankbrief mei foto fan in breidspear sjen. Prachtich dat ek dat in goede bestimming krigen hat. Nei it werombringen fan de karre ride wy dan freedtemiddei rjochting Nederlân. It wie wer in bysûndere wike. Tige tank foar al jimme donaasjes en help! Jelle en Renske van der Meer Klean en boartersguod kinne brocht wurde op de folgjende adressen: Jelle en Renske van der Meer Germ Hallema Swannedrift 28 Mantgum Ytsje Merkus Hegedyk 4 Boksum Master Fopmawei 18 Jorwert Acronius Hettinga Sportleane 9 Deinum Mandeguod 57
60 Online Touch Home