WRAFKE – Afke op fakânsje Ik hie al in dei fan tefoaren yn ‘e noas dat d’r wat barre soe. Frou wie tassen oan ‘t ynpakken en narre baas mei alderhanne fragen wat se al as net meinimme moast. Meastentiids andere hy dat se dat sels betinke koe. Der bedarre allinne iten en boartesguod fan my yn myn eigen hûnetas; de lytsbazen soene op dy âlde swarte passe. Hiene wy beide lekker it ryk allinne! Nei de kofje wie it in healoere riden en doe waarden Frou en ik yn ‘e drokte út de auto setten. Wy rûnen tegearre sigesaagjend yn de kloft omheech en stapten dernei yn in ûnbidich grut gefaarte. Binnen troffen wy Baas ek wer by in taffeltsje mei banken. D’r wiene folle mear hûnen mei baaskes mei, faaks mochten wy mekoar efkes besnúfkje. Mei ik wol oer. In protte minsken hawwe ek niget oan my. Hoech ik net iens myn bêst foar te dwaan. Se fine myn foksbrúne kleur en pup-útstrieling moai en harkje ferheard dat ik in Labrador bin. Fjirders in soad bern. En dy wolle my allegearre aaie fansels. Dat lit ik nammers mei nocht gewurde. Mei it sels wol graach lije. Ik skrok wol efkes doe’t d’r trije kear in lûd kabaal klonk en de flier begûn te triljen: it gefaarte kaam yn beweging. Goed oardeloere wiene wy ûnderweis. Doe sette Baas wer ôf en seagen Frou en ik him pas by de auto wer. Dêrnei wie it mar in kertierke riden nei it simmerhúske ta, tichtby in grut bosk. Dêr koe’k lekker drave, tjirgje en myn behoeften dwaan. Noch nea safolle dinne-appels en tûken sjoen om mei te tôgjen! Ik hie ‘t ferskuorrend nei’t sin. En wat hie’k in ferlet fan iten dy jûns! Mar wat in wurch meitsjende dei. En dit wie noch mar de earste dei... Dy oare moarns betiid liet Baas my earst yn’t bosk út. Ik wie krekt los en doe kaam d’r in fjouwerspan glânzjende brúnen strak oan de line foar harren baas út it bosk yn. In ymponearjend gesicht. Stik foar stik waarden se ek loslitten en mocht ik mei harren yn ‘e kunde komme. Ik lei mysels daliks op ‘e rêch foar harren del, want jo witte it mar noait... Dat wie abslút net nedich neffens Mandeguod 59
62 Online Touch Home