63

harren baas. En hy hie gelyk: wat haw ik mei harren boarte! Baas fernaam oft dit stel Setters ek op jachttraining gie. No nee, dêr wiene se ek fiersten te moai foar mei harren wielderige hier! It wiene ‘sjo-hûnen’ en neffens dy baas wie d’r sels in ferneamde wrâldkampioen by. Foar my wie hy dêr net minder om, hear. Sa eptich die hy him net foar. “Doet u haar even vast?’, frege dy man, doe’t wy werom nei it simmerhúske giene. Dat wie net nedich. Ik mei graach hûntheie mar bliuw wol by myn eigen baas at dy in oare kant út giet. Dat fernúvere dy setterbaas suver in bytsje foar in hûntsje fan amper fiif moanne! Nei it moarnsiten giene wy om fytsen út. Ik krige krekt sa’n hûnekarre as thús. No, dat bin ik ommers wend efter Frou har fyts. Mar dit hobbele nuver. Baas fûn it ek mar swier traapjen; blykte in bân lek... Mei in nije bân gie it al better. Mar dyselde deis noch prestearde Baas it wol om dy karre twa kear oer de kop te jaaien! De earste kear sil ik net safolle fan blaffe, om’t Frou dêr ek in rol yn spile, mar dy twadde kear jage hy gewoan te hurd troch de bocht! Lokkich bin ik fleksibel en linich. En boppe alles bliuw ik altyd fleurich... Folle leaver hie ik njonken de fyts rûn, mar dat mei noch net mei myn âldens fan amper in heal jier. Wat dat oanbelanget binne dy baaskes fan my dan wol wer foarsichtich. Út en troch mocht ik út it karke. Sa kuieren wy oer it sânstrân lâns in hiel grut wetter dat nuver smakket en wersto ferskuorrend toarst fan krijst. Mar ik mocht mei in hiele protte nocht los omfleane. Wat dêr net leit om mei te boartsjen! Wy kamen troch bosken en doarpkes en oeral stoppen wy efkes en mocht ik wer út dy karre wei. En baas neat oars as plaatsjes sjitte, meast fan my fansels... Dy jûns wie ik gewoanwei bekôf en sa wurch as in maits. Ik wie bliid dat se myn eigen hûnekessen meinommen hiene wer’t ik hearlik op koese koe! Sa hawwe wy in wike lang eltse dei derop út west, mar it like wol folle langer. Ik mocht oeral mei nei binnen ta as Frou en Baas earne kofje dronken of sa. Ik bin sels mei út iten west. Dan joech ik my noflik del ûnder de tafel. Koe it dan lykwols net litte om in skeetsje fleane te litten. Hawar, in puppeskeet is lokkigernôch gjin tongerslach. Dy lêste jûn wie alderaardichst. Begûn de baas fan dy saak samar te sjongen! En hy song my ta as ‘The most beautiful girl in the world’. Ik wit yn de goedichheid net wat dat betsjut, mar ik haw de bêste man doe mar wakker tawispelsturte. Fûn hy moai. En ik? Ik wol noch wolris op fakânsje! menno@bistedokter.nl Mandeguod 61

64 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication