dan echt gesellich yn ‘e bus. Elts koe elts sa’ n bytsje en men krige de yndruk gauris dat men leaver mei de bus gie as op ‘e fyts. Mei min waar sette de LAB in twadde folchbus yn sadat elts op tiid op skoalle wêze koe. As ús mem nei Ljouwert ta woe mei de bus, dan rûn se oer de wite brêge (Syltsjesleat) nei de Easterwierumer hoeke. In buskaartsje wie dêr in dûbeltsje goedkeaper. It wie gjin súnigens mar elts dûbeltsje wie doe moai meinommen. As de direkteur (de Waard) fan de LAB dan ek noch efter it stjoer siet, wie de dei foar ús mem goed. Wat in busservice foar dy tiid! Der komt noch by, dat wannear wy efter yn it lân oan it wurk wienen, altyd wisten hoe let it wie. Horloazjes hiene wy net. Mar de LAB joech de tiid oan. Se hienen ferskillende bussen lyts en great mar allegear read. As it klupke nei Snits ried om 11 oere moarns, dan seagen wy dit buske trije kertier letter oan de oare kant fan Dearsum al wer oan kommen. Dan sei ik: “Ik sjoch it klupke mannen, it is iterstiid!” En dan komt dy nacht dat wy wekker wurde fan it brommen fan fleanmasines. Heit en mem komme by ús op ‘e sliepkeamer om te sizzen dat it oarloch is. De Dútsers komme der oan. Fan it sliepen komt net folle mear. Under it teedrinken kriget ús heit post dat hy him melde moat op it Gemeentehûs en syn soldateklean mei nimme moat. Us mem is oerstjoer. Hoe moat dit allegear en hoe komt it allegear. Der wurdt oerlein mei de faam en de beide feinten yn it bûthús. Heit is net sa hastich om fuort te gean. En dan om 10 oere op ’e nij in brief mei it berjocht dat heit net mear op it gemeentehûs hoecht te kommen. It blykte dat de Dútsers sa hurd kamen dat de organisaasje fan it leger der net op berekkene wiene. Dy deis hawwe wy grif net nei skoalle ta west. Dat it oarloch wie, ik fûn it ferskriklik. En wy allegear fansels. Mar wat wiene wy bliid dat ús heit wer thús wie. De hiele oarloch lang haw ik lêst fan spanningen hân. Jo wisten net wat je boppe de holle hong en wat der allegear spile. Us âlde radio op in akku, kreake der noch wol berjochten út mar al hiel gau kamen der Dútske berjochten troch. De Ljouwerter krante waard hyltiid tinner. De earste dagen fan de oarloch wie de Snitser strjitwei besiedde mei kollonnes fan Dútske soldaten dy’t al sjongende, de moed al rinnende der yn hâlden. Dêr tusken yn it hynstefolk mei groepen hynders, auto’s, motors en oar materiaal. Wy hienen noch nea safolle drokte op ‘e dyk sjoen. Wy hearden ek al gau dat dizze legerkollonnes nei de ôfslútdyk giene en dêrnei fan doel wiene nei Hollân te gean. Dútse Luftwaffe fleanmasines Mandeguod 11
19 Online Touch Home