Om in byld te krijen oer it libben fan doe en no, wurdt de pinne dizze kear oan ien fan ús âldere ynwenners fan Mantgum oerlange. Wilens in tal besites oan hûs en ûnder it geniet fan in bakje tee mei wat lekkers der by, kamen de ferhalen oer tafel. De ferteller wol graach ûnder de namme “Tsj. B” yn 'e Mandeguod komme. It hat allegear te krijen mei it feit dat hy wol in bytsje fan riedsels hâldt. Der sille grif minsken wêze dy’t foar it ferstân hawwe by hokker persoan ik oanskood bin. En sa net?, alhiel net slim want it sil oan syn skiednis neat feroarje. En dat is wêr’t it hjir om giet. It giet om in tiidsbestek fan goed 80 jier. Dat der yn in koart skoft tiid in protte feroare is kin elkenien wol begripe. Dy ûntwikkelingen geane wol troch. “De tiid hâldt gjin skoft”. Om’t it oer in frij great tiidsbestek giet wurdt it ferhaal oer de kommende útjeften fan Mandeguod ferspraat. Mei de titel “Sa wie it doe” Tsj. B syn ferhaal Fan de earste pear bernejierren wit ik net folle, ja wol dat der gauris kâlde winters wiene. Fanwege dy kjeld krigen je jûns in krúk mei op bêd. Dy waard foar it op bêd gean ûnder de tekkens lein om it bêd foar te ferwaarmjen. Ja, der moast goed op it jonkje past wurde en fansels ek op de oare bern. It wie bytiden sa kâld dan hongen moarns by it wekker wurden de iispegels oan de tekkens. Hjoed de dei kinne jo it je amper mear foarstelle. Pake Tjerk mei my 10 Mandeguod Ik bin berne op in buorkerij ûnder Raerd. Twa jier letter krige ik der in bruorke by, Hink. Om ûngelokken foar te kommen waarden wy op it hiem gauris oan it tou setten. Earst wy oan’t
tou en dan de katten. Ien fan de katten hjitte Sypke wit ik noch. Op de pleats wie fan alles te dwaan. Heit, mem, faam, arbeider lytsfeint elts hie syn wurk. Ek doe stie feilichheid foarop. Der moast de bern neat oerkomme. In pjutterskoalle wie der net. Doe’t ik 6 jier wie, gie ik nei de iepenbiere skoalle yn Raerd. In skoalle mei trije klassen. Sa’ n 60 bern sieten der op, werûnder ek de bern út Poppenwier. Moarns 2 km rinne en middeis nei pake en beppe te iten. Sy wennen oan de Slotsdyk yn Raerd. Beppe Tryntsje hie gauris stikjes âlde bôle wjekke yn molke en bestruid mei sûker en kaniel. Wat wie dat lekker, ja wat waarden wy bedoarn. Oan skoalle stie ûnder oaren juffer Skoalle yn Raerd Jeltsma. Sy hold fan regels en wie tige streng. Fatsoenlik yn de banken sitte mei de hannen op’e rêch. Dat wie in opdracht. Yn elke bank siet in bakje mei inkt. Dêr stipten wy de pinne yn en dan koene je skriuwe. It joech ek wolris flekken en oare griemerij. Fansels wie der wol in doekje om ien en oar fuort te wurkjen. Yn de earste klas waard mei potlead wurke. Lêzen en skriuwen waard leard mei it brûken fan it lêsplankje “aap, noot mies” ensafuorthinne. De measte âlderen sille it grif noch út de holle witte. Yn de tredde klasse sieten wy mei 3 jonges en 3 famkes. Ien fan de famkes wie Anneke Bloem. Sy wennet ek yn Mantgum. Ferskate jierren hat sy mei har man Ids van der Ende in bakkerij oan de Master Jansenstrjitte yn Mantgum hân. Ien fan myn freonen wie Tjitse Heida. Syn heit en mem Wytse en Janke Heida hiene in skip. Sy wennen yn Raerd yn’e buorren. Winterdeis giene se nei de minsken ta om turf te bringen. (Turf waard brûkt om de kachels mei te stoken) Tjitse en syn suster Lolkje wiene net altyd op skoalle mar giene bytiden mei op it skip. Yn it skuorke njonken harren hûs waard in winterfoarried oanlein. Maaitiids waard it skip laden mei polderdyksgrûn fan ús heit syn lân. Yn de modder sieten fosfaten. (*terpmodder ôfgroeven) Fosfaten ferbetteren it lân. It wie fruchtbere grûn. It wie tige dreech om it skip hjirmei te laden. Mei in kroade oer in planke, dy’t troch de wiete grûn sa glêd as sjippe waard. (*Terpmodder ôfgrave om it wetter te kearen. Letter kamen der gemalen en wetterskippen en wie dat net mear nedich) Mandeguod 11
As it skip fol wie, waard de lading nei de feangrûngebieten brocht. Mei it seil op it skip gie it wol aardich flot mar gauris stie der alhiel gjin wyn. Dan krige skippersfrou Janke de beage om en moast se rinnend oer de wâl it skip lûke. Tige swier wurk. As der oaren by wiene, diene se dat meast mei har twaën. De manlju stiene meastal oan it roer. As men it doel berikt hie, waard de grûn der út skept en oer it lân *ferstruid. (*Dat waard dien mei hynder en wein. Der waarden bultsjes fan makke om it dêrnei mei de skeppe oer it lân te smiten) As de Heida’s nei in goed wike wer thús kamen, giene wy der gau op ta. Wy wiene dan gauris yn it roefke fan it skip te finen. It wie in pracht en tagelyk moai skûlplak foar ús. Somtiden kaam Lolkje mei molke en in stik koeke del. Wy wiene faak bûtendoar te finen en hellen dan fan alles út. Maitiids moast it fee nei bûten. Dat gie by tiden frijwat mâl. De bisten wiene it skerpe sinneljocht net mear wend. Guon rekken dan ek yn’e sleat. Ek de keallen moasten nei bûten. Der waarden twa keallen oanelkoar fêst setten sadat se net yn’e feart fleane koene. Dat slagge fansels net altyd. It oanelkoar fêst setten hie as doel dat de bisten harren enerzjy kwyt reitsje koene. Dan wiene je dat mar foar. In hiele ferdivedaasje dus. Wie de stâl leech, dan moast de boel fansels skjin makke wurde. Dit waard dien troch de feint, arbeider en ús heit. Wetterlieding wie der net. Op souder stie in greate wetterbak. Twa man pompten it wetter yn 'e bak. Dat wie tige swier wurk. Faak begûnen se te switten as in oandrager. As de bak fol wie kamen de amers ûnder de kraan en dêrnei koene wy mei blikjes de boel wiet smite. Wy fûnen dat prachtich om te dwaan. De overall oan en dan mei helpe fansels. As it moai waar wie, kamen ûnder iten ús wiete klean yn de sinne te lizzen om te droegjen fansels. Hjirnei wiene de keallebarten út de skuorre oan bar. (dêr stiene de bisten op) Jim sille grif begripe dat dizze dingen swier fan stront en jarre wiene. De skutten waarden daliks yn’e feart smiten. It skjin meitsjen fan de barten wie dreech en smoarch wurk. Earst waard de strieboel sa folle mooglik der ôf helle/skrabe en dêrnei giene ek dizze dingen de feart yn. Wy boarten der dan mei en dan dienen de skutten tsjinst as boat. Wy hiene der Tryntsje oan it melken 12 Mandeguod
dan in flot fan makke en giene der mei te farren. Somtiden gie it net hielendal goed. Ek wit ik noch dat wy in seil op it flot hiene. Ik tink dat it makke wie fan âlde jassen of soksawat. It wie in hiele ferdividaasje. Gefaar wie der eins net by om’t de feart net djip wie. Tryntsje mei kammeraatske Wat my ek yn’t sin sjit is dat yn de Syltsjesleat (dit wie in feart tusken de Swette en de Aldfeart) in houten boatsje mei in kajút lei. Dêr húsmanne altyd in man “âlde Freark” om. It wie in apart persoan. Wat hy by’t ein hie, wie net alhiel dúdlik. Ien ding is wis, hy seach der net al te fersoarge út. Hy kaam wolris op’e pleats om molke te heljen. Us mem brocht him ek wolris iten. Op in kweade moarntiid liek it boatsje fuort te wêzen. Nei ûndersyk die bliken dat it boatsje sonken wie en Freark mei ferdronken is. Noch sjoch ik in tal manlju rinnend en sjouwend mei him op in barte it hiem op kommen. Hy waard op in wein lein. En efkes letter mei in hynder der foar, fuort brocht. Ien ding is wis, “soks bliuwt je altyd by”. It fee is bûtendoar. No komt der wer lânwurk. Goaitsen de feint is it oan it jarjen. Hy hat de swarte foar de jarrebak. 700 liter ynhâld (no 7000 ynhâld). De swarte is al âld en hat gjin sin om te avesearjen. De weromreis mei de lege bak docht er yn in draf. Dan rattelt it noch alhiel wat mei de lege bak op’e wein. Goaitsen hoecht it hynder de weromreis hast net te mennen. It is in snoad bist dy’t it paad nei de pleats goed kin. Goaitsen pakt de jarrepomp wer beet en begjint op’ e nij te pompen. It húske (it toilet) stie meastentiids op’e jarrekolk en sa no en dan kaam Richtsje lâns dy’t dan gebrûk makke fan it húske. Goaitsen rôp: “bist der no al wer?, sa bliuw ik oan it pompen!” De Swarte stutst de holle dan omheech en jo koene sjen dat it bist oan dy heibel tusken Goaitsen en Richtsje neat fûn. Dat jarjen hie men dagen wurk mei. As de kolk leech wie, kaam de ljedder der yn en waard de lêste stront nei de pomp skood. It wie in gefaarlik en fiis putsje. (der moast jarre op it wetter komme en de kolk moast ek skjin) dêr binne ûngemakken mei bard. En dan mar hoopje dat de bui ek oerkaam. De earste keunstdong kaam ek oer it lân. (in feroaring) De kerrelkeunstdong waard mei amer en hân struid. As men dat in dei dien hie, wie men aardich bek ôf en smoarch. Der wie ek in sto-keunstdong. Dêrfoar brûkten wy in keunstdongemesine op 2 tsjillen mei in gatsje yn it midden sadat de keunstMandeguod 13
dong oer it lân struide. De âld swarte luts dat apparaat. Hy stie dan tusken de stokken. Men koe der ek op sitte. Der siet in langwerpige bak op en dy waard oanskodde troch in oandriuwend meganisme. Sa no en dan in tongerbui en dan brûsde it gêrs der út. Net allinne gêrs mar ek de hynsteblommen, pinksterblommen, bûterblommen en de soerstâl diene mei oan it kleurenpalet. (De Swetteblommen lâns de Swette hawwe oandiel west oan in rom foarsitterskip fan de ruilferkaveling) Witte jimme wol, dat hoe mear fan dizze blommen, hoe minder de kwaliteit fan de grûn is? Hynsteblommen en stikels jouwe in goeie grûn oan. Begjin maaie wie it yn Fryslân in hiele folksferhúzing fan lânarbeiders, feinten en fammen. Dy krigen gauris in oare boer of boerinne. Dat wie net om’t se net meielkoar oer wei koene mar mear fan “verandering van spijs doet eten.” Myn heit en mem mochten graach oer it personiel út Easterwierrum. Men koe altyd goed meielkoar oerwei. As der yn maaie feroaring kaam dan wie it ornaris ien fan de Altenburger’s, de Boersma’s en Hoogma’s dy’t presint wiene om it wurk op de pleats oan te pakken. (it gie faaks om greate húshâldings) Dy wisten faak fan oanpakken. In útsûndering wie Jan Prakken. Wy wiene dwaande mei it meitsjen fan in kuilbult. Dêr kaam Jan út Appelskea oan fytsen mei in reiden kofferke efter op’e fyts. Hy koe ek bêst mei de Easterwierrumers oerwei. Dat hie gefolgen, want Jan moette Trynke (fan skipper Freark Hoekstra) en krige ferkearing mei har. Doedestiids hiene wy lange en strenge winters. Dat it barde dat skipper Hoekstra mei it skip yn Ossensyl fêst kaam te lizzen yn it iis. Yn de wykeinen frege Jan ús heit om frij te kinnen. Dat koe wol. Jan pakte de fyts mei it reiden kofferke en fytste mei fûle froast nei Ossensyl ta. (hinne en wer 60 km) Hy kaam moandeitemoarns wer op’e pleats. Foar leafde dienen jo alles. Jan en Trynke binne troud. Jan is letter wurksum west by it Wetterskip Easterwierrumer Aldfeart. It wetterskip en Jan Prakken wiene ien! It turfskip waard troch wynkrêft oandreaun mar troch mankrêft as trekschuit wurdt ferfolge Mandeguod 15
“Sa wie it doe” (diel II) It fee bûtendoar, it gêrs groeide omraak. De meanmesinemessen waarden op’e slypstien slipe. Dat wie in sekuur wurkje. De oare moarns om fiif oere waarden de hynders ynspand en koe it oangean mei it meanen. Moarns betiid meande it op syn bêst. Oerdeis woene de messen noch wolris strûpe en dan moast it hiele saakje efterút lutsen wurde. It meanen wie tûk wurk. Men moast sa ticht mooglik by de greppel lâns meane. De greppel sels en de sleatskanten moasten mei de seine útmeand wurde. Fierders moast men om de fûgels en aaien tinke. Dat foel net altyd ta. It wie echt fakwurk wêr’t dizze minsken mei dwaande wienen. Under it kofjedrinken waarden de hynders ferwiksele mei twa oare hynders. Sadat der wer in fit stel foar stie. Undertusken hie de seinemeaner syn seine harre (slipe) en koe ek los. Sokke tiden hie men gauris krapte oan minsken en hynders. De Hanneke-meanders (seinemeaners) út Grinslân en Dútslân joegen in moaie oanfulling. Ek lienden de greidboeren gauris in hynder fan in bouboer. Dizze hynders hiene mear krêft en úthâldingsfermogen. De útlânske ûngetiders en hynders moasten fansels wol beHannekemeanders telle wurde! Wat men hjoeddedei yn in oere meand hat, hie men doe wol twa dagen mei wurk. It meanen yn maaie wie foar de kuil ornearre. Men hie doe ek al skodmesyntsjes, mar de Eureka skodmesine út Drachten wie fenomenaal. De skodders fan hjoeddedei, kinne yn kwaliteit en wurk dêr amper oan foldwaan. Der moast in hynder foar mar it wie foar doe in útkomst. It gêrs waard omlein mei swylmesines. Dizze swylmesines (Nicholson en Jarmain) leine it gêrs yn rigen oanelkoar. It gêrs draaide wolris om de boarden fan de mesines hinne, hjirfoar hiene wy altyd in skerp mes of knyft yn’e bûse. De meanmesi10 Mandeguod
Gêrsmesine Swylmesine nes wiene fan it merk Cormick. Ek hjoeddedei is dat noch in bekend merk. De swarte waard foar de wein spand en de wein tusken de wurdzen (rigen dy’t bijelkoar kamen te lizzen) rieden Jan en Rommert elts oan de kant fan de wein, mei in foarke yn’e hân begongen se it gêrs op’ e wein te laden. As it gêrs net te droech wie, wie it dreech wurk. It mocht net te wiet wêze dan krige men soere kuil. Soms waard droech gêrs op it lân mei de jarrebak fol wetter wer wiet makke. Te droech gêrs koe broei yn’e kuilbult bringe. Soms wie dat dan swart troch de broei en wie dat net lekker foar it fee. It gêrs brocht men op in bult op it hiem. Dat wie ek wer tige dreech wurk. De kanten waarden netjes beplôke om it moai ôf te wurkjen. Dan waard de bult tadutsen mei modder en wâlsjêden. Yn’e hjerst waarden op sa’n bult gauris koal en sprútsjeplanten út set. Troch de waarmte fleagen de planten de grûn út. Moai betocht fansels mar de rûpen koene de kuilbult dan ek wol fine. Koart sein, de kuilerij wie in skoft fan dreech wurk en as it fee wer op stâl kaam, moast men mar ôfwachtsje wat ûnder sa’n kuilbult wei kaam. Wie dy kuil te soer, dan rûkte men dat oan de molke en krige de boer koarting op syn molkpriis. Wie it te swart, dan seinen de kij “Nee boer, dit meie wy net!” Mei wat swiete moalbrij en pulp oer de kuil hinne, frieten se it wol op. Kij kinne ek snoad wêze. As wie se út de loft weifallen. Yn 1936 krigen wy der samar in suske by. Sjoerdtsje wie har namme. Wy wisten fan niks en it ynteresearre ús ek net sa folle. Wy seagen wolris in reager fleanen mar earrebarren seagen wy nea. Hoe as wat…dêr wa’t doe net oer praten. Hjoed de dei witte de bern hast al in jier foar de tiid dat in poppe ûnderweis is. Tiden hawwe tiden! Wy krigen in frjemde frou yn ’e hûs. Wy ieten in pear dagen by pake en beppe en Sjoerdtsje hie ’s nachts gauris aardich wat kabaal. Dat wie dat. Yn Septimber kaam de merke. As it merkeskip moarns yn ’e haven lei, hiene wy frij fan skoalle. Wy moasten mei helpe de draaimûne út it skip fan de Koopals te heljen. In pear touwen oan de karre, wêr’t parten fan de mûne op Mandeguod 11
lein waarden. En dan ús hiele lokaal oan it lûken en it triuwen. Wy fleagen yn draf de Raerderterp op. De Koopals moasten goed stjoere om de karre sûnder ûngelokken op it plein de krijen. De lêste karre waard fol lein mei de hynderkes. Dizze rit moast wat foarsichtich oan. Dy hynderkes moasten net fan de karre ôfspringe, de Koopals Draaimûne seinen, dat de merke dan net troch gean koe. De opbou fan de draaimûne mochten wy ek mei meitsje. En hjir en dêr sels wat mei helpe. As lêste waarden de hynderkes fêstdraaid. Dan kaam der in spannend skoft. Der moast in test dien wurde as alles wol goed draaie woe. In greate bak waard fol mei wetter goaid, yn de motor diene se in stik karbid, it begûn nei karbid te stjonken en sjoch dêr begûn it hiele saakje te draaien! De sinne op dy moaie mûne en it tuffen fan de motor. Wy wienen der stil fan. Fan dy tiid ôf woe ik as ik great wie, draaimûneman wurde. De karbidmotor koe ik doe net begripe mar ik fûn it wol in machtige útfining. Draaimûneman, it is him net wurden! Wy krigen mei de merke doe sinten yn ’e beurs. De earste dei krige men bijgelyks in daalder (in ijsko wie 5 sinten) Wat men de earste dei net fersnobbe krige men de twadde dei der by, 2 dagen merke en jild oerhâlde, dan koe dat yn de sparpotbaarch. As de baarch hast sêd wie, waard dy nei it postkantoar ta brocht. Wy moasten efter de baly stean bliuwe en dan kaam de postkantoarhâlder Teake Stellingwerf. Dy lege de baarch. It tellen fan heale sinten, sinten, stuorkes en soms in dûbeltsje koe út ein sette. Stellingwerf hie ek de sintrale tillefoan. As in partikulier belje woe, dan krige hy earst Stellingwerf oan de tillefoan. (tillefoansintrale) en dy moast dan ferbining meitsje mei it nûmer wat men graach oan de lijn hawwe woe. Soks frege somtiden nochal wat tiid. As it jild teld wie, moast it boekje fan de Rykspostspaarbank bywurke wurde. As wy dan it postkantoar út gongen fielden wy ús lokkich en in bytsje ryk. Yn it earst wiene der net folle dy’t tillefoan hiene en koe Stellingwerf it wol wat bijfytse. Mar it waard stadichwei oan drokker. Doe waarden de postbesoargers ek mear en mear ynskeakele om Stellingwerf te helpen de ferbining flotter ferrinne te litten. It is kofjetiid. Heit en mem, de faam de feint de lytsfeint en de bern, se sitte allegearre oan de tafel. Mem hat de molke ôfreamme fanút de molkbus mei molke. De kofje hat troch de kofjemole west en is mei hjit wetter op getten. De kofje en koeke smeitsje mar bêst. Dan komt Pyt Tuik de postboade troch de doar. Syn stoel stiet al klear. De swiere tas mei 12 Mandeguod
kranten, postsegels, kwitânsjes, brievekaarten wurde del setten. Tuik kofjedrinkt mei en de lêste nijtsjes wurde ferteld. Dan giet it persoaniel wer oan it wurk. En ús heit betellet in pear kwitânsjes en hy moat wat postsegels hawwe. Tuik kriget wer wat brieven mei. It giet allegear hiel noflik om en ta. It is net dat Tuik alle dagen komt want syn kollega Meinte Venema wit de kofje by ús ek wol te finen. It learen op skoalle giet mar knap. Wy hawwe ôfskie fan juffer Jelsma nommen en sitte no yn it lokaal fan master Sytse Duisterhout. Master Posthumus hie de heechste klassen yn it tredde lokaal. Posthumus hie in sike frou en moast ûnder syn lessen gauris nei har ta. Dan moast Duisterhout twa lokalen les jaan. Hy rêde him der mar bêst mei. Wy hiene ûntsach foar him. It learen fan breuken en sa, it gie gewoan troch. Ik haw sels doe in skoftke mei de famkes oan it hantwurkjen west. Der is wat my oanbelanget net safolle by bleaun. In sok stopje dat rêde ik doe noch wol op. Skoalleswimmen op it plattelân hiene je doe noch net. Duisterhout kaam mei in plan. Hy woe wol woansdeitemiddeis (frije middei) mei ús op de fyts nei de Snitsermar om ús it swimmen te learen. In protte hiene dêr wol earen nei. Sa binne wy mei in hiele kloft fytsers ferskate woansdeitemiddeis nei it paviljoen ta setten. Master hie al in gaadlik plakje fûn. Der wie wat beammeguod dêr’t elts op in kreaze wize syn of har swimklean oan dwaan koe. Master wie net de earste de bêste. Hy die op de wâlkant foar hoe’t wy swimme moasten. Yn de koartst mooglike tiid hiene wy de slach te pakken. It wie in spultsje fan swimme of kopke ûnder. Master hâlde goed it tafersjoch en der barden alhiel gjin núvere dingen. Wy hiene sels publyk om ús hinne. Mei great respekt tink ik werom oan dizze man wat dy allegear foar ús dien hat. Ien ding koe hy ús net leare, dat wie it dûken. Dêrfoar wie it wetter net djip genôch. Under wetter is fansels ek net it measte te sjen. Letter is master Duisterhout haad fan in skoalle wurden fan muoisum learende bern op it Hearrenfean. De bussen Sypersma Skoallereiskes hiene wy ek. De busûndernimming Piter Lantinga en Tsjerk de Vries hiene wy yn Raerd. Hja hiene in bustsjinst fan Ljouwert - Snits. Yn Easterwierrum hiene de Sypersma’s ek de bustjinst Ljouwert-Snits. Hja rieden fia Weidum, Jorwert, Mantgum, Wiuwert nei Snits. De bussen fan Raerd hiene in giele okerige kleur. Dy fan Mandeguod 13
Tsjaarda yn Oranjewâld Sypersma wiene grien. Yn Raerd hiene se trije bussen. Ien wie reserve- en reiskebus. De oare beide rieden de tsjinst. It wiene bussen foar 20 á 25 minsken grut. It skoallereiske gie altyd nei Tsjaarda yn Oranjewâld. Wat in feest en wat koe men je dêr fermeitsje. Earst nei de belvedêre en it spoekhol. Dêr meiienoar op de foto en dan nei it doalhof mei de rare spegels. (“lachspiegels”) Ferdwale koe men ek yn it doalhof. De kettingbrêge moast men oan doare en net bang foar wiete fuotten wêze. Ek de oare attribúten foelen tige yn de smaak. Wy hiene in pracht dei. Hjoed de dei is fan de boarterstún neat oer bleaun. Wy kinne by Tsjaarda djoer eftich iten ite en de bern ûndernimme hjoed de dei grutere reiskes. Tiden hawwe tiden. Pake Tsjerk wie boer ôf yn it begjin fan de tritiger jierren. Hy wenne mei beppe Tryntsje yn in hûs oan de Slotsdyk. Efter it hûs wie in moai hiem mei appel-, parre- en prommebeammen. Benammen de jopebeam mei syn reade sêfte appels fûnen wy lekker. Nei myn betinken haw ik nea wer sokke lekkere appels hân. Ek hienen ja in hinnehok mei wite en brúne hinnen. Efter it hûs siet in doarke yn ’e muorre dêr’t it *poepetontsje/húske/WC yn stie. Ien kear yn de safolle dagen kaam Jûte Postma mei de tûntsjekarre bijlâns. Hy wiksele it folle tontsje om foar in legen ien. Mei it folle tontsje op it skouder rûn hy dan nei syn karre ta. Hy hie dan in kleedsje oer it skouder foar it spatterige guod. Ik kin noch net begripe hoe’t Jûte dat folhâlde koe. Fan fier koe men Jûte syn poepkarre rûke. Yn Raerd waarden dy tûntsjes yn in pream setten om dan der mei nei de dwinge te farren. De pream waard foarút drukt mei de boom, it waard yn in gat yn ’e grûn lege. Dat hat grif net sa’n moai putsje west. By’t winter gie hy mei de slide oer it iis nei it strontgat. De tûntsjeklanten waarden dan frege om sa no en dan in hânfol sâlt yn it tûntsje te goaien, om befriezen te foarkommen. Jûte koe net bêst mei de bern oerwei. Ien ferkeard wurd fan de jonges en hy wie duvelsk. Soks is ek wol begryplik. Hy hie in drege rot baan. tenei mear Mandeguod 15 Húsketontsjes
“Sa wie it doe” (diel III) Wy wienen gauris by pake en beppe. Der hat in skoft west, dat ik alle sneinen nei harren gyng om te kofjedrinken. Pake hâlde fan in hanneltsje. Hy hie twa stikken lân oan de Flânsumerdyk by Raerd. By’t maaitiid gie hy de boer op, want yn dat lân, dêr moast weidfee yn. Wy moasten dêr ek stikellûke. Foar pake woenen wy dat graach dwaan. Hy gie ek de boelguodden bylâns om in gaadlik bist te keapjen. Chevrolet Fierders kaam hy hast alle dagen by ús efkes op ’e pleats te sjen en sa ek by omke Roel. Hy kocht ek samar in chevrolet auto by Wiersma yn Jirnsum. It wie in fjouwerkante bak mei in kofferbak der noch efter oan. It autonûmer wie ûnder de 200 en in letter. De auto kaam by ús yn it hok te stean en de ôfspraak wie dat pake, ús heit en omke Roel, de auto mei syn trijen brûkten. De trije mannen moasten noch efkes in moarntiid nei Wiersma ta om it autoriden te learen. Dat wie yn in moarnskoft klear en dat wie ek tagelyk it riidbewiis. Dit alles hie ta gefolgen dat wy sa no en dan mei ús heit en mem sneins mei de auto út te riden gienen nei Appelskea ta. Dat 10 Mandeguod
wie prachtich. It hege sândún, de lûdsprekker bûtendoar mei moaie muzyk en sankjes en de greate boarterstún (Duinensathe) Wy wiene der net by wei te slaan. Wy gienen ek ris in pear dagen nei Arnhem ta. By Stienwyk rieden wy oer de earste heuvel. In lytse hichte yn de dyk dêr, wie in berch nei ús bêste witten. Yn Velp trije dagen yn it hotel, mei de auto nei en oer de Zijpenberch, nei de bedriegertjes (je koene dêr samar ûnferwachts wiet wurde) nei Burgers bistepark en lekker ite, drinke en sliepe. Dizze reis hat makke dat ik fan reizgjen noch altiden genietsje kin. Foar my is Gelderlân mei omkriten noch altyd it moaiste plakje op ierde. Op in oare kear rieden wy mei heit en mem op in waarme dei mei de chevie nei Hylpen (Hindelopen) ta. It doel wie baaie yn it Ysselmar. Itenstiid bedarren wy yn it paviljoen om wat te drinken en te iten. Underwilens hie ik al sjoen dat der in buoi (bui) oan it ûntstean wie. Dat sei ik tsjin ús mem en nochris. Dy sei: “Ach jonge wêr hast it oer”. It paviljoen hie dikke ruten en in dak fan dik glês. Ik rûn wer nei bûten en seach dat de buoi tichterby kaam. Ek seach ik dat der in soarte fan slurf oan hong. Ik wer in berjocht oan ús mem. Dy sei: “Jou dy mar del it is in tongerboui, wy sitte hjir goed en droech”. It waard skimerich en it begûn te tongerjen. De wyn helle oan en doe die ús heit de doar iepen en seach de grutte slurf (wynhoas) ek oan kommen. Hy fleach sûnder jas nei de chevie ta om de auto op ’e rem te setten. Doe wer nei it paviljoen werom. Swiere tonger, grauwe hagelstiennen op it glêzen tak en in gûljende wyn. It wie eangstich tsjuster en dêr seagen wy flak by de wynhoas. Dy pakte it paviljoen krekt net mar wol de boppegrûnske houten elektryske peallen. As lúsjefersprikjes fleagen se troch de loft en klapten doe op ’e grûn. Ek de boerehikken fleagen troch de loft. It ljocht wie útfallen, it wie tsjuster en de finsters sieten fol skuorren. Ek it dak wie alhiel skansearre. Wat wie ik bang! En doe wie it stil. De buoi wie foarby en de chevie hy stie noch op it selde plak. Sûnder krassen en dûken. Wy hawwe nea wer nei Hylpen te swimmen west. Foarsafier ik wit, is it paviljoen net wer opknapt wurden en de klap nea wer te boppe kommen. Der wurdt de lêste jierren al oer restauraasje praten. It soe foar Hylpen in opkikker wurde kinne. Wy wiene ek op gymnastyk. De feriening yn Raerd hjitte “OSO” (oefening sterkt ons) De gymmaster wie Kuipers fan Reduzum. Yn de âlde beukerskoalle Mandeguod 11 Paviljoen Hylpen
krigen wy pittich les. Kuipers hie de swipe der ûnder. Lichaamlike oefeningen, brêge, wandrek, ringen en rekstok oeral waard yn oefene. Dit wie allinne it winterskoft. Simmerdeis wie it sneins turnjen op keatslân. Hurddrave, fierspringen, heechspringe, spearsmite, diskussmite en sjo-oefeningen.(meielkoar op muzyk ritmyske oefeningen dwaan) Gauris hiene wy dan turnwedstriden mei de omlizzende doarpen. Weibliuwe wie der by Kuipers net by. By’t winter hiene wy gymnastykútfierings yn kafee Harm de Jong yn Raerd. Twa drokke jûnen yn de boppeseal. Foar’t de rekstok te brûken wie, waard in lûk út de souder helle. De oefeningen waarden gauris op it ritme fan grammofoanmuzyk útfierd. Nei ôfrin fan it gymnastykbarren, kamen de bruorren Venema (Lauw en Gosse) mei de akkordeons op it aljemint mei Fryske en Hollânske lietjes. Jappy Sietsma song der dan by. In pracht feest. Om tolve oere kaam plysje Nijboer dan mei de kop boppe it souderlûk út mei de meidieling dat it bêdtiid wie. Ik mien dat ik sjoen myn leeftyd in hiele soad oan Kuipers te tankjen hân haw. Ik haw ek wolris ferteld dat pake Tsjerk wol fan hanneltsjes hâlde. Hoe en wat wit ik net mar hy kaam op in kear by Ozinga om in feehanneltsje. Dêr trof hy de soan oan de kofjetafel. Fan praat komt praat. De soan Frits fertelde pake dat hy mar yn in âldmoadrige auto ried. Pake hie net folle ferstân fan auto’s en frege dan as Frits bettere auto’s stean hie. Frits sei dat er dy wol hie. Frits bliek krekt in garaazje yn Snits kocht te hawwen en hie wûnderbaarlike auto’s te stean. De feehannel gie oer en pake bedarre by Frits yn Snits en dêr stiene de Fords. Der wienen twa soarten. De V 60 PK en de V 85 PK. It wienen streamlinige auto’s en pake wist net wat er seach. Dy V 85 wie super moai. Pake Amerikaanske Ford V 8 efter it stjoer it kaaike yn ’e hân yn it kontakt en omdraaie. Mar de motor die niks. Doe sei Frits dat er efkes op it wite knopke drukke moast. Sa sein sa dien. Pake hearde noch neat. Dan mar efkes nei bûten ta. It ear efkes op ’e motorkap en doe hearde pake in lichte brom. (De V 8 sylindermotor) Jo hawwe it al yn ’e rekken, pake kaam net mei in bist mar mei de Amerikaanske Ford thús. It “neusje van de zalm” doe. Ik kin my as jonkje noch herinnerje hoe stil dy auto ried. It gie as fansels. Tsien jier ferlyn haw ik yn it Ford museum dy auto wer op socht. Ik fûn him noch moai mar minder moai as de auto’s fan hjoed de dei. Dizze auto wie dan ek tachtich jier âld. Myn auto is noch altyd in Ford mar gjin V 8. 12 Mandeguod
Op de pleats moasten wy gauris mei helpe. Us heit wie stamboekboer. De karmasters fan it stamboek kamen sa no en dan delsetten om de kij te keuren. Us heit en Hink wiene der fol fan. As in ko 80 punten krige, dan wie it in bêste ko. In dei foar de keuring moast it fee himmele wurde. De kandidaten waarden fan stâl helle en moasten nei bûten ta om te rinnen. Nuvere bokkesprongen waarden der dan makke en wy as jonges hiene dan hâlden en kearen. Nei in skoftke as in ko wat kalmer waard, krigen se in amer mei wetter oer de hûd en waarden se goed mei sjipsop bjind.(boenen) De sturt krige noch in ekstra beurt en dan waarden de Sjoukjes, Pytsjes ensafuorthinne mei wetter ôfspield. Dêrnei krigen dizze bisten nochris in kowedek om. (koeienjas) De sturt moast úttyske wurde, en dan wer efkes mei de kowefroulju te kuierjen. It wie net allinne kuierjen, de kij moasten ek leard wurde om stil stean te bliuwen. De poaten goed te plak sette en de kop heart yn’e hichte hâlden te wurden. Slagge dat allegearre wat knap dan koene se op harren eigen plak op stâl setten wurde. It wie de bedoeling dat as de karmaster de oare deis kaam, it jaar (uier) net alhiel útmolken wie. Dit allegear om it in moaier byld te jaan. De oare deis kaam de karmaster. Wy wisten allegear dat Bootsma it meast fan platte bisten hâlde en dat Haije Boersma leaver in grutte ko seach. De boer krige foar de tiid gjin berjocht hokker karmaster lâns kaam. It barde dan soms, as Bootsma kaam, dat in pear grutte kij op stâl stean bleaunen. As Boersma dan wer ris kaam, bleaunen der wolris in pear platte kij op stâl stean. It makke dus wol út hokker karmaster kaam. De kij waarden stik foar stik fan kop oan tean mei de tomstok bemetten, oan alle kanten besjoen en der moast in eintsje rûn wurde. Dizze mannen skreaunen alles fan de ko yn in boek en wy moasten ús stil hâlde. Us heit hie allinne it rjocht om foarsichtich in opmerking te meitsjen. Ek de karmaster liet soms in pear wurden los. Al mei al wie it by ús efter de pleats in spannende oere. Wie de karmaster klear, dan giene wy allegear meielkoar yn hûs. Us mem hie de kofje klear mei in grou stik koeke fansels. En dan waard der hiel wat ôfpraat. De punten fan de kij mochten net sein wurde, dy kamen letter mei de post. Mar dochs wisten wy nei de kofje hoe as it sawat siet mei de punten. It wie hjir dan ek in spultsje fan “spreken is zilver, zwijgen is goud” Myn broer Hink en ús heit hiene it talint, dat sy fan eltse ko de namme mei nûmer wisten. De kealtsjes en it jongfee, se wisten altyd wa fan wa wie. Se wisten ek wat in bêst bist en in minder By it kealtsje Trynke en Tsjerk Bottema Mandeguod 13
goed bist wie. Ik hie dat talint net yn my. In ko wie in ko en in kealtsje wie in kealtsje. Ik koe se mar min útinoar hâlde. Sels ús mem koe de kij better as ik. Foar my wie dat net altyd like moai. De keurderij fan de kij, it sei my neat. Ik hie der sels in hekel oan. De dúnske kij moasten gauris nei de bolle fan Jaring Schaap ta. Dat wie in hiele rinnerij nei Dearsum. Alle kij hienen der ek net altyd nocht oan om sa’n ein te rinnen. Rommert of Goaitsen hienen Wykje oan it helter fêst. En myn persoan moast de ko mei in stokje oanjeie. Auto’s wiene doe hast net op ‘e dyk, mar in moai wurkje fûn ik dat net. Broer Hink wie der noch te lyts ta. By Schaap gong it net altyd like maklik. De ko en de bolle wiene ek net altyd like hastich. Yn 1936 krigen wy der in suske by. It makke ús leau ik net sa folle út. Doe’t se wat âlder waard, wie se wol ris wat kringeftich, mar ja dat koe ek oan ús lizze. Sjoerdtsje wie har namme. Sa no en dan giene wy mei ús heit en mem op fakânsje. Yn it earst oan bedarren wy dan mei de auto yn Appelskea yn it kompagnonshotel oan de feart by de slûs. Wat wie soks doe prachtich. By de boskberch galmen Hollânske lietjes oer berch en bosk. Wat in fermeits! Gauris wiene wy dêr. Letter giene wy nei Velp by Arnhem. De Zijpenberg en de Posbank wienen foar ús de moaiste plakjes yn ‘e wrâld. De Zijpenberg is in bysûnder stikje Nederlân, sis mar “Unyk” As men dizze hichte (110m) op rydt komt men in tsiental hierspjeldbochten tsjin dy’t net ûnder dogge foar bûtenlânske hierspjeldbochten. Bosken en heidefjilden wikselje inoar ôf. De Posbank is in hichte mei in fiergesicht oer de heide oan’t de Steeg ta. It moaie park Rosendael mei kastiel en bedriegertjes (ûnferwachte fonteintjes, wêrfan men wiet as in dweil reitsje koene) komt men dêr ek tsjin. 75 jier ferlyn wie ‘k dêr foar de earste kear. Dit jier wiene wy der wer. Neat feroare, op’e nij hartstikke moai. De Zijpenberg en de Posbank tenei mear Mandeguod 15
“Sa wie it doe” (diel IV) Sa njonkenlytsen siet dizze man yn de 7e klasse. De âlde skoalmaster hie in sike frou dat fan lesjaan kaam net folle terjochte. Wy hawwe it op skoalle altyd tige nei ‘t sin hân. Der waard thús besprutsen en beslúten dat dizze skriuwer mar nei de MULO yn Snits moast. Boer wurde like elkenien noch net sa goed ta. Nei de lânbouskoalle koe altyd noch. Op de fyts nei Snits, wat in feroaring. Fansels moast it earst wol wat wenne. As it strie min waar wie, koenen wy mei de LAB bus. Dizze reade bussen rieden hinne en wer fan en nei Snits. Der wienen gjin bushaltes. Men koe de hân efkes omheech stekke. De bus stoppe en men koe yn stappe. Wie men mei de fyts ûnderweis en it begûn te reinen? Gjin probleem. Men skûle efkes efter in beam. Rillegau wie de LAB der wol wer. Hannen omheech de sjauffeur út de bus, mei it treppentsje boppe op ‘e bus, wy de fyts oan rikke en de fyts waard yn it fytsrek boppe op de bus stutsen. Mei hurde wyn fleach de sjauffeurspet ek wolris ôf. Wy wienen net te min om dy wer op te sykjen. Eltse bus hie in aardige konduktrise mei kaartsjes. Wy kenden de sjauffeurs en konduktrises by de namme. Moarns en jûns wie it LAB bus 10 Mandeguod
dan echt gesellich yn ‘e bus. Elts koe elts sa’ n bytsje en men krige de yndruk gauris dat men leaver mei de bus gie as op ‘e fyts. Mei min waar sette de LAB in twadde folchbus yn sadat elts op tiid op skoalle wêze koe. As ús mem nei Ljouwert ta woe mei de bus, dan rûn se oer de wite brêge (Syltsjesleat) nei de Easterwierumer hoeke. In buskaartsje wie dêr in dûbeltsje goedkeaper. It wie gjin súnigens mar elts dûbeltsje wie doe moai meinommen. As de direkteur (de Waard) fan de LAB dan ek noch efter it stjoer siet, wie de dei foar ús mem goed. Wat in busservice foar dy tiid! Der komt noch by, dat wannear wy efter yn it lân oan it wurk wienen, altyd wisten hoe let it wie. Horloazjes hiene wy net. Mar de LAB joech de tiid oan. Se hienen ferskillende bussen lyts en great mar allegear read. As it klupke nei Snits ried om 11 oere moarns, dan seagen wy dit buske trije kertier letter oan de oare kant fan Dearsum al wer oan kommen. Dan sei ik: “Ik sjoch it klupke mannen, it is iterstiid!” En dan komt dy nacht dat wy wekker wurde fan it brommen fan fleanmasines. Heit en mem komme by ús op ‘e sliepkeamer om te sizzen dat it oarloch is. De Dútsers komme der oan. Fan it sliepen komt net folle mear. Under it teedrinken kriget ús heit post dat hy him melde moat op it Gemeentehûs en syn soldateklean mei nimme moat. Us mem is oerstjoer. Hoe moat dit allegear en hoe komt it allegear. Der wurdt oerlein mei de faam en de beide feinten yn it bûthús. Heit is net sa hastich om fuort te gean. En dan om 10 oere op ’e nij in brief mei it berjocht dat heit net mear op it gemeentehûs hoecht te kommen. It blykte dat de Dútsers sa hurd kamen dat de organisaasje fan it leger der net op berekkene wiene. Dy deis hawwe wy grif net nei skoalle ta west. Dat it oarloch wie, ik fûn it ferskriklik. En wy allegear fansels. Mar wat wiene wy bliid dat ús heit wer thús wie. De hiele oarloch lang haw ik lêst fan spanningen hân. Jo wisten net wat je boppe de holle hong en wat der allegear spile. Us âlde radio op in akku, kreake der noch wol berjochten út mar al hiel gau kamen der Dútske berjochten troch. De Ljouwerter krante waard hyltiid tinner. De earste dagen fan de oarloch wie de Snitser strjitwei besiedde mei kollonnes fan Dútske soldaten dy’t al sjongende, de moed al rinnende der yn hâlden. Dêr tusken yn it hynstefolk mei groepen hynders, auto’s, motors en oar materiaal. Wy hienen noch nea safolle drokte op ‘e dyk sjoen. Wy hearden ek al gau dat dizze legerkollonnes nei de ôfslútdyk giene en dêrnei fan doel wiene nei Hollân te gean. Dútse Luftwaffe fleanmasines Mandeguod 11
Ferdidiging ôfslútdyk Bunker op ‘e ôfslútdyk De bunkers op ‘e ôfslútdyk wienen in rare bariêre foar de Dútsers. Wy hearden de kanonnen bolderjen, mar al gau krigen de oanfallers yn ‘e gaten dat sy de ynname fan de ôfslútdyk wol ferjitte koenen. Doe setten de Dútsers de oanfal yn op de saneamde Hollânske wetterliny wêr mei oare troepen nei de Utertske Heuvelrêch. En dat mei help fan de luftwaffe. Der wie gjin kearen oan. En ús regear wie doe sa ferstannich om it mar op te jaan. Ik bin en wie doe ek bliid dat men mei fjochtsjen op hâlde. Dit beslút hat in hiel soad libbens besparre en it joech my ek in sekere rêst. Ik sil de iennigste net west ha, dy’t sa tocht hat. Stadichoan waarden de problemen dêrnei grutter en grutter. Wy hawwe mei makke dat in groep Dútske soldaten dy’t boer wienen by ús yn it bûthús stiene te gûlen doe ‘t se seagen hoe moai wy it noch hienen. Dat ien man makke hie, dat dizze oarloch ûntstean koe mei al syn ferskriklike dingen. Hitler hat in great loeder west. Mear in dom bist as in minske. It lêste winterskoallejier dat ik op de legere skoalle siet, ferjit ik nea wer wat de winter oanbelanget. It koe doe tige winterje. De greate swarte kachels yn ús skoallelokalen moasten goed opstookt wurde om it yn skoalle waarm te krijen. As wy moarns yn skoalle kamen, wie sa’n kachel wolris gloeiend read fan it fjoer. Der siet in stek om hinne foar de feiligens. As der dan wer ris snie kommen wie, waarden der klompen, learzens, jassen, wanten en mûtsen om it kachelstek hinne lein. Master Duisterhout wie net te beroerd om dat saakje sa no en dan wat om te kearen. Der waard stookt mei kooks. (grutte koalen) De warmtegolven seagen je wol boppe de kachel útkommen. It wie sa wol smûk yn it lokaal. Ik leau net dat wy dan kâld wienen. As wy dan al sa wat learende yn de skoalbanken sieten en wy seagen de snieflokken dwarreljen, dan hiene wy wer sin oan it frije kertier. Dêrnei hiene de famkes hantwurkjen. In skofte siet ik as ienichste jonge allinne mei de famkes yn de klasse. Myn kameraden (maten) wienen siik of mei it turfskip fuort. Juffer sei: “Do kinst wol mei de famkes hantwurkje”. Sa sein sa dien. De keunst fan it sokstopjen haw ik my doe oan leard. Anneke Bloem (no myn buorfrou frou van der Ende) wie ien fan 12 Mandeguod
de sokkestoppers op skoalle. Wy gongen fansels op ‘e fyts nei skoalle ta. Us mem woe ha, dat ik in mûtse op die. Ik hie in aardich kúfke hier op ‘e kop en sei dat ik net in mûtse hoechde. Ik hie gjin kâlde earen. Dat lêste wie fansels net alhielendal wier. Ik hie de hannen ek wolris oan ‘e earen. It wie fansels in spultsje fan “eigenwiis” wêze. Ik haw it lang fol hâlden sûnder mûtse. Tritich jier ferlyn begongen myn earen te skilferjen. En dan benammen yn de simmer mei sinneskyn waar. Nei de dokter en dy stjoerde my nei it sikehûs ta. De spesjalist trof kankerplakken oan. Der moast operearre wurde. Ik hie lokkich greateftige earen. De eardokter hat de ferkearde stikjes út de earen wei nommen, de boel wat rjocht knipt en my warskôge foar de sinne. Fan de bern haw ik in hoed krigen en fan Sypersma autobedriuw in mûtse. Ik haw de spesjalist net ferteld dat ik by it winter altyd eigenwiis wie. sokstopjen It wie net allinnich de kachel yn ‘e skoalle dy ‘t ferskate winters fûl brâne moast om it in bytsje behaachlik te meitsjen. By ús thús midden yn de keamer stie in moaie greate brúne kachel. Boppe op ’e kachel koe in tsjettel of in panne stean. Dizze waarmtemakker wie fan stien en moai glêd. In lange skoarstienpiip ferdwûn yn ‘e muorre. De brânstof wie antrasyt dy ‘t turfskipper Tiemersma by it hjerst yn ‘e skuorre brocht. By fûle winter bleaun de kachel ’s nachts in bytsje troch brânen mar moarns moast hy (de brúne) wer los. Sinne hiene wy net yn ‘e hûs mar wol grutte rúten. Dyselde rúten wiene iterstiid noch altyd bedutsen mei iis. (blommen op ’e rúten) Soms kaam der yn de rin fan de middei in lyts gatsje yn ‘e blommen. De brúne koe soms in hiele wike lang gjin gatsje yn it iis krije. It fielde as sieten wy dan yn it tichthûs. Noflik sil it net altyd west hawwe mar elkenien wie oan it wurk en dan hâldt men it lang út. As it sterk iis wie bleaun de fyts yn de skuorre stean en gong it op redens de Snitserâldfeart del nei skoalle ta. Wy koene ús efter hûs opbine. Mar mei in Snitserâldfeart Mandeguod 13
skrale wyn út it easten wiene it moarns betiid soms drege ritjes. Broer Hink stie stabiler op it iis as myn persoan. Ik hie in soad lêst fan skuorren yn it iis en Hink dy fleach mar raak. Soms lei der in soad snie. Ien winter hawwe wy mei makke, dat alle sleatten fol leine mei snie. Dy snie wie hurd fêrzen. Wy koenen wiken lang skean oer nei skoalle ta. Gjin greppels gjin sleatten it wie ien wite flakte. Wy wisten doe fan gjin skyen, oars wiene wy grif op skys nei skoalle ta gien. De Snitserfeart wie muoisum te beriden troch sniebroei. Dy broei wie gefaarlik. Dat hat Raerd witten. It lytse famke Aly Boersma boarte op ‘e snie op de Aldfeart en is troch de broeisnie sakke en ferdronken. In ramp trof Raerd. Aly wie in kammeraatske fan myn suske Sjoerdtsje. Yn ien kear wie de moaie winterwille oer. It wie begjin Maart noch allegearre snie en doe, yn in pear dagen tiid wie de measte snie fuort. It lân kaam grien ûnder de snei wei. Wy moasten wenne oan it begjin fan in nije maitiid. In maitiid sûnder lytse Aly. Yn it begjin fan de oarloch feroare der by ús net sa folle. Stadichoan kamen dy feroaringen wol. Alle nachten wienen der fleanmesines yn ‘e loft. De fleantugen goaiden alumium lintsjes út harren tastellen. It lei somtiden besaaid op it lân. Earst wisten wy net wat dat ynhâlde. Letter sei men dat it in soarte fan radar wie. De gefolgen fan dy lintsjes soe wêze kinne, dat de piloaten it paad bjuster rekken. De petroalje en bensine waarden earst krap. Yn it bûthús hienen wy petroalje lampen. Sûnder petroalje gjin ljocht. Der kamen karbidlampen yn’e hannel en dy krigen wy ek. Wy hienen wer wat ljocht mar it wie wol in hiel gesoademiter mei dy dingen. Jûns en moarns moast der nije karbid yn. De âlde karbidbrij moast dus twa kear deis út de lampen helle wurde en de pitten moasten gauris trochstutsen wurde. Mei it wetterkraantsje op sa’n lampe moast men de wetterdrip regelje. Tefolle wetter dan fersûpte de karbid. Te min wetter, in skiterich ljochtsje. It wie gauris myn putsje om te soargjen dat der oeral wat ljocht yn ‘e pleats wie. Der siet noch al wat tiid yn om alles wat yn it ljocht te krijen en te hâlden. Men moat wol betinke dat wy gjin elektrysk hiene en dat dizze sitewaasje de hiele oarloch duorre. Men stonk de hiele dei sa’ n bytsje nei karbid. tenei mear Mandeguod 15
“Sa wie it doe” (diel V) Wy wennen sa’n 400 meter fan de strjitwei ôf en de molke waard mei hynder en wein nei de dyk ta brocht. De reed wie ferhurde mei sintels en de âlde molkwein mei izeren hoepen om de tsjillen, joech nochal wat lawaai. De âld swarte wie mak en net hastich. By de strjitwei oan kommen moast hynder en wein mei bussen, swaaid wurde op ’e dyk. Gjin drokke dyk dus en in kalm hynder. Dy swaaierij joech gjin inkeld probleem. De bussen fan 40 liter fan 'e wein ôf en de bussen mei waai en sûpe foar de kealtsjes dan wer op pleats ta. *De swarte (paard) gie mei in sjutteldrafke mei it hiele swikje wer nei de dyk ta, mar as er dan wer nei de pleats gyng, die se dat mei in lichte draf. As der simmersdeis yn dat lân molken wurde moast mei wein en hynder, dan die de swarte it de hinnereis kalm oan. Yn 'e reed siet in lichte slinger. As it dan ’s nachts snijd hie wie it foar ús soms muoisum om it goede paad nei de dyk ta te finen. De swarte hie dan gjin Molkbussen fan 40 liter inkelde muoite om de reed sûnder te mennen te finen. Mei mist en tsjuster waar wie dat in great genot. “De swarte”, wat wie it in snoad en leaf hynder! De *trekkers (tractoren) fan hjoed de dei, se kinne in hiele soad, mar se kinne net dat wat de swarte doe al koe. Ik wie noch op skoalle yn Raerd. Yn wêzen in lyts doarpke mar der wienen dêr in protte winkels. Bakker Tolsma, Bruinsma en Ganzinga. Ik wit noch dat de yn Mantgum bekende Ids van der Ende doedestiids bakkersfeint by Ganzinga 10 Mandeguod
wie. Hy kaam alhiel út Beets. Winkelmannen (kruideniers) wienen Donia, Heida, Japiks Anne, Siksma en frou Wytsma. De lêste hie in winkeltsje flak by skoalle. En mannich sint waard fersnobbe by frou Wytsma. Foar ús mem mochten wy ek graach in boadskipke dwaan by frou Japiks. Dêr krigen wy altyd te *snobjen. (snoepen). Der wienen 2 slachters, Sytsma en Felkers. Lêst neamde hie in kreaze dochter Anneke. De jonges fan de heechste klas strúnden doe al om har hinne en dat is jierren lang sa bleaun. Eade Postma hie in petroaljewinkeltsje mei oar lyts guod. Jappy Venema hie in klean- en bêdewinkel. Jappy kaam in pear kear yn it jier mei in pear koffers op 'e fyts by ús thús. Dy koffers waarden dan yn ’e hûs lege en dan wisten jo net wat der út kaam. Ik leau dat it measte frouljusguod wie mar der wie ek hast altyd wol wat foar ús by. Kleinhuis hie in fytssaak en wy hienen smidderijen. De hynders krigen nije hoefizers en dat rûkte sa lekker!....Smid Holtrop hie ek nije fytsen en Smid van der Meer koe elk *akkefysje (probleem) ferhelpe. Wy hienen ek 2 timmersaken yn Raerd. Jantsje Kuperus fan ’e iene timmerman siet by my yn 'e klasse. Har suster Ymkje siet in klasse heger. Kaam ik Hoefsmid okkerwyks yn Nij Dekema om wat jild út de automaat te heljen. Dêr komt in frou op my ta: “hoi Tsjerk!” wie it. Ik koe har earst net thús bringe mar har stim kaam my net ûnbekend foar. Dêr steane jo dan foar Pyt Snot. Doe ynienen die 'k in skot. “Bist sto misskien Ymkje?” en ja, it wie Ymkje! Se wie der net grutter op wurden, mar noch wol itselde kopke. Sels sakje ik ek wat nei de grûn, mar dat hawwe jo fan jo sels net yn 'e gaten. Inoarren yn 50 jier grif net sjoen. Wat is soks dan in moaie moeting! Ik moat noch mar ris nei Nij Dekema ta. Fansels hienen wy yn Raerd de brijkarre ek. Op de karre bussen mei molke, sûpe en sûpenbrij. De produkten waarden de *mingel (liter) ferkocht. Yn Easterwierrum wie Jan Wybes in lang skoft de brijboer. As jong feint hat hy in hiel skoft op 'e pleats lyts feint west. Yn Mantgum haw ik oars net as de Bylsma’s kinnen. Heit, soan en frou Bylsma brochten de Mantgumers en ek de Jorwerters harren suvelprodukten. (“melk de witte motor”) De Bylsma’s hienen harren hûs mei winkel oan de His fan Botnialeane, yn it hûs Jan Wybes Altenburg Mandeguod 11
wêr’t no de famylje Weijer wennet. De Bylsma’s wienen sympatike minsken. Eartiids gongen de doarpsminsken gauris nei de winkel ta om boadskippen. Bûten it doarp waard it winkelspul troch de winkelman brocht. Eltse dei hie men bakkers, winkelmannen en sa no en dan de fiskferkeapman of *negoasjeminsken (verkopers aan de deur) mei spjelden, nuddels en fiters oan de doar. En de slipers woenen ek graach skjirren en messen slypje. Yn ús omkriten koe men gauris Sjoerd Brattinga fan Boalswerd tsjin komme. Syn fyts wie fan foaren en fan efteren foltroppe mei tou en halsters. Hy gong by de boeren lâns om syn guod te ferkeapjen. Hy hie in pinne oan it eftertsjil. Dêr stapte Sjoerd op en plofte sa op it seal del. Sjoerd wie net sa great en syn holle seach krekt boppe it tou út. Wy koenen der eins net by hoe ’t dy man sa fytse koe. Mei hurde wyn rûn hy by syn fyts. Hy hie hâlden en kearen om de boel oerein te hâlden. It wie mei Sjoerd in begrutlike fertoaning. Der waard altyd wol wat fan him kocht. Mar men moast earst efkes tingje want Sjoerd wie oan de djoere kant. Hy krige lykwols wolris in hapke iten of drinken. Letter sei men dat Sjoerd de helte fan de Boalserter eigendommen yn syn besit hie. De Brattinga winkels binne der noch altyd. Om en de by de fjirtiger jierren wie it in minne tiid. Der wie wol ferlet fan minsken, mar de ferstjinsten wiene meager. De doarpswinkeltsjes krigen it ek dreech. Sjoerd Brattinga As men de legere skoalle trochrûn hie kaam de fraach: “wêr moat dy jonge hinne?” Ik wie in echte lêzer. Mei de knibbels op 'e grûn. Kranten en bibleteekboeken wie myn grutte hobby. “Dik Trom”, de Súdafrikaanske boereoarloch en folle oare boeken, ik friet se hast op. Broer Hink sloech altiten yn it bûthús om of bûtendoar. Hink wie dúdlik boeriger dan as ik wie. Hy koe de bisten allegear by namme en hie ek altyd tsjoege oer de bêstichheid fan de ko. Master Dústerhout liek it wol goed ta 12 Mandeguod
dat ik mar ris nei de MULO ta gie. Us heit en mem seagen dat boer wurden fan my ek noch net sa sitten. Wy wienen it meast op Snits oriïnteare en mei min waar koe de jonge ek noch wol mei de bus. It wie krekt oarloch. Us mem seach allerhande swierrichheden foar dy jonge yn de stêd. De skoalle stie op de âlde komerk. It wienen allegear bern mei in hiel soad kabaal. De fyts yn it fytshok en ik waard del setten yn in lokaal it tichtste by de strjitte. De namme “komerk” die my op dat momint goed. It wie eat eigens op dat momint. Ik wie al gjin grutte prater, it Snitser taaltsje (Snekers) moast ek tige wenne. Direkteur Meindersma wie in hiele grutte man en tagelyk in sympatyke leraar. Hy rêde it op dat de klasse wat rêstiger waard sa dat der les jûn wurde koe. Meindersma wie streng, mar benammen ien famke koe neat bedjêre. Se hie de mûle altyd yn twa hannen mar dan op in bliere wize. Wa wie dat famke? Margaretha Poiesz! Meindersma liet it earst wat gewurde mar makke wol inkelde opmerkingen oan har. Dan wie it: “och menearke, U mot sich niet so druk make om niks!”, en dan glimke Margreet wer, en nei in wike glimke Meindersma mei. Op ’e tiid serieus mar ek sa no en dan in grapke. Margreet wie de aktrise fan de klasse, wy wiene altyd slop om har. Der waard net straft, wy hienen in moaie klas, it koe wat lije. Meindersma en Margreet koenen 4 jier lang bêst oer de wei meielkoar. Doe 't de skoalle foarby wie, kaam Margreet gauris by de famylje Meindersma op besite. Likernôch tritich jier ferlyn hie de frouljusferiening in noflike jûn yn de âld skoalle. Sprekster wie Margreet. Ik de jûns der ek hinne. It gie oer lytse bern of sa. Ik seach Margreet yn de doar oan kommen. Hja seach efkes en doe stode se op my ta. “Tsjerk… Tsjerk…Tsjerk wat fijn datst der ek bist”. Se fleach my om 'e hals ta grutte ferbjustering fan de frouljusgroep. As ik no de Poiesz winkel fan Mantgum yn Mandeguod 13
kom ik Margaretha wer tsjin mei deselde blidens en deselde spontanens fan it persoaniel dêr 't myn Margaretha ek mei de oanjeier fan west hat. Yn de Ljouwerter krante fan 6 Jannewaris 2017 stiet in grut ferhaal fan Sytse de Vries oer de “Tragyk yn bryke setten” fan Hylkje Goïnga mei in grutte foto der by. Hiel tafallich hienen wy yn 'e earste klas op de MULO yn Snits in Hilly Goïnga. It wie in leaf kalm famke mei in moaie prúk hier. Har heit wie dokter yn Drylts en se koe goed leare. Hilly prate Nederlânsk en siet yn de foarste bank alhiel lofts. Se hat de MULO net ôf makke mar gie tuskentiids nei it Gymnasium ta. Letter yn de fyftiger jierren kaam ik yn 'e krante sa no en dan in column tsjin mei as skriuwster Hylkje. Oan de stikjes fûn ik net in soad oan, der siet net folle musyk yn mar se wiene yn it Frysk skreaun. Op in kear waard ik gewaar dat Hylkje yn Ysbrechtum wenne. Sa njonkenlytsen tocht ik: “soe dy Hiltsje fan Drylts ek in nicht wêze fan Hylkje út Ysbrechtum”. Soks makket men wolris faker mei. De lêste tiid hearde ik neat mear oer Hylkje. It bleaun stil. Soks doocht net. Tank oan it ferhaal fan Sytse de Vries. No wit ik Hylkje Goïnga yn ien kear in hiele protte oer har. De Hilly wie tagelyk de Hylkje. Gjin nichtespul mar wol bysûnder en tryst. Yn 1953 troude hja mei Anna Wadman, in skriuwer dy’t nijmoaderige Fryske boeken skreaun hat. Hylkje hie it grif net maklik, hie gauris brike setten, wie in rasfertelster, wie boartlik en tagelyk gaotysk. En de Hylkje wie tagelyk “Martha”, pseudonym by har stikjes yn de *Strikel fan de fyftiger en sechstiger jierren. Yn 2001 is hja ferstoarn. Hylkje hat foar my in bysûndere Friezinne west. * tiidskrift ferskynde tusken 1958 en 1994 fan de foarige ieu tenei mear 14 Mandeguod
“Sa wie it doe” (diel VI) Doe’t wy al in skoftke yn Snits op skoalle sitten hienen, wisten de oare learlingen al gau dat ik in boeresoan wie. It iten en it drinken waarden stadichweioan krapper. En doe kamen in protte itensspullen op ‘e bon. Dat wie in hiel gedoch. Alle moannen wer nije bonnen fan it bonnekantoar helje mei de nedige administraasje. Benammen minsken yn ‘e stêd kamen oan it krapperein mei in Een distributiekaart en voedselbonnen hiele protte dingen. Stadichwei moast de broekriem in gatsje strakker oanlutsen wurde. Lokkich wienen de boeren der noch en hja krigen in rûfel (rij) molkeklanten. It mocht wol net, mar dat foel allegearre ek wol wer wat ta. Der wienen al in hiele soad goede plysjes dy’t net folle seagen en de Dútske soldaten bemuoiden harren der ek net mei. Letter wienen it de Grienen gauris. (Us eigen minsken dy’t yn tsjinst wienen fan de Dútske plysje) Hja wienen de smearlappen wêr’t je better mar net mei yn oanrekking komme koenen. Om tolve oere, iterstiid, sette in hiele protte skoallefolk nei in lunchroom oan it Greatsân ta om harren brochje op te smikkeljen. Sus wie dêr de sjeffin. En hja soarge der foar dat elts wat te drinken hie. Op ‘e middei spruts se my oan en frege as it wier wie of’t ik in boerejonge wie. Dat koe ik fansels ta jaan. Doe frege se of ‘t ik ek eltse dei in flesse molke foar har mei nimme koe. As ik dat 10 Mandeguod
dwaan woe krige ik eltse kear in beker waarme sûkelademolke. De hannel gie oan. Alle dagen in flesse molke by de boeken yn ‘e tas. Moarns om healwei njoggenen kaam ik by har om de flessen te wikseljen. Op in jûntiid kaam der in ûnbekende man by ús heit. In Sneker. Heit tocht in molkeklant. Hy stelde him foar as Jonker, amtner by de belesting yn Snits. “Soe dy man wol om molke komme?” tocht heit. Heit syn belesting gie nei Ljouwert ta. De man wie beskieden en Jonker woe graach wat freegje. Syn soan Dirk siet by Tsjerk yn 'e klas. Syn frou wie net sterk en hie eins ferlet fan boeremolke. As Tsjerk dat meinimme koe dan soe syn frou alle dagen molkenbrij siede en dan koe ik middeis by harren mei ite. Doe helle Jonker in metalen gefal út de tas. It wie in smelle boege jerrycan mei dop, dêr’t twa mingel molke yn koe. In jerrycan dy’t ek mei skouderbannen fêst op ’e rêch droegen wurde koe. De jas oan en……”men seach der neat fan”. De jerrycan wie spesjaal makke foar it ferfier fan “swarte molke.” It wienen poerbêste minsken. Thús hienen wy gjin elektrysk mar wol in radio op batterijen. Wy hearden allinne AVRO’S bonte Dinsdagavond trein mei Snip en Snap. En Jacob Hamel mei it bernesjongen. Dan wie de akku wer heal leech. By de Jonkers sieten wy ûnder iten nei Nederlânske lietsjes te harkjen mei in bekinde sjonger der by. In hiel skoft haw ik by de Jonkers west. Wy binne elkoar nea wer tsjin kaam. Fytsbannen wienen der op it lêst ek net mear. Men brûkte saneamde kusjebannen. In âld stik wetterslang lei men om it tsjil. Mei kramptried waarden de einen oanelkoar setten en dan mar traapje. It wie better as niks mar it wie en bleaun in frjemde hobbel de bobbel. De oarloch brocht in hiele soad spanning en rarichheden mei. Us fordauto waard foardere troch de Dútkse wearmacht. Us heit sil der wol in pear sinten foar krigen hawwe mar wy wienen de auto kwyt. It wie dien mei reiskes en útsjes. Guon auto’s waarden yn de golle ûnder it hea bedobbe. Dat wie link fansels want it mocht net. It is my net bekind hoe’t sokke auto’s nei de oarloch út de grûn wei kamen. It sil wol in roastich soadsje auto west hawwe. De boeren moasten ek mei de hynders nei Raerd ta. De geskikte hynders foar de Dútsers waarden ek foardere. Men krige dan meastal in minder geskikt hynder wer mei nei hûs ta. Us âld swarte en de heale Belg kamen lokkich wer thús. Us Mandeguod 11
Normandia molkfabryk yn Snits molke gyng nei it Normandia molkfabryk yn Snits ta. Jitse Bok helle de molke jûns en moarns op. De molkauto’s krigen wol benzine fan it Dútske Regear want men hie ferlet fan molke en fan de byprodukten tsiis, bûter en sûpe. Eltse boer hie wol molkehellers. Formeel mocht dat net mar men waard net kontroleard. Dochs koe men mar better de Grûne Polizei út Grou ûntfytse. Dit wienen in ploechje NSB ers (eigen folk) dy’t net noflik wienen. Wy hienen molkeklanten út de doarpen mar ek út Snits en Ljouwert. Der waard fansels ek oan swarte hannel dien. De slachter kaam sa no en dan by de boer te slachtsjen. Dat barde meastentiids jûns. It gong dan om lytsfee, sa as bargen, keallen en skiep. Ek yn ‘e oarloch moast der hea makke wurde. (Dat neamt men de ûngetiid) Men wie dan tige ôfhinklik fan it waar. Dat waar dat spande der wolris om. Yn de oarloch hienen wy hynders en mean-, swyl-, skod- en harkmesines. Fierder hie men weinen om it hea yn de skuorre te bringen. Fansels hie men ek minsken nedich. Doe’t de meanmesines der noch net wienen kamen de hannekemeanders út Dútslân wei om it gêrs mei de seine te meanen. Dreech wurk om mei de seine dei yn dei út te meanen. Yn it begjin fan de tritiger jierren kamen de meanmesines. Doe gjin hannekemeanders mar ûngetiders út Grinslân wei. Dat wie om de ûngetiid flugger klear te krijen. Moarns om fjouwer oere twa hynders foar de meanmesine. Kofjetiid wie der kofje foar de minsken en de hynders waarden wiksele mei it oare stel hynders. Sa gyng dat de hiele dei troch en men hie jûns sa’n 14 hektare gêrs der ôf lizzen. (hjoeddedei meant men sa’n 100 hektare) Hea moat droech yn de skuorre. As it net goed droech is kriget men heabroei en is men fierder fan hûs. Men moat dan headolle. Dat wol sizze, dat men dan in gat yn it hea meitsje moat. Docht men dat net of net goed, dan giet it spul de fik yn. Headolle is ôfgryslik min wurk yn waarmte en yn stank. Sa troch de jierren hinne binne der tsientallen pleatsen troch heabroei ôfbaarnd. Hjoed de dei hat men in grut elektrysk soechapparaat wat de Headolle 12 Mandeguod
waarmte út de golle wei fentileart. As it moai waar wie waard it hynder foar de skodmesine setten om it gêrs te skodzjen. It avensearre net sa bot mar it wie altiten better as it gêrs mei de hân en de foarke útelkoar te skodzjen. As de waarman droech waar foarsei, koe it nachts lizzen bliuwe. As de berjochten rein foarseinen, moast der in hynder foar de swylmesine. Dizze mesine makke wurdzen (rigen) hea yn it lân. Mei de foarke yn ‘e hân gie men efter de swylmesine oan en makke fan de rigen allegear oppers (bultsjes) yn it lân. Mei reinwetter ’s nachts bleaunen de oppers hea meastal aardich droech. Wie ’t de oare deis wer moai waar dan kaam it folk wer del setten mei de foarken en reagen de oppers út elkoar. Leinen de oppers allegear útelkoar dan wie de skodmesine wer oan bar om nochris te skodzjen. Mei de âld swarte foar de wein ried men nei hûs ta om in goed miel iten en in board mei sûpenbrij. Nei iten brocht it hynder ús wer nei it lân ta. De sleatsen greppelkanten moasten mei de harke út swile wurde. It waar bleaun goed en dêrom swile de swylmesine it hea wer yn rigen en koe it hea yn ‘e reak. (de grutte bult) De belch kaam foar de reakepeal mei in lang stik tou. Drok yn it hea dwaande om alles yn de reak te krijen De peal waard efter de wurdze lein, ús heit gyng op de peal stean mei in stik tou yn ‘e hân, de lytsfeint mende it hynder en dan wie it “fuort!”. De belch begûn te lûken, de peal strûpte it hea op. Sa kamen der allegeare grutte reaken hea yn it lân te stean, mar se wienen noch net moai op makke. Twa makken sa’n bult mei de foarke moai rûn ovaal en puntich. By de iene boer seagen de reaken der better út as by de oare mar it wie gjin wedstriid. Wêrom moasten dy reaken sa moai opmakke wurde? Hoe better de reak makke wie, hoe better bestân tsjin de simmerske waars ynfloeden. As der tongerbuien kamen koe it der raar om wei gean en dan hienen de moai op makke reaken der minder lêst fan as de plat op makke pankoeken. De wein waard njonken de reak riden. De loeier stapte op ‘e wein om it hea goed te plak te setten en de opstekkers stutsen it hea fan de reak op ‘e wein. De man op ‘e wein moast der foar soargje dat it hea moai kant op ‘e wein te plak kaam. (Fakman) Dan waard it pûntsje (houten peal) yn de lingte fan foar nei efter oer de weide hea lein en tagelyk Mandeguod 13
fan foaren en fan efteren in tou om ‘e peal. Mei in katrol efter oan ‘e wein waard it pûntsje stiif op ‘e wein fêst sjord, sa dat it hea gjin kant út koe. Troch de dammen wie it allegear wol wat wibelich mar de wein koe feitliks net om falle. It leegjen fan ‘e wein wie ek in hiel gedoch. Ien man op ‘e wein stuts in foarke hea nei nûmer ien op de golle. Nûmer ien nei nûmer twa en dan nei nûmer trije en sa heger. Dan wie men mei fjouwer man dwaande om de wein hea te leegjen en op de golle yn de skuorre te krijen. It wurk wie dreech mar as de frou, de dochter of de faam mei kofje of tee it lân del kaam, joech men jin del njonken de reak. Wat rûkte it hea lekker en wat lei it noflik yn de lijte fan de reak en wat smakken de koeke en broadsjes goed. Elts hie wol in ferhaal en nei in heal oerke hie men nije krêft om it wurk wer op te pakken. De swarte krige in amer mei wetter en in earm fol hea en wachte rêstich ôf dat der wer wurk wie. Stienen de reaken net te fier fan de wei ôf, dan krigen se wolris besite fan in feint en in faam. Se kropen efter de reak yn it sintsje en hienen dan hiel wat te bepraten. Nei in pear oerkes setten se wer ôf. It wie it kampearjen fan doe. Noflik yn de lijte fan de reak. “Pypskoft” Nettsjinsteande de oarloch wienen der in timmerman en in smid dy’t in wichtige útfining dienen. Sy kochten âlde autotsjillen mei bân en as op. Se timmerden in houten barte fan trije by fiif meter ynelkoar. In as mei tsjillen en bannen waarden efter ûnder de barte fêst setten en oan de foarkant kaam ien tsjil mei bân yn ‘e midden. Yn de tritiger jierren hie hast eltse boer in trijetsjillich karke (in jitkarre) Dizze nije heawein krige de namme de sleepwein. Efter de sleepwein waard in lytse barte mei knieren (scharnieren) fêst setten. Dizze flappe koe op ‘e grûn en op ‘e wein del lein wurde. No koe it hea folle makliker en mei minder minsken op helle wurde. Mandeguod 15
Sleepwein Hoe krige men it hea op ‘e sleepwein? De sleepwein skode men efterút tichter by de reak. In net waard op ‘e wein lein. De flappe waard omkypt hast tsjin de reak oan. Dan kaam der tsjin eltse bân in balkje. Dan wurde der in tou efter de reak lein oer de sleepwein hinne nei it tiksel ta. Dan kaam it tou oan ‘e sile en dan bigûn de swarte te lûken. Hiel kalmkes luts it hynder de reak op ‘e sleepwein. De balkjes der foar wei, de flappe omheech en ried de reak op ‘e sleepwein nei de skuorre ta. Boppe yn ‘e skuorre is in railsysteem mei in takel. De takelkabel giet nei bûten ta, wêr’t de belch stiet om de reak mei it net boppe yn de skuorre te bringen. Mei in knipsysteem giet it net los en komt it hea op de golle te lizzen. Mei twa sleepweinen koe men yn ien dei op in maklike wize in protte hea ynhelje. By Jan B. stiet yn de skuorre noch altyd in sleepwein omheech. Dúdlik in soarte fan sûvenir. Op in moarn fytste ik wer nei skoalle ta. Ik helle in Dútske soldaat yn dy’t in frommekes efter op ‘e fyts hie. Doe wie it ynienen “achtung halt!”, wir mussen ihren fahrad haben”. De soldaat hie de piip aardich út mei dat frommes efter op ‘e fyts. Op skoalle learden wy ek Dútsk. Yn myn bêste Dútsk koe ik fertelle dat ik mei de fyts nei skoalle ta moast. De fyts woe ‘k ek net kwyt. It wie net in âld bistke. Goed ride wie muoisum. Doe kaam de oplossing fan myn kant. Ik sei dat ik it sjutsje wol efter op de fyts hawwe woe. Myn skoalletas by de soldaat op ‘e fyts en syn faam by my efter op de pakjedrager. It wie tusken Dearsum en Skearnegoutum wer’t dat barde. Foarby Skearnegoutum kamen wy mear learlingen tsjin dy’t my koenen. Dy wienen ek ferheard fan it selsskip dat ik hie. Se tochten sels dat ik oppakt wie. Ik sei tsjin harren “wir fahren nach Snits ta”. Yn Snits oankaam, stapte it frommes fan myn fyts ôf en ik krige de skoaltas wer efter op de pakjedrager. De soldaat betanke my en ik wie bliid dat ik de fyts noch hie. Flakby Spears wenne boer Kroes. In famke fan harren gie nei Skearnegoutum nei skoalle ta. Famke Kroes gie gauris rinnende nei skoalle ta en sprong dan by my op ‘e fyts. Ek hie ik wol ris in famke Rozendaal efterop. Foar harren wie ik in soarte fan taksy. Je tinke dan wolris fan sântich jier ferlyn, wêr soene dy famkes bedarre wêze. tenei mear Mandeguod 17
“Sa wie it doe” (diel VII) De benzine waard ôfrgryslik krap yn ‘e oarloch. Sis mar der wie gjin benzine mear. Molkriders rieden wol op benzine. De molkefoarsjenning moast troch gean. Frachtauto’s en bussen en sels auto’s krigen gaskachels efterop. It wie ien grut gegriem mar it ried. ’s Nachts kloften fleanmesines yn ‘e loft nei Dútslân en werom nei Ingelân. Soks gyng feitliks de hiele nacht troch mei sjitterij en geregeld it del fallen fan in fleanmesine mei in soad kabaal. Sa’n hiele nacht siet men yn spanning, dat friet oan ‘e minsken. Op in sekere nacht foel der mei in soad kabaal allerhande spul op ‘e pleats. It is noch nacht, is der brân? Falt der in bom of miskien wol in fleanmesine op ‘e pleats? Wy wienen stjerrende benaud. Dy benaudens mar dan yn mindere mjitte, haw ik jierren lang by my hân. Soks bliuwt hingjen. Moarns doe’t it ljocht waard bliek dat in bommesmiter by ús yn it lân delsketten wie. Foar safier as ik wit hat de bemanning fan it tastel harren mei de parasjutes rêden. Doe’t wy bûtendoar kamen bliek dat ferskate ûnderdielen fan it dashboerd op it hiem leinen. De dakpannen hienen in optater hân. Ferskate wizers en klokjes hawwe wy ús doe 10 Mandeguod
ta eigene. Wêr ’t dy dingen bedarre binne wit ik net mear. It wie earst in frjemd soartich boartersguod. It wie winter de grûn wie hurd. As earsten kamen wy by de fleanmesine. Stikken en kapot. Parasjutes leine yn it lân, dy wienen gau fuort. It wie dùdlik rôversguod. Letter die bliken dat froulju der kleanguod fan makken. Wêr’t wy nuver fan opseagen wie dat de greppels fol mei benzine stienen. Ik haw nea witten dat der yn in fleanmesine safolle benzine siet. De greppels wienen hurd befêrzen, de benzine bleaun der yn stean. Rommert, feint by ús as Easterwierrumer, seach daliks, dit moatte de Sypersma’s witte. Mei in rot gong gie hy op ‘e fyts nei Easterwierrum, en in kertierke letter wienen de Sypersma’s der al mei it âlde frachtweintsje mei lege kontainers. Men hat doe in moai soadjes benzine op skeppe kinnen. As alle kontainers fol wienen, dat wit ik net. Ik wit dat de Dútsers wol yn ‘e gaten hienen, dat der by ús pleats in fleanmesine lei. Se kamen mei in bosk linten. Setten de boel der mei ôf en wy waarden nei hûs ta stjoerd. De gasauto’s moasten mei benzine opstarten wurde. De Sypersma’s koene mar wer raak starte. Pake syn Ford wie troch de Dútsers oppakt. Je soenen sa sizze dat de reiskes mei pake foarby wienen. Lykwols pake Tsjerk hie in oplossing. Op in dei yn de skoallefakânsje moarns betiid helle hy de swarte út it lân wei. Us mem hie de haaiwein (bommelwein) klear makke foar in deireiske. It ramt siet wer op ‘e wein om noflik sitte te kinnen. Pake wie in echte hynsteman, mar hie ek in soad foar syn pakesizzers oer. It waar like dy deis goed, dat al ridlik betiid waard de wein laden mei twa Hinken, twa Tsjerken, in Trynke en in Doet en in pear lytsere bern. De picknick krige ek in plakje yn ‘e wein. Beppe Tryntsje hie der foar soarge, dat men deis genôch drinken (ranja) en iten yn ‘e pûde hie. Efter de wein oan, skommele in lege amer mei in toutsje fêst bûn. Dan ek noch in doaske mei hynstekoekjes net te ferjitten. Pake en ús mem foar op de wein mei elts in kessentsje ûnder de poepert en doe wie it “fuort swarte!” It hynder wist wat him te wachtsjen stie en sette goed út ein. De Slotsdyk (in asfaltdyk) dus gjin kabaal. Mar oh wee, doe troch de buorren fan Raerd. Sjen en hearen fergyng jo op ‘e strjitstiennen. Eltse Raerder dy’t doe noch ûnder de tekkens lei, is mei skrik wekker wurden. De Hegedyk ek moai asfalt, mar doe de strjitwei nei Jirnsum en Akkrum ta. Mandeguod 11
It hynder wie sa snoad dat er sa no en dan stapfoets rûn. Lekker kalm sjoch. Pake gunde it hynder ek wol wat. Doe by Haskerdiken wie it ynienen “ho!” De swarte bleau stean en dan de wein fansels ek. Gjin gerattel fan tsjillen mear. Pake seit: “kofjetiid!” Wy steane op in soarte fan parkearterrein. It hynder wurdt útjekke fan de wein. It gers is al droech wurden en wy kinne noflik op ‘e grûn sitte. Beppe Gep pakt de pûde út en jout eltsenien koeke en wat drinken. Pake jout de oarder “Gep do moast de amer pakke en wetter út de sleat helje”. It is in skeane djippe wâl om wetter te krijen. Mar it slagget. It hynder drinkt hast twa amers fol op, kriget in pear koekjes en begjint dan te gers fretten. Dan fertelt pake wer’t wy hinne geane. Dat wurdt de moaie boarterstún yn Oranjewâld. Wy hawwe dêr wolris faker west, mar it is altyd wer moai. Ek fertelt pake dat wy no op ‘e helte fan ús reiske binne. De swarte wurdt wer ynslein en dan rattelje wy wer fierder. Der binne mar inkelde auto’s op ‘e dyk en de swarte hat der kenlik ek sin oan om by de boarterstún te kommen. Hy feecht mar oan. Goed tolve oere binne wy te plak en kin it feest begjinne. Pake nimt ús ek noch mei nei de belvedêre en de grotten ta. In prachtich útsicht oer de bosken en grotten binne tsjuster. Werom by de boarterstún ferstoppet pake him yn it doalhof. Mei in protte wille fine wy pake wer yn de rare spegelkeamer. As jo dêr foar stienen waarden je sa dik as in tonne as sa meager as in latte. Dus wy laken ús slop. Doe noch efkes oer de kettingbrêge, ek och sa moai en dan is it wer tiid om op wei nei hûs ta gean. Om in oere as sân wienen wy wer thús. De wite pûde wie ek leech en de swarte waard wer loslitten yn it lân. Wy hawwe wer in pracht dei hân. Pake gyng wolris faker mei de wein en hynder op reis mei in rigeltsje pakesizzers. Hy die ek gauris de rûte, Wergea, Warten, Garyp, Burgum, Quatrebras, Swarteweisein. Yn Swarteweisein wie doe ek in moaie boarterstún. Ik begryp einliks noch net hoe ‘t pake mei syn hynder altyd wer jûns op tiid thús wie. Dy man koe ek wol wat! Troch de oarloch waard alles krapper en dreger. Kantoaren mei itensbonnen waarden leech stellen, der kamen stakingen en oerfallen. Sels de boeren hienen in molkestaking, mar dat wie net in grut súkses. Ingelske fleanmesinen lieten Nederlânske en Engelske krantsjes op it lân falle mei it lêste oarlochsnijs. It 12 Mandeguod
wie ferbean om nei de Engelske radio Oranje te harkjen. Radio’s waarden dan ek stikem ferstoppe. De Grüne Polizei begûn nei minsken te sykjen dy’t in bepaalde leeftyd hienen en yn Dútslân oan it wurk setten wurde koenen. De meast frjemde plakken fûn men dan om fuort te kommen. Yn ‘e golle ûnder it hea, ûnder it bêd, yn in kast dy’t ticht timmere wie, of efter yn it lân yn ‘e reiden. Lokkich hie ik de leeftyd noch net om samar oppakt te wurden. As men fertelle koe dat men in Sweitser (melker) wie, dan waard men net op pakt. Molkeprodukten wienen ek krap, melkers moasten thús bliuwe om ek yn de Heimat minsken fan molke te foarsjen. Meastentiids fytste ik nei skoalle ta en winters wie dat gauris mei de bus. Net allinnich it waar mar ek op kussiebannen nei Snits ta is net botte oanloklik. Lâns de hiele stjitwei oan de rjochter kant, wienen rûne gatten groeven. It wienen sa neamde sjitgatten. In soldaat koe rjocht op stean en dan sjitte mar hy hie ek dekking foar de kûgel fan de fijân. De graverij waard mei de skeppe dien, dat wie in hiele put. Lokkich binne dizze gatten nea brûkt wurden. De bus wie meastentiids wat oan de lette kant. Ik seach fan fierôf al dat it de reo speed wagon wie en dan soe Hidde Hillboezum de sjauffeur wêze, dit wie meast Hidde syn buske. Hy seach my stean, stoppe en stapte út. Hidde hie as altyd in pet op en wie swart griis yn it gesicht. Hy pakte de pook fan de gasgenerator en raamde noch ris goed yn de generator om en jawol it motorke begûn al wer better te rinnen. Hidde gie wer efter it stjoer sitten, ‘mar it gyng net fol op speed’, mar dochs it ried wer. De konduktrise my wol bekind, joech my in retoerke Snits kaartsje, kosten twa gûne. De bus hie fiifentweintich sitplakken en fyftjin steanplakken en hie as namme “it klupke”. Der wie gjin sitplak mear foar my, dat wienen wy wol wend. Yn Dearsum noch wat skoalbern der by yn en dêr gyng it wer hinne. Krekt tsjinoer Lemstra yn Skearnegoutum wie doe in frij hege brêge. It klupke moast it wer oer jaan. Lokkich bleau de motor rinnen mar de studinten waarden frege as fan âlds, út Mandeguod 13
te stappen, mei de konduktrise, om de reo te helpen oer de brêge te kommen. Hidde moast earst noch efkes pokerje en doe gong it hupsa, it saakje kaam oer de brêge en doe koenen wy al ridende yn stappe. Oan it begjin fan Snits moast direkteur de Vries fan de Vries drukkerijen der út. Sa gie dat jier yn en jier út. Tsjerk moast it tankje mei molke ôfdrage oan frou Jonker, en op skoalle wie men bliid dat ik der wer wie. Foarhinne wie it wenst dat de boeren twa kear yn it jier in baarch nei de slachter brochten om slachtsje te litten. In part fan sa’n baarch kaam yn it spekhok telâne. It wienen de woarsten en de siden spek dy’t dêryn rikke waarden troch de skoarstien fan de kachel. Dat koe allinnich yn it winterskoft om’t simmerdeis de kachels net baarnden. Wat út it spekhok kaam wie lekker iten en koe lang duorje. Wienen de woarsten klear dan kamen se faak oan de keamer- of de keukensouder te hingjen. Dat rûkte ek sa lekker lang. De moaie stikken fleis kamen yn twa grutte pannen. Der waard smoar (fet) oerhinne getten en dat slute it fleis ôf. Dy pannen mei smoar oer it fleis waarden dan yn de djippe kelder setten. It koe dan ridlik lang bewarre bliuwe. Op it lêst siet der dan wolris in rookje oan dat fleis mar wy mochten net tier (sinnich) wêze. Us heit stie in dei by it oanrjocht mei in knyft (mes) yn ‘e hannen om it twadderangs fleis fan de bonken ôf te skraabjen. Dat fleis kaam foar in part yn de gehakmole. Mei de hân moast dat apparaat draaid wurde, soks gyng net fansels. Us mem makke dan ek noch soerstip en greauwen fan it oerbleaune fet. Al mei al in hiel gedoch mar wat wie it lekker. De baarch waard oan in stik tou nei de slachter brocht. Us heit die dat, want der giet neat foar de baas sels. Wy sitte noch yn ‘e oarlochstiid en der binne hast gjin auto’s op ‘e strjitwei. In baarch oan it tou is hast altyd dwers. Doe wie der dochs noch in auto op ‘e dyk. De baarch skrok ‘m dea, die in skuor oan it tou; ús heit woe net loslitte en doe foel hy mei de holle op ‘e dyk. Gefolch: mei in swiere harsenskodding Mandeguod 15
waard hy thúsbrocht. Wiken lang hat hy op bêd lein. Dokter van Dam die syn bêst en sjoch, hy rêde it op. Us mem alhiel oerstjoer. Jan Prakken en Rommert Hoogma dienen harren bêst yn it bûthús. Wat raar liket wol ek wolris tafalle. Us heit is wer hielendal opknapt. Hoe it dy baarch fergien is, dat wit ik net. Sa njonkenlytsen gyng alles op ‘e bon. Der wurdt in soad oan ruilhannel dien mar minsken dy’t neat te ruiljen hawwe sitte muoilik. Jan P. en Rommert H. hawwe by ús in stikje tún wêr’t sy tabak ferbouwe. De tabak hinget by de kachel om te droegjen. It rûkt net nei tabak mar de mannen teare in stikje krante der omhinne en sjoch, it rikket en men is der tige tefreden mei. Wy rinne yn pofbroeken. Yn sa’n broek kin men hiel wat kwyt en dêr wurdt goed gebrûk fan makke. Sa’n pofbroek is hiel sportyf. Binne wy as mânlju hast net oan “de pofbroek” ta? In nije moade! tenei mear Mandeguod 17
“Sa wie it doe” (diel VIII) Oarlochstiid. It waard hieltyd krapper en benauwder. Alle nachten de fleanmesines yn ‘e loft nei Dútslân. Wiene se dêr harren bommen kwyt, dan kaam de weromreis nei Ingelân. Gauris wie der dan in gefjocht yn ‘e loft mei jankende moters en sjitterij. Dit wie net in spultsje fan wennen mar it fried ek oan ús as bern. Wy leinen sokke tiden te triljen op bêd, mei nacht oan nacht itselde bang wêzen. Befel Dútske Wehrmacht Alles waard krapper mar ek yn Dútslân wie dy krapte. De fabriken en lânbou dêr, hienen in soad ferlet fan minsken. Mânlju fan in bepaalde leeftyd waarden dan ek oproppen om nei it poepelân te gean om dêr te wurkjen. De animo om dêr hinne te gean wie fansels tige lyts. Om net oppakt te wurden, dûkte men ûnder. Men ferskûle him op en yn de mâlste plakken. Meinammen by de boeren wienen in soad ûnderdûkers. It hea, de heasouder en yn de foarein fan de pleats, de kasten en de kelders oeral wienen de Underdûkersplak 14 Mandeguod
foartkrûpersnêsten. Men stie ek altiden op de útkyk te sjen, as de grienen der ek oankamen. Men moast dan roets, rats it skûlplak opsykje. Sa wie der altyd wol spanning op ‘e pleats. Minsken minsken wat wie it in raar tiidskoft. It wienen ek allegearre ordnûngen (bevelen). Dit mocht net mear en dat koe net mear! Men mocht jûns de doar net mear út en alles moast fertsjustere wurde. Alle bûthúsrútsjes moasten oerplakt wurde en de gerdinen yn ‘e hûs mochten ek gjin ljocht trochlitte. De lampen fan fytsen en auto’s mochten allinne lytse tinne iepen ljochtstrookjes hawwe. Dit alles yn ‘e hoop fan de lûfwaffe, dat de Ingelske bommensmiters it paad bjuster wurde koenen. Ek om yn Snits op skoalle te kommen jout problemen. De fytsen binne meastal ôfdien en de LAB is ferplichte om ûnder oaren it busferfier fan Sypersma, Snits – Ljouwert lâns Weidum, Easterwierrum, Boazum oer te dwaan oan de LAB. De Sypersma’s moasten harren bussen ynleverje mar de moters waarden earst yn ‘e grûn bedobbe. It wienen net de earste auto’s en moters dy’t yn de grûn bedarje soenen. It wienen no Piter Lantinga en Hanny as kondukrise dy’t de rûte Easterwierrum rieden. Ja namen moarns kofje en brochje mei yn ‘e bus en sa barde it dat de reade LAB samar earne stoppe om earst mei syn beiden te iten. De kachel (de gasgenerater) moast fansels ek wer opstookt wurde om wer wat gong der yn te krijen. Yn Easterwierrum stapte ik dêr dan út en rûn dan nei Warnsterbuorren ta, mei de lege molketank op ‘e rêch. De oare moarns stapten wy wer yn ‘e LAB nei Snits. Kobus ried de Diamond en Sytske wie ús konduktrise. De bus wie ôfladen fol. By de Skearnegoutumer brêge wie it ho!. De ferkearspolisei die de busdoar iepen. “Sie haben fiel zu fiel leute in der Bus!” No dat moasten jo net tsjin Kobus sizze. Dy stie syn mantsje!. “Wat silsto my hjir fertelle. Dizze minsken moatte allegear nei Snits, en dy komme yn Snits! No de doar gau ticht en oars soademiterje ik dy op ‘e grûn!” De doar gyng ticht. Noch altiden in grut respekt foar Kobus. Middeis gyng it gauris mei de bus fan de firma Groenhof wer nei hûs ta. Hja LAB bus Lijn Snits-Drachten rieden in tsjinst fan Drachten nei Snits, hinne en wer. Hja hienen nea folle minsken yn harren bus. Ik koe by de reed útstappe. Dizze bus hie gjin konduktrise mar in kondukteur. Dizze kondukteur wie bytiden ek de stjoerman. It wie altyd deselde bus en hy woe ek altiten ride. Hja hienen grif drûge turf út de wâlden op ‘e bus want it ried ek altiten as it slydjaget. De generater rikke ek nea en it wie noflik riden mei de beide mannen. Mandeguod 15
Ynfaasje Normandië It lêste jier fan de oarloch waard it noch spannender. De ynfaasje fan in great oantal soldaten yn Frankryk brocht wer moed. Troch in fersin fan de Ingelske fleantúgen waard Rotterdam nochris bombardearre. It iten yn de greate stêden rekke alhiel op. Mei tulpebollen en oar frjemd iten moast men besykje de dagen troch te kommen. In soad Hollanders bedarren by ús yn it Noarden. In grut oantal evakuees by ús en oeral terjochte en wienen wolkom. In soad húshâldingen ferdûbbelden harren. De femyljes kamen mei treinen oan en waarden dan mei hynder en bolderwein nei de doarpen brocht. By ús thús krigen wy in sekere femylje Jan van Os, mei frou en in steal bern út Brabân. Dizze minsken wienen tankber. In oare femylje Kynhuis, kaam út Amsterdam telâne by in kennis fan ús. In heit, mem en soan Pyt. Pyt fûn it in feest om by de boer te wêzen. Hynder en bolderwein mei evakuees en húsrie ûnderweis Syn wurk wie ûnder oaren de kij op te heljen en der foar te soargjen dat se ûnder it melken net wer fuort rinne soenen. Doe’t de oarloch oer wie, en de femylje Kynhuis wer nei Amsterdam ta soenen, wie it Pyt, dy’t perfoast net mei nei Amsterdam ta woe. Pyt is de hiele fekânsje by “oom en tante” bleaun. Nei de fekânsje kaam syn mem mei de Lemmer boat om Pyt wer op te heljen. Ja, ho mar! Ta einbeslút hat de frou fan de boer mei Pyt syn mem de lytse boer op ‘e boat krigen. Pyt is troud mei Els. Hat syn wurk dien op de kompjûterfebryk yn Venray. Hat alle jierren yn Fryslân west en wy hawwe withoefaak de gast by Pyt en Els west. 16 Mandeguod
Alris earder haw ik it der ris oer hâwn wy mei ús heit en mem yn de auto nei de Zijpenberg gyngen. Gauris sliepten wy dan yn Arnhem yn hotel Rembrandt. Dit wie noch foar de oarloch. Wat ik my herinnerje koe, wie it in lytsblok hotel yn it sintrum fan de stêd. Foar my neat gjin bûtengewoans oan’t lêsten ta, doe’t yn de Ljouwerter krante in kop stie fan “hotel was alles voor Benny” “Us hotel fan doe yn ‘e krante, dat ferhaal wol ik lêze!” Nei oanlieding fan in artikel út de Ljouwerter krante fan Pieter Ploeg in diel hjir beskreaun: Mear dan vijftig jaar heeft Benny hotel Rembrandt yn de Arnhemse binnenstad uitgebaad. Nadat zijn moeder er ooit een bed en breakfast voor 1,00 gulden per nacht was begonnen maakte Benny Peters er sinds de jaren zestig een echt hotel van. Onder zijn gasten voornamelijk daklozen, verslaafden, zwervers en ander minder bedeelden die er tot eind vorige week voor drie tientjes per nacht in een warm bed konden, inclusief ontbijt) Hotel Rembrandt yn Arnhem De stank van chihua-hua’s moasten de kostgongers der op de keap ta nimme. It hotel telt fiif keamerkes mei dûs en toilet. Hy hat ek noch tsien hûntsjes. As men dêr net oer kin dan moat men mar om in oar hinnekommen sykje. By my hawwe se it waarm en men is net djoerder út seit Benny. Skrik net, okker wyks is Benny dea stutsen. De bewenners fan de spoorhoeke binne noch altyd ferbjustere. “Zijn honden en zijn hotel, dat was zijn leven.”, sa seit in buorfrou. It OM (it Iepenbier Ministearje) hat in ûntsnapte tbs’er as fertochte oanholden. Jo as lêzer fan Mandeguod sille wol tinke, “och Tsjerk wat dogge wy mei hotel Rembrandt yn Arnhem!” Jo moatte betinke ik wie in jier as tsien doe’t ik mei broer Hink foar it earst yn hotel Rembrandt wie. Benny syn mem soarge derfoar dat der foar ús in bêd en iten wie. Doe yn it hotel grif gjin tsien hûnen en oare núveraardichheden. Frou Peters hat it grif opromme en skjin hân. Sa net, dan wiene wy grif earne oars bedarre. De kar yn hotels wie lang sa grut net as hjoeddedei. Benny hat der yn ‘e sechtstiger jierren in echt hotel fan makke mar hat misskien net deselde kapisiteiten hân as syn mem. “Syn hûnen en syn hotel, dat wie syn libben”, sei de buorfrou. Wy soene sizze, past dat wol bijinoar. De krante hat it oer dakleazen, ferslaafden, swervers en oare minder bedielden. Benny kinne wy net, mar it kin wol in hiele goed man west hawwe. As ik witten hie dat hotel Rembrandt der noch wie en ik kennis meitsje koe mei Benny, hie ik grif dy kant nochris út gien. Hoe lang bliuwt hotel Rembrandt noch yn Arnhem? tenei mear Mandeguod 17
“Sa wie it doe” (diel IX) De pleats wêr‘t wy yn Baensterbuorren yn wenje is in hierpleats. Sa’n hierpleats wienen der folle mear as hjoed de dei. De eigeners wennen gauris yn de Hollânnen. De famylje Rinck út Rotterdam en de famylje Poppes út Skoarl wienen heal om heal eigener fan ús pleats. Rinck wie dokter en Poppes wie jager. Poppes kaam twa kear yn it jier mei syn kameraden te jeijen. It jeijerspak bestie út in soarte fan pofbroek mei in hoed. Us heit koe goed mei de mannen oerwei. Doe’t ús heit en mem yn 1929 op 'e pleats kamen, wie Rypma de eigener. De pleats wie tige âld. Doe’t Rypma seach hoe ’t ús heit de saak oanpakte sei hy: “Op sa’n pleats moatstû net buorkje, ik lit hjir in nije pleats delsette!” Rypma liet in ienfâldich húske yn Baensterbuorren oan de strjitwei bouwe. Dat wie it tydlik ûnderdak fan ús heit en mem. De âlde kop-hals-romp waard sloopt en firma Friso út Snits krige fan Rypma de opdracht om foar de winter noch in moaie grutte pleats te bouwen. De timmerlju wisten fan oanpakken en bouden in moaie stjelp dy’t foar de winter klear wie. De nije pleats stie wat op in hichte om gjin swierrichheden mei it wetter te krijen. Blauwe dakpannen kamen der op, dat wie doe wat nijs. In moaie grêft om 'e pleats waard ek groeven. Dat waard doe noch mei de hân dien, fan skeppe op skeppe. Swier wurk om dy klaaigrûn te ferwurkjen. De nije pleats krige ek in opfeart nei de âlde feart ta. By ’t winter koenen ús âlden en wy ús redens op it stalt ûnderbine. Tagelyk koenen ús heit en mem in eachje op ús hâlde. Under 16 Mandeguod
de earste streken hienen wy in stoel by ús op gleed te helpen en om efkes út te pûsten. As der hurdriden yn Raerd wie, wienen de Bottema’s fan de partij. Us mem en muoike Anne wienen beiden Hemminga’s. De namme Hemminga kaam yn 1500 al foar. Sjoukje en Marta Gepke, Trynke, Jan, Roel en Anne Bottema Hemminga wienen sa’n likernôch 50 jier lyn bekinde fûleinige hurdriders. Yn Raerd op de iisbaan wienen it Pier van der Velde, omke Roel mei muoike Anne en ús mem en heit dy’t altyd as lêsten mei harren seizen de prizen befjochtsje moasten. Pyt Hemminga hat dit jier it boek “fiif ieuwen Hemminga” mei foto’s útbrocht. It ein fan de oarloch: De famylje Rinck sjocht it yn Rotterdam net mear sitten. Hja skilje nei Baensterbuorren en freegje de Bottema’s as se dêr komme kinne. Dokter Rinck sil syn pasjinten yn de steek litte moatte. Foar him en syn frou is dat in dreech beslút. Fansels binne se by ús wolkom. Rinck en frou Rinck mei Anneke en Wim sille wiken lang ús gasten wêze. Frou Rinck moast och sa wenne oan it nije hotel. Se fûtere ek wolris op dokter, dy sei dan: “och mens hou je stil.” Dan krige sy in piltsje en wie wer tefreden. As frou Rinck dan wer op bêd lei dan fertelde hy syn ferhalen oan ús. (Hy joech har piltsjes wêr’t gjin medikaminten yn sieten, saneamde toverpiltjes) En dochs holpen se syn frou mei in laits. Wy sieten mei alve minsken om 'e tafel. Alle dagen waard der ek sûpengroattenbrij sean. Dy panne mei brij waard op it hiem setten om ôf te kuoljen. Doe seach ynienen ús mem de kat by de brij te slikjen. Us mem oerstjoer en doe sei se: “Oh Baukje, hoe moat dit no” (Baukje de faam bleau rêstich) en doe sei Baukje: “Ik sil efkes de sleef ophelje.” Baukje helle de sleef troch de brij en konstateare dat frou Rinck der neat fan sjen koe en dat de brij net mear hjit wie. Wim (de soan fan dokter) en Rommert de feint setten jûns yn it tsjuster gauris nei Easterwierrum ta. Se sille dêr wol yn 'e kroech bedarre wêze. Moarns wienen se op 'e tiid wer thús. It wie oars string ferbearn om jûns op paad te wêzen. Rommert koe it bêst mei de dokterssoan fine. Dokter syn auto stie by úzes yn de skuorre. Dokters mochten harren auto’s hâlde. Wy koenen meielkoar goed oerwei en ús gasten learden it Frysk gau oan en doe kaam dy spannende dei. Mandeguod 17
De dei fan de befrijing. Lange slierten fan Dútske soldaten rûnen oer de strjitwei nei it easten ta. Gjin kabaal, gjin muzyk, ien en al trystens. Wat sille dizze minsken ek bliid west hawwe dat sy wer nei hûs ta koenen. Dochs moasten se yn Dútslân noch ôfwachtsje as it hûs of it âlderhûs en de famyljeleden der noch wienen. De sjitgatten lâns de strjitwei binne lokkich nea brûkt wurden. It wie gjin “Sieg heil” mear. De flaggen kamen oeral út en yn doarpen en stêden wie it feest. Op 'e pleats gyng it syn gong. Jûns op bêd foar my gjin fleanmasinelawaai mear. In iepenbiering foar my mar lykwols it tinken oan safolle minsken dy’t dit net mear mei meitsje koenen. It wie foar my frappant hoe gau as it normale libben werom kaam. Nei twa, trije dagen gyngen wy fan swarte kuch bôle oer op wite bôle. In grutte lekkernij. De famylje Rinck wie optein dat harren filla yn Rotterdam der noch stie. De molkhellers kamen net mear, it tankje mei molke op 'e rêch eltse dei wer oan hoechde ek net mear. Ek by harren kaam de brijboer wer. Foar mysels wie der in teloarstelling op skoalle. Meindersma, it haad fan de skoalle, moast my meidiele dat de eksamensifers te krap wiene om it diploma te heljen. Wy moasten op alle fakken eksamen dwaan en mûnling ek nochris op nij. De oarloch mei syn rarichheden en spanningen hat my tidens myn stúdzje gjin goed dien. Der hat net ien west dy’t it my kweaôf nommen hat dat ik de fjirde klasse oer dwaan moast. Ik koe mei de leararen hiel goed oerwei. Oetske wie de Frânske learares. Wy wienen op in kear op in merk yn Parys. Ynienen miende ik dat ik Oetske seach en sy my. En doe fleagen wy elkoar om 'e hals. Sûnt dy tiid koe ik goed mei har oerwei. Hja wie in pittige tante. De helte fan de learlingen hienen noch nea op in buorkerij west. Meindersma frege my as hy mei de hiele klasse in middei op ’e pleats komme mocht. Fansels koe dat. Elts hie al wer in fyts en sa fytsten op in moaie middei tritich klasgenoaten fan Snits nei Winkelplein in Parijs 18 Mandeguod
Baensterbuorren ta. De hiele middei haw ik dwaande west mei te fertellen, sjen te litten en fragen te beänderjen. Op 'e weinen mei de Swarte der foar hat de hiele ploech it lân troch west. Ek hat men de echte boeremolke en tsiis priuwe kinnen. De Frico sûkelademolke smakke ek goed. Al mei al wie 't foar elts in moaie learsume middei. Meindersma wie ek entûsjast en miende dat soks wolris faker koe. In pear wiken nei de befrijing is de famylje Rinck wer ôf setten. Hja wiene alhiel ynboargere en ek frou Rinck wie nearne bang mear foar. Hja hoechde ek gjin pillen mear fan dokter en Wim soe op 'e nij mei de doktersstúdzje út ein sette. De famylje wie ús tige tankber. It wie frappant hoe rêd de ekonomy wer op oarder wie. It lânbou-arkburo yn Snits hie yn koarte tiid alwer nije fytsen foar de boerebefolking. De kusjebannefytsen mei âlde slangen om 'e tsjillen koenen op de izeren bult. Wy hienen wer in lampe mei dinamo op 'e fytsen en koenen jûns wer op in paad. Fan de ANWB krige ik in moaie logo foar op it stjoer fan de nije fyts. Ik wie der grutsk op om as santjin jierrige dêr lid fan te wêzen. Letter hienen wy it logo op 'e auto. Wat grutter en noch moaier. Op in moarn doe ’t wy by skoalle kamen leinen der tichte by it lânbou-arkburo in hiele protte houten kratten. By neier besjen blykten dy kratten fol te sitten mei read izerark. De oare deis wienen der al kratten iepen brutsen en de monteurs wienen al dwaande om de boel ynelkoar te skroefjen. En doe kaam de aap út de mouwe. Reade nije glinsterjende trekkers mei twa lytse tsjiltsjes mei loftbannen foar en twa grutten efter mei in grut swart stjoer. It wiene Case lûkers út Canada dy ’t as Marshallhelp Nederlân skonken wienen. Dy moarns wienen de studinten mar min yn skoalle te krijen. Yn 'e greidhoeke wist men net wat trekkers wienen. Dizze dei soe it begjin wurde fan de grutte kommende meganisaasje yn de lânbou. De oarloch foarby. Alle dagen noch in bliid gefoel. De grutte fakânsje is op komst. Al jierren lang kaam ik dan by omke Tsjerk en muoike Anne útfanhûs. De grutte pleats stie oer it wetter tusken Warten en Wergea. It âldste famke hjitte fan Trynke. Dan hienen se noch in famke Doet en in jonkje Yde. As men oer it wetter nei de dyk woe koe men dat net oars dwaan as mei in roeiboatsje. Wy waarden yn alle opsichten bedoarn. Muoike Anne wie in skat foar ús. Ien kear krige ik yn de fakânsje by omke Tsjerk en muoike Anne de mûzels. Ik woe net nei hûs ta en muoike Anne woe my net kwyt. Uteinlik waard it dêr in trije wykse fakânsje mei allerhande kadootsjes fan de Wergearster Merke. It wetter mei it roeiboatsje fûn ik prachtich en nichtjes en neefke mochten by my yn it boatsje. Doe kaam der in brief út Rotterdam fan de famylje Rinck oan Tsjerk Mandeguod 19
Tsjerk en Trijnke Rotterdam augustus 1947 en Trynke. It boadskip wie, as Trynke en Tsjerk by de Rincken útfanhûs komme woene, dit as tsjinprestaasje dy’t de Rincken yn de grutte drege tiid by ús wêze mochten. Wat in ferrassing foar my en Trynke. Noch nea nei in grutte stêd west en no nei Rotterdam ta. It reisplan waard makke. Moarns betiid mei fytsen en tassen en trein nei Swol ta. En fan Swol op 'e fyts nei Utert ta. Dêr binne wy yn in hotel bedarre. De oare deis binne wy op 'e fyts yn Rotterdam oankaam. Wat wie it in spannende reis. Foar in wike by de dokterfamylje yn de filla oan de Heemraadssingel en Rotterdam besjen. De dei nei oankomst koenen wy daliks al it grutste befrijdingsfeest fan Nederlân belibje. It fuotbalstadion “de Kuip” wie oan de kop ta fol mei feestfierende minsken. Sprekkerijen, muzyk yn al syn foarmen, in sirkus fan grutte allure, gymnastykoptredens, ferskate sjongkoaren lyts en grut, iterijen en drinken en noch folle mear. De famylje Rinck liet ús de haven besjen. De tunnels, de brêgen, de metro’s, musea en noch folle mear. Te folle om alles op te neamen, mar sa’n útfanhuzerij hawwe wy nea wer mei makke. Efternei fûnen wy it letter frjemd dat de Rincken ús it fernielde diel fan Rotterdam net sjen litten hat. De Rincken wienen fijne minsken en hja hawwe grif tocht dat it better foar ús wie dat wy dat mar net seagen. It soe de hiele fakânsje bedjêrre kinnen hawwe. Nei dy tiid hawwe wy altiten in goed kontakt mei de Rincken hân. Wim, 6 jier âlder dan as ik wie, is letter dokter yn België wurden. Wim wie in fleurich immen mei grappen mar hiel gewoan. vlnr.: ûnbekind, Tsjerk Bottema, Anneke Rinck, dokters mefrou, Trynke Bottema, Wim Rinck De tiid giet troch. Fan de famylje Rinck binne se allegearre al ferstoarn. Wim hat hiele drege jierren hân mar hie in freondinne dy’t him yn al dy jierren bystien hat. Ik stjoer har alle jierren noch de Fryske kalinder ta. Trynke, myn nicht, is dokter wurden mar is stoarn oan in rare sykte. Sy wie troud mei in feedokter út de Betuwe. Us reis nei Rotterdam sil ik nea ferjitte. tenei mear Mandeguod 21
“Sa wie it doe” (diel X) De oarloch oan de kant. Stadichweioan kamen der mear auto’s op ‘e dyk. De LAB (Ljouwerter Auto Bedriuw) hie noch fjouwer turf-bussen yn eigendom. Likernôch fiifentweintich bussen hie de Wehrmacht foardere. Dy’t harren wurk yn Dútslân hienen seagen sa no en dan in reade LAB bus riden. Yn Winschoten kaam samar in reade Diamond boppe wetter. Dy moat no earne yn in museum stean. Jierren ferlyn haw ik dy nochris riden sjoen mar hoe as wat wit ik net. De LAB direksje spande har tige yn om it ferfier fan Ljouwert-Snits wer klear te krijen. Op in moarntiid daliks nei de oarloch fytsten wy nei skoalle ta en hearden ynienen in brullend leven efter ús. In dikke Kromhoutoaljetrúk brulde ús foarby. De oplizzer hie allegearre stuoltjes en it meiridende folk hie de measte wille. De kleur fan it gehiel wie de soldatekleur. It wie allegearre wol wat rau en grof mar mei twa fan dizze meunsters wie de ferbining Ljouwert-Snits der wer. Gjin generators dy’t gauris opstookt wurde moasten om de gong der yn te hâlden. Gjin swarte Piten mear efter it stjoer. De LAB ried wer! De froulju koenen yn de stêd wer winkelje, boeren koenen wer nei de feemerk en it personiel yn it lân wist wer wannear it itenstiid en melkerstiid wie. De omlizzende doarpen moasten ek wer ferfier hawwe. Der waarden fjouwer Austin Belle auto’s út Ingelân oanskaft. Dy wienen dêr brûkt foar de brânwar. De bellen sieten noch op ‘e auto’s. De LAB liet de karrosserys in meter langer meitsje, wêrtroch in gruttere romte foar Austin Belle auto 12 Mandeguod
ynsittenden. (acht persoanen) Dan ynienen (as Ljouwerter krantelêzer) seach ik op in middei op de foarpagina in grutte reade bus stean mei omskriuwing. It wie de LAB direksje slagge twa nije Cheausson bussen te bemachtigjen. In lange kantige bus mei op eltse hoeke in hege dikke bân. De bussen kamen út Frankryk en hienen al de glimjende reade giele kleur. Dizze bussen waarden daliks ynsetten tusken Ljouwert-Snits. It ried formidabel. It wie tagelyk ek it begjin fan it nije ferfier. Foarhinne wienen der gjin bushaltes, dat gong dan samar wat. In hân oan ‘e dyk omheech of in wyt himd foar it finster wie genôch om de bus stopje te litten. It koe noch lang sa allegearre. Letter kamen der pealtsjes mei giele plankjes oan de dyk mei dêrop “Bushalte LAB”. De sjauffeurs namen it dan noch net sa krekt. Mar doe wie der ynienen in stille ynspekteur yn ‘e bus. It foel de man op dat de bus hast oeral stoppe, útsein by de haltes. Hy sei op it ein fan de rit, dat it de bedoeling wie dat hy by de haltes stoppe. De sjauffeur wie mûlryp en sei: “binne it jo klanten of binne it mines!” De bussen namen gauris ek de kranten mei. De klear om it pak mei kranten oan te nimmen. De LAB mei syn service rikte fier. In foarCheausson bussen byld dêrfan is, dat in plattelânsmem krekt in poppe yn it Ljouwerter sikehûs krigen hie. De mem wie alwer thús út it hospitaal mar de poppe moast noch in skoftke bliuwe en moast *boarsttate hawwe. Foar de LAB wie it gjin inkeld probleem om de tate ôf te leverjen yn de stêd. Wie de mem noch net klear mei it kolven, dan wachtte de bus wol efkes. De minsken yn ‘e bus hienen der neat op tsjin. De sjauffeur sei: “ik riid wol wat flugger, dan is dat ek wer ferholpen”. *boarsttate = borstvoeding Yn 1946 krige ik it diploma fan de MULO. Oan de iene kant hartstikke moai mar oan de oare kant in ôfskie fan in skoalle wêr’t ik fiif jier mei nocht west haw. Fansels hat de oarloch spanningen meibrocht dy’t net sa noflik wienen. De direkteur en de leararen wienen allegear gewoane minsken sûnder poeha, dêr’t jo jo by thús fielden. Snits is ek mar in gewoan stedsje mar hat wol in Mandeguod 13
eigen taaltsje dêr’t men efkes oan wenne moast. Efternei haw ik in soad profyt hân fan de talen Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Fansels nei sechtich jier ferjit men wolris wat fan dy talen mar de basis hâldt men wol fêst. As men hjoeddedei heart hoe’t men mei de talen omgiet yn it heger ûnderwiis… Fan alle fakken hienen wy in skriftlik en mûnling eksamen en sûnder wurdboeken en kompjûters op ‘e bank. Wis wier, wy binne santich jier fierder en de feroaringen binne grut. Men hat it goed mar jou my de âlde tiid mar wer mei al syn tekoartkommingen. Fan skoalle ôf achttjin jier, wat moast der mei Tsjerk barre. Broer Hink wie in echte feeboer mar fan Tsjerk waarden ús heit en mem net folle wizer fan. It ûnderwiis liek my ek altyd wol wat ta. Ik wist wol dat ús âlden der no net sa entûsjast oer wienen mar joegen my de kâns om talittingseksamen te dwaan. Sa haw ik in dei yn Ljouwert op ‘e kweekskoalle west. It eksamen dêr slagge mar myn sjongkapasiteiten wienen ûnder de maat. Mar dat wie fierders gjin probleem. Us heit en mem seinen nochris tsjin my, dat in skoalmaster in luzich bestean hie en dat in boer nochal ris in kwartsje tusken de sinten fine koe. Ik mocht it sels witte mar faaks wie it ek wol wat om earst nei de lânbou-winterskoalle yn Snits te gean, dan koe ik oer twa jier dochs noch nei de kweek ta gean. It like my net sa gek ta. Oer twa jier koenen wy dan wol wer ris sjen. Sa sein sa dien. Ik koe wol wer meihelpe op ‘e pleats. Us heit en mem wienen earst wer bliid dat it skoalmastergedoch wer oan de kant wie. Tsjerk wie sels ek wol bliid. Ik koe noch twa jier my betinke. En yn twa jier kin der hiel wat barre. Om achttjin jier hinne is men noch wolris wat ritich. Fan dy wifsinnigens haw ik tinkt my in goed gebrûk makke. lânbou-winterskoalle yn Snits tenei mear Mandeguod 15
“Sa wie it doe” (diel XI) De greidboer moat it fan de molke ha. Sa hat it altiten west en sa sil it altyd bliuwe. Troch de ieuwen hinne hat men yn Nederlân en yn de hiele wrâld besocht om mei de hannen molke út de jaren (uiers) fan de bisten te krijen. Fansels kinne wy ek molke út ezels krije mar dat is foar ús as boeren net produktyf genôch. It melken mei de hannen wie sa dreech, dat men om 1850 hinne al besocht om in soarte meganyk út te finen dêr’t mei molken wurde koe. Dat woe min slagje. De Amerikanen fûnen wolris wat út wat it begjin wêze koe fan it meganysk melken. Men hie ûnder oaren in rêd dat mei de hân draaid wurde koe en oan ‘e oeren de molke der út sûge. Dat wie pynlik foar it bist en wie dan ek net de oplossing dy’t brûkt wurde koe. Ferskate mooglikheden waarden besocht mar men hie gjin súkses. Stadichwei kamen de útfiningen dy’t der aardich op begûnen te lykjen. De pulsator (op en del mei sûgjen) joech de basis fan it meganysk melken. Om 8 Mandeguod
1900 hinne waarden der patinten útjûn fan reedlik wurkjende molkmasines. De Sweedske Laval wie it fierste yn ûntwikkeling. It wie 1928 dat yn Mantgum Doeke Odinga syn heit in Laval molkmasine kocht. Yn ‘e oarloch moasten de Odinga’s wer mei de hân melke, om’t der gjin rubbers te krijen wienen. Nei de oarloch is elts oergongen nei it masinemelken. Noch altyd wurde der ferbetteringen oanbrocht by dizze masines. De kij, geiten en skiep fine no it melken noflik. De nijste ûntjouwing is de melkrobot. It is in djoereftich apparaat mar in grut wûnder foar boer, ko en boerinne. It jout de boerebefolking in stik libbensfrijheid. Sa kin it wol ta: Bêste lêzers fan Mandeguod. Yn it begjin fan dit jier joech Hette my de pinne oer. De fraach wie, as ik wat memoires fan mysels yn Mandeguod skriuwe woe. Ik haw Mandeguod altyd in moaie doarpskrante fûn mar memoires yn dit blêd skriuwe dat gyng my efkes boppe de pet tocht ik. Wy koenen gjin saken meielkoar dwaan. Hette droste wer ôf. Inkelde wiken letter, der wie hy wer. Hy woe my wol mei helpe. Ik haw my doe beprate litten. Ik woe it wol dwaan mar dan yn it Frysk en haw de pinne oannommen. Dat wie yn earste ynstânsje goed. It makke my der net makliker op dat ik 30 jier yn Raerd wenne ha en hast 60 jier no yn Mantgum. Hoe moatte jo soks oanpakke. Oant no ta haw ik gauris Raerd te pakken hân en Mantgum is no oan bar. Hette kaam okkerdeis mei it boadskip dat de redaksje fan Mandeguod it ferstanniger fûn dat wy yn it desimbernûmer stopje mei dizze skiednis. Ik haw dêr alle begryp foar. Frysk kin eltsenien net lêze. Yn ‘e tekst steane dingen en wurden beskreaun dy’t guon doarpsgenoaten net begripe. Dan wurdt it wat langtriederich en d’r is ek sa’n soad oars te lêzen. Ik kin my dan ek maklik oanslute by de redaksje. Ik jou Hette de pinne werom en betankje him foar syn help. Wy hienen it moai foarinoar! Tsjerk Mandeguod 9
1 Online Touch