Baensterbuorren ta. De hiele middei haw ik dwaande west mei te fertellen, sjen te litten en fragen te beänderjen. Op 'e weinen mei de Swarte der foar hat de hiele ploech it lân troch west. Ek hat men de echte boeremolke en tsiis priuwe kinnen. De Frico sûkelademolke smakke ek goed. Al mei al wie 't foar elts in moaie learsume middei. Meindersma wie ek entûsjast en miende dat soks wolris faker koe. In pear wiken nei de befrijing is de famylje Rinck wer ôf setten. Hja wiene alhiel ynboargere en ek frou Rinck wie nearne bang mear foar. Hja hoechde ek gjin pillen mear fan dokter en Wim soe op 'e nij mei de doktersstúdzje út ein sette. De famylje wie ús tige tankber. It wie frappant hoe rêd de ekonomy wer op oarder wie. It lânbou-arkburo yn Snits hie yn koarte tiid alwer nije fytsen foar de boerebefolking. De kusjebannefytsen mei âlde slangen om 'e tsjillen koenen op de izeren bult. Wy hienen wer in lampe mei dinamo op 'e fytsen en koenen jûns wer op in paad. Fan de ANWB krige ik in moaie logo foar op it stjoer fan de nije fyts. Ik wie der grutsk op om as santjin jierrige dêr lid fan te wêzen. Letter hienen wy it logo op 'e auto. Wat grutter en noch moaier. Op in moarn doe ’t wy by skoalle kamen leinen der tichte by it lânbou-arkburo in hiele protte houten kratten. By neier besjen blykten dy kratten fol te sitten mei read izerark. De oare deis wienen der al kratten iepen brutsen en de monteurs wienen al dwaande om de boel ynelkoar te skroefjen. En doe kaam de aap út de mouwe. Reade nije glinsterjende trekkers mei twa lytse tsjiltsjes mei loftbannen foar en twa grutten efter mei in grut swart stjoer. It wiene Case lûkers út Canada dy ’t as Marshallhelp Nederlân skonken wienen. Dy moarns wienen de studinten mar min yn skoalle te krijen. Yn 'e greidhoeke wist men net wat trekkers wienen. Dizze dei soe it begjin wurde fan de grutte kommende meganisaasje yn de lânbou. De oarloch foarby. Alle dagen noch in bliid gefoel. De grutte fakânsje is op komst. Al jierren lang kaam ik dan by omke Tsjerk en muoike Anne útfanhûs. De grutte pleats stie oer it wetter tusken Warten en Wergea. It âldste famke hjitte fan Trynke. Dan hienen se noch in famke Doet en in jonkje Yde. As men oer it wetter nei de dyk woe koe men dat net oars dwaan as mei in roeiboatsje. Wy waarden yn alle opsichten bedoarn. Muoike Anne wie in skat foar ús. Ien kear krige ik yn de fakânsje by omke Tsjerk en muoike Anne de mûzels. Ik woe net nei hûs ta en muoike Anne woe my net kwyt. Uteinlik waard it dêr in trije wykse fakânsje mei allerhande kadootsjes fan de Wergearster Merke. It wetter mei it roeiboatsje fûn ik prachtich en nichtjes en neefke mochten by my yn it boatsje. Doe kaam der in brief út Rotterdam fan de famylje Rinck oan Tsjerk Mandeguod 19
47 Online Touch Home