foartkrûpersnêsten. Men stie ek altiden op de útkyk te sjen, as de grienen der ek oankamen. Men moast dan roets, rats it skûlplak opsykje. Sa wie der altyd wol spanning op ‘e pleats. Minsken minsken wat wie it in raar tiidskoft. It wienen ek allegearre ordnûngen (bevelen). Dit mocht net mear en dat koe net mear! Men mocht jûns de doar net mear út en alles moast fertsjustere wurde. Alle bûthúsrútsjes moasten oerplakt wurde en de gerdinen yn ‘e hûs mochten ek gjin ljocht trochlitte. De lampen fan fytsen en auto’s mochten allinne lytse tinne iepen ljochtstrookjes hawwe. Dit alles yn ‘e hoop fan de lûfwaffe, dat de Ingelske bommensmiters it paad bjuster wurde koenen. Ek om yn Snits op skoalle te kommen jout problemen. De fytsen binne meastal ôfdien en de LAB is ferplichte om ûnder oaren it busferfier fan Sypersma, Snits – Ljouwert lâns Weidum, Easterwierrum, Boazum oer te dwaan oan de LAB. De Sypersma’s moasten harren bussen ynleverje mar de moters waarden earst yn ‘e grûn bedobbe. It wienen net de earste auto’s en moters dy’t yn de grûn bedarje soenen. It wienen no Piter Lantinga en Hanny as kondukrise dy’t de rûte Easterwierrum rieden. Ja namen moarns kofje en brochje mei yn ‘e bus en sa barde it dat de reade LAB samar earne stoppe om earst mei syn beiden te iten. De kachel (de gasgenerater) moast fansels ek wer opstookt wurde om wer wat gong der yn te krijen. Yn Easterwierrum stapte ik dêr dan út en rûn dan nei Warnsterbuorren ta, mei de lege molketank op ‘e rêch. De oare moarns stapten wy wer yn ‘e LAB nei Snits. Kobus ried de Diamond en Sytske wie ús konduktrise. De bus wie ôfladen fol. By de Skearnegoutumer brêge wie it ho!. De ferkearspolisei die de busdoar iepen. “Sie haben fiel zu fiel leute in der Bus!” No dat moasten jo net tsjin Kobus sizze. Dy stie syn mantsje!. “Wat silsto my hjir fertelle. Dizze minsken moatte allegear nei Snits, en dy komme yn Snits! No de doar gau ticht en oars soademiterje ik dy op ‘e grûn!” De doar gyng ticht. Noch altiden in grut respekt foar Kobus. Middeis gyng it gauris mei de bus fan de firma Groenhof wer nei hûs ta. Hja LAB bus Lijn Snits-Drachten rieden in tsjinst fan Drachten nei Snits, hinne en wer. Hja hienen nea folle minsken yn harren bus. Ik koe by de reed útstappe. Dizze bus hie gjin konduktrise mar in kondukteur. Dizze kondukteur wie bytiden ek de stjoerman. It wie altyd deselde bus en hy woe ek altiten ride. Hja hienen grif drûge turf út de wâlden op ‘e bus want it ried ek altiten as it slydjaget. De generater rikke ek nea en it wie noflik riden mei de beide mannen. Mandeguod 15
41 Online Touch Home