10

Forhúzje 12 Maaije 1914 wie in hiel gebeuren yn myn libben. Wy forhuzen en die dei, mar it wie net de earste kear yn myn libben, wij wierne al 2 kear hjêrder forhuze, namelik fan Jirnsum nei Skearnegoutum en doe fan Skearnegoutum nei it wachtpost 28 ûnder Hieslum. Mar ik wie nog jong om der nog wat fan te witten. Us Heit waard yn de snoarje boerearbeider of kaam as spoorwei-arbeider by de Ned Spoorwegen to lânne. Mar it wie in spultsje fan ´e rein yn´e drip. Se fortsjinnen by de boer stiefsafolle as bij it Spoar. Mar achter nei hat dat Draaisterhûzen ek mar in needsprong hwest. Mar ik dwaal hiel en al fan ús forhúzjen ôf. Mar nei it foar byriden fan de earste treinen kaam er in ploeg manljue met de lorry by ús foar de wachtpostdoar. It húsrie waard opladen en doe mochten Mem en de 3e bern ik op de lorry sitten gean. Froukje en ik sieten op de oprolle matte en Mem siet op in stove, die op de selde matte stie. En ús Heit fleach mei ús skiep oan it tou yn de berm fan de spoordyk lans njunken ús, die op de lorry sieten. Wetenswaardigheden en belevenissen yn die tyd wit ik net folle. De moezels, in bernesykte ha ik der hant, mar der is gjin oandacht oan besteed. Mem hat nooit yn´e gaten hant en sy wit it ek net, wat moezels wie. Letter wie se by in jonge buurfrou op thee fisite en wierne die har bern op bêd fan wege moezels en die hierne de selde forskiensels as ik ynder tyd ek hant hie. Ik gong al op de greate skoalle yn Mantgum, doe hearsten der de moezels, de skoalle wie sluten, der kaam gjin kop op skoalle, allinne ik dwarrelle wat troch de buorren, inteken dat ik lyts de moezels wol hant hie. De lorry ging oan Nyhuzum ta, der waard de brôt hwer oerladen op in haaiwein en gong it op ús nijje wente ta op nei Draaisterhúzen. En dat bestie út 2 pleatsen en ús arbeidershúske. Neffens it wachtpost in lyts skietrich lyts húske. Ik wit noch de nammen fan de beide boeren n.l. Kramer en Schrale en de lêste wie Heit syn boer. De pleatsen leine in 100 meter fan de dyk of en oan ´e dyk stie nog in wettermole. Yn ús tyd is die yn de brân flein. Yn in tonger- en wynbui, is hy op de rin rekke en doe yn de brân flein. De brânnende wjukken fleagen einen foart. Yn de jieren ’75-’80 bin ik der op de fiets nog ris hwest to sjen. Mar de mole wie net wer opbouwt, der stie nou in Arbeidershúske by de mole yn ‘e buert fan Draaisterhuzen 10 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication