0

2 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

INHOUD Herinneringen van Jan Bijlsma, oud melkboer in Mantgum Deel I Fertelsels troch Jan Bijlsma (1910-1995) Deel II Hwat yn ’t onthâld sitten bleaun is fan Jan Bijlsma út Mantgum 1993 Forhúzje Deel III Intsje foar de pokken 1914 - De earste wereldoorlog bruts út! Op nei Mantgum Deel IV Hûskes en pishoekjes Deel V It boartsjen fan de bern om ± 1920 Bewaarschool Proefles Op ´e sútel mei jutteparren Op nei Jirnsum Deel VI Skoalle reiskes Mantgumer Merke It Auke Sierdsma Skoallefeest Deel VII Mei de karryder op stap Boelguodzje Deel VIII De Ambachtsskoalle Nei de baas Wy geane fan de kij nei de geit Deel IX Jong feinte tyd Foarfaltjes út de famme en feinte tyd Deel X Fekansje! Soldate boartsje Deel XI Soldate boartsje (vervolg) Deel XII Op nei Bears Deel XIII Libbene houn en deade katten Nei de film Forhalen, heart op het keatslân Deel XIV Foarsinsels! Mei de trein er op út Fruit-corso yn Tiel Deel XV Nei Tante Ette yn De Steeg Nog wat forgetten gebeurtenissen tusken ± 1920-1930 Hoorigen en lijfeigenen Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 4 5 9 10 14 15 16 20 25 27 29 30 31 33 34 36 37 40 42 45 48 50 53 54 56 59 63 69 70 71 73 74 76 77 78 79 3

Herinneringen van Jan Bijlsma, oud melkboer in Mantgum Door een tip is de werkgroep Dorpsarchief in Mantgum in contact gekomen met Wietse Bijlsma, de oudste zoon van Jan Bijlsma, die melkboer was in Mantgum van 1936-1974. Nadat Jan Bijlsma als melkboer was gestopt, heeft hij zijn herinneringen over de tijd dat hij melkboer was in Mantgum en zelfs daarvoor opgeschreven. Wietse Bijlsma heeft deze herinneringen in een schrift aan de werkgroep beschikbaar gesteld om hieruit interessante zaken die onder andere betrekking hebben op Mantgum te kunnen publiceren in Mandeguod. Frits Sieperda heeft het gehele geschrift zoveel mogelijk letterlijk overgetypt. Jan Bijlsma had een goed leesbaar handschrift, geschreven in zo goed mogelijk Fries, soms een soort gesproken Fries. De werkgroep heeft besloten de oorspronkelijke tekst zoveel mogelijk onaangetast te laten, ze is van mening dat hierdoor het minst afbreuk wordt gedaan aan de geschreven herinneringen van Jan Bijlsma. Ook is er naar beeldmateriaal gezocht dat bij de tekst paste (o.a. uit albums van Wietse Bijlsma, Tresoar, Byldpunt, LC en internet) en deze in de teksten verwerkt zodat de teksten nog meer tot de verbeelding spreken. In Mandegoud zullen regelmatig hoofdstukken uit de geschreven herinneringen van Jan Bijlsma worden gepubliceerd. Voor velen in Mantgum zullen deze teksten ook weer herinneringen oproepen en zelfs nieuwe feitjes uit vroegere tijden van Mantgum kunnen opleveren. De werkgroep Dorpsarchief wenst iedereen veel leesplezier en houdt zich aanbevolen om kennis te nemen van tekst- en beeldmateriaal uit de oude doos van Mantgum om deze kunnen delen. Elders in dit blad is deel 1 opgenomen van de fertelsels troch Jan Bijlsma. 4 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) deel I De man dy‘t hjir no al 80 jier yn Mantgum wennet en 38 jier lang de molkboer west hat fan Mantgum en Jorwert, de molkboer dy’t noch achterom kaam en de bestelling by de frou yn de keuken delsette, die man, dat is Jan Bijlsma. 84 jier no en grôtfol forhalen, wêr fan in part al troch himsels op papier setten is. Sûns ± 1946 wennet hy oan de ,,Nieuwe zijweg” fan de Skillaarderdyk sa as doe yn de krante neamd waard, de His van Botnialeane. Nijsgjirrich fansels foar Mantgumers om wat mear oer him en de forhalen dy’t hy hat oer Mantgum te fernimmen. Yn dit earste part giet it foar al oer Jan Bijlsma sels. De hear Jan Bijlsma is berne op 24 Febrewaris 1910 op it ,,Mêd” oan de strjitwei oan de Noardkant fan Jirnsum. Bijlsma wie de âldste fan it gesin, letter kamen der noch trijje famkes by. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 5 fertelsels troch

De earste 4 jier fan syn libben binne se in soad forhuze. ,,Heit wurke doetiids by de boer, mar koe op in stuit mear fortsjinje by it spoar, dat doe forhuzen wy nei Skearnegoutum en noch in skofke letter nei it wachtpost 28 ûnder Hieslum, tichte by Parregea. Letter bliek dat de kar net sa byzonder west hie, by de boer koe wer mear fertsjinne wurde. Sadwaande ferhuze de famylje nei Draaisterhuzen. Earst waard alles op in lorry laden, mar deze gong mar oan Nijhuzum ta. Der moast alles oer laad wurde op in heawein. Yn 1914 bruts de earste wrâldkrich út sa at we allegearre wol witte en ek syn heit moast soldaat wurde. Hy kaam by de kustwacht. Dat selde jier forhuzet de famylje nei Mantgum. ,,Heit koe der oan it wurk op de buorkerij fan boer v/d Hem, de buorkerij der ’t no Bottema buorket”. Se krije de mooglijkheid yn de arbeiderswente oan de Kamp te wenjen, it hûs der ´t no de famylje Hansma wennet, mar om ´t se net wisten hoelang oft se hjir bliuwe soenen setten se harren te wenjen op de Fearhûshoeke. ,,Yn dy tiid wiene dat tsien wenten, no fyf, mei in net sa solide kwaliteit. Je koene troch de muorren mei de buorlju prate”. Mar al wat ferwachte waard, mar heit bleau dochs 17 jier by deselde boer. Lytse Jan gong doe ‘t er yn Mantgum kaam, daliks nei de bewaarskoalle, oan ´e Fearhûshoeke. Nei de legere skoalle gong hy nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert. En sa at dat giet by jonkjes fan it platte lân dy ‘t foar earst yn ´e grutte stêd komme, de earste dei gong it foart mis, in learaar fregje oft der ek bern wierne dy ‘t mei de trein nei Starum moasten, dan moasten dy wat earder fuort, mar Jan wist fansels net neat. Dat doe ‘t hy út skoalle kaam wie de trein fuort en koe hy nei hûs rinne. 6 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

It earste húske fan Jan en Lies Bijlsma neist it kafee. Doe ´t de ambachtsskoalle op syn ein rûn, moast Bijlsma nei de baas en kaam te lâne by Bearda yn Ljouwert as meubelmakker. Nei de krisistiid yn ´29, doe ´t hy ,,soldateboartsje moast, koe hy net wer werom komme by de âlde baas. Hy hat doe in skofke yn Bakkefean op de Folkshegeskoalle sitten, dat koe op kosten fan de gemeente, en in skofke by Tinga yn Winsum, mar dat wie syn leven net. Yn 1936 waard Bijlsma frege oft hy molkboer wurde woe. Dit gong doe mei de bakfiets, de spullen waarden op helle fan it fabriek yn Weidum, dy ‘t hy dan fuort útsutele, by de boeren oan de Hegedyk, wêrnei ‘t hy troch gong nei Mantgum, en letter ek Jorwert. Ik waard hy noch meteropnimmer fan it electrysk yn Easterwierum, Weidum, Jorwert, Mantgum, Schillaard, Jeth, de Him, Hilaard, Jellum, Bears. Doetiids moasten je der iens yn de twa moanne bylâns. Je kinne je foarstelle dat hy fan ôf dy tyd aardich op ´e hichte is fan it barren yn ús omjouwing. Yn 1938 is Jan Bijlsma troud mei Lys en se wennen yn it lytse hûske neist it café, dit binne de W.C.’s fan it café. Se krije trije bern, twa jonges en in famke. Letter hat Bijlsma it hûs bouwe litten, der ‘t er no noch wennet. Fan ôf dat momint is der ek in winkel by, in toanbank en fansels de kruidenierswaren en molkeproducten op é skappen. Frou Bijlsma die de winkel en op sneons wie it soms sa drok dat it waarm iten der suver by yn skeat. Yn 1974 is Bijlsma stoppe mei de saak, hy sutele doe al net mear mei de bak Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 7

fiets, mar is fia un pony, hûnekarre en motorbakfiets eindige op in motoriseare foertuig mei trijje tsjillen. It doarp joech by it ôfskie bliken fan har tagedienens troch spandoeken, buorden en in ferskrikkelyk soart blommen en planten. In tún ameubelement, gouden horloazje, eetservies, tafelkleed enz. Nei ´74 wie der in soad tiid foar de hobby, houtsnijwurk, hout draaie, it âlde ambacht út de begjin jierren. De lêste tiid wol dat net sa goed mear, de jierren no. Lys wennet sûnt koart yn ,,de Ielânen” yn Snits, mar Jan hâldt de moed der yn en wol graach syn forhaal fertelle. Yn ´e takomst sille der grof mear stikken út syn ûnthâld yn Mandeguod ferskine. It winkeltsje oan de His fan Botnialeane en it molkweintsje 8 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Hwat yn ’t onthâld sitten bleaun is fan Jan Bijlsma út Mantgum 1993 Ik bin geboaren op it “Mêd” oan de strjitwei oan de Noardkant fan Jirnsum. It stie ûngefear wer nou Buiteveld, bielsehandel wennet. It wie in alderwetsh fan twa ûnder yn kap arbeiderwentsje en ús buorljue hieten Easge en Aaltsje, doe al âldere minsken en die hierne in great hôf mei fruchtbeamen. Ik bin as earste bern geboren op 24 Februares 1910 en nei mij kamen er nog trijje famkes, Froukje geboaren 5 November 1911 en Rinske 1914 op 12 April en dan de lêste Aafke geboaren 6 augustus 1917 en dat wierne dan de 4 bern fan Wijtze Bijlsma geboren te Jirnsum den 2 December 1885 zoon fan Jan Roels Bijlsma en Rinske Romkes Kramer en Antje Bosch geboren te Rauwerd den 4 October 1886 dochter van Eelke Bosch en Froukje Kooistra. deel II Vlnr: Wietse Bijlsma, Rinske, Jan, Froukje, Antje Bosch, Aafke Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 9 fertelsels troch

Forhúzje 12 Maaije 1914 wie in hiel gebeuren yn myn libben. Wy forhuzen en die dei, mar it wie net de earste kear yn myn libben, wij wierne al 2 kear hjêrder forhuze, namelik fan Jirnsum nei Skearnegoutum en doe fan Skearnegoutum nei it wachtpost 28 ûnder Hieslum. Mar ik wie nog jong om der nog wat fan te witten. Us Heit waard yn de snoarje boerearbeider of kaam as spoorwei-arbeider by de Ned Spoorwegen to lânne. Mar it wie in spultsje fan ´e rein yn´e drip. Se fortsjinnen by de boer stiefsafolle as bij it Spoar. Mar achter nei hat dat Draaisterhûzen ek mar in needsprong hwest. Mar ik dwaal hiel en al fan ús forhúzjen ôf. Mar nei it foar byriden fan de earste treinen kaam er in ploeg manljue met de lorry by ús foar de wachtpostdoar. It húsrie waard opladen en doe mochten Mem en de 3e bern ik op de lorry sitten gean. Froukje en ik sieten op de oprolle matte en Mem siet op in stove, die op de selde matte stie. En ús Heit fleach mei ús skiep oan it tou yn de berm fan de spoordyk lans njunken ús, die op de lorry sieten. Wetenswaardigheden en belevenissen yn die tyd wit ik net folle. De moezels, in bernesykte ha ik der hant, mar der is gjin oandacht oan besteed. Mem hat nooit yn´e gaten hant en sy wit it ek net, wat moezels wie. Letter wie se by in jonge buurfrou op thee fisite en wierne die har bern op bêd fan wege moezels en die hierne de selde forskiensels as ik ynder tyd ek hant hie. Ik gong al op de greate skoalle yn Mantgum, doe hearsten der de moezels, de skoalle wie sluten, der kaam gjin kop op skoalle, allinne ik dwarrelle wat troch de buorren, inteken dat ik lyts de moezels wol hant hie. De lorry ging oan Nyhuzum ta, der waard de brôt hwer oerladen op in haaiwein en gong it op ús nijje wente ta op nei Draaisterhúzen. En dat bestie út 2 pleatsen en ús arbeidershúske. Neffens it wachtpost in lyts skietrich lyts húske. Ik wit noch de nammen fan de beide boeren n.l. Kramer en Schrale en de lêste wie Heit syn boer. De pleatsen leine in 100 meter fan de dyk of en oan ´e dyk stie nog in wettermole. Yn ús tyd is die yn de brân flein. Yn in tonger- en wynbui, is hy op de rin rekke en doe yn de brân flein. De brânnende wjukken fleagen einen foart. Yn de jieren ’75-’80 bin ik der op de fiets nog ris hwest to sjen. Mar de mole wie net wer opbouwt, der stie nou in Arbeidershúske by de mole yn ‘e buert fan Draaisterhuzen 10 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

electrisch gemaaltsje. Der is net folle hingjen bleaun fan ´e tyd, die ik troch brocht hy op ´e wachtpost en it arbeidershúske. Ik wit noch dat Mem kunde hie oan in konducteur en de treinen fleagen doe ek noch net sa hurd, dat de konducteur makke fan of de trein wol is in praatsje mei Mem en as er dan griente yn de bagage wein wie, waard der wol ris in bosk woartels nei ús Mem ta kiepert. En in boaze hoarne dat wy hierne, net moai mear. Op in gegeven moment fleach er in Froukje oan, hy stie al by har op it schouder en scoe op har eagen ta, dat Beppe Anne die in greep en krige him to pakken. En doe hatse him eigen handig smoart. Se hie wat mei hinnen en einen. Ik tink ik wie wol in jier as 14, dat ik yn de keamer siet oan de foarkant fan de oaljekoekshoeke en yn ienen in leven as in oardiel hearde yn it foarhûs. En wat wie it: Beppe hie mei wat foer in jerke binne doar lokt en hy him doe to pakken. En die is ek net libben wer út har hannen komt. Leve en leve laten, wie har motto dan. Mar wy iten gjin hin en einen, ús Heit sette er gjin bek op. Mem stûrde dat spul mei de karrider nei de poelier yn Ljouert. Se tsjinne yn har famme jierren as faam by boer Schouwstra yn Jirnsum. Se siet mei de frou to theedrinken, dat de boer der ek yn kaam mei wat in gnieskjind gesicht en sa tuske noas en lippen weifortelde, wat ús hinnen mankeert en de hearne koe wol hartstikke dronken wêze. Die soeg rint op in hintsje ta en seil Beppe Anne en Afy syn kunsten fortoarne en rint wol in hele meer by har lâns en flocht oer de kop en bliuwt foar dea lizzen. Je hoege der net foar nei it circus ta. En doe begong ús Mem to gnizen. Nou wit ik de oarsaak wol, die hoarne is inderdaad dronken. Ik ha sa pas fruchten die ûnder de drank stien ha yn flessen ûnder hage gooit en der ha de hinnen fan slynt. En se binne apart nog nei buten west om nei kopketûmeljende hinnen to sjen. En se het ek tsjinne by Kryn de Groot yn Friens. En der kaam dan oa goed 12 ûre in âlde arbeider yn ´t bûthûs om syn brea der op te iten en dan moest de faam (ús Mem) der hinne om die arbeider in panne sûpengrotten bry te bringen. “Dou bist in bêst famke, dou gûnst in earm, âld man nog is wat, dou seilst Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 11

nog ris in kear by ien fan myn jongens op bêd komme. “Frek, âld kearel, “ wie stefêst har antwurd. Sy tocht, die âld kearel kin fest gjin bern mear ha fan in 20 jier. Mar de âld man hat wol gelyk krige, die âld man wie âlde Pake Jan út Jirnsum. Alde Pake Jan en Beppe Rinske ha nooit by ús thús west. Wy kamen er simmerdeis 1 kear mei de hushâlding en ik bin ek mei ús Heit oer ys der al is west. Ald en earm, en toch wie it finsterbank winterdei fol foegelsjes, as beppe Rinske nei iten der de ierpelkrommels del struide. Njonken lytsen Wietse en Annie krigen forkering. Beppe rekke in nacht te sliepen bij Jan en Rinske. Doe Beppe goed en wol to plak wie, begon Pake te triljen in to skoudzjen en kremmenêrje, dat er sa´n lêst hie. Mar hy liet al troch skimerje, dat it yn ´e regel wer oergong, as er in zâltehearing en 2 romersbrande wyn krige. Dat Mem de buorren yn, nei de winkelman. En die frege al, hat âlde Jan wer koarts? ,,Ja,” sei Mem, ,,de stoallen steane op hun poaten to skôdzjen. Bedtyd, Beppe Rinske earst op bêd, Mem yn it oare bedste en doe hearde Mem nog wakker ien praten. Pake Jan hâlde nog in petear tsjin de lampe en dat gong mar troch die alleen spraak. ,,Nou alde jonge,” sei er “nou seil ik dy efkes lekker ta stoppe, dat hast wol fortsjinne. Dat wie yn die tyden in peterolielamke, wy ha de hiele joun ljocht fan dy hant. Pf wie it, in walm kaam boppe ta it gles út, mar de flam wie net út. Dou âlde rakker, sulst it nou ek noch yn de kant sette, mar wachtsje mar, ik scil even goed sykhelje en dan krijst in poester, dat de walm by it bedskot del rint. En nou is it tsjuster en kroep ik Beppe van Welterusten. Enkele gezegden fan Pake Jan folgje hjir nei. Doe ek al waard er stemd foar 2de Keamer, Friese Staten en Gemeenten. Pake moest stemme foar de Gemeenterie. Yn de tyden wenne er in sekere Van Balen yn Jirnsum, tabaksfabrikant en die stie kandidaat foar de nije rie. Hij beloofde Pake in poun tabak, as dy op him stemde. En dat gong oan, Pake krige syn tabak en Pake hat oarsnet sein, ,,Ik stie toch allinne yn dat stemhokje.” In oare kear, Pake stie to hekkeljen yn de sleat, njunken de strjitwei, dat er in man oan kuierjen kaam en even in praatsje mei him makke. De minsken rounen yn de tyd nog, ek as je nei in oar plak of stêd ta moasten. ,,En.“ sei er, Petroaljelampke 12 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

,,hoe lang ha ik nog rinnen om yn Ljouwert to wêzen.” ,,Nou, dat kin ik jou net sizze,” sei Pake. Die man grommele nog wat oer dat antwurd om, mar sette toch ôf en hy in 25 meter roun, doe rôp Pake, as sa rinst as ´t nou rinst bist mei 2 ûren yn Ljouwert. ,,Nou kwerom koest dat direkt net sizze, frege de man?” Dat seil ik dy gau sizze, ik moast earst sjen, hoe hurst as stou rounst. Pake syn Mem wie om healve ienen noch oan it strjitte skrobjen en om 1 ûre der op wie se al dea en wie Pake in wees. En mei 9 jier kaam hy al by in boer. Stadich oan wie er boerefeint wurden en it wie iterstyd en hy giet op syn plak by de iterstafel sitten en der lizze wol 6 greate skylfiskoppen yn syn board. ,,Wat mat dit hjir,” freget hy oan de frou. ,,Die binne foar dy Jan, it is it djûrste en bêste fan de fisk,” sei sy. ,,Nou,” seit Jan, ik krij hjir oars it bêste ek net, dat Jou hâlde dy koppen mar en Jou se de houn mar to fretten. Yn de ,,Hepkema” krante hat eartyds wol ris in stikje oer ,,mâlle Jan,” stien. Mar in oare eigenskip fan him wie, skriuwe koe er hiel moai. Doe Heit en Mem oan de spoardyk wennen, krigen se inkeld in brief fan Pake. En dan sei die Postbode, hienne alle brieven mar sa’n dudlikadres. It wie it grutste kontrast mei myn oare Pake, die koe net lêze en skriuwe. Soms moest dy syn handtekening sette, hy die it meestentyds mei in krúske, mar as it wêze moest dan koe er syn namme yn drukletters tekenje. Dan hie er de pinne yn ´e foest beet. Nou sit ek al wakker oer de âlde Pakes om te eameljen en wy sitte nog altyd yn Draaisterhúzen. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 13

Jan Bijlsma (1910-1995) Intsje foar de pokken It kaam safier, Jan waard âlder en koe dan nei de bewaarskoalle. Mar der kaamst net op, dat moasten je earst inte wurde tsjin de pokken. En dat hat him ôfspiele yn Draaisterhúzen en Dryls. Op in sekere dei ging it oan, Pake nei de boer, achter yn it lân, in ein fan hûs en Mem helle de bernewein út it hûs en der waarden de beide famkes yn kwakt en ik moast rinne, de wein festhâlde en de dyk net oer rinne. Nou dat mat net in plesier reiske west ha. ,,Dou hast de hele hwerom reis om gûld en balten.,” hat Tante Frouk letter tsjin my sein. Mar it wierne ik beulen fan dokters froeger. Even er tusken troch. Ik wie in jier as 18, ierder kear pyn yn´e mule, it hâlde mar oan. Och jong gean even nei Mantel, die feegt him er yn in omsjoch út en net fordoofje litte, dan hast ek gjin napine. Ik woe my ik net kinne litte in oere letter siet ik by dokter Mantel yn de toskeloekersstoel. Even sykje welke kies it wie der tikke er even op, dat ik skeat hast oan it dak ta. De mond open en de tange waard om de kies setten. We switte beide, ik fan ´e pine en dokter fan it skoaren. Ik wie al in pear meter mei stoel en al by de tafel wei skoart. Ik tocht by my sels, ik hâld gjin kaak yn de mûle. Njunken lytsen mei hamjen en gramjen, bûgen en skoaren kamen wy in ´t sicht fan ´e gongsdoar. Des noads sleep ik dy mei stoel al oan de foardoar ta, mar die kies komt er út. Dokter hie al oan de faam raast, set die gangsdeur open, dat hy wie safris hy soe my mei stoel al oer de drompel skoare, der yn ienen der liet de kies, dokter foel hast op de kont, hy koe nog krekt de stoel gripe en der sieten we, beide bek ôf. Jij uit de stoel en op de grond liggen, hy tocht, die stjert hjir op ´e stoel. Mar enfin, alles is ten goed gekeerd. Ik krabbelde njunken lytsen wer oerein, krige in sigaret fan Dokter, dat wie yn die tyd nog in mediegn. Dokter rookte ek, dan krigen je de de griep net. Mar nooit en nimmer bin ik wer by in húsdokter west mei pyn yn´e mûle. Gjin wûnder, dat ik myn eigen bern net intsje litten ha, doe mochten wy it sels witte al of net intsje en dokter Mantel wie gjin foarstander fan intsjen. Dat sadwaande ha ik myn bern dat lêst net oandien. Fan Draaisterhúzen is net folle hingjen bleaun. Inheld gongen wy mei ús Mem nei de boerinne en der wierne ek bern. En der hong in touter oan de balken yn de keuken, der mochten wy dan yn schommelje. 14 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014 deel III fertelsels troch

1914 - De earste wereldoorlog bruts út! Poster fan de Nederlânske Striidmacht en de mobilisaasje yn 1914 Groepsfoto militêren om 1914 hinne En ús Heit wie soldaat hwest en syn lichting moest sich melde yn Snits. En dat hat er dien, mar syn namme waard net oproppen en doe de kapitein sei: ,It soadje wat hier nog staat, kan wel weer naar huis gaan, hat Heit him net lang betocht en is gau wer ôf tein nei hûs. Mar njunken lytsen krigen se fan hegere hân toch yn de gaten, dat er iets net klopte, de forhûskaart fan Wonseradiel nei Wymbritseradiel hat lang ûnderweis west. En op in dei yn Augustus kaam de politie achter yn it lân, wer ús Heit oan ´t wurk wie, by him, mei de tiding dat er dan en dan wer melde moast yn Snits. Hy kaam út eindelyk by de kustwacht to lânne yn Zoutkamp en der hat er 4 jier troch brocht. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 15

Op nei Mantgum Dat Draaisterhúzen hat mar in tuskenstation yn ús libben hwest, der is fierder ek nea wer oantinken oan joen. Hwent yn de hjerst fan 1914 stie de forhûzeswein fan Gebr. Hoekema foar de doar en brocht nou alles nei Mantgum. En wy bedarren op de oaljekoekshoeke, it 2de hûs oan de efterkant en der ha wy wol in jier as 15 wenne en doe we nei foarkant gien, it 5de en lêste hûs. Min komt der to lânne as je by de toer, de dyk nimme nei it Noarden, de frybuorren del en kom je mei de tyd, as je de bewaarskoalle rjochts en links de bakkery, trijje arbeidershûzen en yn winkelhûs passeart binne, op de 10 arbeidswenten, eigendom fan de diaconie fan de Ned. Herv. tsjerke fan Mantgum-Skillaard to lânne. Even fierder stie nog in dubele arbeiderhûs. By myn witten hat der nea in arbeider yn wenne. Der wennen koumelkers. Yn it lêste wennen Keimpe en Beth vd. Meer, heech út 6 kei en ´t earste hûs wennen dan Pake Eelke en Beppe Froukje mei Tante Neel. En die is begoun mei 1 kou. Op it meast hat er 4 op ´e stâl hant en soms 6 yn it lân en se koene er fan bestean. Nou begjin ik dan in beskruwing oer hûs en minsken om ± 1918 hinne. Earst it blokje fan fjouwer, dan in stege en dernei in blokje fan 6 hûzen. Fearhûshoeke út ‘e loft wei 16 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Sa as ik skreaun ha, wy bedarren yn it 2de hûs oan de efterkant en wy hierne in paad foar ús ruten lâns en dan hiene der ek in flinke bleek en oan it ein fan de bleek stie nog in houten hok en der roun nog in sleat efter lâns. Nei ús hok roun ek in forhudde paad en oan de iene kant ús hok en oare kant stiene 2 hûskes. Ieder hûske waard brukt troch 2 gezinnen. En op it ein fan it paad wie nog in stalt. Der gong ús Mem dan wol hinne to spielen. De achterhûs bewenners hierne allegeare in hok op harren hiem, dat hierne de bewenners oan de foarkant net, mar se hierne wol it rjocht om fan de bleek, die ek achterhûs lei, gebrûk te meitsjen. Mar dat kaam net faak foar. En dan lei er foar de rûten fan it hûs fan Tante Neel nog de ,,dobbe” yn it lân, mei in stek der omhinne mei in draaihikje om bij het stolt te kommen om er wetter út to heljen. Dat wetter kaam út ien of mear wellen. In die tyd boanden Keimpe en Pake harren kei der út en ek de frouljue fan de oaljekoekshoeke brûkten dat wetter wol foar strjitte skrjobjen. It leidingwetter moast noch komme, mar doe dat er njonken lytsen kaam, wie it rinnen nei de dobbe om wetter gebeurd. Mar is bleaun in nysskjirrich gebeuren, midden yn it lân helder wêl en groun wetter. Mar yn ienen wie de dobbe foart, Jitse Kloetstra, boarkjend yn de foarmalige bewaarskoalle hat him dimpt die man mocht in soart of hy die it sûnder dat hy der lêst mei krige, in jarrekolk op it him fan de bewaarskoalle, in bûthûs yn ien fan de lokalen en de stront kaam oan de bult foar de hûzen oan de oalekoekshoeke. En de gevel fan Siebe Elgersma syn hûs waard sloopt en waard doe garage. In Pake sizzer hie in auto oanschaft, die koe der moai stean. Fearhûshoeke fan ‘e foarkant, de lêste trije húskes Ik tink de schoonheids-commissie hat doe wol in skoft mei de eagen dicht roun. De dobbe is er wer kommen, maar net op it selde plak. It wie in blikfanger, en nou as ik der mei myn suster lâns rin, is it yn ienen, hwer is de dobbe? En dan siz ik, mast ús goed lûsterje, dou kinst him gûlen hjêrre en dan flûsterd hy, as it sa mat, bedobje my dan mar. Ien winsk, hwer nei it selde ste mei stek der omhinne, draaistekje en stolt en dan is it ús alde dobbe hwer. Wy bedarren oan de achterkant yn it 2de hûs. Nest ús yn it 1ste hûs wennen Jan en Baukje Rauwerda. In gesellige buurfrou en koe tige kletse. Se wie ôfkomstig út Boazum en Boazumer slachter hie har as klant. Doe ik yn Mantgum kaam wie er noch in slachter die wenne op it ste, hwer nou de winkel fan Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 17

Hartman stiet, mar doe wie it noch in stok âld gebou. Mar yn die tyd wierne De Groot en vd. Wal út Jorwert de slachters fan Mantgum. De slachters sutelden yn die tyd noch mei de transportfiets mei de koer foarop yn de wyte kiel. Mar hoe folle wietkielen der net yn Mantgum kamen stiek net sa nou. Ut Weidum, 2 út Jellum, Reduzum, Boazum, Dearsum, Littens en Stienstra út Snits. Se hierne 4 bern, 3 jongens en 1 famke. En koene allegear tige leare. De jonges binne alle trijje timmerfeint wurden en letter troch selfstudie learaar oan de ambachtsskoalle. De âldste Auke waard letter noch direkteur fan MiddelbaarTechnische skoalle yn Haarlem. Om Mantgumur merke kamen de beide âldsten noch geregeld oer en fielden har dan wer tige thús by harren âlde doarpsgenoaten. Ruurd, dat wie de 2de soan en die wie learaar yn Alkmaar en wie ek mei in Mantgumer famke troud en die ha 1 soan krige en die is letter dokter wurden, mar die ha ik nea sjoen. Mar mei Ruurd ha ik al is yn Mantgumer merke de priis woun. Om priis en premie tsjin Willem Jellema en wy woune it beide winne. Njunken lytsen 5 earsten en 2 gelyk wy steane op ´e stuit, ik slaan op in lyts keatske fan in meter as fjouwer. Doe moest Ruurd opslaan bij de middelline Jan, seit Ruurd tsjin my, hwant ik wol mei 6-2 foar ús nei de krite. Nou, sei ik, dat scoe net gek wêze, want dat keatske kinne we beide foarby. Mar hy krige gelyk, de earste bal sloeg er oer Willem hinne, die slag hie er foar it lêste earst bewarre en doe er nog yn tusken ien, dat wy stierne op roazen en ik sels sloeg it keatske nog foar by. En sa bliid as hierne we de PC. woun. En doe ha we nog even neipraten by in glêske bier. Wy bliuwe achterhûs Bouke en Grietsje ,,Kamstra” wierne al stokâld doe wy der kamen. Mar yn it middelste hûs wennen Andries en Tiet de Groot mei har dochters Trijn en Evertsje, beide skroar en Trijn wie kreupel, mar die gong in soart foart te naaijen by de boeren lans. Se kaam ek by Schukkens yn Hijlaard. Der wie ek in soan en die wie by de politie recherceur yn Enschede en yn de oorlogstyd fertoefde Evertsje der ek en se hongen tige de Dútse kant oer. Letter ha ik der nooit wer praat oer heart. Yn it lêste hûs wennen doe, Hindrik en Jintsje vd. Ploeg mei 7 bern, 3 jongens en 4 famkes. De âldste soan is yn de mobilisatie 14-18 op 20 jierige leeftyd stoarn oan longontstekking. De jongste soan hat as monteur by de P.T.T. wurke, maar waard letter fakbondbestjûrder fan it N.V.V. Alde Andries de Groot hat tot myn 14de jier myn kapper west. Earst waard er der alles ôfroetst, mar doe wy wat te sizzen krigen, moest der in ponny stean bliuwe. Mar wy skikten it al, dat wanneer de Dirkje parren ryp wierne, wy al nei de kapper moasten. Hwant as wy dan knipt wierne, krigen wy in protsje parren mei nei hûs. De earsten oan de foarkant wierne de femylje Haaije en Oeke van Dellen-Napjus. Haaije kaam oorspronklyk fan Surhûsterfeansterheide, in wâld man dus. Mar dat koe je net mear oan him heare. In ´14-´18 wierne der 3 soannen ûnder tsjinst, 1 jonge van ± 18 jier is jong forstoarn, 2 jongens en 1 dochter binne nei Canada emigreert en ien fan die jonges is der ek nog jong forstoarn. De âldste soan is yn Mantgum wenjen bleaun, mar hjoed de dei is er gjin van Dellen mear yn Mantgum. Sweare en swetse 18 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

koene se tige, mar dat hierne se net fan in frjemde. Hwant Pake Haaije koe it ek. Volkstûntsjes hat ek in skofke tige yn west. En in ierdbeijen dat Haaije krige. Geweldig! Alle jounen ierdbei sykje, schaal fullen. En dan skikte er it sa, as jouns it keatsen ôfroun wier en keatslan en folkstuin leine nêst elkoar, dan roun er in eintsje foar de keatsers út en dan koene je er mar op rekkenje, dat er hjir en der in grauwe ierdbei op ´e wei lei. De schaal wier oerrinnende fol, mar op de boaijum fan de schaal lei in pôlle gers, dat die greate schalen mei ierdbeijen wie wol in soart bluf bij. Kealle boarne! Mei it seel rattelje, mar Haaije rôp. Tja, tja, en sa lûd, min koe it yn Weidum wol heare. Kuile fan gers yn´e hjerst. Haaije by Auke Sierdsma en Jan Rauwerda by Petrus Kalma yn it lân. In bytsje ynhâlde oan ´e Noardkant, raast Haaije oan Jan. En Jan stekt de foarke omheech, in teken dat er Haaije syn rie heart hat. Mar de oare moarns, as se wer by de kuilbult komme, docht it bliken, dat Haaije syn bult út elkoar sakke is. En dan gnysket er al yn fyntsjes. Mar letter, doe wy krekt troud wierne kaam er altyd by ús to koffiedrinken, want doe wie er nog Harry Detering, de petroliekoning út Amerika. En dan gean we nei Siebren en Afke Post it 2de hûs. In pear dingen fan har bin by my hingjen bleaun. Brânhout seagje fan Siebren op ´e solder. En it wie tige hoarig yn ús hûzen. It wierne mar houten tuskenskotsjes en de boppeste planke hierne se forgetten, dat wie iepen. En dan hierne se ek bern yn Amerika en as der in brief wei kaam moest âlde Siebren die oan Afke foarlêze. Ik tink dat Afke net lêze koe, mar doof wie se yn ieder gefal. En dan hear ik him nog sizzen ,,En se hebben de dode koeien foar de varkens gesmeten”! Wat ik ek nog wit, de âld trijje kleur kat die altyd op it hinnehok lei. In gemeen kring at him aaije scoest, joeg er mei syn poat je in haal oer de hannen en dan stiene de neiltsjes wol út. By it 2de, 3de en 4de hûs stiene hinnehokken mei in loop ûnder de rûten lans. Wy hierne sels ek hinnen en in geit. Fearhûshoeke fan ‘e reed ôf nei de pleats besjoen Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 19

Jan Bijlsma (1910-1995) Hûskes en pishoekjes 2 gezinnen brûkten 1 hûske. It hûske hie gjin toiletpapier, der foar brûkten we âlde kranten moai in kante stikjes knipt en ongefear like great as toiletpapier en dat lei dan yn in sigarenkiske op ´e bril. En ek gjin stromend wetter, mar in tontsje, wat wer troch de dwingeman ophelle waard, it folle tontsje ophelle en it lege tontsje kaam wer yn it hûske to sjen. De 2 hûskes fan it earste blokje huzen stiene efterhûs, tsjin de sleatswâl oan. En âlde Sibren gong deis trijje kear nei ´t hûske en je koene Jim wol stinnen en kreunen heare by ús by de bûtendoar. De hûskes fan it twade blok stiene tusken it twadde blok en it hûs fan Pake Eelke. En der stie ek ús hokje en Pake syn bûthûs mei plak foar 3 kei. Om ± 1928 binne fan achterhûs ôf forhûs nei it lêste hûs oan de foarkant. Pake Wietse is der bleaun, tot dat er nei it rêsthûs yn Weidum gien is. Ik tink dat er doe 86 jier âld wier en hy is der ek op in bizondere manier binnebrocht. Net op de âld fiets wat syn bedoeling wie, mar de fiets hat er der nog wol brûkt, mar hy is er rydende kommen yn in seas mei in Frysk hynder der foar. Bruno Reitsma, in politiesoan hie dat regele en op ´e hegedyk sei die tsjin him en nou kry Jo de leije fan my en stjûr Jou je self nei it rêsthûs. Mar ynwendig seach er der wol tsjin op. Mar hy hat lekker earlik tsjin my sein Jan, ik bin toch bliid dat ik doe dy stap dien ha. De âld baas hat letter nog al wat meimakke ha 3 kear yn ´t sikenhûs. Fanwege staar op syn eagen, it wetterjen wie yn ´e war en hy moast nog in skonk misse. Mei in kunstfoet en in invalide weintsje koe hy him nog knap rêdde. Just foar syn dea begoun de oere skonk ek mei kluchten en doe siet er, wylst er klear stie mei syn weintsje om yn de lift te gean, dea yn syn weintsje in hart oanfal. Op die leeftyd in moaie dea en it hat him nog foar in soart pine en leid besparre. Beppe Antsje is er al en nou ha ik it trou boekje der by helle, op 26 Januari 1960 forstoarn 20 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014 deel IV fertelsels troch

Pake Wietse in 74 jier âld die wie op 4 Oct 1886 yn Raard by Jirnsum geboren en Pake Wietze is geboren op 2 Dec. 1885 yn Jirnsum en forstoarn yn Weidum op 15 Jan. 1975, dus 89 jier âld. Us Rinske wie doe se lyts wie en yn de tyd dat se nog yn de kakstoel siet bang foar in mig. Der hoegde mar in mig op de kakstoelplankje sitten te gean, dan sette se in keel fan sa hé je net. Letter se gong moarns nei de bewaarskoalle en it trof, dat de âld trijje kleur op ´e hinneloop lei, gong se hwerom om Mem op te heljen en dan moest die har der lâns bringe. De âld kat is trouwens nog treurig oan syn ein komt. Jierren letter Siebren en Afke wierne al dea, hat ús Heit dat forteld. By boer v.d. Hem hierne se in houn, langjirrich en ik wie in bietsje bang fan. Mar doe hierne se er in Dútse herder by krigen en op in moarn naam ús heit doe er nei hûs gong te theedrinken, die houn mei nei ús ta. Mar ûnderweis kommen by it hinnehok fan Siebren-Afke snipte er âld kat en hie him dwars yn de bek en hy slingere him oer it sleatsje en der kaam er dea to lânne. Us Heit tocht wat stiller wat better. Mar Rinske hie ek har plus punten. Mei skoaltsje boartsjen wie it fêste prik dat Rinske foar Juffer spylje moast. Hie doe al in soart fantasie en koe doe al wonderlike forhalen fortelle, die wol ynsloegen. Yn it 3de hûs wenne in âlde frou allinne Rein-Eke Kuperus. Har man ha ik nea kent. Mar wol 2 beppesizzers Ynse út Wynaam en Rein út Frentsjer. It wierne beide goede keatsers. Op in snein to middei nei iten stie se even op de stoepe se saak oer te sjen, se falt stilstûns en hat it bil stikken en is nei it sikenhûs rekke. Letter ha der 2 geslachten Faber wenne. Earst Schelte en Anne Faber mei in soan en dochter en letter hat soan Oege der nog jierren wenne. Yn it 4de hûs wennen Marten en Janke Dantuma. It wierne doe al âldere minsken en der wie ek in hûshâldster, Akke hjitte die. Janke ha, ik oars net kennend, sittend yn in greate leuningstoel, wie behept mei reumathiek. Marten wie oarspronkelyk postkantoorhâlder yn Mantgum. Frou Janke liende even ƒ 25,- út de kas en der kaam controle en Marten koe gjin 25 goune fan ien fan de rykere Mantgumers te lien krije, dat Marten hat yn de gefangenis sitten yn Grins en wie syn baan ek kwyt. In natuurlyk moesten se ek om in oerhûs sjen en dat waard de oalekoekshoeke. Hy begoun der mei kruideniers waren, koeken en koekjes en wie ek nog petrololiekoopman. Hij hie altyd 2 greate fetten olie by de slaetswâl lizzen en hy sutelde dat ek út mei 2 greate kannen en in mingel hingjend oan in jûk dat op de schouers lei. Mar as bysonderheid hie er foarhús ek nog in blombêdsje, ôf fredige mei gaas, dater gjin bern en katten yn kamen. Blomme túntsjes moasten toen nog komme, ek yn de hûs stelde it blomme gebeuren net folle foar. Syn aldste soan hat tekene foar Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 21

gong nei Ned-Indië. En is letter by de Marine weigien en hat it yn Indië makke. Hy hie in baan by de Billiton tin Maatschappy. Hy is as ryk man hwerom kommen, kocht huizen yn Den Haag, mar út eindelyk mei speculearen en of geande tyden ek wer earm man wurden. Mar ik tink net, dat er oait royaal tsjin syn âlden west hat. Ik sil in jier as 13-14 west ha, dat ik sneons âlde Marten wol holpen ha. Hy sutele dan mei in karke, der 3 bakken mei winkelwaren op koe en dan moast ik foar trekdier spylje. Alde Marten waard âlder en hy roun ek moeilyk en fanwege de hege terp wer Mantgum op lei en as je dan mei in karre der tsjin op moasten, dan moasten jo mar oantreauje. Dat hat ús Mem ek nog witten as wy yn dertyd noch mei de bakfiets wer fan de oaljekoekshoeke ofmasten nei de toer en dan sei ik tsjin har, God fanke wat bist nog gelokkich, as ’t hjir 20 hjêrder west hiest wie it nog helte slimmer west. Se hawwe der by toer in meter de diek nei ûnderen brocht. Dus doe wie it nog folle dreger. Mar yn die âlde Marten tyd skoarde ik de karre en âlde Marten by de bult op en as wy hwerom kamen hierne wy de Nijje Streek wer, dat omheech roun. Ik bleaun der ek nog even om hingjen, en dan mast ek nog sûker of weagje. En net oerwicht jaan, want oars skeaten se der ek nog jild by ien. Yn die tyd kaam Thomas der ek út fan hûs en ik kin my herinnerje dat ik in Clysma merk sigaret fan him krigen ha. Mar Thomas wie net allinne. Hy hie nog 2 broers Sjoerd en Andries en 2 dochters Jitske en ????. En krekt as alle âlders wierne se grutsk op harren bern en te mear, die hierne allegear wat mear berikt, wat de matrieale tastân betreft, se hierne allegear in goede baan. Mar ik koe er my grutsk fortelle, dat soan Sjoerd, doe it nog in jonge wie, dat er op de Dille in kear de premie woun hie mei jongeshurdriden. En der dierne foerscheidene jonges út it wetterlân mei waard der fêst by forteld. Sjoerd en Andries hierne in baan by de Spoorwegen yn Hollân en de beide dochters wierne as tsjinstfamkes nei Amsterdam gien. En binne ek altyd Amsterdammer bleaun. De iene wie mei in Rients Bangma troud en wie ôfkomstig út Pingjum en wurke as opsichter by de Gemeente en hierne 2 jonges Marten en Lieuwe. En die kamen alle simmers yn Mantgum út fan hûs. En dan kaam âlde Akke al redlik gau by ús mem, of die ek in pear sokken foar Lieuwe hie, want die moast de klompen oan ha, want der wier in toer, die de rûchskinne út ryde moast en derby kin je gjin skoan oan ha. En de Gebr. Geart en Roel Oostra wierne dan Lieuwe syn boeren, hwer er wol in wike omsloeg. Bern ut de greate stêden sjogge toch oars tsjin in strondwein oan as wy dienne. Ik ha gjin witten, dat er ooit in bern út de buorren op in strondwein sitten hat. Hy siet trouwens wol himmel op in sekje mei hea deryn en dat soarge dat er net smoarg waard. Mar jouns troffen we him wer op it keatslân en syn heit koe it ek net litte en keatst nog ris mei. Hy wie sa linich as lekken en in 1ste klas sportman. It is gebeurd, dat er op bed oan it merakeljen wie, dat syn foet efter yn de nekke 22 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

lei, hy sie Heit roppe moast, of die him even helpe woe, om die foet der wei te heljen. It is ek gebeurd, dat se mei in moterboat yn Mantgum ût fan hûs kamen, Lieuwe hat it wol op de fiets dien, bûten om, de ôfslútdiek moest nog komme, mar dan yn ien en is it út. Letter, wy wierne al troud en Marten en Janke wierne der net mear, ha Rients en Jitske nog op de tandem yn Mantgum west en ha ien of 2 nachten by ús út fan hûze. Dou Lieuwe dis kear op de fiets kaam, hald er in demonstratie, beide tsjillen tagelyk fan de dyk, ien tsjil rêdde wy wol, mar 2 ne dat koene nog net. Mar Marten hie net de alleen verkoop fan peterolie yn Mantgum, hy hie in concurent. Dat wie Jansen Terpstra út Baard en die hie in hounekarre mei fêst 2 hounen der foar en die forkoft peterolie, merk de automaat en de joegen in krantsje ut, mei in strip forhaal deryn oer in jonkje die Aad hjitte en dan wie fêst de lêste rigel. En hoe of it Aad vergaat, staat in de volgende Automaat. En it lêste hûs oan de foarkant waard bewenne troch Klaas en Anna PostumusSpeekhout die binne letter nei Bears forhûze en waarden der koumelker. Se hierne 2 jongens. De aldste Klaas is letter 1ste klas keatser west. En dan binne oan de 2 lêste huzen ta, die foart njunken, de 10 diakonywenten steane. It is in dûbelshûs en yn´t earste wenje Pake Eelke, Beppe Froukje en harren jongste dochter Neeltje. Pake Eelke koe lêze noch skriuwe, mar roun sneins wol mei it tsjerkeboek yn ´e hân nei de preek. En hy blêddere der ek noch yn, mar seach net, wat ûnderkant of boppekânt fan de blêdside wie. Dernêst wennen Keimpe en Beth v/d Meer mei ienigst dochter Angeniete, rôpnamme Niete. Helaas is die op jonge leeftyd, 17 jier ald forstoarn. Inhiele klap foar de âlden. Ik kin my nog herinnerje, dat Pake en Beppe op´e Kamp wennen yn it hûs hwer nou Durk en Loltsje wenje. Nest Keimpe syn hûs wie in bûthús bouwt, wer ± 6 kei stean koene en fierder op in heakap. Pake Eelke is begoun mei 1 kou. Hy hat letter winterdei nooit mear as 4 hant, hwant mear romte wie er net. Hy is begoun mei in ein spoordyk fan Skillaard tot de Easterwierumer feart en dan bin je tichter by Wieuwerd as Mantgum, der moest it hea foar de winter wei komme. Min to meanen, dreech to swyljen en je mochten net hearder mei hynder en wein op de spoardyk komme, as de lêste trein troch wie. It wie alle hens aan dek. De tyd die ik oer hie, ik hie in apart lyts harkje, dat hie âlde Marten apart foar my makke, want der die âlde Marten ek ien, forkeapjen fan nijje harken en it meitsjen fan stikkene harken. Sneinte moarns foar de preek die Marten de rounte nog even op de oaljekoekshoeke mei 2 koarren oan it jûk mei deryn koeke en koekjes. Dat wie spul, dat wie Freeds mei it fearskip oankommen út Ljouwert en dat woene de jonge feinten en fammen wol is wat extra by de koffie ha. Dat swyljen en tôgjen fan my scil ek wol net folle om de hakken hant ha, mar Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 23 Pake Eelke

Een wudze lizze mei de heavork je wierne jims fryhiet kwyt. It wie ek net allinne ûngetydzje, Pake hie ek nog tûn. Bearntsje en jette sette en sykje ierpels sette en siekje, ik wurd er nou nog mislik fan as ik er dan oan werom tink. En altyd die âlderwetse segjes oan heare, dat wort aanst ek wol iten op de panne ha, mar je sloegen toch leaver by de iene om as by de oare. En ik ha ek nooit sjoen, dat er ierdbeijen en woartels forboude, ik ha er te minste gjin idee mear oer, dat ik ooit in simmerwoartel of in ierdbei fan him krigen ha. Nou dan gong ik gâns leaver mei ús Heit nei dy syn boer v/d Hem en as it koe dat se tjimje moasten. Mar der moast earst in wudze lizze, foardat se tjimje koene. En de wudze untstie, troch de sweën hea yn it lang fan de eker by elkoar te swieljen. It sei mei de harke of mei de swielmesine. En der roun dan in hynder foar. De tjimme bestiet út in peal, sa great as in bynpeal, of pûntsje neame de opplakken ek wol, dizze lêsten brûke se by it fêst sjorren fan in weide hea. Oan de einen fan de tjimme sitte 2 lange einen tou en yn de midden fan de peal roen nog in ein tou ûnder de peal troch en dat hâlde de tjimmer yn´e han en dat waard broekt in kopke oan de reak te krijjen. Letter waard de reak nog ,,op makke” dat betsjut om in mooije reak yn it lân te krijjen, want hy bleaun soms wol in wike stean, hy mocht net yn reine kinne, hy moast ôfwetterje. En dan er 2 man mei in heawein de iene man gong op de wein, dat wie de De sweën hea yn it lang fan de eker by elkoar te swieljen weidloeger en de oare man moest it hea op de wein foarkje. Oan de foarkant fan de wein siet de foarline en oan de achterkant de achterline mei in katrol en yn mei brûken fan bienpeal waard it hea fêst sjord. En dan ging it op nei de skoarre, ik ha feak genoch sjoen, dat jouns tsjin njuggenen trijje weiden hea oan elk oar fêst en lutsen troch 2 hynders de sintelreed delkamen fan it Nijlân. En as de weiden hea yn de skuorre stiene en de hynders yn it lân, kaam de boer nog even lâns mei in opkikkerke. In borrel, skonken yn in beker, in romer sonder poat, die gong fan man tot man. Dat wie net 1 boer, die fan it Nijlân kaam, dat koene ek wol in 4 tal wêze en dan mei it folklorisch wêze, as men er each foar hie, wie de ûngetyd toch in machtiger gebeuren as nauw yn dizze tyd. En binne gjin boerefeinten – fammen en –arbeiders en gjin koumelkers mear. Gjin greideblommen, gjin reaken en opers, mar de wudzen binne bleaun. Mar de bermen steane maaityd yn folle glorie fluitekrûd, hynsteblommen, skiepe-, barge – en koueblomkes by de roes. 24 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) It boartsjen fan de bern om ± 1920 Op het skoalplein en yn de buorren. Foar de famkes wier er toudounsjen en heinderbalje en ik tink ik dat die nikkeren. Hwant it stiet my noch goed by, by de ein tyd fan it boartsjen hie ik in stove fol knikkers en by de ein tyd fan suske Afie wie de stove leeg, die hie alles forlern. En dan to witten, wy fochten soms om in knikker. Mar de foarloapers fan de knikker wie de pypelut. In Goudse piip Pypelutten wierne stikjes fan de stâllen fan de Goudsepyp mei in lengte fan 1 tot 2 cm. Der wierne we dan mei oan it streikje gooien of ek wol sjitte mei de boster of bakket. Foar skoaltyd en yn it frijje kertier boarten wy om en by skoalle. Yn it frijje kertier hy wy ek wol keatst yn de ,,holte”, wer nou de tennisbaan is. Tik boartsje de steeg om. Hazze en houn, wie tikboartsje alles wie geoorloofd, oer hiemen en tûnen, it mocht om de bern, mar de burgers hierne der in hekel oan. Yn´e hjerst kamen de izeren hoepels foar it ljocht. Drave mei de hoepels de steeg om, of er soms spultsjes mei dwaan. Stien hoepelje, dat wie tusken 2 dyksstienen troch hoepelje en de gleaf waard steeds lytser en je mochten de stien net oan reitsje, dien je dat al, dat wiene je of. En ek hoepel op in stien lizze en as die hoepel fan de stien rekke as min der oer hinne hoepele, wie min ek of en kaam jins hoepel ek by op de stien. Slingerje mei de greatste en sterkste jonge foar oan, die it saakje oan de gong brocht en wat mear bern der oan mei dierne, wat hurderde jonge die efter oan de keppel rinne moast, dat er op it lêst oer de kop Hoepjeie Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 25 deel V fertelsels troch

fleach. En dan ljeppe yn de maaityd en saaskje of skoskerinne yn´e winter, waard dien as de winter en as er wer eindigde. En dan nog riden leare op de wiide hoek en ik hear Alde Haaie nog roppen en nou sûnder stoel en fordompd it lukte ek nog. En dan letter de tochten nei it Mantgumerhûske mei 2 of 3 sinten yn ´e bûs, om in kopke sûkelade molke te keapjen. By it skythokje lans siet wol gau ús in taaigat, dat wie de schuld fan in wel, die der yn de Mantgumerfeart en by Hoxwier moesten al even bekomme. Dan in bocht om en sa kamen op it wud tolânne, sa hjitte dat eindsje feart dat fan Hoxwier Noard-Sûd rint tot de kommende bocht, underbrutsen troch in lytse kronkel by de Mantgumer Syl. Underweis nei de Swette troffen we nog de Fekkes mole en der wie de dwinge fan Mantgum ek en in pear honderd meter foar it Mantgumerhûske stie nog in greate wettermole die it Mantgumer Nylân droech hâlde moest. Nei de earste wereldoorlog is er in nij waterschap oprjochte en binne de Amerikaanse wynmolens der komme en in pear electrische gemalen en binne de âlde wettermolens ôfbrutsen en de namme fan dat wetterschap wie ,,De Oosterwierumer-Oudvaart”. Mannen die harren brea fortsjinnen by dat waterschap wierne Opsichter Kok, timmerman te Jorwerd, Secr.-Penningmeester Tsjalke Goslinga wenjend oan de Schillaarderdyk te Mantgum en dan nog de fan oorsprong Russiche Berduszek die de functie fan molenaar hie en letter kaam der Simon Jongstra, as man en útfoerder fan it ûnderhald fan dyken, stekken en fearten. De lêste persoon is op in dramatische wize forstoarn. Hy is op in trekker sittend by Swarte Mole yn de feart to lânne kommen en der jammerlyk fordronken. Amearikaanske wynmotor by Mantgum út 1923, restaurearre yn opdracht fan de Stichting Wetterskipserfgoed 26 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Bewaarschool Dit gebou is troch de Mantgumer tsjerke der delsetten en is yn lettere jierren ofheven en troch particulieren oankocht en is wol troch 2 hûshâldings bewenne. Juffrou Kuperus wier ús juffrou en Martha Douma wie it hulpje. Ek de famkes die op de greate skoalle learden der breidzen en naaijen. Een kear waarden de spullen, die der makke waarden der ferlotte op in gesellige bijeenkomst yn de winter. Simmerdei as it moai waar wie boarten wy bûtendoar en gongen dan nei de ,,zandbak”, in great fjouwerkant plak mei sân. Derom hinne wie in plat houten skud fan houten planken, der moast het sân binnen bliuwe. En yn ´e maaityd gongen wy ek wol út kuierjen en wierne oan it blomkesykjen nei de Pinksterblommen. En ik bin ek al is in kear thûskommen mei it bericht. Der is hjoed in famke op skoalle kommen, die kin net prate. Die doe oars net as ja knikke en nee skodzje en dat hat se de hele dei folhâlden. Dat wie Gepke Hoitinga fan Hoxwier. Mar letter koe se inderdaad wol prate. De bewaarskoalle hie 2 lokalen ien om te ,,learen” en it oare om te boartsjen. It learen bestie ûndermear ek út moai sitten, dat wie earms oer elkoar, matsje flechte en mei pijpaarde boartsje. Dat wie kneedbaar spul der koe min kinkkers fan meitsje en mantsjes en wyfkes en mear dingen. En natuurlyk sjonge en doe kaam ek ut, dat it jonkje fan Wietse en Antsje gjin sjongcapacitijten hie. En dan moest ik my stil halde en wat oars dwaan. En nei in pear jier lonkte de greate skoalle. En die greate skoalle hy yn myn tyd twa meester, in ûndermeester en in boppemeester. As ik it goed ha, learde die ûndermeester foar de hoofdacte. En dat is him in pear kear mislukt. Mar doe er in kear slagge, is er ek ridlik gau erges Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 27

beneamd as boppemeester. En dat wy in dat gefal in plakje yn Drinte. En dat hat de lêste ûndermeester west tonei wierne it Juffrou’s. Mijn susters en ik ha allegear 8 jier en 8 klassen trochroun op die skoalle. Foar dy tyd hiene wy in goede meester. Mar it wie gjin liefhebber fan sjongen, mar yn de 6de klas wier it wer raak. Dou kaam er in juffrou, die tige nucht oan sjongen hie en die krige it foar elkoar dat Jan en Durk, twa jonges die Bewaarskoalle oan de Fearhûshoeke net in noat sjonge kinne, moesen mar even foar de klas in ferske sjonge. It wier in succes, dat waard tige lake en de iene wie al út, doe moest de oare noch in rigel. Het was eenmalig. Myn moaiste fak wie rekkenje en geschiedenis en aardrijkskunde en yn de 7de en 8ste klasse, krigen de jonges die nei de ambachtsskoalle scoene gratis esctra les fan de meester yn algebra en meetkunde. Dat op de ambachtsskoalle wie dat ûnderwys in herhaling foar ús en krigen derop ek goede sifers. En wat my nog by bleaun is. 28 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Proefles Yn Baarderadiel moasten 3 nijje boppemeesters benaemd wurde en de Mantgumer skoalle krige de ear, dat de kandidaten der dus sjen litte moasten, wat foar capaciteiten de solliciterende meesters hierne. Geart Fopma en ik sieten op it foarste bankje, dat wy wierne geregeld de ,,klos”. Mar wy koene ús beide wol aardig goed rêde, dat wy krigen fan ús eigen âlde meester letter nog in plûmke en der helle er ek noch âld wethouder v.d. Plaats út Littens, dat die sein hie, dat der in pear skrandere jonkjes op it foarste bankje sieten. Wy krigen boeken te lêzen út de bibliotheek en sneon te moarns lees meester foar. En maaityds dei aanskouwelyk ûnderwiis oer de natuur. Dan moasten we oer in stik of wat wik en wat blommen en planten út lân en sleat mei woartel en al mei nimme yn in âlde krante. En dan fortelde meester oer stampers en meeldraden. En dan hierne we ek nog katechisatie by Dominé yn de consistoriekeamer. En dan yn Augustus it draaimole-schip ophelje fan of healve de Zwette. Achterelkoar yn de line en sa waard it schip triomfantelyk nei de buorren yn Mantgum sleept. It bearde altyd tige, mar it stelde net sa´n soart foar. Fry draaie yn de draaimole en dan spultsje dwaan foar de bern, flagje yn´e stove, talhoutsje rape – pink happe, sekje rinne. Mar as ik nau letter fergelykje en se freegje my. Wat founst it moaiste, de merke of de proefles, dan siz ik: Jou my mar proefles en nou ik it der nou toch oer ha komt my noch yn´t sin, dat de meester die it les jaan it moaiste die en ek de measte oandocht krige, net in beneaming krige hat. De man wie wat mank en kaam as net sa sterk oer en dat hat my doe wol begrutte. In trekskip Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 29

Op ´e sútel mei jutteparren Fan de hegedyk ôf, it earste koumelkers spultsje oan de rjochterkant, der wenne âlde Jan Sierdsma mei syn húshâlster Siebrigje twa leave âlde minsken. De man wie tige mei reumathiek oan helle, dat hy koe mar hiel min rinne. Mar yn´e simmer gong er fest ienkear yn syn invalide weintsje by Jorwert om. En dan wie ik syn chaufeur. Ik moast it weintsje triuwe en we redenearden wat. Op Dykshoek stutsen we altyd oan. Dat wie syn pleats en de boer die der wenne, hierde die fan him. Ik tink dat ik op it invalide karke passe moast, want ik herinnerje my net, dat ik der binnendoar west ha. Derwei gong it op nei Jorwert, mar der gongen we net oan wy lieten it doarp lizze, maar wy stutsen wol oan op ,,Lucht en Veld”. Dat wie doe noch in herberg en sa goed as ik it my noch herinnerje kin, mat der in Kuperus op wenne ha. De lju binne der wei gien en binne winkelman yn Reduzum wurden. En doe is Job Santema op Lucht en Veld kommen te wenjen. En yn die snoarje waarden ek de jutteparren plukt. In hele lekkere hânpar. En se koene net sa best djûrje, dat dan sutele ik mei parren by de streek lâns. It wiene mearste arbeidersminken en lytse burger lju, die ik in amerke mei parren besoargje. Ik krige de adressen fan Jan Sierdsma en mei it segje fan Sierdsma wat ik dan sizze moast en dat wie. De complimenten fan J. Sierdsma en by dizzen dit amerke mei parren. En dan moast ik die lju de âld man tige bedanke en meast tyds siet er in lyts fooike foar my oan fest. Ik wit, ik ha er in nijje pet fan oerhâlden. Mar die selde Jan Sierdsma, kryg alle jierren mei Mantgumer Merke in serenade oan bean troch de muzikanten die foaroan wenen by de tippers optocht troch de buorren. Hy skreaun grif wol in aardig bedrag op de merkelist. ‘Lucht en Veld’ by Mantgum op ‘e trijesprong nei Jorwert 30 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Op nei Jirnsum Yn de simmer nei de ûngetyd gong de famylje Bijlsma mei de hele húshâlding út to ryden mei it moalweintsje fan winkelman Jehannes Meintema en de âld swarte, in Frysk hynder fan v/d Hem der foar. Utwuift troch de oaljekoekshoeke setten we ôf. Hoed of pet moesten goed passe, hwant as se ús fan de holle waaiden, der stoppe Pake er net foar en dan gong it troch Easterwierum en Raard nei Pake Jan en Beppe Rinske yn Jirnsum. Op ‘e foto stiet in bekende ynwenner fan it doarp út dy tiid, Douwe Laverman. (Hy waard Douwe Duvel neamd) (LC.) ken, mar Pake wier 10 jier âlder as Beppe. Pake wie min of mear blien. It stiet my nog by, dat er syn eagen útspielde mei boorwetter mei in eag glês. Hy is 88 jierige leeftyd fordronken yn´e Boarn. Se foenen him tusken de wâl en Herberch yn Jirnsum om 1900 hinne Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 31 Mar op it Mêd wie it ho. Dêr stie it hûs wer ús Heit en Mem, doe se troud wiene it earst yn wenne ha, mar derom bleaune wy der net stean. It wie om ús âlde buorljue begoun en dat wierne Easge en Aaltsje. Hun achternamme ha ik nea witten. En by harren hûs lei in flinke lape groun en dat wie fol setten mei fruchtbeamen. En dat stik lân wie in mêd great, dat derwei de namme ,,It Mêd”. Mar it koe neat skele, wat tyd fan it jier as it wie en wy kamen der, stefêst krigen we appels of parren mei. ,,En nou bin ik benyd”, sei Pake Wietse, as wy der wer wei riden. ,,as Douwe Duvel ek by de herberg stiet”. Dan holp er Heit mei it útspannen fan it hynder en mei iens fortelde hy it lêste nijs út Jirnsum. Tuskentyden hie Pake him de tabaksdoase al presentearje foar in lyts prúmke. It wier allegear hier en burd, earmoedich yn de klean, mar in dea goed mantsje. Mar ik wie wol bliid dat Heit by my wie. In doarpsfiguur. Mem en de famkes wierne yn de tyd al nei Pakke en Beppe ôfsetten, Heit en ik kamen even letter. Pake en Beppe wierne yn ús eagen stok âlde mins

stoamboat en gjin mins die it sjoen hat. Hy wie oars noait de lêste, die nei hûs gie fan de beurs, dat is in groepke pratende manljue, mar dat hat grif doe al sa west, want hy is de forkearde kant útroen. En doe hat Beppe ek net sa lang mear libbe. It erfstik wierne 4 kop en pantsjes en die ha wy as oantinken ieder in stelsje fan krigen. Ik wit fan thee- en koffiedrinken neat mear ôf en koeke- of koekjes ik ha er gjin idee oer. Mar it hûske stie bomvol yn´e keamer, dat it scil der grif wol stonken ha. Mar de hweromreis wie op sich ek wol moai Douwe Duvel wachte ús al op. Spande it hynder mei Heit wer foar ús wein en dan gong it mei fliegende feart op nei Mantgum. Dat âld hynder woe wer nei hûs en it earste ein oan de Raarderdyk ta gong it woest, it fjûr fleag út de stienen fan ´e strjitwei. Dan stutsen wy net mear oan. Ik wit net mear hoe faak as wy der hinne west binne. It moalweintsje, der ha ik noch wit hoe faak mei Joh. Meintema mei út riden west. Sutelje mei boadskippen en fefoer de hegedyk del en dan moast ik op it hynder mei de namme ,,de bles” passe. Op de stange foar by Heit op´e fiets en wat hat die iene poat my wol slipt, as ik dan wer fan de fiets stapte. De iene kear gongen wy nei Snits, nei in Internationale keatsparty, der kamen de Belgen te keatsen. Doe Pake yn Mantgum kaam te wenjen, hie er nog nea in keatsbal sjoen, mar hy is er al mei begongen en hy hat it ek knap foar de slag krigen en hat mei leden keatsen en de merke wol gau ris wat woun. It foart gean mei ús Heit koe net sa faak. Hy hie om trijje of fjouwer wike mar in frijje Snein en dan moast it waar ek noch meiroleare, dat sadwaande gebeurde it net geregeld. Mar út en troch kamen wy ek yn Akkrum der wennen 2 broers fan Pake. De iene wie Omke Roel en Moaike Rinske en dochter Akke, mar die wierne folle âlder as wy. Omke Roel wie doe molkrider en gong op nei richting de heabrêgge en op de hweromreis stuts er oan by herberg de heabrêgge, de hynders in topke gêrs en Omke in tripel-sekje, in soarte likeur. Dat wurdt wie super nij foar my en it wie wol 30 jier letter, dat ik it wer neamen hearde. Dat wie yn in toneelstik, dat spiele waard yn Ljouwert. En dan seinen we foardat wy nei hûs gongen. Omke Romke en Moaike Gees nog dag. Die wennen doe al yn Coopersburg. Coopersburg te Akkrum 32 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Skoalle reiskes Ja, as we by Meester yn´t lokaal kamen, dat wie dan de 4de klasse, gongen we simmerdei foart mei it skoallereiske. De kosten wierne in stûr yn de wike. Der wie gjin âldercommissie en der waard gjin âld papier ophelle. Mar se praten wol dat se jild út in âlde sok krigen, mar fjirder waard der net oerpraten. Us earste skoalreis gong nei Swarteweisein. Mei de trein oan Ljouwert ta, doe mei de tram oer de spoarrails nei Swarteweisein en der kamen we yn de boarterstûn to lânne. It wie in lytse Mantgumer Merke, in lytse draaimole sûnder gangmakker en muziek, schommels en in wip, dan koene we de bosk nog ynkomme en der wie in broeikas mei druven. deel VI It 2de gong nei Feankleaster en der wier in hertekamp en wy ryden yn in bus en kamen troch plakken der we nog nea west hierne en op de hweromreis kamen yn Ljouwert yn in bioscoop te lânne. Der krigen we de boksparty fan Dempcie to sjen, de jongens foenen it machtig, mar de famkes sei it neat. De 3de kear wier Stienwykerwold ús einbestimming. Der groeiden bramen en it lânskip wie golfjend. En doe nog is in kear nei Bergen aan Zee. Earst mei de trein nei Stavoren en der lei de boat klear en gongen toen nog oer de Zuidersee nei Enkhuizen, dan mei de trein nei Alkmaar en fierder mei de tram nei Bergen aan Zee. En doe nei de see, poatsje baaije. Wy wierne nog mar kwalik op de boat, doe wie er in seesiek en misselik, mar it wier blêdstil. Wol in reis mei nijje yndrukken, de measten hierne nog noait dúnen en see sjoen. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 33 fertelsels troch

Mantgumer Merke Hat in fêste datum, it begong altyd de 2de Tiisdei yn Augustus en it djûrre 2 dagen. Moandei te jouns wie it lotsjen fan it keatsen yn´e herberg. De merkecommissie lyt dat dwaan troch it keatsclub-bestjûr, die wisten better de kwaliteit fan de keatsers, want der mochten net twa bêsten by elkoar lotsje. Fjierder wie er net folle oanrin, mar in pear kamen om te hearen wat maat as se hierne. Tiisdei te moarn 10 ûre begoun it keatsen en dat djûrre de hele dei. De middei wierne er bernespultsjes en de jouns 8 ûre stoeledans. En Woensdei wier er de jouns wer stoeledans, mar de Commissie siet Woansdei te moarn al achter de roene tafel yn´e herberg, klear foar it lotsjen fan de tippers. Beppe Anne en beppesizzer Germ op ‘e Mantgumer Merke Merke en gjin musiek is wat dea en de ,,luidspreker radio” wierne nog onbekend, dat sadwaande kamer al jierren in man as 5 blaaspoepen út Ljouwert, das libbene muziek. En die mannen rounen dan foaroan by de tippers op tocht troch de buorren. Nei de muziek kaam de merke-commissie, 5 man en der achter fan de measte tippers, allegear met de tippersstok oer it skouder. Frjemden seagen der soms wat angstig tsjin oan al die manljue mei stokken gewapend, die tochten al oan in afrekkening mei it iene of oare individu. Mar gelokkich, dat foel ta! Heel yn´t begjin wie de berenburgflesse en de kikkert er ek nog by en dan wiere er tippers, die it richtingsgevoel mei de kneppel kwyt wierne en dan koe die wol is net de kwai op´e toalle reitsje, mar dat er yn omstanders te lânne kaam. Tippe wurdt yn Fryslân noch allinne yn Jorwert en Mantgum dien. Froeger waard er yn Mantgum noch wol oefenje foar de merke, mar dat is al lang lynen yn Jorwert wurdt it bûten de merke noch wol beoefenje. Letter binne de Mantgumers froulju ek begoun te tippen. En de winnende parturen sawol manlju en froulju spylje nei ôfrin Mem (Tineke) mei dochter Lies op ‘e earm 34 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

noch om de wikselprys en dat is in waarglês en die it winne mei dat ding dan foar in jier mei nimme. Woansdei te moarn 11 ûre begjint it matinee en de jouns is er toneel of caberet op ´e seal mei dounsjen nei. De ,,volkspelen” of spultsjes spielen har froeger arst op de Frybuorren en it grien ôf en op it grien waard froeger ek wol keatst, de jongens oerdei en de greaten jouns, mar mei de komst fan it electrich kaam er in transformaterhûske Tineke en Germ lekker iis ite op ‘e merke midden op it grien te stean en doe is njunken lytsen it keatsen der ophâlden. Wol hat der ûnderoan, foart by de bewaarskoalle noch in korfbalkoer stien, der wierne de bern, foaral yn´e greate fekansje, nog wol gau ris oan it oefenjen. Draaimole, sjittinte, oaljekoekskream en de Jut op´e kop enz. enz. stiene op it plein by de herberg en de winkel. Mar soms kaam er is wat aparts. Der hat al is in luchtschommel hwest, die stie foart by de bewaarskoalle, in rups mei in wapperjend kleed dat beweegbaar wie en in lyts hynstespultsje. En alle jierren Jan van Houten en Mimeltsje en de bern mei syn orkest. Ringfietsen hat ek wol tige yn´e moade hwest en optochten mei fersierde weinen en fietsen en bokkeweinen hiene je meast by Koninginne feesten en ik ,,Befrijding” yn ´45 gongen mei greate feesten yn hast alle plakken gepaard. Optocht yn ‘e Mantgumer Merke, Eelkje Jongstra, Jikke Huizinga en Germ Bijlsma Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 35

It Auke Sierdsma Skoallefeest Auke Sierdsma wenne yn´t hûs, wer Omke Willem lang it postkantoor hant hat. Hy wie troud mei Aaltje Postma en die wie in moaike fan Wieger Postma. En hiene gjin bern. Hy boarke yn it spultsje fan Jan Sierdsma, nou wenje Henk en Jeltje Schuurmans der en Haaie van Dellen wie syn arbeider. En doe se 25 jier troud wierne, joegen se de skoalbern in great feest mei draaimole en spultsjes dwaan, krekt as mei de merke. En as ik oer Auke Sierdsma tink komt my altyd de namme fan syn hynder en dat wie ien fan de bêste hurddravers fan Nederland en har namme wie Adrika. Har pikeur wie Marten Siderius út Ljouwert en se gongen selfs nei de Maliebaan yn Den Haag, om der mei te dwaan oan de draverijen. En Auke Sierdsma siet ek sels wol op de sulky en dan trainden se meestal op de sintelreed nei it nijlân. Yn de beijetyd ha ik der wol gau ris hwest en ik wol mei Suster Froukje te reade beiën sykjen en krûsbeiën wierne der ek genoch. Hy wie ek ien fan de earsten yn Mantgum, die in auto hie. It wie in soart taxi, de chauffeur siet nog heal bûtendoar, de sydkanten wierne iepen. De auto hie in swarte kleur en it wie in moai gesicht om nei te sjen. Dat donkere swart, ôfmakke mei koperen lampen. Mar hy hat er net in soad kilometers mei riden, ik tink, dat er him er technisch net mei rêdde koe. Mei Geart en Pier Fopma, Lammert de Vries ha wy in soart tiid mei it keatsen tonein brocht. Mei it jongeskeatsen ha ik de priis woun yn Jorwert en Bears en de premie yn Jirnsum. Die prizen wierne doe meastal jild. Yn Akkrum woun ik mei Hindrik Jepma en Hindrik Jongstra de 3de prys mei in Afd. wedstryd fan Junioren. Wy sloegen de 1ste omlopen foar de wyn op en ik leverde ballen heech op oan de kweiline ta, dat wy sloegen Arum en Frentsjer er ôf, mar doe draaiden se de perken om en doe wie it gebeurd. Pikeur Marten Siderius 36 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Mei de karryder op stap Ieder doarp hie om 1920 hinne in karryder yn it doarp. Die mannen wierne mei in hounekarre begongen, mar dat wie doe al in ôfrinnende saak. De club fan dierenbeschermers krige it foar elkoar, dat de houn net mear as trekdier brûkt wurde mocht. Nou dat ha de hountjes witten, de measte binne troch har bazen forsoapen. Dat mocht net, mar it wie wol de werkelykheid. Foar luxe koene se net die greate hounen der op nei hâlde. Mar Mantgum hie gjin karryder, mar wol in beurtschipper, earst mei in snikke, mar ik wit mar allinne fan in moterboat en in feepream der achter oan. Mar der kamen wol trijje karryders troch Mantgum en die hierne alle trijje ek klanten. Dat wierne Jaap Kooistra fan Baard – Sypersma fan Easterwierum en Cees Tijssen fan Jorwert. deel VII Sicht op ‘e Fearhûshoeke, mei in karrider en in hûnekarre fan J.Venema Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 37 fertelsels troch

En doe yn ienen krige Geart v. Dellen it yn de kop om in frachtridery te beginnen. Hy goed 20 en ik goed 10 jier. Ik tink dat ik 12 of 13 jier wier en ik wie yn´e fekansje in soart mei him op stap. It hynder dat foar de wein roun, wie in Litauer in type tusken kedde en hynder yn, dat wy wierne in wichheid ûnderweis nei Ljouwert en Snits. En we belibben fan alles. Dan wie ik wer fordwaald yn Snits en koe de frachtwein net wer fine. Dan fleach by de Boxumerdyk it foarste tsjil fan de as en Geart dondere boppe op my, want it spil oan myn kant wie er ôf roen. Der siet gjin lins of spie mear foar, die is er grif troch de iene of oare ofhelle, se kinne er fan self net útgean. Mar Geart hat by in boer op it hiem wer hwat foen, dat er as lins brûke koe. Mar it wie ús dei net. Doe we yn Ljouwert oankamen, de karryders stiene doe noch op in saailân, wie it earste altyd it hynder útspanne en op stal bringe. En dan moesten we altyd in smel steegje troch en die moarn stie der in pracht fan in fiets mei fersnellingen en 2 remmen tsjin de kant. En rekket de gulle fan it gereid net krekt om it hânfet fan de fiets, dat de fiets rekke plat ûnder it hynder en Geart rôp, hâld beet dat hynder Jan en dat lukte. Geart koe de fiets er wer under weikryjen en hy sei, dou gau nei de wein en ik rêd me hjir wol. Mar de fiets wie net rydbaar mear, mar wy ha er nooit wer praat oer heart. In oare kear, wy komme fan Snits en it is moai waar en Geart syn weintsje sit oan de nok ta fol fracht en der wie nog al wat feefoer by spul dat er yn weagt. En nou blyk, dat de fearen fan de wein wat troch sakken, dat de sjillen sleep 38 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Sicht op ‘e herberch fan Boë en Jantsje Samplonius (Foto Tresoar) ten tsjin de wein oan. En in hynderke moast al tige lûke en dy slepery wie ek nog in rem. Mar seit Geart, dou boppe op it dak fan de wein en dan links fan de dyk ride en dan rin ik foar de wein út en betsjút oan de auto´s, die ús tsjin komme, dat se ús links passeare matte. En wy ha gjin klachten krigen en der is ek neat gjin trammelant gebeurd, mar yn forhouding mei nou ried er doe hast gjin auto. Mar by Moeke De Wilde koene we sa net foarby. Wy moesten even oanstekke. En dan krige ik like goed wat fan him as dat hy self ek krige. En jouns krige ik waarm iten by de Haaie en Oeke, de âlden fan Geart. Fan Geart ha ik grif in fonkje fan it frijje libben opdien, dat my letter yn it libben der faak troch skoart hat. Sels baas wêze is folle swirder as feint wêze, de dagen binne folle langer mar wat is it moai wurk, moarns mei in karre fol flessen en oare producten en dan jouns wie alles forkoft. En it praatsje of forhaaltsje en de plûmkes hjir en dêr. Alde Douwe Swierstra, wat wie er wiis mei my. Kriisttyd, 1ste of 2de snein, dat wit ik net en Geart rint noch yn deize klean en hy ropt oan my en ropt: Ik mat nog even nei Bears, nei v/d Wei ik ha noch fourage yn de wein fan Snits of en giest ek even mei. Mar almachtig, wat wie it kâld yn´e wyn op nei Bears, mar op de weromreis bedarren we yn de troch reed by Boë en Jantsje Semplonius yn Weidum. Dat gau nei de tap nei de warme kachel en der siet ek al ien en dat wie Wiepke Schukken, de Pake fan Wiepke v/d Lageweg út Bears, de hynsteman en oan´t slokje. De 1ste is fan sei er tsjin Geart, wy ha der fest wol in ûre sitten, mar de mannen hawwe noch al pear troch gisele, mar ik seach nooit oan Geart, dat er oars as oars wie en dan krige ik in kogelfleske. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 39

Un`e simmer der op, boelgoed yn Weidum op ien fan de pleatsen achter de tsjerke. Geart en ik en foar de aardigheid hierne we Geart Fopma ek mei nommen. Geart seach om him hinne as er ek in dei hier fortsjinje koe. Dat wie dan as er in boer út Wurdum – Idaard – Reduzum der byvoorbeeld in haaiwein kocht hie, of molkbussen en amers, dan woe er dat spul ek wol graag thús ha. Wy wierne der mei ús hynder en it molkweintsje fan Siebe Elgersma. En it lukte 2 haaiweinen achter it molkweintsje oan en nog wat lytsere dingen en wei reizigen ôf nei Wurdum – Idaard en Reduzum. By Trijje Romers oankommen wie it ho. Ha jim it electrisch oargel wol is heart, jonges, frege Geart. Nau dat hierne wy noch nea fan heart en sjoen dat wy teinden mei ús trijjen nei binnen. Ik wit er neat mear fan, hoe lang as we der sitten ha, mar by de Blauwe Tinte ha wy net oanstutsen. Mar yn Easterwierum wie it wer dien. By Speckman rekke Geart wer binnendoar en wy scoene op it hynder passe. Ik tink, dat Geart Fopma jouns op tyd binnen weze moast en hy wie ek bang dat Geart dronken wurde scoe, dat die sette rinnend nei hûs. Mar efkes letter kaam Geart wer út de kroech en seach forheard op dat Geart Fopma der net mear wie. Hynder en molkweintsje leverden wy wer by Siebe of en ik by Geart op de stang fan de fiets wer op nei hûs. Boelguodzje Dat hierne we alle jierren wol 1 of 2 kear yn it doarp. Alde minsken, die dea gongen en harren bern hierne gjin forlet fan hun hûsried en oanferwante dingen, dan kaam de notaris mei syn klerk en opropper en dan waard alles by opslach forkoft. Us Mem sloeg gjin boelguod oer. In âld stoel, in kistke mei fan alles derien, dat bieden sok prachtich moai wurk foar har wie. Ek de winkelman die nei Joh. Meintema yn die syn winkel it yn Mantgum net meitsje koe hâlde boelguod. En kaam ús Mem net thús mei in sek fol Tapioca. Wy hierne er thús noch nooit fan heart, mar wy ha der 2 jier brei fan iten en neityd ha ik it ek nooit wer sjoen of iten. It wie in 40 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

soart macaroni, sa great en it model as in griene jêtte. Mar it moaiste en wat it meast yn it eag roun wie de wyte sportkarre. As er út in boelguod, of dat ús Mem se ergens oars opdien hat en hwer er úteindelyk ek bedarre is, ik wit it net. Mar wat ha ús Afke en ik in soad mei dat ding er op út west. Moesten we oars mei 2 stûlen, die moesten wy dan nei bringe, ús Mem wie woansdeis bolkoerrinster en die boerinnen op Tsjeintgum, moasten altyd krekt wat ha wat Mem net mear yn´e koer hie, mar troch de komst fan die sportkarre fleagen Afke en ik der even hinne. Ik wie hynder en sy mende mei in laaie. En dan Maaitydsdei dan hierne wy de brânstapel tyd. De measte minsken trouden op 12 Maaie hinne. En as se soun bleaunen wierne se na 25 jier sa lang trouw en wier it bruiloft. En dat feest lûsteren de bern op mei it stoken fan in brândsje. Ald papier en oar brânbaar spul waard ophandele en op in greate bult brocht en dan de jouns yn de brân stutsen. Dan kaam er in tractatie foar de bern, meastal in stik oranjekoek en in gles kwast. En dan gebeurde it ek wol, dat de brânstapel te dicht by in beam lei en dan rekke dy ek yn´e brân en dat gong dan wer krekt te fier. En takke bosken op it hiem wierne dan ek net feilig, die waarden der ek wei snipt. Wy ha die brândery nog belibbe, dat is letter ophalden it waard forbean. En krekt as Dokkumer keatsen dat gebeurde mei in heinderbal op de Frybuorren. Mar de bal rekke om it hutsje op it tsjerkhof, tusken de grêfstienen, dat is ek forbean. Ien ding kin ik my nog goed yn tinke fan de tyd, dat ik op de legere skoalle gie, ik wie hjerst net de earste dy syk wie en maaityds de lêste die wer better wie. Letter doe ik nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert gie, ha ik yn de 1ste klasse nog in wike syk west. Letter en dat is oan no ta ha ik nooit de gryp hant. Wol ferkâlden, mar dan gong it wurk troch. Allinne, doe wie ik 58 jier krige ik hernia, der binne yn it sikenhûs foto´s fan makke, mar dat is nooit wer better wurden. Ik ha er nog wil faak lêst fan hant. En gefolch der fan kaam de klappoat, en troch dat ding kin je sa hearlik horizontaal de dyk oer saaije en as dan it kopke nog wat ûnfeech de dyk rekket, is de boat forgoed oan. Letter ik roun al nei de tachtich, spylje de âld poat wer op en hwer nei Ljouwert om in foto, mar de terapeut hat it wer foar elkoar krigen. Mar in skoft letter kaam Haaima noch mei de útslag fan ´e foto en hy sei: ,,It stiet er mei Jou net bêst foar”. ,,De rech, de heupen en it bekken it is in rommelsoadzje”. En der leef ik nog mei. En doe letter krige de âlde rikketik kuren, dat it fietsen stiet op in leech pitsje. As it waait kin ik wol thús bliuwe. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 41

Jan Bijlsma (1910-1995) De Ambachtsskoalle deel VIII Ljouwerter Ambachtsskoalle om 1927 hinne (Tresoar) Geart Fopma en ik hierne ús beide op joen as leerling foar de ambachtsskoalle yn Ljouwert en dat wie yn April 1924, dat wy mei de trein nei Ljouwert ta setten. Mar Geart wie by it timmerjen oannommen, mar yn Ljouwert hierne se beslist, dat ik by it Meubelmakersgilde kaam. En der wierne tefolle op joen foar it timmerjen dat der waarden goadzen nei de meubelmaker skoat. En net ien fan alle jonges wie der wys mei. En wy hierne de hoap dat wy mei it twadde jier misschien nog by it timmerjen komme scoene. Mar dat wie in misrekkening. 1 jonge is by ús wei rekke, mar die moest de 1ste klas timmerjen oerdwaan. En wy troffen it net, wy hierne gjin aardige leeraar foar it meubel maaitsjen. Hy is in kear by de solder del dondere, doe wierne er jonges, die seine, hie er mar dea fallen. Mar dat lyke er net op, hy die krekt as wier er neat gebeurd. It wier in Hagenaar en die taal brûkte er ek yn skoalle: wy as boerkes hierne moeite om him te forstean de 1ste dagen en ik hear him nog de nammen opsizzen fan al it ark, dat op de schaafbank. En dat gong fan ruigschaaf-blokschaaf. Voor 42 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014 fertelsels troch

loper en reischaaf, doe de 4 soarten seagen en beitels er achter oan. Der wier gjin mins, die wat oan dat forhaal hie. Wy hierne nog net hearder praat oer al dat ark heart. In blau drukje mei afbeelding en namme derby hie folle beter. En as de 1ste yndruk al net sa positief oerkomt, der bliuwt wat fan hingjen. En doe we dan letter hearden, dat hy oorspronkelyk leraar oan in tuchtskoalle west hie, nou doe seine wy, hy sjocht ús ek foar skorre morje oan. De man wist genoch, mar hy gean slag om it oan ús oer te bringen. Alde Tromp, de chef by Bearda, de jongens maken daar groate buffetten en se kinne nog geen nachtkastje maken, dat wie die syn forhaal. Nou bin ik al by Bearda mar dat djurrit trijje jier. De 1ste dei nei de ambachtsskoalle, dat ha ik witten. Wy moesten middei‘s 1 ûre hearder út fanwege de trein, die ryd 20 oer fjouwren al foart út Ljouwert en de skoalle djûrre tot 5 ûre. Mar alles wie onbekend. It paad nei skoalle en út skoalle wie net gelyk, wy wienen hinne in oer paed de Oosterdyk del, mar hwerom gong it oer de Kanaalsbrêge en de Potmarge en yn´e skoalle wist ik de earste dei, der ha ik in skoft omdwaald om wer bûten te kommen. ,,Zyn er ook jongens die met de trein gekomen zijn uit richting Sneek”, wie de middeis yn ienen de fraag, fan de leeraar en doe wie it al to let, dat die ik hals oer kop foart, mar hy stjurde net even in jonge mei, die my even nei de bûtendoar brocht, dat doe ik njunken lytsen by it station kaam, wie de trein al lang foart. En it wier doe gjin halfuur dienst, lykas nou, mar ik moest 2 ûren wachtsje. Dat ik ha de stap der yn setten en Mem dea ûngerust. Alle jonges kamen fan de trein en Jan net. It scil wol healve achten west dat ik thús wie. De leraar hat de oare deis al frege, as ik de trein ek noch helle hie. En doe ik sei, dat ik goed 8 ûre thús west wie en dat ik alles roun hie, koe ik tonei alle dagen goed op tyd nei de trein gean. Mar ik moast er sels omtinke. Die man hie it trouwens ek net maklik, hy hie trijje klassen die er les jaan moest. En yn de 1ste klas sieten wol 12 jongens. Ik tink dat er mei elkoar wol in 30 bern wierne. En in moaie klasse hierne we ek net foart achter my stie in soan fan in plysje Jelle Beekhuizen hjitte er, hy doarit syn wurk wol mei myn wurk te forruiljen, mar dat kin je altyd net bewyze. Mar it wie al sa wat in jier letter, it wie yn de fan de proefwerken dat mochten we net hearder út, dan moesten wy op de fiets komme en dan waarden we binnenlitten troch de hoofddoar en wyls ik mei de fiets oan de hân troch de hal roun, stie der Jelle mei syn grynzend gesicht en foardat ik wat yn´e gaten hie, skoarde hy my de pet oer de eagen, dat ik waard duvels dat ik sloeg him tsjin de kop oan, syn bril yn diggels. ,,En ik ga na de directeur” sei er en ik tsjin him, dat moast altyd dwaan, mar dan bist nog net fan my of. Hy is er neat hinne gongen en ik ha fjirder ik gjin lêst fan him hant. Mar der wierne mear, der is gedonder mei hy. In wike letter trof ik him yn´e gong, der siet in jonge út in oare klas kruisling oer him hinne en die sloeg fan alle kanten op´e lea. It wie in sekere Gabe út de Harkema of Westerein hy roun er in bytsje sjofel hinne, mar fierders deagoed. Mar hy liet net mei him omsoale, dan fjuere er fan him ôf. De earste wike wie ik yn it schoft by de Mantgumer jonges, mar ik slûte my al ridlik gau by Harm Wytsma Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 43

Berjocht yn ‘e Ljouwerter krante fan 31-03-1927 út Reduzum oan. En dy freonskip is ek oan Harm syn dea bestean bleaun. Yn ús feinte jierren wierne wy it wykein ek by elkoar. Ik herinnerje my nog, yn 1939 wie ik by de voor-mobilisatie, dat ik by de earsten wie, die soldaat wurde moasten en doe leine we yn de Beurs yn Ljouwert en der kaam Harm noch even oan rinnen. Ik woe dy toch nog even dag sizze, min wit net wat as er gebeurd, mar it scil myn beurt aanstons ek wol wurde, om op te kommen. As it oorlog wurdt, wie wit wat er dan gebeurd. Mar Harm hat wol 5 jier yn Ingelân sitten en hie der ek wol contact mei de burgers. Mar Harm wie net sa gelokkich op de ambachtsskoalle hy bleaun yn de 1ste klasse sitten. Ik ha nooit witten hwerom, hy wie neat minder as ús. Dat die hat 4 jier nei de skoalle reizige. Nog 1 leuk foarfaltsje. Yn it twadde jier, der wier wer in nijje 1ste klas by kommen en doe siet by ien fan die nijje jonges syn bankschroef sa fest, der siet gjin beweging. Dat oan Mijnheer freegje dat er moeilijkheden hie mei syn schaafbankschroef. En der kaam it manneke oankeuteljen. Even lûke, drukke, skoarre-rame, it kopke waard read, it blêd fan de schaafbank stie te kanteljen. En it wa stil, alle trijje klassen bêrn stiene te sjen. En der komt Harm oan slenterjen. ,,Wol er net los” Mijnheer. Mar sei neat, mar seach as in toarre. Harm krige it stokje fan de schroef, yn wraam as wie it neat, applaus gong er op en ús Maat dripte ôf. Harm krige gjin skouderklopke. Mar ik tink wol dat er sels wol dy schroef fest draait hie. Mar yn de loop fan de skoaltyd krigen wy er nog in kameraad by, lytse Piet wie it. Hy hjitte Piet Stienstra, wenne yn Marrum en wie út Den Helder wei kommen. Syn heit hie by de marine west, mar wie der by wei gien en die is, sa lang as wy op skoalle west ha, altyd by ús bleaun yn it skoft. Dy 1½ ûre fleach by ús altyd om, wy kamen tyd te koart. As it in pear nachten ferzen hie, dan sieten wy oan de bûtenkant fan de stêd by de sleaten lâns en dan it ús bebjêrte en sauskje, skoskesette en lêst gjin wiete foatten helje. Ringerspark, Prinsentún. Pier Mutskessteeg leit oan de Tûnen, Joademerk, Nijstêd en contact mei oare jonges halde. 44 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Nei de baas In skofke foardat ik fan skoalle ôfkaam bin ik mei ús Heit op sjou west om in baas te finen. Heit hie 4 adressen krige. Ik wit net mear, hoe folle as wy frege ha, mar by Bearda oan it Gouverneursplein slagge ik. Der koe ik direkt wol komme. En doe wy ôfskie namen, wie it lêste wat Bearda sei: ,,Wy ha nou Frysk sprutsen, mar dat wol ik tonei net we hearre”, dat der sette ik greate eagen fan op. Mar wat ik dan letter fan him hearde, dat syn Heit boer wie op de Him tusken Baard en Mantgum en dertroch ek noch in protte boeren as klant hie, dan snap ik nog, hwerom die man ta op dat Frysk tsjin wie. Foart fan de skoalle ôf bin ik nei baas gien en healve achten begjinne, middei 12 oere in keal oere skoft en dan gong ik heale fiven nei hûs. Sneons diene we oan 1 ûre ta en we wurken der toen mei 4 greate troude feinten en 1 jonge nog fan goed 28 jier en in loopjonge fan 16 jier. Om beurten moasten wy ús jild helje en de chef moast earst. En dan bepraten de baas en de chef wat as er yn de nijje wike gebeure moast. Mar it hie fan die gefolgen, dat it mei my hast 2 ûre wie, dat ik myn jild hie. Mar it kaam der op del by de baas krigen we heel oer wurk as op skoalle. Op skoalle waarden de meubels geloogd, dat kaam hjir op del en dat wie mei ekenhout de meubels die der fan makken wierne kamen yn in greate kast te stean en dan kamen der in pear schalen mei amoniak der yn en der moesten se dan yn de lucht fan amoniak in nacht stean bliuwe. Dêr krige`t hout in donkerder kleur fan en neidat waarden se yn´e waaks setten en dan bleaun ek in dei oerstean, en dan waarden mei in hurde boarstel útpoetst Ljouwert, Gouverneursplein mei yn ‘e hoeke Meubelfabryk Bearda Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 45

en mei sachte doek útwrean. By de baas wier dat logen er net by, der kaam de beitskwast er oan te pas. En der hiest ek forschillende kleuren fan. Om nou te sizzen dat ik der inprotte learde, dat hie wol better kennen. Wy waarden ek noch gau ris brûkt om spullen nei klanten ta te bringen. En yn de Maaityd húshimmelstyd bin ik in pear kear mei in troude feint nei in greate boer yn Dearsum en Dronryp, om die hun meubels yn´e waaks te setten. En ik bin ek al is mei de karre fol húsrei nei de pleats fan Keestra yn Weidum gien. De loopjonge mocht mei myn fiets oan de hân en de oare hân wat helpe om de karre te treuwen en dan moest die hwerom mei de lege karre nei Ljouwert. De measte meubels die bûten út forkoft wierne, waarden troch in forhuzersbedriuw út Ljouwert ferfoerd. En dan wie ik wol gauris mei de baas mei die dan mei gong foar it sjouwende wurk en gatten yn`e de moarre slaan, der kaam dan wer in houtenpin en deryn in heak, wer de spegel oan hingje moast. De boormachine mei klop- en slagboor moest doe noch útfoen wurde. Us fierste reis hat west nei in plakje achter Stadskanaal, in plakje tsjin de Dútse grins oan. Ik tink dat it yn de winter fan 1928 it personiel mei elkoar op redens op in Sneontomiddei nei Dokkum west ha. Ik ha die middeis snert iten by ien fan de troude feinten, die wierne doe tsjin de 40 jier. It djûrre in moai skoft, hear ´t ek me der wat thús fielde. Min bleaun lang it jonkje fan bûten. Mar doe´t we mekoar wat beter koene, hie ik alle steun fan de mannen. It gefal wie, der kaam nog ien feint fan bûten, út Gietsjerk en die gong ek om healve fiven nei hús of better sein, die er dat mar, die bleaun nog wat omgriemen, mar doe seinen de oare mannen tsjin my, der mast net sjen, dou haldst healve fiven op en net in minuut langer. Die oare dat is in sjerpstryker. Mar it hat fan die gefolgen west. Yn it lêste skoft dat ik der wie, is de baasforstoarn. En in freon fan de baas scoe de saken foart sette. En ik wie de earste die er út moast en binnen de koarst mogelyke tyd, wierne de oaren er ek allegear wei, behalve die mei de sjerpkop, die is hingjen bleaun. Ik net foar wit hoe lang, de saak besiet al jierren net mear. En sa as it meast al giet uit het oog is ek uit het hart. Dat it wie yn´e tyd dat ik gjin molkboer mear wier er in advertintje yn de Ljouwerter Krante stie fan 50 jier fan de feint fan Bearda, de selde der ik west hie te snert iten. En der skreaun ik in felicitatiekaart hinne en binnen de koartste tyd hie 46 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

ik in briefkaart hwerom, dat er it tige op prys stelde dat ik in felicitatiekaart stjurt hie en hy skreaun der by, dat er it tige moai fine scoe, dat ik nog in kear by him kaam. Mar ik letter nog wol is mei dizze praten. Ik hie him is troffen by de Aldehou-party keatsen. En by dat wie dan Anske v/d Veen en nog in troude feint Bonne Haanstra, die ha alles togearre yn Mantgum west. Doe sieten sy ek al sûnder wurk, mar die binne letter nog wol hwer oan wurk slagge. Mar wol fia fia Anske v/d Veen by de Leumf en Bonne Haanstra by V en D. Ik wie by Bearda toch in manusje fan alles. Etalages moesten op feste tyden for oere wurde, der moast wat nijs foar de ruten en der wierne dan ek nog 2 fammen by te wurkjen. Fanwege de leeftyd siet ik tusken de leeftyden fan de fammen yn. Fan in praatsje en in gekheidsje komt soms is wat mear. En doe gebeurde it, dat de chef sei: Jan, haal me even in stukje vineer uit de kelder, nou der wie ik nog net earder west, mar finear mat eigenlik wat damp lizze, dat it wie wol in ideaal plak. Dat ik op reis der hinne en der yn de kelder wie ek de keuken en der sloeg Leentje om. Ik sei wat fyn ik it nog moai, dat ik dy tref, mar kinst my ek sizze, in wat stik fan de gewelven hjir it fineer leit. En wy der op út en op in gegeven moment sloeg ik in earm om har hinne en sy by my en dan foenen wy beiden net onaardig. En wat binne der in glopkes en fertrekken, der ik gjin weet fan hie, mar Leentje wie gehaaide donder. Njunken lytsen maken wy in ôfspraak sa let by de Beurs, mar doe bin ik der mar allinne west. Ik ha se jierren letter nog is sjoen, sy seach it, mar we ha eigenlik net praten. Nou gean ik net alle die famke boel nei. Sy ha my wol dien joun en ik ha wol foar fjirder omgong bedanke. Foar de begrafenis trof ik Leentje nog en it wie nog lang gjin tyd, dat wij net binnen mochten yn de auto dat wy ha der togearre ús der nog wol fermakke en doe wie it net droevig. Onvoorstelbaar hoe gau as die saak nei de knoppen, ik ha doe dient krige in pear wike by Johannes de Boer op de frachtboat west, want syn fêste feint Klaas Albertsma, moest in skofke soldaat wêze. En dan leine we Freeds mei de boat by de lange pyp yn Ljouwert en dan hie ik wol is wol tyd oer en dwarrele even nei de wurkplaets fan Bearda ta. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 47

Wy geane fan de kij nei de geit Twa Redûster jonges hierne ferkearing, de iene Jan Bergstra hie forkearing mei myn suster Rinske en die oare jonge Hans Witteveen en nog in neef fan my, hie al jierren ien forkearing mei Metsje Visser fan Easterwjerrum. It wie moai Sneintejoun waar, dat Hans en Metsje setten de stap der yn en sprutsen of: seille wy even yn Mantgum. De mannen koene beide wol in aardig forhaal fetelle, dat oan it praat lei it net. En Hans koe ek nuvere yn fallen ha. Se binne ongefear healwei, komme de lâns in dûbeld arbeidershûs, sit der in hekke of ek wol ik wol geit neamd oan in tsjoar fest yn de berm. En dat beest sjocht Hans sa meewarig oan, dat die krijt begrutsjen. Hy skoart it spit ta de groun út en nimt geit en tsjoar mei nei richting Mantgum. En Met mar tige protesteare en het is puur stellen en wat mear Metsje protteld, wat mear wille as Hans hat. Njunken lytsen komme se by Jan en Rinske en der forteld wer in hiel oar forhaal. Nou makke er der de ljue, dat er dat geitsje ûnderweis foar in pryske keapje koe en dat er der Freed mei nei de merk woe yn Ljouwert en dan woe er Jan mei ha. Tyden ha se noch oer de geit mar op de hwerom reis hat Hans wer moai op syn âld plakje yn de berm fêst setten. Douwe Duvel út Jirnsum Sneintemoarn, mem sit by de theetafel te wachtsjen op ús Heit. Hwer de âlde sniebal in bynamme fan ús Heit, wer úthinget wit ik en it kin my ek neat skele, mar dat lêste miende se net, ynwendich wie se dea nijsskjirrich mei wat forhaal as er aanstons wer thús komme scoe. Se hie yn´e tyd al in kopke thee opdronken en dan ynienen, der komt Heit de keamer ynsetten en hy sit nog net iens of hy begjint al. Mei dat er al in hiel petear hant hie en wol mei Douwe Duvel út Jirnsum. Doe Heit fan ´e moarn de molkbussen siet Douwe al op de lege bussen op him te wachtsjen. Die wiet wol ongefear op wat tyd Heit de bussen by de dyk bracht en hy moast foar de tyd komme oars wie Heit al thús. En ik tink as er by ús net yn´e hûs woe en hy koe ús ek net fine. Douwe wie gek mei ús Heit, ik tink om de dea gewoane reden Heit behandelde him as mins, ûndanks dat er wat nuver by roun. Hy wie op reis nei Frjentsjer, der hie er in Omkesizzer wêzen. En dat gong rinnende. Troch de doarpen roun er op klompen en bûten it doarp kommen, gong it op bleate foatten troch de bermen. Ik tink dat it hinne en hwerom wol 50 km wie, dat hij bleaun ek grif net langer as in pear uurkes by syn femylje. 48 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Joaden, binne handelsljue, se ha de gave fan praten. En yn de selde tyd, dat de foarige forhaaltjes harren ôfspyle ha, hat it nou folgjende ek pleats foun. Keizer, wie de namme fan de Joad en hy sei ek Anne tsjin ús Mem en hoe as dat kaam, dat wit ek net. Ik tink dat in buurfrou is in kear tsjin har fan Moarn Anne sein hat en dat die Joad ûnthâlden. En as je by de namme neamt wurde, it jouwt wat fertroulyks. Mei 2 koarren oan in jôk fol mei sinasappels en oars neat en Mem kocht eigenlik alle kearen fan him. Mar op in kear, se siet wat krap mei it jild, dat se sei, it past me hjoed net, dat ik sinasappels keapje. En de Joad mar troch seure, mar it ne fan Mem bleaun ne, dat op it lêste moment rôlle hy de sinasappels by Mem ûnder it kammenet. Ik betelje se net, sei Mem. De jouns kaam Keizer hwer oan. Mem hie wer jild bart en betelle de ûnder it kammenet rôlle sinasappels. Mar sei se tsjin Keizer: As Jou dit my hwer flikke dan krijje gjin jild wer en de sinasappels hat Anne dan op iten. En dat hat er goed ûnthâlden. Se hierne mekoar aardig goed sketten. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 49

Jan Bijlsma (1910-1995) Jong feinte tyd Wy, dat binne Durk Groeneveld en ik fietsten togearre fan de ambachtskoalle nei hûs, doe Durk tsjin my sei, ,,Giest aanstons even mei, ik mat yn Weidum achter de tsjerke it lân even yn, om in lilke Swaan oan it tsjoar te setten”. Nou sei ik, ´k hie ljeaver hant, dat we in geit oan ´t tsjoar sette moasten”, ,,mar ik gjin mei, komt mar sa as it komt”, wie myn antwurd. Durk syn heit wie oppasser fan de Swannen fan it swannedrift Hoxwier. Dat betsjutte, dat de deel IX Eardere haven fan Mantgum swannen winterdei út de fiere omkriten by stringe froast op helle waarden en dan yn de Mantgumer Feart yn in great bit by fjouwere waarden. Fan fjierren seach Mantsje Swaan ús al oan kommen en it wyfke siet op it nêst te brieden. In machtig moai gesicht sa as dat mantsje te keart, hy brûsde troch it wetter en de golven kamen achter him oan. En doe joeg Durk de oarders, hoe as wy dat ding dan te pakken nimme moasten. Dou wolst it ljouwe of net, mar as ik aanstons boppe op him del fal mat ik sjen dat ik syn hals te pakken krij. Dan komst stou mei it tou by my en dan byn ik ien poat oan dat tou fest en dan rinst stou, mei it oare ein fan it tou, wer it spit oan fest sit en eintsje by my wei en dan siz ik wol, hwer as it spit yn de groun mat. Mar wy matte hjir om tinke, hy mat yn´e sleat komme kin en by it nêst en hy mei net by de hikke komme kinne. Mar ik tink wol, dat er wol ús oefene hat mei syn heit om de swannen sa te fangen. Mar it lukte wonderskoan en wy hierne gjin skrampke op dien. Doe Durk nog op de legere skoalle gong en syn broerke Jan mei him er op út wierne, gongen se om in hikke. Durk gong er omhinne en Jan, doe nog ± 4 jier, kaam achter him oan, mar die glied wol by de wal del en plof yn´e sleat en doe it nog is in plof en der stie Durk nêst syn broerke en helle him út it wetter. Heit Jan fortelde letter op de buorren dat er in ryksdaalder yn Durk syn spaarpot stoppe hie. Alde Jeltsje Kamminga, widdou, wenjend yn it kosterhûs oan 50 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014 fertelsels troch

it Waaigat. Sy wie koster fan de tsjerke en klokluidster. En Pake Wietse hy er wer in nijje functie by krige. Hy wie pûstertraper wurden by it tsjerkeoargel en by die functiewie ek nog kloklyde op Sneintomoarn om 7 ûre, as er moarns preek wie. Mar dat kloklieden kaam op my del, want Pake wie dan nog by de boer. En dan moest ik earst by Alde Jeltsje de kaai ophelje fan de toersdoar en as dan de klok 7 ûre slein hie, moest ik it tou gripe en in skofke de klok liede. Neityd de kaai nei Jeltsje bringe, in praatsje meitsje en soms by har nei de radio lústerje. Dan hie se haven-muziek út Hamburg der foar. Adsje Mulder, wenjend op De Kamp by har alders en oer dei dagmeisje by v/d Hem. It wie Sneontejoun, dat Adsje har Men noch tsjin har sei, ,,wolst nog wol even nei de winkel om in pân sûker. Se hie er net sa folle sin, mar it gong toch oan. Gelokkich, de winkelsdoar stie nog los en nei`t se even wachte hie, kaam Jan, de soan fan de winkelman en frege oan Adsje, wat sy nog ha moest op de lette joun. Och Mem siet wat krap yn de suker en die har frege, of se nog 1 poun suker helje woe. Dat sadwaande wie se hjir. Nou famke dat komt nog wol even klear en ik sil it even helje. Hy kaam werom mei de sûker en sei: ,,As je de bliksum” en sy er flot oer hinne. ,,Dank je de duvel”. En se laken beide, wat kin dan om ien poun sûker in wille ha. Yn de greate fekansje gongen wy as skoaljonges ek wol nei de Easterwierumermerke dêr hâlden se dan hurddraven fan manljue gewoan op de gruttedyk yn´e buorren. Alles mocht mei dwan, fan oaral wei. De foetballers út de stêd en dan die bliken, dat diegene die oan sport die, it measte úthâlden hier. Hwent it gong krekt as mei koarte baanriden. Net op tiid rinne, mar 1ste, 2de list – 3de list, krekt sa lang as it prys en premie wie ± 1920. En yn´e maaityd hierne wy ek nog in hynstemerk yn dat selde plak. En dat luts ek in bulte minsken en ek wol hynders. Dan rounen er kloften minsken fan de trein út Mantgum oer it binnenpaad nei Easterwierum ± 1920. En yn Boazum hierne se mei de merke hurddraven fan boerehynders mûnder de man en ek wer op ´e greate dyk ± 1920. ± 1922 Kaam Alde Haaie Tongersdei oan de doar, scoe Jim fan moarn ús ek mei Aant mei fe nei de merk yn Ljouwert kinne. Hy ha sels al trijje en dan mat nog in inter mei nimme. Mast mar 3 ûre al fan´t bêd, it binnenpaad del Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 51

nei it station der oer de rails en seintrédden kneppelje, doe nog oer in greppel mei wetter springe, wer ik net droeg oer hinne kaam en doe nei de pleats, wer ´t de fam. Terpstra nou wennet. Der stie fe op ús to wachtsjen en wer we de rest wei helle wit ik net, mar we binne mei fjouwer ofreizge en ik yn Ljouwert oan-kaam. Doe we se op de femerk ôflevere hierne, moesten de fe keapljue harren der fjirder mei rêdde. Wy gongen nei de herberg, Aant in kop koffie en ik fosco mei in lange finger en dernei bin ik nei it station gien en in spoarkaartsje koft nei Mantgum ta en nei it frykertier bin ik nog nei skoalle west. En Sneintomoarn kaam Haaie del mei in silveren ryksdaalder. En doe forkoft Pake Eelke in kou oan de slachter in Ingelum. En dat ha Omke Willem en ik opknapt. Omke de kou oan it tou en ik hie de fiets fan Omke Willem, die moest ik oan de hân mei nimme en dan koe ik werom op de pakjedrager sittend wer thús komme. En dan nog as klap op de vuurpijl mei fe fan Dikke H. Schuurmans fan Mantgum nei Reduzum midden yn de buorren by de haven it lân yn. Wy hierne de fietsen mei en it fe roun los. Wy ha grif mei ús trijjen west, 2 man oan iedere side ien en een der achter oan. Om in ûre as 2 nachts foart, it moest sa stil mogelyk op de strjitroed wêze, mar der wier nog hast gjin auto forkear. It measte kabaal wie nog yn Reduzum, der waard nog wol is in rútsje iepen draait. Kij wat skiete en balse en it wie op in nuvere tyd. Yn die tyden dreaunen se wol keppels kealle, wol 100 tagelyk fan it iene femerk nei de oare en der wierne mar in pear manljue by. En ek hynders, soms 3 achter elkoar festboun gongen sa fan merk nei merk. ± 1930-´40 Om dy tyd stie er nog, wer nou it earste hûs stiet, in koumelkers spultsje en bewenne troch 2 hûshaldings. It waard bebourke troch de gebroeders de Jong, die sels yn in great hûs oan de Nijje Streek wennen en haren arbeider wenne yn ien fan de wenten fan de koumelkerij. En dan in de neisimmer as de úngetiid berêdden wie, kaam de rûchskenne oan ´e beurt. En dan kamen de trijje heerboeren fan de Gebroeders yn ´t spier. Alle trijje mei hynder en wein, ien sels mei 2 hynders der foar om de wein út it steal te lûken en 1 of 2 man personiel foar it lâden fan de weinen. De boeren sels hierne sittend wurk. En dan stie boer Siebren v.d. Hem by him op it foarhiem en seach it behear is oan en spruts dan de historische wurden ,,De Hoorigen en Lijfeigenen treden aan!” Pleats fan Van der Hem op ‘e Kamp 52 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Foarfaltjes út de famme en feinte tyd Op Moandeitojoun waard der folk roppen en ik gong nei de doar en der stie Romke Brink út Bears by de doar mei in pear skoan yn´e hân. Dat ik seag forheard op, ik hie nea heard dat die skoanmakkersfeint wie mar det lêste kaam ek wol goed út, hy wie ek gjin skoanmakkersfeint, ik tink dat er toen nog by de boer wie, mar hy is letter grienteman wurden yn Weidum en letter emigreert nei Australie. Mar Romke hie de sneintojouns ús Rinske thúsbrocht en hat fermoedelyk net sokke noflike skoan oanhand en hat die út dien en die binne njunken ús heit sines ûnder it kammenet del setten. En der hat Romke net oer prakkeseard en die hat doe er foart gie, der in pear skoan wei snipt, mar tafallig al de ferkearde. Mar sadwaande wie hy Moandeitojoun al wer yn Mantgum om de skjoen om te ruiljen. In oare kear stiet Heit de moarns om 5 ûre ûnder oan de trep te roppen. Famkes, wer ha jim de kaai fan it hok litten, want ik kin myn fiets net krijje. Mar dat wie al yn it tydperk fan Roel en Jan, mar wa de kei nou mei nommen hie, wit ik net mear, mar Pake Wietse is rinnend nei Skillaard gien. En as Beppe mei frege, hwer hast stou justerjoun úthongen, sei ik stefêst even by de reade peal stien. En der hat ek wol is sa west, dat er jonges die by Mantgumer famkes forkearing hierne in tyd ôf sprutsen om nei hûs te gean en dan wie trefpunt altyd de reade peal en dat in electrische ljochtpeal by de toer. Soms wierne er wol in mân as 7. Dat hat yn de tyd hwest, dat ik myn komst op de hegedyk by Rom en dan trof ik Pier die by Houk wei kaam en Anne Okkinga die by Pietsje terug kaam. In ritsje mei de haaiwein of fearen nei Beetsersweach. Dit forhaal heart nog by myn jongestyd en der bin ik nog mei Heit hinnewest, in almachtig ein foart. Heit en ik, moai tegearre foar op foar krekt, in los sitbankje foar op de haaiwein. En dy haaiwein op fearren, die ryd fol nofliker as de oare gewoane haaiweinen, die skokten sa, der krigen je pyne yn´e syde fan, en ik letter nooit wer sa haaiwein sjoen. Ik tink dat we de heledei wol ûnderweis west ha. Doe we yn Raard wierne, moest ik al fan ús Heit in pakje Nikkel of B.Z.K. prûmtabak keapje en letter ha wy nog by in herberg oanstutsen en der stie in fûgelhou mei in putterke, dat wie de namme fan it fûgeltsje en dat bist luts mei syn poatjes in amerke omheech, wer syn fretten ynsiet. Dit wier pûr wat nys foar my. En troch Akkrum en Oldeboorn, folle greatere doarpen as by ús en doe is Beetsterlân in earmoedige bedoening der mei âlde arkjes, sommige leine al op´e wâl en doe kamen wy yn Beetsterswaech it doarp mei minsken fan adel. Mei hûzen as kastelen en wy moasten by de pastorie wêze en wy moasten by Ds. Kalma wêze, in broer fan frou v/d Hem, de boer wer ús Heit wurke. Der moasten wy in ledekant hinne bringen, dat kaam by syn âlden wei. Mei it ôfladen hierne we net lang wurk, ik moast om it hynder tinke en Heit tôge it spul nei binnen. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 53

Jan Bijlsma (1910-1995) Fekansje! Fekânsje betsjut: de weareld ontdekke. Bûten ie eige doarp, noch moaijer bûten de provincie en dan yn eigen lân sa fier mogelyk foart. En yn Reduzum wie in Domine, die gong mei de jonges fan it doarp er mei de fiets op út, foar in bytsje sinten gongen se hiele einen foart, mar wol yn eigen lân. De trijje Reduster jonges Harm, Hans en Jan en dan gong ik as onbereisde ek mei en we hierne ôfpraat op nei St. Pieterberg yn it úterste Suden fan Limburg. Jan Bergstra thús wie in 4 persoonstinte en kampearspullen en wy scoene foar ien dei bôlle iten mei nimme. Mar it wier allegear net sa bot troch praten. Dou mast sa rekkenje, hie Harm, Jan hat hast niks op de fiets, die mat al wat op syn fiets ha, want hy ha hjir tinte en alles al. Mar op syn eigen fiets siet ek net folle. Dat doe ik yn Reduzum de fietsen oer seag, sei ik tsjin Harm, hast stou de fekansje rommeltsje nog thús lizzen, doe smoarden Hans en Jan al fan it knizen en tochten dit komt wol goed. Der waard by my nog in pakje op de fiets boan en wy setten ôf. En Harm song by de Trijje Romers. En de Fongersfiets, die staat voor niets. Mar by de blauwe tinte hie er de earste lekke bân al. En Hans mar sjonge. En de Fongersfiets, dat is maar niets. Ik sei de minst befrachte fiets, dat hat toch iets foar by in lekke bân, alles kin by Harm op de fiets bliuwe, want de begage stelt neat foar. Apeldoorn, der scoene we de tinte mar opslaan. Ik tink by in boer op it hiem. Gelderse mûzen, sa hjitten ús ierappels, die wy skielt ha en op it fuur gasflam setten ha en die´t nooit gear wurden binne dat goed dat we nog in stikje bôlle hierne en de brei is al lukt, mar die iten sierdery wie net in succes. Earpels ha wy net wer hant, wy iten bergen bôlle en wat brei. Mar wol alle dagen moai waar. Ien kear ha wy by in boer op it hiem stien en doe drygde de loft en der kaam de boerinne oan, wy mochten wol yn´t hea sliepe en dat kaam goed út, hwant der kaam goed wat út roegeljen. Mar wy ha inderdaad op de St. Pietersberg slipt en de jouns ha wy Maastricht yn west en in gleske fris dronken. Ik sei, jonges, yn Maastricht wêze en net in gleske bier preaun, dat kinst net meitsje. Mar ús fietsark doogde der net yn dat bergelân. Net ien die in forsnelling op de fiets hie en Hans hie nog in bânrem. Wat ha wy bûlge om by die 54 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014 deel X Trije maten op ‘e fyts fertelsels troch

bergen op te kommen, dea en dea wurch kamen we op it topke en nuvere forkearboarden dat der stienen, oars net as boarden mei deadskoppen. Wat bestutte die koppen, sei Hans. Nou, sei ik, ,,spele met de dood, se wol ha wy scille rinne, mar ik wol it al even besykje en it koe de terugrem knapte en kreake wol en we for wihielen de foet, dan mei de linker en dan wer mei de rjochter foet remme. Mar Hans wie fan de fiets ôfgien en dat lukte him ek nog goed. Oan de daling komt in ein, nou mar wachtsje op Hans. Der komt wat oan, seine we alle trijje. It gong beestachtige hurd en by de hanrem kaam. En sliert reek omheeg. Gelokkig op de fjouwersprong gin forkear en der wier ek it eindpunt fan de daling. Mar Hans hie goed yn de rats sitten. Wy binne letter ek nog troch De Steeg ryden en ha oan de Middachter allee sitten te skoftsjen. Net yn de gaten hant, dat ik der letter gau ris komme scoe. En in freon der by krigen en it waard letter nog myn zwager. Die forkearing fan Jan en Rinske begoun ek net ûnaardig. It wie jongeskeatsen yn Wieuwerd. Jan en Hans wierne der mei in Reduster partuur hinne te sjen. En Rinske sloeg der ek om, ik tink dat se by lam my jongschaap wie. Jan en Hans nei die beide froulju oan it wurd, mar se binne der de hele middei ek net bleaun. Hans sei, scille even by Jan yn Mantgum sjen en is er net thús, dan drinke we kopke thee by Moaike Anne. Jan wie net thús, mar Moaike Anne wol, en se rekken ek oan de thee. En by it foart gean sei Hans en mei ik wol is wol hwerom komme en Jan der ek achteroan en mei ik ek wol is hwerom komme. Ja wis wol, jim mei alle beide hjir wol wer komme. Mar Mem seach al nuver op dat Jan er de jouns al wer wie en nou brocht er Rinske thús en doe sei se dit wie troch setten kaart jonge, mar se foun it wol goed en dat wie mar goed ek, want hy bliuw by Rinske kommen en se binne letter ek man en wijf wurden en wij krigen in skipper yn de femylje. Pake syn winsk is wol útkommen. Syn segte wie altyd, ik hoapje net, dat ien fan myn bern by de boer telânne komt. En dat is útkommen. Froukje trouwde mei in timmerman, en die hat altyd as opsichter-útfoerder syn brea fortsjinne. En Afy is mei in skoalmaster troud, Piet Talsma ofkomstig út Wergea en die hat in skofke hoofd oan O.L. skoalle yn Wommels west. Mar letter is er by it Montisori Underwiis yn Amersfoort te lânne komme en binne der fjirders ek altyd wenjen bleaun. Froukje har man, Roel Berkenbosch ôfkomstig uit Wieuwerd, wie sa hokfêst. Binne begoun by de terp by Middenmeer yn de Wieringermeerpolder, letter Medenblik en Texel. Letter mei de heale hûshalding nei Ned-Indië en fjirders nog nei Pakistan en Sud-Amerika. Mar doe wie Froukje mei de bern op Texel. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 55

Soldate boartsje It scil yn 1929 west wêze, dat ik opkomme moast, om soldaat te wurden. Doe hie ik al in jier 1 joun yn´e wike oefene yn it soldate pakje yn Jorwert en dan hoegden we letter nog mar 6 wike yn tsjinst en oars wie it in heal jier. Om it jild hoegden wy der ek net hinne, de fortsjinste houd ik mei 1 goune yn´e wike op en de kost wie ek mar sober. Nei de sjitbaan, wacht rinne en marsen meitsje. Die net sa bêst rinne koe, wie wol de sigaar. Doe krigen we ek nog mei in hittegolf te meitsjen. Wy binne en kear thús kommen fan in greate mars, dat er in stik as 8 joges flau foelen, doe se op´e keamer kamen. Dat gong de leiding ek te mâl, dat dan scoe we mar nacht oefeing hâlde, nou dat waard hiel en al in gaos, dat hat ek mar ien kear pleats hant. Wy binne ek is nei de sjitbaan west en doe moasten wy ús gewear op stokken sette en moest it gericht stean op in bepaald doel. Die stokjes stiene dan fest yn de groun en it gewear poste der dan op. En dan moasten we der de jouns wer hinne, ús eigen stokjes op sykje en it gewear der op lizze en hwennear dan allegear achter ús gewear leine, wie it komande: ,,Vuur”, en dan kaam de oare moarns de útslag. Der wier net ien doel rekke, gjin wonder want der wier gjin soldaat west, die syn eigen stokjes wer foent hie. Dat spultsje wie mei ien kear út. De measte soldaten gongen jouns even nei de stêd en dat wie Assen. Inkelen gongen nei it Militair tehûs, mar dat wie christelyk. Ut nysshjirrichheid bin ik der ien kear west, mar mei in kertier hie ek it der al besjoen en sei ik tsjin Uulke, bliuwst hjir, as giest mei, dou kinst moarn die brief ek nog wol skriuwe, dat Uulke sei de ,,Vader” ek dag. Ik sei, doe we buten wierne, fienst dat net nuver ,,Vader” sizze tsjin in man die pûr frjemd fan dy is. ,,Onze Vader in de hemel”, sei er, mast mar even oer nei tinke. Ja, sei ik, it is foar my allejer tige faag. Dou hast in Heit, doe hast in Vader in den Hemel, doe hast in Vader yn it Militair tehûs, aanstons seist tsjin de sergeant ek nog Vader en nou seas ik stjin dij Vader, giest ek mei nei de ,,grot” in café om in pilske. ,,Do bist in spotter”, mar ik gean mei en wy binne altyd freonen bleaun. Nei wat jierren forlof krigen wy in oprop foar ,,herhaling”, dat bestjutte wer in pear wike yn de soldate klean omspringe en nei de sjitbaan en oare militaire oefeningen dwaan. Maar wy wierne dizze kear yndeeld by de Voor-herhaling, dat bestjutte, de sliepery klear meitsje foar de komst fan de greate keppel 56 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

opkommelingen. Dat wie kribben yn de sealen klear setten, striesekken mei strie fulle en die yn de kribben dwaan en in soart ûnderweis nei de kantine. As de kommandant de iene ploeg út de kantine helle, wie de oare ploeg wer ûnderweis der hinne. It kaam hjir op del mei ús lean fan ien goune yn´e wike wierne wy nog djûrder as gewoan burgelyk personiel. It ferfoer fan de striesekken die klear wierne gong mei in karre. Twa man achter de karre te triuwen en ien soldaat lei boppe op de striesekken, om se wat by elkoar te hâlden en mei iens de triuwers fan de karre, die neat seagen, fanwege de heech opladen karre. En syn komande’s gongen stiltsjes troch: rjucht út, nei links mear nei links bliksum, net mear it bietsje rjuchs en doe yn ienen wie it Boem. It hansel fleach ús út de hannen en de soldaat ,,Uulke” fleach mei in boog yn syn striesekken troch de loft en die krekt as er heal dea wie. Mar dat wie goed larie. Wy wierne by in reinwettersbak op flein, die der oan de kant fan it paad stiene. Yn´e simmer fan ´39 kaam it bericht Voor- Mobilisatie en in soldaat die ôfswaait krijt in sakboekje mei, wêr syn mobilisatie oan meldingsplak ien stiet. Ik koe net rjucht wys wurde, as ik nou op komme moest Ja of Ne. En wy hierne op it lêst de burgeheester yn it doarp wenjen, Wietse Hoekstra, dat ik mei myn sakboekje nei Wietse en die sei, der hearst stou net by. Dat ik hie die deis moai by de streek lâns west te molksúteljen en ik wie nog mar kwalyk thús en der wier Wietse hwer. ,,Wol opkomme”en my melde yn´e Beurs yn Ljouwert en der wierne al mear maten fan mij. Ik wit nog dat Harm Wytsma nog by my west hat te dag sizzen. Wie wit, hwan near as wy elkoar wer sjogge, die wie net sa optimistisch en achterôf is it ek wol útkommen. Hy hat sa lang as de oorlog djûrre hat yn Ingelân sitten, mar geloklig wol gezond wer thús kommen. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 57

Yn Ljouwert binne wy net lang bleaun. Wy forhuzen al ridlik gau nei Assen yn de kazerne. Yn´e hjerst wer forhûzje, wy bleaun yn´e buurt, nei de grinzen yn Drinte en Oerysel. Ik kaam yn De Krim te lânne yn de buurt fan Koeforden. En in kâlde winter, wy rounen op klompen en wy leinen yn in âlde skoalle. De kachel brânde dei en nachts troch en de klean die we nachts foar it sliepen út diene leine wy wer op de tekkes op waarm te bliuwen. En om de safolle tyd mochten je dan in nacht nei hûs, ik pikte er út, troch nog wol is in nacht by soks matje altyd allinnig dwaan. Net mei 2 of 3 man. Ik hie altyd krampen, as ik thús bleaun en dat forlegje giet net foar trijje man op. Jouns gongen wy ek wol út koffiedrinken nei burgers. Ik wie dan meastal mei Piet Bakker út Snakkerbuorren op stap. Wy hierne ús kommen by in jong steltsje, leeftyd genoaten, en ik hear it dat wijfke nog sizzen: Komme jullie nijje wike dan en dan te koffiedrinken, want dan is it swyn slachten en doe waarden we trakteard op bloedwoarst en werkelyk overheerlyk! En letter de oorlog wie al lang dien, wy ris bloedwoarst bestelle by de slachter, mar noait wer. It like het op die fan út Drinte. Mar ik dizze oarde bleaun ús fêsteplak net te wêzen, yn´e maaityd binne we wer fortgean en kamen gâns fierder fan hûs. We kamen yn de Betuwe telânne en Buren wie it plak, der de staf fan ús soldaten lei. Wy kamen, dat wierne ± in 20 man yn As telânne en waarden ynkwartierd by in boer en krigen as sliep- en wenplak de graansolder fan de pleats tawyst. In goed plaken en sa frij as in fûgel. Ik hie der de mobilisatie wol troch bringe wollen. Piet Bakker en ik waarden timmerman fan de compagnie. En dat begoun mei it yn rjochtsen fan in poep installatie foar de soldaten. Want my mochten gjin gebrûk meitsje fan it sanitair fan de boer en dat wie ek wol goed, mar wy moesten al wat ha, wer wy te rjochte koene. Der waard in greate gleuf green yn it appelhof. Fjouwer peallen yn de groun, der oer in balke op knibbel hichte en dan sieten we moai yn de bûtenloft te stinnen en wie de gleuf fier hinne fol, dan forhûze it hele spul in eintsje fierder it hôf yn. Ik hie dit nooit earder mei makke en ik nooit fan heart, it wier poer nij for mij. Mar je koene erwol mei libje. 58 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Soldate boartsje (vervolg) En doe foenen Piet en ik in gat yn`e merk. Wy hierne fan ús Kapitein al wat ark krigen hammerseage-schaaf en wy gongen nei de timmerman út it doarp om hout, moai machinaal geschaafde planken mei fear en ploeg en wy makken foar ús self in pear moai soldate kisten en binne noch nea sa goed makke as dy fan ús, se wierne troch middel fan swellestutten yn elkoar setten en dat roun as in trein en wy wierne net djûr ik kaam hjir op del, wy hierne ús eigen kiste foargees. Mar dit had grif allegear te moai west, op in moarn hearden we fleantûgen en der waard ek al sketten en wy binne hommels fan `t bed sketten en nei bûtendoar yn it hôf en it wierne ek boppe ús al fan dat fleanark en se wierne ek net sa botte heech, wy koene de piloaten gewoan sitten tsjen. Ien soldaat fan ús wie alhiel bravour, die helle syn gewear op en ik sjoeg him nog foar my, in peukje fan in eintsje sigaar skean yn`e mûle en ien eag ticht en mar richte en njonken lyste sjitte en rekke sei ik, in protter is delfollen of skeatst doe der net op frege ik en ik sei, ik scoe mat ophâlde fan sjitten want ha die mannen hun nocht fan dien sjitten dan sodemieterje se hjir nog in pear bommen del en dan hingje ús termen yn de appelbeamen. Hy seach toen ek wol yn, dat syn sjitterij fierders neat om de hakken hie en it lôftrom waard wer skjin fan de fleantûgen. En wy bleaunen hir net, op de fiets op paad, hwerhinne? Net in solaat die it wist. Us leiding wie tige paniekerig. As je in lekke ban krigen troch fietse op die lekke bân of in fiets snippe yn in doarp, der je troch fietsten en dan de fiets omruilje. Ynienen, de gang wie erút en we seagen nei boppen en noch in ein foart, stipkes yn de loft, fleantûgen en in mum letter fleagen de kûgels ús om de earen. De staf stie moai ûnder de beamen yn in hôf, fan soldaat stie midden op`e dyk, komando`s waarden der net joen dat de soldaten skeaten de húzen yn, of bleaunen tsjin de moarren oan stean. Ien jonge Vaandrig toande nog wat lef. It wie wol even schrikken west, mar gelokkich, gjin blessures. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 59 deel XI fertelsels troch

Achternei de bliken, wy wierne op de flucht, der wierne folle mear soldaten op paad. Wy gongen achter de waterlinie, wierne we feilig. En wy scoene nog even de Grebbeberg fordedegje, mar sa fier is it net kommen. Wy joegen ús oer en dat bericht kaam, doe leinen wy al yn Freeswijk – Vianen. Der hearden wy al ridlik gau, dat der in jonge út Reduzum, in Hofstra, omkommen wie troch in bomscherf. En doe wierne wy krijgsgevangenen. Ik bin ek nog mei ferlof thús hwest, dat it hat nog wol efkes djûrre dat wy alhiel út de tsjinst wierne. Mar wat letter nog kaam, wie ek lang net like aardig. De bezettingsjierren hierne in oanfang nommen. Us regearing en it Koninlijkhûs sieten yn Ingelân. De N.S.B. wie pro Dútslân en de fûlste tsjinstanders sieten yn it ferzet. De stakingen, die hjir en der útbrutsen kosten altyd slachtoffers. Yn de lêste dagen fan`e oarlog kamen hjir nog minsken út Limburg en de Betuwe as evacúees yn Mantgum. Honger yn de greate stêdden yn it Westen fan it lân. Pake Wietse en Beppe Anne hierne in jonge út Utrecht as honger evacúee ûnderdak. En ik self krige fan de ûndergrûnses de rie om ek ûnder te dûken. Yn Juni `46 bin ik op myn fiets op cussiebannen oftein en it earste doel wie Meppel, der moest ik my melde by in foar my onbekende strjitte en hûs en der krige ik wer in nij adres en doe krige ik nog in moai ritsje te goede. It wie Klazienaveen yn Drinte, tsjin de Dútse grins oan. It scil in ûre of 6 west ha, dat ik de oankaam. Brugstr. 4. En dan komt de kennismaking. Het gezin bestie út in âlde Mem mei 4 ynwenjende bern, fan ieders twa. Yn fan de famkes wie yn de forpleging die wol dagen fan hús en dan wie er nog in soan, die it wykein thús kaam. En dan wie er nog in ûnderdûker út Den Haag wei, mar die hâld him mear op de êftergroun. It wie in molke-taak dat wie it bedriuw, wat die ljue by it ein hierne. It waard allegear útsutele ei de transportfiets en derop in bus molke en dan de wiken mar del. 60 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

En de ûnderdûkers wierne beide ek molkboer, mar de Hagenees mocht net de streek op, die moest molkbontjes plakke. Gereformeerde minsken, mar wol dreage molke forkeapje foar folle molke, mar doe ha ik sein, dat ik dat thús ek net die en dat ik hjir ek net die. En der is ek net wer oerpraten. Ik tink wol, dat ik er in feans jier west ha, Mem hat ek nog ris in nacht by my west, die wie mei de trein kommen oan Emmen ta en doe mei de bus nei Klazienaveen, mar se hat it rêdden. Mar it wie yn ienen gebeurd mei de rust, ik leau, dat er in Dúts gezinde burgemeester formoarde is en dat moast straft wurde. De Hagenees en ik mochten nachts net mear yn hûs sliepe, dat wy gongen jouns beddtyd achterhûs it lân yn en sliepten ûnder de rogge strûken. En doe praten de Hagenees en ik ôf. Wy gean nei hûs, it wurd my hier te link syn myn collega. En te mear hie ek wat mei makke, dat ik net sa bot waardearje koe. Ik wie hjir en der al wat ynburgere, dat ik krige steeds mear opdrachten en putsjes. Undermear nei it Molkfabriek yn Schoonebeek op Freed met de kêdde en wein. Ik tink dat ik wol 30 bussen molke op de wein hie. En om thús te kommen moast ik altyd oer de brêge die oer it kanaal lei. En ik kaam moai op tyd oan, goed tolve ûre en ik forwondere me oer de greate eagen fan de beide broers, wer mei se my oan seagen. ,,Gjin moelijkheden bij de brêge hant, bist net oanhâlden troch de Dútse soldaten?” Ik ha net in mins sjoen, ik koe der gewoan troch ride mei de molkwein. Ik tocht by my sels, sy hawwe in goedkeape kracht foar kost en ynwenning, mar dizze man giet wer nei Mantgum en dan kin de undergrûnse wol sizze, dat ik der yn Mantgum gefaarlyk is mar hjir yn Klazienaveen doocht it ek lang net. De oare deis ha ik ôfskie nommmen en bin nei de koffie wer richting Mantgum fietst, de greate plakken sa folle mogelyk mijje en bin letter wer op myn eigen bakfiets mei houten tsjillen en izeren hoepen by myn klanten lâns gien. Einde ûnderdrûken, mar oorlog en bezetting giene troch, it iten waard krapper en ientoniger, ierappels genoch, maar it bolleguod lyke nergens op. Ik sutele hast iedere wike mei fleis út de noodslachting, die ôfdieling siet wol goed mei ús. Maar toch de Canadezen kamen stadich oan ús kanten op en it wie op in Sneintemiddei dat Jouke de Groot en ik yn de deize klean ús melde moasten yn Baayum yn in boarkery. Der ha wy in oerke wachte en der wierne mear minsken en letter binne wy by twaeën nei Dronryp gien en kamen yn de R.K. skoalle te lânne. En even letter stiene Sietse Grouwstra en ik op wacht by de greate brêge yn Dronryp en we mochten net ien troch litte. En der hiene we ek al in gewear om`e nekke. Doe kaam it bericht dat de Canadezen al troch Ljouwert wierne en richting Frentsjer gongen, dus Dronryp waard ek oandien. Wy wierne doe wer by de skoalle dat de earste Canadezen der oan kamen en alles wat er wie song it Wilhelmus en dat giet er toch wat troch je hinne, dat je der daadwerkelyk by binne. Tusken haakjes, ik koe mar net betinke, wat namme as wy hierne. Nou sjit it my te binnen. Wy wierne de Binnenlanse strijdkrachten wn dat stie dan ek op bân die wy om de earm hierne. Leuke taferelen hierne we der by de brêge, jonge ûnderdukers die nei harren faam woene, dan seagen Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 61

Sietse en ik elkoar oan en seine wy sjogge even de oare kant út mar dou seist nooit dast oer dizze brêge kommen bist. Ik jou myn faam in tút fan Jim, rôp er nog en dan sheat er foart. Mar ek wierne der de moarns by de selde brêge nog 8 ûnderdûkers troch de Dútsers dea sketten. Ien fan die mannen hat it oerlibbe, die die as wier er dea sketten. Nei in pear dagen koene wy wer nei hûs gean, wer achter de breikarre. Doe ha ik in pearwike mei swiete molke, direkt fan de boer, in dit gefal Jolt Oostra sútele. Mar ik ha nog tyden myn houten sjiltjes yn de bakfiets broekt. De Mantgummers die mei my der yn Dronryp wierne Sietse Grouwstra – Durk v Dellen – Jouke de Groot – Gerrit Wietse Goodijk en Guus Steenbeek en swager Jan Bergstra, die by ús ûnderdûkt wie. Troch âld onderofficier Hillebrands bin ik by de Binnenlanse strijdkrachten kommen, die wennen oan de Skillaarderdyk, yn ien fan de fjouwer gemeentewenningen. Hy self wurke yn it rusthûs yn Weidum. Der komt my nog yn `t sin, dat wie furt foar dat de Canadezen it skoalplein yn Dronryp opkamen, wie it kader fan de Baarderadielster Strijdkrachten it terrein op marcheert. Klaas Veenbaas en Mr. Okkinga út Baard, mei en gesicht as wierne it Dútse generaals en fan soldaat sei derop Us kader. Se hierne nooit soldaat west, se woene graag yndruk meitsje, mar it like nergens nei. En we hierne doe hielen al gjin forlet fan kader. Mar Lies hie in de befrijdingsdagen ek net stil p it hiem sitten. Undanks in dik lyf wie se mei de fiets nei de blauwe tinte gien om der de troch geande Canadezen ta te wuiven. Yn Easterwierum hat se har lekke bân nog meitsje litten bij de smid. Dat se hie foar my de Canadezen al sjoen. Yntocht fan Kanadezen op ‘e Ryp 62 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Op nei Bears As jonge en jongfeint ha ik mar in bytsje omslein yn Bears. Mei keatsen foar jonges tot en met 14 jier ha ik der de priis woun mei Andele Smedig út Bears in boeresoan. En ik hear it âlde Hiddinga, de heit fan Folkert nog sizzen, der groeit in goede keatser út en dat gong oer mei, mar dat is helaas net útkommen, nei myn 14de jier ha ik yn forhâlding net by leart. En dat selde hie ik yn Mantgum ek wol is heart en dan bin je op die leeftyd wol wat grutsk. Mar it rint je altyd net mei yn it libben it komt soms hiel oears út as dat je tochten. Ik hie al in skofke forkearing mei in boerefaam fan R. Fopma fan de hegedyk, dat op in Sneintejoun sei: ,,Hast ek sin om mei my nei Bearster merke te gean, Liesbeth Dijkstra hat my útnoadige en die hat forkearng mei Romke en die wie boerefeint by S. Odinga op Tsjeintgum. En dat is it allerearste begjin Jan-Lies hwest. De flam sloeg in de pan. Wy scoene de fietsen mar by Lies del sette, dat hierne de fammen foartyd deel XII Elizabeth Dijkstra (Lies) ( om 1929 hinne) al ôfsprutsen. En wylst Lies en ik nei it hok rounen mei de fietsen. Lies hie Romkes fiets Jan Bijlsma (om 1933 hinne) Mantgum 2014 even mei nommen en der stiek ek neat yn en we ha elkoar allinne mar oansjoen en toch makken we beide ús forkearing út en it wie begjin. Dec. 1934 dat it útfoering yn Mantgum wie en Lies der ek wie en út fan hûs bleaun by Käthe die boerefaam wie by Jolt Oostra op Tsjeintgum. Lies sei nog tsjin Rom, Jan giet joun wer my dy nei hûs, ik doar er wol in Kwatta reep tusken te setten, mar it waard Lies sels en dat hie sa goed foldien, meist moarn middei wol yn Bears komme, der is it hurdriden. En die forkearing hat 4 jier djûrre en fertelsels troch Jan Bijlsma 63 fertelsels troch

Troukaartsje fan Jan en Elizabeth noait wurk, Lies wol, die hie in moaije bonk jild, doe we dan eindelik op 25 Maaije 1938 yn Mantgum trouden en yn it hûs, dat tsjin it café oanplakt sit, kamen te wenjen. En sa grutsk as in pauw natuurlik, want der stie toch in stikje húsrie yn`e keamer om U tsjin te sizzen. In dressoir, har gelikes ha ik nei sjoen, mar toch it âlde hûs kaam der moage yn, dat derom is it letter foart gien. Mar dat moaie hat mar in goed jier djourre, yn`e neisimmer moest ik opkomme, mar ik hearde wol by de Voor-Mobilisatie, foardat de greate masse opkaam, hie ik er al in pear wike opsitten. En doe de oorlog yn ús lân oer wie, wierne de oare soldaten ek allegear al thús, foardat ik nei hûs mocht. Gelokkich, soun en gjin crupsies op dien, dat Pake Wietse krige wer dien en ik waard wer molkboer en it gong de earste jierren tamelyk goed. Wat foar hinne net koe kaam nou klear. Us provisie op de molke spullen waard fordûbbele. De direkteur wier des duivels, want it wie ek noch mei terugwerkende kracht, dat de doarren yn it kantoor fleagen hast út de hingsels. En doe koe it lijje, der waard in jonge oansetten 19 Aug. `41 waard ús Wietse ier yn de moarn, geboren, hyper gesond en goed 8 poun. Dokter wie wakker op tein oer syn greate hannen, mar der ha ik letter noait wat byzonders oan sjoen. Lies hie boarstkes as in sinaasappels sa great mar wol 2 bern oan in boarst amersfol tate en Simons-Griet boarsten as bjoarnamers en gjin drip tate, oan `t fleske, ús bern hierne mei in jier nog tate en it wie ek net in greate drinker, lytse kopkes thee gjin bekers sûpe of molke by it iten. 4 jier letter kaam jonge Nr. 2 Germ. Wy rekken der op September, maar it wie nog Augustus, dat er ús dag sei. Ik skreau dit al, dat er ús dag sei, mar hy moaist earst in klap foar de kont ha fan dokter, foardat er him hearre lyt. En ik mat nog tink oan de wurden fan ús Wietse, hy wie ek wat jaloers, want hy hie alle oandacht net mear en dan sei sa smeulsh wei, ,,Hy kin net iens gûle, hy krea het mar wat”. Ik foun it foar Lies wol moai, hy wie lichter as Wietse, ik mien in poun as 6, mar op in gegeven moment stoppe it groeien, it waard in skriemerich. Wol ha beide jonges tot hun 14de jier lêst hân fan bronchitus. Noordewyn wie puur forkeard. Beppe Lies is al is thús komt mei levertraan en Wietse drok it as ranja. Goed trijje jier nei de berte fan Germ krigen we nog in famke, by de geboorte hast 9 64 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

poun en tige donker hier op it kopke en de jonges wierne beide ljocht blond. En doe wie `t stel kompleet en in stille winsk wie ferfulling gien. Wy woene beide graag 2 jonges en in famke ha. It scil wol kommen wêze, dat we beide út húshaldings kamen, der famkes de oermacht hierne. Ynwendig wierne we wol grutsk op ús trijjetal. Op skoalle gjin útrinders, mar se koenewol meikomme. Ik sjoch nog it kopke fan Wietse oer de rânne fan it ledikantsje kommen, mei ien en al lartsjen op syn tronie. Hy bleed der er sels him omheech wrotten hie en wy seine, hy stiet sl op syn lytse poatsjes. In skoft letter by Mem efterop de fiets yn in fietsbernekoarke op nei Pake- en Beppe Bears. Mar der koene net komme of hy foel op de Beasterdyk fêst yn`e sliep. Ik foen fan alles út om him wekker te hâlden, mar hy gong foar de bijl. Hoepelen leare, dat wie earst min lukke die rot hoepel woe net sa as hy woe en dan waard es wol is koart foar de kop. Dan sei ik moarn besykje we wer, misschyn wol die hoepel dan better en dan die ik him foar en klear wie it. Yn`e hjerst, de dagen koarten en de lampe kaam op. Wietse roun nei it bedschut ta en wat tichter hy by it bedschut kaam, wat grutter syn skaad op dat selde bedschut waard, dat yn ienen wie it ho en fleech er op my ta en sei er: der is nog in jonge yn`e keamer. En doe ha ik him by de hân krige en binne togearren ei it bedschut roun en doe wie er ek nog in man op it bedschut en doe ha ik him forteld, dat die figuren op it bedschut fan it ljocht fan de lampe kamen en doe krige ik him by de han en brocht die nei it figuur op it bedschut, en doe wie de banges oer. Pake en Beppe ha yn de oorlogsjierren in hongerevacuje, in jonge fan in jier as 15 út Utrecht hant en die fortelde it frame fa my earste fiets hangt no in de garage en dat mochte wy dan wel hebben. En dat is ook aangegaan. Fietsmakker v/d Wal hat fan dat jongesframe wer in jongesfiets makke en dat hat Wietse fan Pake Wietse op sinterklaas krige en die wie der stil fan, want der hie hy net op rekkene. En yn hiel Mantgum hie gjin ien sa`n moai berne fietske en de beide oare bern ha der ek nog jierren op fietst. Germ hat op dat fietske syn earste fietsmedailles helle op in Fryslântocht fan 100 km. Hij wie doe tsjien jier en de jongste dielnimmer en it wie die dei prachtig moai waar. Ik ryd him mei de beide jonges en Lies en Etie ha ús de moarns Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 65 Efterste twa: Froukje en Jan Bijlsma Foarste rige: Aafke en Rinske Bijlsma

by de Snitserhoeke by de blauwe tinte nog ta wuift. Op `e skoalle krigen de bern ek greate fekansje, maar inkelen fan de bern gongen is in pear dagen nei femylje út fan hús mar de measte tyd brochten se yn eigen doarp troch. Mar it joech neat fantasie herne se wol. Dan wier it kampeare by de Swette by it Mantgumerhúske. Mei in molkkarke, folladen mei in zak, dat waard broekt as in tinte, der kamen alde kleden of sekken oer te hingjen en dan wie de tinte klear. Wat drinken en bolle mei en de kampearders kamen joens bedtyd wer thús. En dan Gabe en Wietse mei de Interprice boartsje. Yn die tyden dreaun op de Atlantische Oceaan in Noorse vrachtboat, de boat koe ieder moment kapseise, sa briek hong hy derby. Kapitein en bemanning wiere fan wege it gefaar al fan boat gien, allinne de Noorse stjûrman wie nog oan boat, om te trachtsjen die boat nog yn de haven te krijjen. Alle dagen wie stjûrman Carlson yn `t nys en alle minsken hearden er nei mar jammer de boat is kapseist en ik wit echt net hoe as it mei Frachtboat Flying Enterprice op ‘e side yn ‘e weagen Carlson gien is, mar danksy die ongeloksboat ha Gabe en Wietse der ek dagen drok mei west. Mem holp my alle dagen in eintsje yn de buorren te molksúteljen en we belibben fan alles. Dan siet âlde Willem hast wer dea op`e stoel dan dreaun er wer in briefke fan ƒ 100,- yn it Skillaarder sleatsje en dan waaide it deksel fan de flessebak Mem wer op de kop. Of Wietse foel fan de bakfiets ôf, op syn kopke. Hessenschudding. En dy harsessen ha gau ris by him oan `t skôdzjen west. Hy scil in jier as 5 west ha en yn Mantgum wie gjin bewaarskoalle mear, dat die jeugd fan die leeftyd brocht in soart tyd yn de buorren om en se founen fan alles út. It wie net drok mei auto`s, mar toch der riden toch inkele. En ien der fan trof Wietse op syn paad en hy waard in ein meisleept. De klean wierne fyn en in dikke bûle op syn hôlle. Dokter hat by him west op bêd en stil lizze en gjin besoek talitte. Mar je hawwe toch aparte soarten minsken yn `t doarp. Lies hie goed sein, hy mei der boppe gjin oan rin ha, hy túgde der wol hinne. En die man kam oars ek net by ús. Belangstelling is moai, mar hy reagearde net op Lies har sizzen en dejonge hie hielenal gjin forlet fan die skoalmaster. Yn de timmerwinkel oan it boartsjen en yn ienen falt er in bosk planken om en die reidsje Wietse wer en op reis nei de Snitser amachtsskoalle yn botsing mei beamen en tusken spoorstaven. En hy wie al lang troud en de bern wierne 66 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

al jonge feinten dat Wietse scoe even in roundsje traine en is er net by in stil steande frachtauto op gisele, de holle beseard, de fiets in elkoar mar nei in pear wike rest siet alles wer te plak en de oaren koene der ek wol wat mei. Germ formakke him tige mei it ljêppen en skoskespringen, mar it draait by beide dingen op in wiet pak út. Ik hear it Mem nog sizzen, nou kryst de lêste droege broek oan Germ en ast nou wer wiet thúskomst, stjûr ik dy yn de bleate kont de buorren op. Mei it souskjen kopke ûnder by de Wiede Hoeke en Anne Leegstra hat my er wer úthelle, mei dat forhaal is er ek al in kear thús kommen. Hy is ek al in kear ferungelokke yn it jarresleatsje, hy kaam as in neger thús en it stonk as in jarrekolk. Heit en soan Tijssen út Jorwert by frachtwein Op in Sneintemoarn, it roun tsjin tolven kaam Sjitse Tijssen út Jorwert de wâl del ryden mei syn frachtauto en de barte kaam del en der kamen Wietse-Sies en Haaije út. Die trijje kearltsjes keuren yn Jorwert om en op reis nei Pake en Beppe Bears. En Sjitse seach die mantjes rinnen en tocht by himsels, die âldeljue yn Mantgum wurde straks dea ungerust, dat hy him net lang betocht, hie de frachtauto út de garage helle en syn fracht ynladen. Foar letter toch moaije dingen. Germ en Tineke, Harm Rypstra en der scille nog wol in pear by west ha, op reis nei it Spyk. Der fisken se út de sleatswâl de blauwe modder út de sleat en der makken se fan alle moaije dingen fan. Bosters en knikers leinen se yn de sinne te drûgjen, mar se kamen sels ek as Turken thús. Ik kin my nog herinnerje. Mem holp my altyd in skofke by de molkkarre en dan hierne Germ en Tineke de keamer tot hun beschikking. Tineke siet nog yn de box. En it wie Mem har gewoante, as se wer thús kaam kiepe se earst troch ite keamersrút om te sjen, wat de spruiten útheefden. Op sekere kear wiernes e osa forschrikkelyk foarsichtig mei it blauwe servies oan it boartsjen. Nou binne jim wol in bytsje stout, omdat jim mei dat blauwe servies boartsje, mar jim binne ljeaf omdat jim der sa goed op past ha en jim krije gjin straf, mar jim mat belove: Nooit wer oan dat blauwe servies komme. En dan komt ek alle jierren Sinterklaas en je witte nooit krekt, ha se in yn de gaten dat it allegear flauwe kul is. Mar it wier yn de selde snoarje, Mem hie al wat spullen kocht Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 67

by Wiersma en dat stie moai yn`e kast opburgen en Mem kiepe wer troch it finstersrút en de beide jongsten wierne mei alle oandacht mei it nijje boartersgoad oan it boartsjen. En gelokkig ús Mem koe er om laitsje. It spul kaam wer moai yn de doaskes en de jouns Mem mei it spul nei Wiersma en it waard tsjin oar spul omruile. Mar se hawwe noait wer oer dat earste boartersgoad praten. It scil yn de selde tyd west ha, it wier de moarn fan sykjen. Sinterklaas forstoppe de kadootjes doe nog yn de keamer en Wietse hie de keamer wol 20 kear op`e kop setten, mar skoaltyd nog gjin pakje, dat op skoalle fortelde er, ik ha nog neat. Mar Mem seit my straks helpe te sykjen en die sei, doe er thús kaam, nou mast is únder de tafel krûpe en dan omheeg sjen en der hong syn kado, fêstboun oan it tafelsblêd. Nou tink ik by my sels, wat hie it moai west, as min in dagboek by hâlden hie want der is folle mear gebeurd as wat ik nou oanjoen ha. Want ien fan de jonges hat ek gedoente hant mei it jiskelaad fan de kachel, die mat er al sa útsjoen ha. Syn hele kop siet ûnder reade jiske. Mar de Bearster jeugd spile ek net faak by. Tante Käthe mei de kop tusken de spylen fan it tsjerkestek en de kop woe net hwerom. En Kätheke mar balte en Liesbetje net minder, want die wie oppas. Dat de smid út Jellum is optromme en die hat mei hammer en fylen wat romte tusken de spylen makke. En dan it forhaal oer Lies as lyts famke, wenjend nog yn Dútslân, siet bûtendoar te boartsjen en is doe mei nommen troch in berneferlokker. En der is Pake Germ achter oan sketten en hy hat se ridlik gau foun en ik ha nea fan rare dingen heart, mar wol dat Pake Germ die figuur goed ôfseame hat, it bloed roun de man by de kop, seit Lies altyd. Mar nou gean ik wer nei de oppas ta. En die wie nou op stap mei de bernewein en der lei lytse Johan yn. En net by de wein weirinne Liesbeth? Ne Mem, sei Lies. Moai de âld skoalle foarby, it skoalhûs en de Pasterij en doe yn ienen, Liesbeth komst ek te tou dounsjen. En dan bin je nog kwalyk 5 minuten fan hûs dan wurdt de bernewein moai op it tige hêljend bakkerspaadsje set en Lies tou dounsend mei de Bearster famkes. En se sjogge op der driuwt in bernewein op`e syde yn de pasterijgrêft en der is in lyts jongenskopke dat is dan wer ûnderwetter en dan komt it wer boppe der útkiepjen en mei iens komt er in timmerfeint út de skoarre fleanen en springt yn de grêft en bringt lytse Johan oan de wâl. Tige fan de wize en ôfgryslik gûlend giet it wer op hûs oan en se binne nog tankbaar, dat it nog sa goed ôfroun is. Muoike Kâthe yn Bears 68 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Libbene houn en deade katten As je bern ha heare der eigenlik ek bisten by. It begoun mei in cijpers jong katsje, it waard in monster boarre. Mar leaf, wy wierne der allegear like wys mei. Mar ny in pear jier lei er dea yn syn koarke. Hy wie soun wei dea gien forgiftege. It spiet ús allegear. Mar der kaam wer in jong katsje, in evenbeeld fan de foarige, minstens sa leaf en wer in boarre. En nei in pear jier wer dea en erforgiftige. En doe ha wy nea wer in kat hant en it gebeurde yn de winter, dat de groun wie ynfêrren ik koe gjin gat grave om him te bedobjen. Jow him my mar mei, de feltsjes binne nog al in pear sinten wirch, sei Tijssen en ik barde 3 rijksdaalders. Ik scoe en hele deugd dwaan en joeg de mannen ieders in rijksdaalder foar de spaarpot. Mar se wegerenden alle trijje, se woene die rijksdaalder net ha fan die deade kat. Och Lies fanke, wat ha wy toch in steltsje apart moaije bern en dan koene we mekoar nog even sa lekker oan kroepe. Jan Steinvoren, molkboer yn Baard sútele mei 2 hounen foar de bakfiets mar hy skafte in motorbakfiets oan en sa kaam ik oan in houn, die dan my it bakfietsen wat lichter maaitsje scoe. Mar dat draaide op neat út, hy draafde mooi meai, mar hy luts net, de stringen bleaune slop. Mar Een melkboer met de hondekar mideis lei er yn it hok te bekommen. En as Wietse wei wie, dan moasten we earst by de houn sjen, yn de measte gefallen wie er by de houn, wierne net bij elkoar wei te slaan. Dat die houn hie ik neat oan en ik ha him forkoft oan ien út Ljouwert, mar ik herinnerje my nog, ik bin mei die houn út kuierjen ploft er in ein út de loft del en is ek dea. Wy ite gjin eine fleis, dat ik bring dat ding nei Omke Willem, die makket him panklear en ite der lekker. Achter nei ha ik heart, dat burgemeester Hoekstra dat beest oansketten hie, dat wie de oarsaak fan syn deafallen. Mantgum 2014 deel XIII burgemeester van Baarderadeel (1937-1941) mr. W. Hoekstra fertelsels troch Jan Bijlsma 69 fertelsels troch

Nei de film Chris Beumer hie by ús útfanhûs west en die scoe wy en dat wy wierne ik en de beide jonges Wietse en Germ, Chris mei de bus nei Ljouwert bringe en Chris der yn de trein sette en even tsjin de Conducteur sizze, dat die jonge yn Zwolle oerstappe moast. En Tineke scoe ús dan mar even nei de bus. Mar doe de bus kaam, siet Moeke earst yn`e bus en fleach direckt nei it achterste bankje en scil wol tocht ha mat it al raar komme as ik net mee de bus mei gean. Ik ha Master Goodyk mar even warschouwt, as dat die Lies even fortelde, dat Tineke mei yn de bus mei gongen wie. Ik tink die beloofde film wie foar alle trijje wat nijs. Die greate donkere seal, allegear lange rigels stoallen en die beelden op dat wyte doek. Der is nog wol nei praat oer west. Chris Beumer Mar dat de jongsten fan de bern mei de âldsten mei foart wolle, siet er by ûs bern wol yn. Ik tink dat Germ it jier as 4 wier, dan moast er jouns hearder op bêd as Wietse en doe fortelde die en der komt aanstons op de radio nog in prachtig hoorspel, nou doe hierne je de poppen oan it dounsjen. My gau op bêd triuwe en Wietse nei de hoorspellen sjen, nou hy foun it goed gemeen. En doe ha ik him beloofd dou giest op`e selde tyd op bêd en as it hoorspel begjint, helje ik dy fan it bêd en dan meist krekt sa lang by Heit op`e knibbel sitte as dat hoorspel djûrret. En dat foel er tige yn. En Germ en Tineke ha ek al is togearre by Tante Rinske yn Utrecht útfan hûs west en die binne doe ek wer togearre met de trein yn Ljouwert oankommen en der stiene wy wer klear, om se ôfheljen. Se wierne net bleu en ferlegen yn`e trein en hierne contact mei alle treinreizigers. 70 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Forhalen, heart op het keatslân Troch wie as it forteld is, wit ik net mear, mar ik fortel, sa as it my yn de kop. De nammen finne faaks net allegear echt, mar it fortel is er net minderom. En dan begjin it sa, de mannen hierne te dounsjen west nei Café ,,De Trijje Romers” oan de strjitwei by Reduzum. En 11 ure wie it ôfroun. It ferfier wie doe de fiets, mei Carbidlampen as forljochting. De earste bully electro forljochting wierne yn it kommen. Mar carbidlamp der wierne fut inhelen die hierne gjin lampe of die carbidlampen lieten se soms ek wol forsûpe, dan dierne se de wetterkraan net op tyd ticht. En dan stie de politie op de uitkijk oan de strjitwei by ,,de trijje romers”. En ja, se seagen ien kommen, sûnderljocht,, mar die gene seach de plysje ek en se binne oanelkoar ta en die plysje docht en greep en it is krekt mis en die gene die dat oerkomt ropt nog: ,,En de ijzeren vuist grijpt mis”. Nou, dat wie wille ûnder de mannen. Mar se wierne nog net thús. Sietse en Ruurd, beide mei ljocht fietse foarop en fjoart achter har ride Geart en Aant. Café ,,De Trijje Romers” oan de strjitwei by Reduzum. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 71

Se binne njunken lytsen yn Easterwierum, njunken it café ,,it hoekje”, doe nog bewenne troch femylje Speekman, dat er roppen waard: ,,Halt, afstappen Politie”. Ruurd en Sietse stapten of, mar Geart en Aant skeaten foart, Geart richting Boazum en Aant op nei Mantgum en dat gong net sunig. Want de mannen, die hun der útjoegen foar politie wierne marechausees en die stiene bekend as sportlui en wierne goed getraind. Aant hie in moai foarsprong, mar toch al doe er by Schouwstra kaam, hjir it hiem op en achter it haagje lizzen gean en hy lei ik nog mar krekt plat, as der fleach die marechausee mei in rotgang richting Mantgum. Mar in goed 10 minuten letter wier er der wer en gjin arrestand en die lake noflik achter it haagje en stuts in sigaret oan en it djurre net lang as der kamen Sietse en Ruurd. Aant even fluitsje en freegje as de kust feilig wie, dat de mannen setten of richting hûs en by de toer waard nog even napraten en wylst roun plysje Boersma by hun lâns. Bliksum sizze se, dit treft Geart net, dat Sietse en Ruurd fietse de plysje wer foarby en se binne goed en wolle op de hegedyk, of se hearre Geart al fan fjearen oan kommen, it heegste lied fluitsjen. Die hearde nuver op, hoe as het Aant of gongen wie, mar doe hy syn forhaal fortelde, ha se nog folle mear lake. Geart hie mar 10 meter, hy wie op de oare kant fan it café tsjin de mûrre stean gongen en hy die marechausee wol richting Boazum fleanen sjoen. Hy wie doe it café yn gongen, dersiet de kastelein mei te skutjassen en dat hie Geart doe oernommen. De mannen binne rinnende nei Mantgum en ha ûnderweis nog friendelyk de plysje Boersma goeie nacht winske. 72 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Foarsinsels! In âld wiif by de toer opkroadzje! Hwerh komt sa`n útspraak wei, mar wat hat it soms nuvere út fallen. Dit is nou in forhaal fan fantasie en liegen. En wie fan ús beiden er nou oer begongen is, wit ik ek net mear. Mar it forhaal heart by it âldejierstoagjen. Erick wie een jonkje fan in jier of 10, doe hie er dan wat fuurwurk en dat mocht de loft yn. En ik leau dat Germ dat yn Mantgum ek is hant hat. Ek fuurwurk, mar dat is nooit de loft ynkommen, dat hat politie Rinsma yn beslag nommen. Dat wie net sa bêst! En doe sei Germ der yn Schagen. It is hjir ek mar earmoedig gedoch Jim keapje die rommel, in pylkje, in foetssoeker gieselsje om de foatten, in fuurballen mei moaie kleuren heeg in de loft en it sist en it flikkert, mar Jim dogge as neat, as in lucifer by de lont hâlde. Yn Mantgum gong it al oars. In neimakke plysje hong oan it stik tou boppe de dyk en it tou wie festmakke by de kloksgatten yn de toer en in beam yn domine`s tûn. It grien stie fol mei weinen mei kuil by de boeren wei. Pieke stjelpen mei briedende hinnen, mjuksplanken, ungetydersmesines, hûsketontjes en it allermoaiste waard foar 12 ûre bewarre. Dan kaam âlde Siebe ta de doar út stoarmjen, helle âld Trien of âlde hine dat gong om it oare jier, ieder syn beurt út harren hús en kamen op in pipegaaltsje te sitten en dan op nei it fjouwerkant fan de toer. Frywillegeurs hiene yn die selde jouns de steigers al bouwt, de skynwerpers joegen in see fan ljocht en die begoun by it hûs fan Siebe en Trien se hiene wennen op it selde streekje. De fam. Edens wennet er nou allinne, mar doe waarden die hûskes ofzonderlyk bewenne. Dan gong it ûnder gejuich fan in prote Mantgumers op nei de toer. Der stie it muziek klear en spiele by oankomst der boppe ,,It alderhûs”, in Fearhûshoeke 3-5-7 Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 73 deel XIV fertelsels troch

tege emotioneel feske, alles gûlde, mar in beerenburgje die wûnderen en danmoest it stel wer nei ûnderen. Der siet fansels wol in stik tou oan de kroade op`e toer stiene minsken, die de kroade mei omheech skoarden en by it nei ûnderen gean de kroade mei ôfremden. De earste jierren boksele Siebe by it sakjen nog achter de kroade oan, mar hy waard wat stroffelig en om ûngelokke te foarkommen, waarden se nou beide lizzend opelkoar op de kroade lein en dan lieten de mannen op de toer wol is ryklyk flug nei ûnderen gliede en dan gûlden se fan angst, sa urd gong it. En dy forhalen waarden foar echt forteld yn Schagen en letter Erick wie ynmiddels al in 20 jier en hy wie mei kameraden út Schagen yn Mantgum yn de buurt fan Siebe syn hûs, sei er ,,En hier speelden die oudejaarsvoorvallen zich af”. Mar ik seach him glunderjen. Mar hy wie er ek unschuldig yn leusd. Germ begoun der oer it âldejier en de toer en âlde wyven te fortellen en doe sei Ericks Pa, en niet liegen. En toen sei Germ, belje Pake Jan en dat gebeurde en toen kreeg hij uitgebreid fan mij de ware toedracht. En Erick scil wol tocht ha, it is wier in oars, Pake liegt nog folle mear as Papa. Mei de trein er op út As `t 65 jier waart kaam min in aanmerking om in sa neamde treinkaart te keapjen. Mei die kaarten wierne de gewoane reiskes al goedkeaper, mar we krigen ek nog 7 frykaarten by die rjocht joegen op 7 kostloze reizen te meitsjen. En dan sochten we úteraard de fjirste plakken op en dat wierne Maastricht en Vlissingen. En ik tink, dat we nei beide plakken wol trijje kear besocht ha om der te kommen, mar it misleare ek wol. En we reisgen wol gau ris mei Ep en Käthe en letter mei Griet Kirkenier. Dus op reis mei Ep-Käthe oer Nijmegen, Den Bosch nei Vlissingen. Wij wisten ek net dat it station yn Vlissingen in hiel ein fan de boulevaar ôfleit en der woene we hinne. Mar Ep hie wol 100 kear yn`e trein pisje kinnen, mar doe wy útstapten, sei er ynienen, oh wat ik noadig. Alles ôffleane op in W.C. Doe dan de blaas eindelyk leeg wie, en wy nei de bushalte gongen, stie er gjin bus mear en der sit je. We hawwe mar wat om kuiere en binne yn de trein stapt Richting Rotterdam-Utrecht. Mem en ik bin te gearre ek al is yn Middelburg útstapt, der yn de stationrestauratie lekker iten en doe advisearden die ljue ús, keapje yn`t station in wandelkaart fan Mid Stedhûs fan Middelburg 74 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

delburg, it is te berinnen en it is de moaite wurch. En dat wie it ek, mar doe wie it to let om noch nei Vlissingen ta en dat hierne se ús yn it station ek al forteld en doe der by forteld. As Jim nog is wer dizze kant opkomme, matte Jim wer yn Middelburg útstappe en dan mei de bus nei Vlissingen. Dan komme Jim noch de dyk lans, die indertyd nog troch de Romijnen oanlein is, en ryd troch moaie plakjes en die stoppet ek yn de buurt fan de boulevaar. En dat ha wy in oare kear ek dyn en doe wie Griet Kirkenier der by. It wie machtig moai, leeg wetter en der voeren allegear seeschippen op wei nei Antwerpen. En ek it standbeeld fan Michiel de Ruyter stie der yn al syn glorie. En doe moest Maastricht er oan gelove mei Servaasdom en plein en it Miljoenenlyntje. Dat wurdt miljoenenlyntje neamt, omdat it in fermogen koste en it is oan lein om er de Mijnwerkers met te ferfoeren. En it giet troch in machtig moaie omgeving. Lies en Griet wierne wakker oan it redenearen, mar ik hie mear oandacht oan de streek wer we troch ryden. Maastricht in moaie stêd, mei de Maasbrêgge en Lies en ik binne yn`e Servaastsjerke belânne, wat in gebou, onfoarstelbaar great en heech en doe we der ús namme yn it gastenboek skreaunen foel it my op, dat de eardere besoeken in De Vries út Mantgum, mar van hjoed de dei wit ik nog net, welke de Vries as dat west hat. It binne sok soart dingen die `t min ûnthald. Op ‘e ein fan de Boulevard yn Flissingen it stanbyld fan Michiel de Ruyter, fierder seeskippen op ‘e ree fan Flissingen en Maastricht, Servaastsjerke en it Miljoenenlijntje Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 75

Fruit-corso yn Tiel Fan Nijmegen mei de trein de Betuwe troch nei Tiel. En in berg minsken, die der út de treinen kamen, wy moesten oppasse om by elkoar te bliuwen. Griet wie dizze kear ek mei. En it wie de moaite wurch om alles te sjen en te hearen. It wierne allegear mei fruit forsierde weinen en corpsen yn moaie uniformen. De beide frouljue slaggen om in sitplak te finen en doe ha ik tsjin har sein, ik gean in eindsje de streek op, mar ik kom hjir en jim matte hjir sitten bliuwe, oars fine we elkoar net wer. Ik wie nog gjin honderd meter as ik stie al mei 2 poer fremde manljue en doe wie et al gau, Jo binne foar it weist gjin Gelderlander en doe ik dan sei, dat ik út it Noarden en wol Fryslân kaam, doe libbe de iene suver op. Hoe is it mogelijk, staan we nog geen 2 minuten te praten of ik tref in Fries. En zeg me geen kwaad van de Friezen, want ik ben erin de oorlog een tijd ondergedoken geweest. Oer dy tyd ha we net mear praten, we hierne oarspraat genoch en wer de oare persoan weikaam, wit ik net mear, mar die ûnderdûker wie in Amsterdammer. We hawwe fêst wol 30 minuten stien te praten en wy ha ôffoeske doe elkoar forlieten en elkoar bedanke foar it gesellige praatsje. Griet Kirkenier-Terpstra It wiene allegearre mei fruit fersierde weinen en korpsen yn moaie unifoarmen by it fruitkorso yn Tiel. 76 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

Jan Bijlsma (1910-1995) Nei Tante Ette yn De Steeg Oan Zutfen ta mei de sneltrein en dan moesten we it boemeltsje hawwe nei Dieren. En wy sieten moai foar it rút yn it boemeltsje en it wier hast tyd, dat wy it station forlieten, doe kaam nog in frommiske oan, ongefear ús leeftyd en tôgjend mei taskes, pakjes en doaskes en die plofte yn de coupé nest ús del en mei ien gong de trein ek foart. Dat ik sei tsjin Lies, dat wie ek knikker op`e kant, as die frou hie te let west. En der rysde it minske deel XV Chris Breumer en Ette Dijkstra (De Steeg) oer rein en sei: Ik hear Frysk praten, fyne Jim it ek slim as ik even by Jim del plof. Hwent dat komt net faak mear foar, dat ik Frysk praat en ik fyn it toch sa`n inege moaie taal. Dat is sa, plof hjir mar gau del, want ús reis djûrret net sa lang, wy moatte der yn Dieren wer út. En hoe wie it toch mogelyk doe ik har frege hie, wer of se dan yn Fryslân wenne hie en sy sei, dat it Wierum wie. En Wierum wie it plak, hwer de femylje Visser ek weikaam en dat wierne speciale freonen fan Tante Ette. En ien fan har nazaten is de bekende bariton sjonger Lieuwe Visser. En sei ik, de leste tyd ha ik noch boeken lezen fan de Fryske skriuwer Abe Brouwer, die yn dat boek it conflict beskriuwt fan in ûnderwizer en de Dominé. De nijje ûnderwizer begjint der mei oprjochtsjen fan sjongkoar en tonielspyljen op in foar dy tyden gefaarlyk terrein. De ûnderwizer hat de nijje tyd yn de kop, de dominé bliuwt conservatief en die mieningen botse en de Dominé komt yn it boek net sa bêst of. En doe sei dat frouwtsje: En is dit minske de dochter fan dy Dominé. Maar, sei it minske, by de 2de druk hat Abe by ús Heit west te praten, want it bliek dat die Dominé net sein hie, wat Abe yn syn earste boek him fortelle liet. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 77 fertelsels troch

Beskriuwing springtij giet oer eartiids en wol yn Wierum yn it noarden fan Fryslân. It giet oer it fiskersdoarp en it libben as fisker en fiskersfroulju. (foto boek en portret fan Abe Brouwer) Nog wat forgetten gebeurtenissen tusken ± 1920-1930. De wetterleiding moast nog komme en yn droege simmer rekke de reinwettersbak leeg. Mar by de tsjerke mat in hiele mânske reinwetterbak wêze, ik ha er nea fan heard as de leeg wie en der stie in pomp op, die it wetter der út pompte. Bij de hûsbakken hellen wy it wetter der mei de aker út. De aker wie in betrekkelyk lyts amerke oan in ein tou, de aker op`e kop yn de bakje sakje litte en dan fol wetter wer op helje. En dan moarns tusken 11 en 12 ûre stie de kosteres, âlde Jeltsje KammingaSwierstra klear by de pomp en dan krige ieder gezin 2 amers reinwetter mei nei hûs. Soms kaam er ek in boer om wetter, die hie dan it wetter yn de molkbussen. En by de selde âlde Jeltsje helle ik Sneintemoarns de toerskei op, om yn de toer de klok te lieden, ten teken, dat it die Sneintemoarn preek wie yn tsjerke. Pake wie doe poestertrapper wurden en dêr hearde ek it klok lieden bij. En it gebeurde ek wol, dat Pake Sneintemoarns in forgadering, dan mast ik ek nog efter it oargel sitte op de kreake. Organist wier meester Goodijk. Bij in Oranjefeest roun ús Rinske as lyts famke mei Klaas van Douwen, in burgemeesters soantje, yn de optocht mei as Pere en Brette. En in hiele ere foar Wytse-Anne, tink ik sa by my sels. Brandsje stoke by trouwery en sa lang troud wêzen. Tyden foar de tyd hellen de bern alles wat brâne woe al op en dat waard measten tyds by bakker Keestra op burgen. Die feesten hierne meast yn`e meimoanne pleats en it moast al wat skimerig wêze, foar dat wy er de brân yn stutsen. En machtig moaije brân hierne wy op de Kamp, âlde Jentsje en Sebeltsje Grouwstra wierne sa lang troud en we hierne in moaie greate brân bult en de grutse jonges founen nog wat takkebosken op it hiem fan Petrus Kalma, dat njunken lytsen stie er al in beam, die der yn de sleatswâl groeide ek al yn`e brân. En dan waarden wy ek nog trakteart op in gleske frisdrank en in stik oranjekoek. En ek 78 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

by Tjitte en Saapke Reitsma hy wy nog west te brândsjestoken. Yn die snjoarje Van Douwen hjir beneamd as burgemeester en die hat it brandsjestoken forbean, lyk as ik it Dokkumer keatsen en ik it moai baljen op`e buorren mocht net mear. Ik leau dat de famkes nog wol heinderbâlje mochten. Mar Geart Ymes Fopma en ik binne bestraft mei in boete fan ƒ 5,- en dat wie doe it wyklean fan ús dat liegde er net om en Anne Jellesma waard frysprutsen, die wie nog te jong en wy wierne 17 jier. Het gebeurde op it pleintsje foar de winkel fan Hartman. Mar yn it weinhûs fan de pastorie stie in greate automobiel en die soarge, dat hiel Mantgum electrisch ljocht hie. As it jouns skimerig waard, blaasde de stoomfluit, en dat wie it teken, draai it knopke mar om en der is ljocht. En yn dy selde snoarje hat er yn de skoarre van boer v.d. Hem, nou Bottema in greate tentoanstelling hwert fan electrische apparaten, fornuizen, wettersierders, sels in heablazer demonstrearde der ek al. Dank sy in rieke tsjerke, wierne dizze moogelijkheden foar Mantgum wei lein. Klaas Boersma, âld bôterfabrieksmachinist en letter kastelein yn Mantgum wie de machinist op`e automobilen âlde Sierd Groeneveld soarge foar it wettertransport tusken de pomp by de concistoriekamer en it weinhûs. Hoorigen en lijfeigenen Gebroeders De Jong, doe wenjend oan de van Galemawei, tsjin oer de wente fan de burgemeester, hierne efterhûs nog in koumelkerij en yn de foarein wenne harren arbeider Wiemer Wagenaar en de oare wente waard bewenne troch it gezin fan Bram en Jeltsje. En dan gebeurde it yn de neisimmer nei de ûngetyd, dat de rûchskenne útriden waard. En dan wie it de gewoante, dat de boeren út Mantgum, die in pleats of pleatske hierden fan de Gebroeders in dei kamen mei hynder en wein om dat karwei út te foeren. En dat gedoeh seach boer v.d. Hem se es oer en doe spriek er de folgende wurden út: ,,De Hoorigen en lyfeigenen treden aan!” EINDE Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 79

1 Online Touch

Index

  1. 1
  2. 2
  3. 3
  4. 4
  5. 5
  6. 6
  7. 7
  8. 8
  9. 9
  10. 10
  11. 11
  12. 12
  13. 13
  14. 14
  15. 15
  16. 16
  17. 17
  18. 18
  19. 19
  20. 20
  21. 21
  22. 22
  23. 23
  24. 24
  25. 25
  26. 26
  27. 27
  28. 28
  29. 29
  30. 30
  31. 31
  32. 32
  33. 33
  34. 34
  35. 35
  36. 36
  37. 37
  38. 38
  39. 39
  40. 40
  41. 41
  42. 42
  43. 43
  44. 44
  45. 45
  46. 46
  47. 47
  48. 48
  49. 49
  50. 50
  51. 51
  52. 52
  53. 53
  54. 54
  55. 55
  56. 56
  57. 57
  58. 58
  59. 59
  60. 60
  61. 61
  62. 62
  63. 63
  64. 64
  65. 65
  66. 66
  67. 67
  68. 68
  69. 69
  70. 70
  71. 71
  72. 72
  73. 73
  74. 74
  75. 75
  76. 76
  77. 77
  78. 78
Home


You need flash player to view this online publication