Pake Wietse in 74 jier âld die wie op 4 Oct 1886 yn Raard by Jirnsum geboren en Pake Wietze is geboren op 2 Dec. 1885 yn Jirnsum en forstoarn yn Weidum op 15 Jan. 1975, dus 89 jier âld. Us Rinske wie doe se lyts wie en yn de tyd dat se nog yn de kakstoel siet bang foar in mig. Der hoegde mar in mig op de kakstoelplankje sitten te gean, dan sette se in keel fan sa hé je net. Letter se gong moarns nei de bewaarskoalle en it trof, dat de âld trijje kleur op ´e hinneloop lei, gong se hwerom om Mem op te heljen en dan moest die har der lâns bringe. De âld kat is trouwens nog treurig oan syn ein komt. Jierren letter Siebren en Afke wierne al dea, hat ús Heit dat forteld. By boer v.d. Hem hierne se in houn, langjirrich en ik wie in bietsje bang fan. Mar doe hierne se er in Dútse herder by krigen en op in moarn naam ús heit doe er nei hûs gong te theedrinken, die houn mei nei ús ta. Mar ûnderweis kommen by it hinnehok fan Siebren-Afke snipte er âld kat en hie him dwars yn de bek en hy slingere him oer it sleatsje en der kaam er dea to lânne. Us Heit tocht wat stiller wat better. Mar Rinske hie ek har plus punten. Mei skoaltsje boartsjen wie it fêste prik dat Rinske foar Juffer spylje moast. Hie doe al in soart fantasie en koe doe al wonderlike forhalen fortelle, die wol ynsloegen. Yn it 3de hûs wenne in âlde frou allinne Rein-Eke Kuperus. Har man ha ik nea kent. Mar wol 2 beppesizzers Ynse út Wynaam en Rein út Frentsjer. It wierne beide goede keatsers. Op in snein to middei nei iten stie se even op de stoepe se saak oer te sjen, se falt stilstûns en hat it bil stikken en is nei it sikenhûs rekke. Letter ha der 2 geslachten Faber wenne. Earst Schelte en Anne Faber mei in soan en dochter en letter hat soan Oege der nog jierren wenne. Yn it 4de hûs wennen Marten en Janke Dantuma. It wierne doe al âldere minsken en der wie ek in hûshâldster, Akke hjitte die. Janke ha, ik oars net kennend, sittend yn in greate leuningstoel, wie behept mei reumathiek. Marten wie oarspronkelyk postkantoorhâlder yn Mantgum. Frou Janke liende even ƒ 25,- út de kas en der kaam controle en Marten koe gjin 25 goune fan ien fan de rykere Mantgumers te lien krije, dat Marten hat yn de gefangenis sitten yn Grins en wie syn baan ek kwyt. In natuurlyk moesten se ek om in oerhûs sjen en dat waard de oalekoekshoeke. Hy begoun der mei kruideniers waren, koeken en koekjes en wie ek nog petrololiekoopman. Hij hie altyd 2 greate fetten olie by de slaetswâl lizzen en hy sutelde dat ek út mei 2 greate kannen en in mingel hingjend oan in jûk dat op de schouers lei. Mar as bysonderheid hie er foarhús ek nog in blombêdsje, ôf fredige mei gaas, dater gjin bern en katten yn kamen. Blomme túntsjes moasten toen nog komme, ek yn de hûs stelde it blomme gebeuren net folle foar. Syn aldste soan hat tekene foar Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 21
22 Online Touch Home