koene se tige, mar dat hierne se net fan in frjemde. Hwant Pake Haaije koe it ek. Volkstûntsjes hat ek in skofke tige yn west. En in ierdbeijen dat Haaije krige. Geweldig! Alle jounen ierdbei sykje, schaal fullen. En dan skikte er it sa, as jouns it keatsen ôfroun wier en keatslan en folkstuin leine nêst elkoar, dan roun er in eintsje foar de keatsers út en dan koene je er mar op rekkenje, dat er hjir en der in grauwe ierdbei op ´e wei lei. De schaal wier oerrinnende fol, mar op de boaijum fan de schaal lei in pôlle gers, dat die greate schalen mei ierdbeijen wie wol in soart bluf bij. Kealle boarne! Mei it seel rattelje, mar Haaije rôp. Tja, tja, en sa lûd, min koe it yn Weidum wol heare. Kuile fan gers yn´e hjerst. Haaije by Auke Sierdsma en Jan Rauwerda by Petrus Kalma yn it lân. In bytsje ynhâlde oan ´e Noardkant, raast Haaije oan Jan. En Jan stekt de foarke omheech, in teken dat er Haaije syn rie heart hat. Mar de oare moarns, as se wer by de kuilbult komme, docht it bliken, dat Haaije syn bult út elkoar sakke is. En dan gnysket er al yn fyntsjes. Mar letter, doe wy krekt troud wierne kaam er altyd by ús to koffiedrinken, want doe wie er nog Harry Detering, de petroliekoning út Amerika. En dan gean we nei Siebren en Afke Post it 2de hûs. In pear dingen fan har bin by my hingjen bleaun. Brânhout seagje fan Siebren op ´e solder. En it wie tige hoarig yn ús hûzen. It wierne mar houten tuskenskotsjes en de boppeste planke hierne se forgetten, dat wie iepen. En dan hierne se ek bern yn Amerika en as der in brief wei kaam moest âlde Siebren die oan Afke foarlêze. Ik tink dat Afke net lêze koe, mar doof wie se yn ieder gefal. En dan hear ik him nog sizzen ,,En se hebben de dode koeien foar de varkens gesmeten”! Wat ik ek nog wit, de âld trijje kleur kat die altyd op it hinnehok lei. In gemeen kring at him aaije scoest, joeg er mei syn poat je in haal oer de hannen en dan stiene de neiltsjes wol út. By it 2de, 3de en 4de hûs stiene hinnehokken mei in loop ûnder de rûten lans. Wy hierne sels ek hinnen en in geit. Fearhûshoeke fan ‘e reed ôf nei de pleats besjoen Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 19
20 Online Touch Home