30

Op ´e sútel mei jutteparren Fan de hegedyk ôf, it earste koumelkers spultsje oan de rjochterkant, der wenne âlde Jan Sierdsma mei syn húshâlster Siebrigje twa leave âlde minsken. De man wie tige mei reumathiek oan helle, dat hy koe mar hiel min rinne. Mar yn´e simmer gong er fest ienkear yn syn invalide weintsje by Jorwert om. En dan wie ik syn chaufeur. Ik moast it weintsje triuwe en we redenearden wat. Op Dykshoek stutsen we altyd oan. Dat wie syn pleats en de boer die der wenne, hierde die fan him. Ik tink dat ik op it invalide karke passe moast, want ik herinnerje my net, dat ik der binnendoar west ha. Derwei gong it op nei Jorwert, mar der gongen we net oan wy lieten it doarp lizze, maar wy stutsen wol oan op ,,Lucht en Veld”. Dat wie doe noch in herberg en sa goed as ik it my noch herinnerje kin, mat der in Kuperus op wenne ha. De lju binne der wei gien en binne winkelman yn Reduzum wurden. En doe is Job Santema op Lucht en Veld kommen te wenjen. En yn die snoarje waarden ek de jutteparren plukt. In hele lekkere hânpar. En se koene net sa best djûrje, dat dan sutele ik mei parren by de streek lâns. It wiene mearste arbeidersminken en lytse burger lju, die ik in amerke mei parren besoargje. Ik krige de adressen fan Jan Sierdsma en mei it segje fan Sierdsma wat ik dan sizze moast en dat wie. De complimenten fan J. Sierdsma en by dizzen dit amerke mei parren. En dan moast ik die lju de âld man tige bedanke en meast tyds siet er in lyts fooike foar my oan fest. Ik wit, ik ha er in nijje pet fan oerhâlden. Mar die selde Jan Sierdsma, kryg alle jierren mei Mantgumer Merke in serenade oan bean troch de muzikanten die foaroan wenen by de tippers optocht troch de buorren. Hy skreaun grif wol in aardig bedrag op de merkelist. ‘Lucht en Veld’ by Mantgum op ‘e trijesprong nei Jorwert 30 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

31 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication