68

by Wiersma en dat stie moai yn`e kast opburgen en Mem kiepe wer troch it finstersrút en de beide jongsten wierne mei alle oandacht mei it nijje boartersgoad oan it boartsjen. En gelokkig ús Mem koe er om laitsje. It spul kaam wer moai yn de doaskes en de jouns Mem mei it spul nei Wiersma en it waard tsjin oar spul omruile. Mar se hawwe noait wer oer dat earste boartersgoad praten. It scil yn de selde tyd west ha, it wier de moarn fan sykjen. Sinterklaas forstoppe de kadootjes doe nog yn de keamer en Wietse hie de keamer wol 20 kear op`e kop setten, mar skoaltyd nog gjin pakje, dat op skoalle fortelde er, ik ha nog neat. Mar Mem seit my straks helpe te sykjen en die sei, doe er thús kaam, nou mast is únder de tafel krûpe en dan omheeg sjen en der hong syn kado, fêstboun oan it tafelsblêd. Nou tink ik by my sels, wat hie it moai west, as min in dagboek by hâlden hie want der is folle mear gebeurd as wat ik nou oanjoen ha. Want ien fan de jonges hat ek gedoente hant mei it jiskelaad fan de kachel, die mat er al sa útsjoen ha. Syn hele kop siet ûnder reade jiske. Mar de Bearster jeugd spile ek net faak by. Tante Käthe mei de kop tusken de spylen fan it tsjerkestek en de kop woe net hwerom. En Kätheke mar balte en Liesbetje net minder, want die wie oppas. Dat de smid út Jellum is optromme en die hat mei hammer en fylen wat romte tusken de spylen makke. En dan it forhaal oer Lies as lyts famke, wenjend nog yn Dútslân, siet bûtendoar te boartsjen en is doe mei nommen troch in berneferlokker. En der is Pake Germ achter oan sketten en hy hat se ridlik gau foun en ik ha nea fan rare dingen heart, mar wol dat Pake Germ die figuur goed ôfseame hat, it bloed roun de man by de kop, seit Lies altyd. Mar nou gean ik wer nei de oppas ta. En die wie nou op stap mei de bernewein en der lei lytse Johan yn. En net by de wein weirinne Liesbeth? Ne Mem, sei Lies. Moai de âld skoalle foarby, it skoalhûs en de Pasterij en doe yn ienen, Liesbeth komst ek te tou dounsjen. En dan bin je nog kwalyk 5 minuten fan hûs dan wurdt de bernewein moai op it tige hêljend bakkerspaadsje set en Lies tou dounsend mei de Bearster famkes. En se sjogge op der driuwt in bernewein op`e syde yn de pasterijgrêft en der is in lyts jongenskopke dat is dan wer ûnderwetter en dan komt it wer boppe der útkiepjen en mei iens komt er in timmerfeint út de skoarre fleanen en springt yn de grêft en bringt lytse Johan oan de wâl. Tige fan de wize en ôfgryslik gûlend giet it wer op hûs oan en se binne nog tankbaar, dat it nog sa goed ôfroun is. Muoike Kâthe yn Bears 68 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

69 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication