38

En doe yn ienen krige Geart v. Dellen it yn de kop om in frachtridery te beginnen. Hy goed 20 en ik goed 10 jier. Ik tink dat ik 12 of 13 jier wier en ik wie yn´e fekansje in soart mei him op stap. It hynder dat foar de wein roun, wie in Litauer in type tusken kedde en hynder yn, dat wy wierne in wichheid ûnderweis nei Ljouwert en Snits. En we belibben fan alles. Dan wie ik wer fordwaald yn Snits en koe de frachtwein net wer fine. Dan fleach by de Boxumerdyk it foarste tsjil fan de as en Geart dondere boppe op my, want it spil oan myn kant wie er ôf roen. Der siet gjin lins of spie mear foar, die is er grif troch de iene of oare ofhelle, se kinne er fan self net útgean. Mar Geart hat by in boer op it hiem wer hwat foen, dat er as lins brûke koe. Mar it wie ús dei net. Doe we yn Ljouwert oankamen, de karryders stiene doe noch op in saailân, wie it earste altyd it hynder útspanne en op stal bringe. En dan moesten we altyd in smel steegje troch en die moarn stie der in pracht fan in fiets mei fersnellingen en 2 remmen tsjin de kant. En rekket de gulle fan it gereid net krekt om it hânfet fan de fiets, dat de fiets rekke plat ûnder it hynder en Geart rôp, hâld beet dat hynder Jan en dat lukte. Geart koe de fiets er wer under weikryjen en hy sei, dou gau nei de wein en ik rêd me hjir wol. Mar de fiets wie net rydbaar mear, mar wy ha er nooit wer praat oer heart. In oare kear, wy komme fan Snits en it is moai waar en Geart syn weintsje sit oan de nok ta fol fracht en der wie nog al wat feefoer by spul dat er yn weagt. En nou blyk, dat de fearen fan de wein wat troch sakken, dat de sjillen sleep 38 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

39 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication