Op nei Mantgum Dat Draaisterhúzen hat mar in tuskenstation yn ús libben hwest, der is fierder ek nea wer oantinken oan joen. Hwent yn de hjerst fan 1914 stie de forhûzeswein fan Gebr. Hoekema foar de doar en brocht nou alles nei Mantgum. En wy bedarren op de oaljekoekshoeke, it 2de hûs oan de efterkant en der ha wy wol in jier as 15 wenne en doe we nei foarkant gien, it 5de en lêste hûs. Min komt der to lânne as je by de toer, de dyk nimme nei it Noarden, de frybuorren del en kom je mei de tyd, as je de bewaarskoalle rjochts en links de bakkery, trijje arbeidershûzen en yn winkelhûs passeart binne, op de 10 arbeidswenten, eigendom fan de diaconie fan de Ned. Herv. tsjerke fan Mantgum-Skillaard to lânne. Even fierder stie nog in dubele arbeiderhûs. By myn witten hat der nea in arbeider yn wenne. Der wennen koumelkers. Yn it lêste wennen Keimpe en Beth vd. Meer, heech út 6 kei en ´t earste hûs wennen dan Pake Eelke en Beppe Froukje mei Tante Neel. En die is begoun mei 1 kou. Op it meast hat er 4 op ´e stâl hant en soms 6 yn it lân en se koene er fan bestean. Nou begjin ik dan in beskruwing oer hûs en minsken om ± 1918 hinne. Earst it blokje fan fjouwer, dan in stege en dernei in blokje fan 6 hûzen. Fearhûshoeke út ‘e loft wei 16 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014
17 Online Touch Home