29

Proefles Yn Baarderadiel moasten 3 nijje boppemeesters benaemd wurde en de Mantgumer skoalle krige de ear, dat de kandidaten der dus sjen litte moasten, wat foar capaciteiten de solliciterende meesters hierne. Geart Fopma en ik sieten op it foarste bankje, dat wy wierne geregeld de ,,klos”. Mar wy koene ús beide wol aardig goed rêde, dat wy krigen fan ús eigen âlde meester letter nog in plûmke en der helle er ek noch âld wethouder v.d. Plaats út Littens, dat die sein hie, dat der in pear skrandere jonkjes op it foarste bankje sieten. Wy krigen boeken te lêzen út de bibliotheek en sneon te moarns lees meester foar. En maaityds dei aanskouwelyk ûnderwiis oer de natuur. Dan moasten we oer in stik of wat wik en wat blommen en planten út lân en sleat mei woartel en al mei nimme yn in âlde krante. En dan fortelde meester oer stampers en meeldraden. En dan hierne we ek nog katechisatie by Dominé yn de consistoriekeamer. En dan yn Augustus it draaimole-schip ophelje fan of healve de Zwette. Achterelkoar yn de line en sa waard it schip triomfantelyk nei de buorren yn Mantgum sleept. It bearde altyd tige, mar it stelde net sa´n soart foar. Fry draaie yn de draaimole en dan spultsje dwaan foar de bern, flagje yn´e stove, talhoutsje rape – pink happe, sekje rinne. Mar as ik nau letter fergelykje en se freegje my. Wat founst it moaiste, de merke of de proefles, dan siz ik: Jou my mar proefles en nou ik it der nou toch oer ha komt my noch yn´t sin, dat de meester die it les jaan it moaiste die en ek de measte oandocht krige, net in beneaming krige hat. De man wie wat mank en kaam as net sa sterk oer en dat hat my doe wol begrutte. In trekskip Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 29

30 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication