6

De earste 4 jier fan syn libben binne se in soad forhuze. ,,Heit wurke doetiids by de boer, mar koe op in stuit mear fortsjinje by it spoar, dat doe forhuzen wy nei Skearnegoutum en noch in skofke letter nei it wachtpost 28 ûnder Hieslum, tichte by Parregea. Letter bliek dat de kar net sa byzonder west hie, by de boer koe wer mear fertsjinne wurde. Sadwaande ferhuze de famylje nei Draaisterhuzen. Earst waard alles op in lorry laden, mar deze gong mar oan Nijhuzum ta. Der moast alles oer laad wurde op in heawein. Yn 1914 bruts de earste wrâldkrich út sa at we allegearre wol witte en ek syn heit moast soldaat wurde. Hy kaam by de kustwacht. Dat selde jier forhuzet de famylje nei Mantgum. ,,Heit koe der oan it wurk op de buorkerij fan boer v/d Hem, de buorkerij der ’t no Bottema buorket”. Se krije de mooglijkheid yn de arbeiderswente oan de Kamp te wenjen, it hûs der ´t no de famylje Hansma wennet, mar om ´t se net wisten hoelang oft se hjir bliuwe soenen setten se harren te wenjen op de Fearhûshoeke. ,,Yn dy tiid wiene dat tsien wenten, no fyf, mei in net sa solide kwaliteit. Je koene troch de muorren mei de buorlju prate”. Mar al wat ferwachte waard, mar heit bleau dochs 17 jier by deselde boer. Lytse Jan gong doe ‘t er yn Mantgum kaam, daliks nei de bewaarskoalle, oan ´e Fearhûshoeke. Nei de legere skoalle gong hy nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert. En sa at dat giet by jonkjes fan it platte lân dy ‘t foar earst yn ´e grutte stêd komme, de earste dei gong it foart mis, in learaar fregje oft der ek bern wierne dy ‘t mei de trein nei Starum moasten, dan moasten dy wat earder fuort, mar Jan wist fansels net neat. Dat doe ‘t hy út skoalle kaam wie de trein fuort en koe hy nei hûs rinne. 6 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication