soart macaroni, sa great en it model as in griene jêtte. Mar it moaiste en wat it meast yn it eag roun wie de wyte sportkarre. As er út in boelguod, of dat ús Mem se ergens oars opdien hat en hwer er úteindelyk ek bedarre is, ik wit it net. Mar wat ha ús Afke en ik in soad mei dat ding er op út west. Moesten we oars mei 2 stûlen, die moesten wy dan nei bringe, ús Mem wie woansdeis bolkoerrinster en die boerinnen op Tsjeintgum, moasten altyd krekt wat ha wat Mem net mear yn´e koer hie, mar troch de komst fan die sportkarre fleagen Afke en ik der even hinne. Ik wie hynder en sy mende mei in laaie. En dan Maaitydsdei dan hierne wy de brânstapel tyd. De measte minsken trouden op 12 Maaie hinne. En as se soun bleaunen wierne se na 25 jier sa lang trouw en wier it bruiloft. En dat feest lûsteren de bern op mei it stoken fan in brândsje. Ald papier en oar brânbaar spul waard ophandele en op in greate bult brocht en dan de jouns yn de brân stutsen. Dan kaam er in tractatie foar de bern, meastal in stik oranjekoek en in gles kwast. En dan gebeurde it ek wol, dat de brânstapel te dicht by in beam lei en dan rekke dy ek yn´e brân en dat gong dan wer krekt te fier. En takke bosken op it hiem wierne dan ek net feilig, die waarden der ek wei snipt. Wy ha die brândery nog belibbe, dat is letter ophalden it waard forbean. En krekt as Dokkumer keatsen dat gebeurde mei in heinderbal op de Frybuorren. Mar de bal rekke om it hutsje op it tsjerkhof, tusken de grêfstienen, dat is ek forbean. Ien ding kin ik my nog goed yn tinke fan de tyd, dat ik op de legere skoalle gie, ik wie hjerst net de earste dy syk wie en maaityds de lêste die wer better wie. Letter doe ik nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert gie, ha ik yn de 1ste klasse nog in wike syk west. Letter en dat is oan no ta ha ik nooit de gryp hant. Wol ferkâlden, mar dan gong it wurk troch. Allinne, doe wie ik 58 jier krige ik hernia, der binne yn it sikenhûs foto´s fan makke, mar dat is nooit wer better wurden. Ik ha er nog wil faak lêst fan hant. En gefolch der fan kaam de klappoat, en troch dat ding kin je sa hearlik horizontaal de dyk oer saaije en as dan it kopke nog wat ûnfeech de dyk rekket, is de boat forgoed oan. Letter ik roun al nei de tachtich, spylje de âld poat wer op en hwer nei Ljouwert om in foto, mar de terapeut hat it wer foar elkoar krigen. Mar in skoft letter kaam Haaima noch mei de útslag fan ´e foto en hy sei: ,,It stiet er mei Jou net bêst foar”. ,,De rech, de heupen en it bekken it is in rommelsoadzje”. En der leef ik nog mei. En doe letter krige de âlde rikketik kuren, dat it fietsen stiet op in leech pitsje. As it waait kin ik wol thús bliuwe. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 41
42 Online Touch Home