78

Beskriuwing springtij giet oer eartiids en wol yn Wierum yn it noarden fan Fryslân. It giet oer it fiskersdoarp en it libben as fisker en fiskersfroulju. (foto boek en portret fan Abe Brouwer) Nog wat forgetten gebeurtenissen tusken ± 1920-1930. De wetterleiding moast nog komme en yn droege simmer rekke de reinwettersbak leeg. Mar by de tsjerke mat in hiele mânske reinwetterbak wêze, ik ha er nea fan heard as de leeg wie en der stie in pomp op, die it wetter der út pompte. Bij de hûsbakken hellen wy it wetter der mei de aker út. De aker wie in betrekkelyk lyts amerke oan in ein tou, de aker op`e kop yn de bakje sakje litte en dan fol wetter wer op helje. En dan moarns tusken 11 en 12 ûre stie de kosteres, âlde Jeltsje KammingaSwierstra klear by de pomp en dan krige ieder gezin 2 amers reinwetter mei nei hûs. Soms kaam er ek in boer om wetter, die hie dan it wetter yn de molkbussen. En by de selde âlde Jeltsje helle ik Sneintemoarns de toerskei op, om yn de toer de klok te lieden, ten teken, dat it die Sneintemoarn preek wie yn tsjerke. Pake wie doe poestertrapper wurden en dêr hearde ek it klok lieden bij. En it gebeurde ek wol, dat Pake Sneintemoarns in forgadering, dan mast ik ek nog efter it oargel sitte op de kreake. Organist wier meester Goodijk. Bij in Oranjefeest roun ús Rinske as lyts famke mei Klaas van Douwen, in burgemeesters soantje, yn de optocht mei as Pere en Brette. En in hiele ere foar Wytse-Anne, tink ik sa by my sels. Brandsje stoke by trouwery en sa lang troud wêzen. Tyden foar de tyd hellen de bern alles wat brâne woe al op en dat waard measten tyds by bakker Keestra op burgen. Die feesten hierne meast yn`e meimoanne pleats en it moast al wat skimerig wêze, foar dat wy er de brân yn stutsen. En machtig moaije brân hierne wy op de Kamp, âlde Jentsje en Sebeltsje Grouwstra wierne sa lang troud en we hierne in moaie greate brân bult en de grutse jonges founen nog wat takkebosken op it hiem fan Petrus Kalma, dat njunken lytsen stie er al in beam, die der yn de sleatswâl groeide ek al yn`e brân. En dan waarden wy ek nog trakteart op in gleske frisdrank en in stik oranjekoek. En ek 78 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

79 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication