Yn Ljouwert binne wy net lang bleaun. Wy forhuzen al ridlik gau nei Assen yn de kazerne. Yn´e hjerst wer forhûzje, wy bleaun yn´e buurt, nei de grinzen yn Drinte en Oerysel. Ik kaam yn De Krim te lânne yn de buurt fan Koeforden. En in kâlde winter, wy rounen op klompen en wy leinen yn in âlde skoalle. De kachel brânde dei en nachts troch en de klean die we nachts foar it sliepen út diene leine wy wer op de tekkes op waarm te bliuwen. En om de safolle tyd mochten je dan in nacht nei hûs, ik pikte er út, troch nog wol is in nacht by soks matje altyd allinnig dwaan. Net mei 2 of 3 man. Ik hie altyd krampen, as ik thús bleaun en dat forlegje giet net foar trijje man op. Jouns gongen wy ek wol út koffiedrinken nei burgers. Ik wie dan meastal mei Piet Bakker út Snakkerbuorren op stap. Wy hierne ús kommen by in jong steltsje, leeftyd genoaten, en ik hear it dat wijfke nog sizzen: Komme jullie nijje wike dan en dan te koffiedrinken, want dan is it swyn slachten en doe waarden we trakteard op bloedwoarst en werkelyk overheerlyk! En letter de oorlog wie al lang dien, wy ris bloedwoarst bestelle by de slachter, mar noait wer. It like het op die fan út Drinte. Mar ik dizze oarde bleaun ús fêsteplak net te wêzen, yn´e maaityd binne we wer fortgean en kamen gâns fierder fan hûs. We kamen yn de Betuwe telânne en Buren wie it plak, der de staf fan ús soldaten lei. Wy kamen, dat wierne ± in 20 man yn As telânne en waarden ynkwartierd by in boer en krigen as sliep- en wenplak de graansolder fan de pleats tawyst. In goed plaken en sa frij as in fûgel. Ik hie der de mobilisatie wol troch bringe wollen. Piet Bakker en ik waarden timmerman fan de compagnie. En dat begoun mei it yn rjochtsen fan in poep installatie foar de soldaten. Want my mochten gjin gebrûk meitsje fan it sanitair fan de boer en dat wie ek wol goed, mar wy moesten al wat ha, wer wy te rjochte koene. Der waard in greate gleuf green yn it appelhof. Fjouwer peallen yn de groun, der oer in balke op knibbel hichte en dan sieten we moai yn de bûtenloft te stinnen en wie de gleuf fier hinne fol, dan forhûze it hele spul in eintsje fierder it hôf yn. Ik hie dit nooit earder mei makke en ik nooit fan heart, it wier poer nij for mij. Mar je koene erwol mei libje. 58 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014
59 Online Touch Home