18

Hartman stiet, mar doe wie it noch in stok âld gebou. Mar yn die tyd wierne De Groot en vd. Wal út Jorwert de slachters fan Mantgum. De slachters sutelden yn die tyd noch mei de transportfiets mei de koer foarop yn de wyte kiel. Mar hoe folle wietkielen der net yn Mantgum kamen stiek net sa nou. Ut Weidum, 2 út Jellum, Reduzum, Boazum, Dearsum, Littens en Stienstra út Snits. Se hierne 4 bern, 3 jongens en 1 famke. En koene allegear tige leare. De jonges binne alle trijje timmerfeint wurden en letter troch selfstudie learaar oan de ambachtsskoalle. De âldste Auke waard letter noch direkteur fan MiddelbaarTechnische skoalle yn Haarlem. Om Mantgumur merke kamen de beide âldsten noch geregeld oer en fielden har dan wer tige thús by harren âlde doarpsgenoaten. Ruurd, dat wie de 2de soan en die wie learaar yn Alkmaar en wie ek mei in Mantgumer famke troud en die ha 1 soan krige en die is letter dokter wurden, mar die ha ik nea sjoen. Mar mei Ruurd ha ik al is yn Mantgumer merke de priis woun. Om priis en premie tsjin Willem Jellema en wy woune it beide winne. Njunken lytsen 5 earsten en 2 gelyk wy steane op ´e stuit, ik slaan op in lyts keatske fan in meter as fjouwer. Doe moest Ruurd opslaan bij de middelline Jan, seit Ruurd tsjin my, hwant ik wol mei 6-2 foar ús nei de krite. Nou, sei ik, dat scoe net gek wêze, want dat keatske kinne we beide foarby. Mar hy krige gelyk, de earste bal sloeg er oer Willem hinne, die slag hie er foar it lêste earst bewarre en doe er nog yn tusken ien, dat wy stierne op roazen en ik sels sloeg it keatske nog foar by. En sa bliid as hierne we de PC. woun. En doe ha we nog even neipraten by in glêske bier. Wy bliuwe achterhûs Bouke en Grietsje ,,Kamstra” wierne al stokâld doe wy der kamen. Mar yn it middelste hûs wennen Andries en Tiet de Groot mei har dochters Trijn en Evertsje, beide skroar en Trijn wie kreupel, mar die gong in soart foart te naaijen by de boeren lans. Se kaam ek by Schukkens yn Hijlaard. Der wie ek in soan en die wie by de politie recherceur yn Enschede en yn de oorlogstyd fertoefde Evertsje der ek en se hongen tige de Dútse kant oer. Letter ha ik der nooit wer praat oer heart. Yn it lêste hûs wennen doe, Hindrik en Jintsje vd. Ploeg mei 7 bern, 3 jongens en 4 famkes. De âldste soan is yn de mobilisatie 14-18 op 20 jierige leeftyd stoarn oan longontstekking. De jongste soan hat as monteur by de P.T.T. wurke, maar waard letter fakbondbestjûrder fan it N.V.V. Alde Andries de Groot hat tot myn 14de jier myn kapper west. Earst waard er der alles ôfroetst, mar doe wy wat te sizzen krigen, moest der in ponny stean bliuwe. Mar wy skikten it al, dat wanneer de Dirkje parren ryp wierne, wy al nei de kapper moasten. Hwant as wy dan knipt wierne, krigen wy in protsje parren mei nei hûs. De earsten oan de foarkant wierne de femylje Haaije en Oeke van Dellen-Napjus. Haaije kaam oorspronklyk fan Surhûsterfeansterheide, in wâld man dus. Mar dat koe je net mear oan him heare. In ´14-´18 wierne der 3 soannen ûnder tsjinst, 1 jonge van ± 18 jier is jong forstoarn, 2 jongens en 1 dochter binne nei Canada emigreert en ien fan die jonges is der ek nog jong forstoarn. De âldste soan is yn Mantgum wenjen bleaun, mar hjoed de dei is er gjin van Dellen mear yn Mantgum. Sweare en swetse 18 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication