stoamboat en gjin mins die it sjoen hat. Hy wie oars noait de lêste, die nei hûs gie fan de beurs, dat is in groepke pratende manljue, mar dat hat grif doe al sa west, want hy is de forkearde kant útroen. En doe hat Beppe ek net sa lang mear libbe. It erfstik wierne 4 kop en pantsjes en die ha wy as oantinken ieder in stelsje fan krigen. Ik wit fan thee- en koffiedrinken neat mear ôf en koeke- of koekjes ik ha er gjin idee oer. Mar it hûske stie bomvol yn´e keamer, dat it scil der grif wol stonken ha. Mar de hweromreis wie op sich ek wol moai Douwe Duvel wachte ús al op. Spande it hynder mei Heit wer foar ús wein en dan gong it mei fliegende feart op nei Mantgum. Dat âld hynder woe wer nei hûs en it earste ein oan de Raarderdyk ta gong it woest, it fjûr fleag út de stienen fan ´e strjitwei. Dan stutsen wy net mear oan. Ik wit net mear hoe faak as wy der hinne west binne. It moalweintsje, der ha ik noch wit hoe faak mei Joh. Meintema mei út riden west. Sutelje mei boadskippen en fefoer de hegedyk del en dan moast ik op it hynder mei de namme ,,de bles” passe. Op de stange foar by Heit op´e fiets en wat hat die iene poat my wol slipt, as ik dan wer fan de fiets stapte. De iene kear gongen wy nei Snits, nei in Internationale keatsparty, der kamen de Belgen te keatsen. Doe Pake yn Mantgum kaam te wenjen, hie er nog nea in keatsbal sjoen, mar hy is er al mei begongen en hy hat it ek knap foar de slag krigen en hat mei leden keatsen en de merke wol gau ris wat woun. It foart gean mei ús Heit koe net sa faak. Hy hie om trijje of fjouwer wike mar in frijje Snein en dan moast it waar ek noch meiroleare, dat sadwaande gebeurde it net geregeld. Mar út en troch kamen wy ek yn Akkrum der wennen 2 broers fan Pake. De iene wie Omke Roel en Moaike Rinske en dochter Akke, mar die wierne folle âlder as wy. Omke Roel wie doe molkrider en gong op nei richting de heabrêgge en op de hweromreis stuts er oan by herberg de heabrêgge, de hynders in topke gêrs en Omke in tripel-sekje, in soarte likeur. Dat wurdt wie super nij foar my en it wie wol 30 jier letter, dat ik it wer neamen hearde. Dat wie yn in toneelstik, dat spiele waard yn Ljouwert. En dan seinen we foardat wy nei hûs gongen. Omke Romke en Moaike Gees nog dag. Die wennen doe al yn Coopersburg. Coopersburg te Akkrum 32 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014
33 Online Touch Home