52

nei it station der oer de rails en seintrédden kneppelje, doe nog oer in greppel mei wetter springe, wer ik net droeg oer hinne kaam en doe nei de pleats, wer ´t de fam. Terpstra nou wennet. Der stie fe op ús to wachtsjen en wer we de rest wei helle wit ik net, mar we binne mei fjouwer ofreizge en ik yn Ljouwert oan-kaam. Doe we se op de femerk ôflevere hierne, moesten de fe keapljue harren der fjirder mei rêdde. Wy gongen nei de herberg, Aant in kop koffie en ik fosco mei in lange finger en dernei bin ik nei it station gien en in spoarkaartsje koft nei Mantgum ta en nei it frykertier bin ik nog nei skoalle west. En Sneintomoarn kaam Haaie del mei in silveren ryksdaalder. En doe forkoft Pake Eelke in kou oan de slachter in Ingelum. En dat ha Omke Willem en ik opknapt. Omke de kou oan it tou en ik hie de fiets fan Omke Willem, die moest ik oan de hân mei nimme en dan koe ik werom op de pakjedrager sittend wer thús komme. En dan nog as klap op de vuurpijl mei fe fan Dikke H. Schuurmans fan Mantgum nei Reduzum midden yn de buorren by de haven it lân yn. Wy hierne de fietsen mei en it fe roun los. Wy ha grif mei ús trijjen west, 2 man oan iedere side ien en een der achter oan. Om in ûre as 2 nachts foart, it moest sa stil mogelyk op de strjitroed wêze, mar der wier nog hast gjin auto forkear. It measte kabaal wie nog yn Reduzum, der waard nog wol is in rútsje iepen draait. Kij wat skiete en balse en it wie op in nuvere tyd. Yn die tyden dreaunen se wol keppels kealle, wol 100 tagelyk fan it iene femerk nei de oare en der wierne mar in pear manljue by. En ek hynders, soms 3 achter elkoar festboun gongen sa fan merk nei merk. ± 1930-´40 Om dy tyd stie er nog, wer nou it earste hûs stiet, in koumelkers spultsje en bewenne troch 2 hûshaldings. It waard bebourke troch de gebroeders de Jong, die sels yn in great hûs oan de Nijje Streek wennen en haren arbeider wenne yn ien fan de wenten fan de koumelkerij. En dan in de neisimmer as de úngetiid berêdden wie, kaam de rûchskenne oan ´e beurt. En dan kamen de trijje heerboeren fan de Gebroeders yn ´t spier. Alle trijje mei hynder en wein, ien sels mei 2 hynders der foar om de wein út it steal te lûken en 1 of 2 man personiel foar it lâden fan de weinen. De boeren sels hierne sittend wurk. En dan stie boer Siebren v.d. Hem by him op it foarhiem en seach it behear is oan en spruts dan de historische wurden ,,De Hoorigen en Lijfeigenen treden aan!” Pleats fan Van der Hem op ‘e Kamp 52 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014

53 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication