53

Foarfaltjes út de famme en feinte tyd Op Moandeitojoun waard der folk roppen en ik gong nei de doar en der stie Romke Brink út Bears by de doar mei in pear skoan yn´e hân. Dat ik seag forheard op, ik hie nea heard dat die skoanmakkersfeint wie mar det lêste kaam ek wol goed út, hy wie ek gjin skoanmakkersfeint, ik tink dat er toen nog by de boer wie, mar hy is letter grienteman wurden yn Weidum en letter emigreert nei Australie. Mar Romke hie de sneintojouns ús Rinske thúsbrocht en hat fermoedelyk net sokke noflike skoan oanhand en hat die út dien en die binne njunken ús heit sines ûnder it kammenet del setten. En der hat Romke net oer prakkeseard en die hat doe er foart gie, der in pear skoan wei snipt, mar tafallig al de ferkearde. Mar sadwaande wie hy Moandeitojoun al wer yn Mantgum om de skjoen om te ruiljen. In oare kear stiet Heit de moarns om 5 ûre ûnder oan de trep te roppen. Famkes, wer ha jim de kaai fan it hok litten, want ik kin myn fiets net krijje. Mar dat wie al yn it tydperk fan Roel en Jan, mar wa de kei nou mei nommen hie, wit ik net mear, mar Pake Wietse is rinnend nei Skillaard gien. En as Beppe mei frege, hwer hast stou justerjoun úthongen, sei ik stefêst even by de reade peal stien. En der hat ek wol is sa west, dat er jonges die by Mantgumer famkes forkearing hierne in tyd ôf sprutsen om nei hûs te gean en dan wie trefpunt altyd de reade peal en dat in electrische ljochtpeal by de toer. Soms wierne er wol in mân as 7. Dat hat yn de tyd hwest, dat ik myn komst op de hegedyk by Rom en dan trof ik Pier die by Houk wei kaam en Anne Okkinga die by Pietsje terug kaam. In ritsje mei de haaiwein of fearen nei Beetsersweach. Dit forhaal heart nog by myn jongestyd en der bin ik nog mei Heit hinnewest, in almachtig ein foart. Heit en ik, moai tegearre foar op foar krekt, in los sitbankje foar op de haaiwein. En dy haaiwein op fearren, die ryd fol nofliker as de oare gewoane haaiweinen, die skokten sa, der krigen je pyne yn´e syde fan, en ik letter nooit wer sa haaiwein sjoen. Ik tink dat we de heledei wol ûnderweis west ha. Doe we yn Raard wierne, moest ik al fan ús Heit in pakje Nikkel of B.Z.K. prûmtabak keapje en letter ha wy nog by in herberg oanstutsen en der stie in fûgelhou mei in putterke, dat wie de namme fan it fûgeltsje en dat bist luts mei syn poatjes in amerke omheech, wer syn fretten ynsiet. Dit wier pûr wat nys foar my. En troch Akkrum en Oldeboorn, folle greatere doarpen as by ús en doe is Beetsterlân in earmoedige bedoening der mei âlde arkjes, sommige leine al op´e wâl en doe kamen wy yn Beetsterswaech it doarp mei minsken fan adel. Mei hûzen as kastelen en wy moasten by de pastorie wêze en wy moasten by Ds. Kalma wêze, in broer fan frou v/d Hem, de boer wer ús Heit wurke. Der moasten wy in ledekant hinne bringen, dat kaam by syn âlden wei. Mei it ôfladen hierne we net lang wurk, ik moast om it hynder tinke en Heit tôge it spul nei binnen. Mantgum 2014 fertelsels troch Jan Bijlsma 53

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication