It Auke Sierdsma Skoallefeest Auke Sierdsma wenne yn´t hûs, wer Omke Willem lang it postkantoor hant hat. Hy wie troud mei Aaltje Postma en die wie in moaike fan Wieger Postma. En hiene gjin bern. Hy boarke yn it spultsje fan Jan Sierdsma, nou wenje Henk en Jeltje Schuurmans der en Haaie van Dellen wie syn arbeider. En doe se 25 jier troud wierne, joegen se de skoalbern in great feest mei draaimole en spultsjes dwaan, krekt as mei de merke. En as ik oer Auke Sierdsma tink komt my altyd de namme fan syn hynder en dat wie ien fan de bêste hurddravers fan Nederland en har namme wie Adrika. Har pikeur wie Marten Siderius út Ljouwert en se gongen selfs nei de Maliebaan yn Den Haag, om der mei te dwaan oan de draverijen. En Auke Sierdsma siet ek sels wol op de sulky en dan trainden se meestal op de sintelreed nei it nijlân. Yn de beijetyd ha ik der wol gau ris hwest en ik wol mei Suster Froukje te reade beiën sykjen en krûsbeiën wierne der ek genoch. Hy wie ek ien fan de earsten yn Mantgum, die in auto hie. It wie in soart taxi, de chauffeur siet nog heal bûtendoar, de sydkanten wierne iepen. De auto hie in swarte kleur en it wie in moai gesicht om nei te sjen. Dat donkere swart, ôfmakke mei koperen lampen. Mar hy hat er net in soad kilometers mei riden, ik tink, dat er him er technisch net mei rêdde koe. Mei Geart en Pier Fopma, Lammert de Vries ha wy in soart tiid mei it keatsen tonein brocht. Mei it jongeskeatsen ha ik de priis woun yn Jorwert en Bears en de premie yn Jirnsum. Die prizen wierne doe meastal jild. Yn Akkrum woun ik mei Hindrik Jepma en Hindrik Jongstra de 3de prys mei in Afd. wedstryd fan Junioren. Wy sloegen de 1ste omlopen foar de wyn op en ik leverde ballen heech op oan de kweiline ta, dat wy sloegen Arum en Frentsjer er ôf, mar doe draaiden se de perken om en doe wie it gebeurd. Pikeur Marten Siderius 36 fertelsels troch Jan Bijlsma Mantgum 2014
37 Online Touch Home