17

januari 2021 17 De ljochtsjes brâne! It like der earst net op dat we it wer foarinoar krije koenen om in skûtsje dit jier wer yn de ljochtsjes te setten. Nei it ferstjerren fan Peter de Koe hienen de neibesteanden wol oare saken oan ’e holle, as oan ús fersyk gehoar te jaan. Aldergelokst hat ús doarpsgenoat Geert Jan Goedhart ús út de brân holpen om syn skûtsje hjirfoar beskikber te stellen. Yn dizze tsjustere dagen, sa oan ‘e ein fan it jier jout it in moaie sfear yn dizze tiid. Foaral no’t we mei syn allen te krijen hawwe mei de omstannichheden fan de Corona pandemy. Der komme fêst wer oare en bettere tiden as no. Dêrom kinne we, sa as oare jierren, ek no wer fan de sfear en de ferljochting genietsje! De Wietwetterklup Mantgum winsket jimme allegear in goede jierwiksel en in sûn en goed nij jier ta! Rinse S. de Groot Foto: Adrie Jansen

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication