56

56 Mandegoud De krysthazze Fansels haw ik al lang en breed yn ‘e rekken dat der eat bysûnders yn ‘e loft hinget. Soks bespeur ik daliks oan alderhande maneuvels. Yn it foarste plak komt it kofjeapparaat mei de waarmhâldkanne út de kelder nei de koken. Dat is fêste prik foar eltse jachthûnetraining mei Frou. Faaks hat sy dan sels har ‘bûtendoar-ornaat’ al oan. In aldendeiske wurkbroek en benammen yn dizze tiid fan’t jier is se foaral lekker waarm oanklaaid. It flutterjurkje dat Frou no lykwols oan hat strykt dêrmei as âlde hoassokken. Ik begryp der neat fan! Mar rillegau komme de pipen út de sek: “Giet Afke hjoed mei de baas mei?” Fansels giet Afke mei Baas mei! Ik strûs efter him oan nei de auto ta en wip yn ‘e kofferbak fan syn nije bistedokterwein dy’t gjin gelûd makket. Nei in tút swaait Frou ús út en ropt se Baas nei dat er foarsichtich wêze moat. “Jawis!”, andert er. Wat in ferrassing, it sil my benije wat der no barre sil! Baas sjongt of fluitet ûnderweis altiten lûd mei de kabaalboks mei. Dat docht my suver sear oan myn earflappen, mar ik hâld my goed. Ik lit it oer my hinne komme en jou mysels del op myn hûnekessen. Nei in skoftke hâldt it fokaal op, beweecht de auto net mear en binne we blykber teplak. At ik oerein kom sjoch ik dat wy by in grut fjild oankommen binne. Neffens my bin ik hjir noch nea earder west. Der steane in stikmannich fan dy ûnbidige weinen sa’t âldbaas Pyt ek hat. Ferduld noch en ta, it mist my net dat er dêr omspaant. Mar dan is ús mem der faaks ek! Ik reitsje optein en begjin útwrydsk mei myn kwispel te giseljen. Yntusken docht Baas de efterflapdoar iepen en mei ik derút wippe. Ja hear! Ik begroetsje daliks âldbaas Pyt en ús mem fansels. Mar och heden noch en ta! Myn fiif bruorren Abe, Epke, Foppe, Hylke en Gurbe binne der allegearre ek. Wat in feest! Wat in geweldich famyljebarren! Gysten rauze wy troch it fjild om inoar hinne. Baas en alle nijbazen litte ús balstjurrich úttjirgje, oan’t wy troch âldbaas Pyt ta de oarder roppen wurde. “Ties, sit!” “Oskar, hjir!” Ties? Oskar? No wist ik wol dat Abe en ik de iennichsten wiene dy’t harren eigen namme holden hawwe, mar wat klinkt dit stom! Wat alderûnbidichst stom... Mar hokker rook krij ik no ynienen yn myn noasters? “Jimme binne let, wy binne alfêst begûn”, hear ik âldbaas Pyt sizzen. En dan sjoch ik se lizzen. Ik wol der wol daliks hinne te gnuven, mar dat kin

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication