Januari 2023 51 Us mem – ek in Loltsje – wie freondinne mei Loltsje de Boer. Sadwaande holp ús mem sawol Rutger as Loltsje sa no en dan, as de need it heechst wie. Mar yn trije jier tiid hie Rutger 4 húshâldsters oannommen en ek wer ûnslein. No koe ús heit slachtsje, en der wie wolris in ‘dealûker’, dat sadwaande koene se dêr dan wer mei inoar fan ite. Mar Rutger hie it lykwols dreech mei 8 bern en it fertriet om it ferstjerren fan syn Riemke. Sadwaande die Rutger syn beklach wol ris by ús mem. Doe sei ús mem tsjin Rutger: “Sjoch ris by Loltsje de Boer, dy hat ek 8 bern en wit ek net hoe’t se troch de tiid komme moat.” Dat like Rutger wol in goed plan. Loltsje en myn mem bepraten ek soksawat, en ek Loltsje like it goed ta. Earst mei elkoar prate en dan ris sjen wat mooglik is. Boer Rutger rôp “Folluk!” by Loltsje har doar en hearde “Kom mar fierder.” Dat hy kaam der yn mei syn sneinske klean oan en ek Loltsje hie har moai ferklaaid. Nei wat hinne-en-wer gepraat oer it waar kaam Rutger mei in foarstel: “Do kinst mei dyn bern wol by my yn komme te wenjen. Ik ha 8 bern en dy ha allegearrre in moai plak.” Loltsje sei: “Mar ja jonge, ik ha ek 8 bern, wêr soe’k dy litte.” Rutger hie syn ferhaal klear: “Wêr’t 8 bern lizze kinne, kinne wol 8 bern by. Mar wat ynskikke soe’k sizze.” En sa waarden se it iens. It libben waard wat nofliker, de beide minsken pasten moai by elkoar, en nei in pear jier binne se ek noch troud. De gearfoege famyljes binne sûnt dy tiid as ien famylje troch it libben gien en harren bern binne letter útflein oer de hiele wrâld. Teake Oosterbos Neiskrift: In singelier ferhaal oer 2 húshâldings mei elk 8 bern dy’t elkoars paad krústen yn it minst fan de tiid nei de bankenkrisis fan 1930. It spile him ôf op de Hegedyk en yn Mantgum. It ferhaal ha ik meikrigen fan ús heit en mem, broer en suskes. Dit ferhaal ha ik neifrege by Coba Fopma, dochter fan Wouter en Djoke en pake- en beppesizzer fan Rutger en Riemke. Ek Loeske de Boer hat it ferhaal as pakeen beppesizzer fan Jehannes en Loltsje befestige. Letter die bliken dat Jehannes de Boer in frou yn Hollân troffen hie, dêr’t er letter ek mei troud is. En ek dêr binne 4 bern berne. Nei de oarloch, doe’t better tiden oanbrutsen, hat Jehannes syn bern en bernsbern elk in legaat neilitten fan 1.000,- gûne. Hy wie se dus net fergetten! Rutger Fopma syn bern: Rinske, Geart, Afke, Hennie, Henk, Ruurdsje, Froukje en Wouter. Loltsje har bern: Roel, Jeltsje, Cobe, Anne, Finne, Oane, Sibbele en Jolle.
52 Online Touch Home