53

Januari 2023 53 Plan Boppeslach En dan binne we al wer oan de ein fan 2022… We sjogge werom op in jier wêr’t in protte bard is! Der stiet in multyfunksjoneel sporttastel. It baggerdepot kinst net werom!! In nij kuierpaad, in kabelbaan, in klimpyramide en in steiger fleurje it hiele gebiet op. Dêrnjonken is ek de pui fan de Wjukken gâns feroare! Hoe soe dat no aanst wêze? At it aanst moai waar is en we op it terras sitte kinne fan de Wjukken en de pui iepen stiet? Wat in protte minsken ha harren frijwillich ynsetten om alles te realisearjen! De loungebanken en tafels op it terras fan de Wjukken binne boud en ferve. De kessens foar op de banken binne naaid. Der ha in soad minsken oan it snoeien en beammen plantsjen west. GEWELDICH! Mar we binne noch net hielendal klear. De kommende tiid sil der noch in klimtoer en volleybalnet komme. Der is ek in byld fan Hein Mader yn oantocht en it terras fan de Wjukken sil noch fergrutte wurde. Dêr sille jimme wis fan op de hichte hâlden wurde yn de Mandeguod en sjoch oars ris op ús webside (www.boppeslachmantgum.nl) of facebookside. Hawar, in lytse update foardat we it nije jier yngeane en ús yn 2023 ferwûnderje meie oer de groei fan alle beammen en planten op “it âlde baggerdepot”. Lit de bern der aanst mar hearlik boartsje, sa as sy it neame, yn ‘Park Boppeslach’ en lit âld en jong de gesellichheid fine yn én rûn de Wjukken. Wurkgroep Plan Boppeslach

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication