61

Januari 2023 61 En dy stiet no ek wol goed yn de krekt skildere gong njonken in borduurwurkje fan skoanmem Roelie. Dan noch op in oare muorre fan it hok “Ook hier koelt een Mueller melkkoeltank”. Dat hong eartiids op de doar fan it tanklokaal by Jan thús. Dizze komt dêr net wei, want ja, wannear sjochst wearde yn dy dingen. Dit buordsje is opdûkele op ynternet nei lang speurwurk oant de fabryk ta fan Mueller sels. Yn de keuken hingje allegear boarden, dat is in samling fan de kringlooptochten. Sa no en dan komt der ien by of ik ferfang ien. No ‘t ik wat âlder wurd, lykje ik ek fan prullaria te hâlden. Sa sjochst mar wer: alles hat syn tiid. En dan fansels noch in foto fan Joanne en Jesse. Dit wie it dan yn fûgelflecht by ús muorren del. Hanneke Hempenius en Jan Heida. Joke Wester fertelt takomme moanne wat der by har oan ‘e muorre hinget.

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication