4

As om 1 desimber hinne der op it ein fan de iisbaan in trekker stiet te brommen om it wetter yn de iisbaan te pompen, dan is dat wer in teken fan it begjin fan de winter. It ein fan al wèr in jier… Mar wês earlik, dat hat ek syn sjarme. It is ek de tiid dat de ljochten betiid oan kinne: om goed 4 oere middeis is it ommers al hast tsjuster. En miskien ha jim it ek al sjoen: op de hoeke fan de Mantgumerfeart by de Wjukken leit wer in ferljochte boat te pronkjen. Ferline jier lei dêr net in boat, mar de Wietwetterklup hat dit jier wer in boat sjarterje kind. De ledljochtsjes dogge it noch altyd prachtich – der wie sels noch in pear meter koarde mei ledlampkes oer, want dizze boat is justjes behindiger as it skûtsje fan eartiids. Mar moatst tajaan: it is in feeëryk taferiel. Ek in fêst fenomeen as ôfsluter fan it jier is de Hassiebassie-tocht. Al ferskate jierren set in ploech entûsjaste minsken dit evenemint op om weesbern yn Kenya te stypjen. Sa binne der in hiel soad minsken dy’t harren ynsette foar it doarp: de sportklups wurde droegen troch frijwiliigers, de boarterstún wurdt opkreaze troch in ploech wrotters, de fûgelhokjes oan de beammen wurde fersoarge troch Rinke en Sake, en sa drage tal fan minsken by oan it libben hâlden fan ús doarp. Ek al is it soms allinnich mar mei in lytse finansjele stipe, alle bytsjes helpe. En ek al boartsje jo net mear yn de boarterstún en ek al komme jo noait op de iisbaan, it is moai dat Mantgum al dy foarsjennings hàt. Wês dêr grutsk op! 4 | Mandeguod januari 2025

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication