4

4 Mandegoud Alle moannen wurdt by alle huzen yn Mantgum in Mandeguod yn de brievebus treaun – hoechst der neat foar te dwaan, hoechst der gjin abonnemint op te nimmen, hoechst der net foar te beteljen en de frijwilligers soargje der foar datst ús doarpskrante omende-by de earste fan de moanne krigest. Mei nijsgjirrige en mear of minder wichtige nijtsjes. Hielendal aktueel binne we yn dizze tiid fansels nea, dat is tsjintwurdich mei ynternet ek net mear te realisearjen. Mar dêr giet it faak ek net om: it giet om ‘human interest’, om saken dy’t Doarspmienskip witte litte wol, aktiviteiten fan alle ferienings, ynformaasje fan de skoalle, en folle net genôch. Wis, je kinne ek op ynternet fan alles en noch wat opsykje, mar mei Mandeguod krigest fan alles wat te witten sûnder datst op ynternet hoechst te surfen. Ien ding knypt wol ris wat foar ús as redaksje: we wolle net in ‘kommersjeel reklamebledsje’ wurde. Sa no en dan helje we in ûndernimmer út it doarp foar it fuotljocht, en we besykje dan dêr in ynteressant ferhaal fan te meitsjen sûnder dat it in reklamestik wurdt. Tajûn, it is bytiden spitsroeden rinne, de skiedsline tusken reklame en net-reklame is tin, en der is fansels ek in griis gebiet. Wy ûntkenne net dat we wol ris oer de râne kiperje wat dat oangiet… Mar we besykje dochs foaral om in neutraal ferhaal te bringen. No binne we fansels ek ôfhinklik fan de bedriuwen yn en om Mantgum hinne, want sûnder harren fêste advertinsjes soene we it finansjeel net oprêde. Dat jout ús ek in hantfet om sa no en dan of by in spesjale gelegenheid in ûndernimmer nei foaren te heljen. Doarpsmienskip is ús oare fêste ‘sponsor’ – Mandeguod is offisjeel ek in útjefte fan Doarpsmienskip, foar bepaalde ûnderwerpen ha we dan ek oerlis mei Doarpsmienskip. Wol immen in kommersjeel berjocht yn Mandeguod pleatse litte, dan wurdt dêr uteraard gewoan foar betelle. Prakkesaasjes fan de redaksje

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication