49

Februari 2023 49 Wat hinget der by ús oan de muorre? Te begjinnen mei in krûderekje, hiel handich en fan grut belang om lekker iten te sieden. Dan in spegel, elkenien wit dat dat handich is. Wy hawwe der ien yn ’e gong mar ek yn de keamer en krekt dy spegel jout oersjoch oer it hiem. Sis mar in pear eagen op ’e rech. Dêrmei is der sicht op ’e tún en de oerkaping yn de tún. Yn de oerkaping hinget de sinne oan de muorre, fleurich en blier. Yn de fakânsje mei Jan en de jonges kocht op Kreta. In moai oantinken, mei syn allen troch de Samaria Kloof rinne en hearlik op in terras yn in Gryksk úthuchtsje ûnderweis mei in protte keramyk, wêr’t wy de sinne as moai oantinken kocht hawwe. No hinget dy dus moai yn de oerkaping mei de sinnepanielen op it dak en de loungeset dêr ûnder. Fierder hinget der in print fan de Rolling Stones. Jan is in great leafhawwer fan dy band en hy hat gâns wat konserten besocht.

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication