Skillaerd nûmer 9 Diskear gong myn paad nei de pleats op Skillaerd, wêr’t de Odinga’s jierrenlang wennen. Nûmer 9, de op ien nei lêste pleats op Skillaerd. Sûnt in goed jier wenje Dick en Annet Soede op dy pleats. Mei 40 skiep, 2 Fryske hynders en Polly en Pip, de twa swarte hûnen. Hoe binne sy eins op krekt dìt plak fersyld rekke? Wel, Annet hat eins in rûntsje troch Nederlân reizge, en Dick is yn de rin fan de tiid mei nei Fryslân kommen. Annet komt oarspronklik nammentlik út Frjentsjert. Dick komt fan in pleats yn Baambrugge 22 | Mandeguod februari 2024 (“Ten zuiden van Amsterdam, mijn broer is nu nog bio-boer op de boerderij waar wij zijn opgegroeid.”), en doe’t se beide yn Utrecht studearren, wiene se húsgenoatsjes. En dat is dus sa bleaun! Annet studearre destiids oan de Hogeschool Utrecht foar de Leraren Opleiding Gezondheidskunde. Fóár dy tiid hie se agogysk wurk dien yn Ljouwert. Dick studearre dêr diergenêskunde, en doe’t hy yn Woerden in baan as feedokter
23 Online Touch Home