krige, ja, doe waard Annet – as frou fan – de ‘achterwacht’ fan Dick. “Mei in piper yn ‘e bûse, as ik dan oppypt waard, moast ik sa gau mooglik nei hûs of nei in telefoansel om te sjen wa’t belle hie en nei hokker boer Dick dan wer moast”, laket Annet. Yn it tsjintwurdige mobyltsjetydperk is soks gâns makliker: de boeren belje Dick rjochtstreeks en Annet hoecht net mear mei in piper yn ‘e bûse te rinnen. Sa ha se 10 jier lang yn Woerden wenne, yn in nijbouwyk hiene se harren eigen hûs boud en harren 3 dochters binne dêr berne. Mar eins waard Annet doe ûnwennich fan Fryslân, en doe’t Dick in baan krije koe by de bistedokterspraktyk ‘It Griene Hert’ yn Wommels binne se nei it noarden ferhuze. “Bovendien”, fertelt Dick, “ik ben er voor de koeien, en hier zijn er natuurlijk veel meer koeien dan in de omgeving van Woerden.” Sa ha se har nei wenjen set op in pleats oan de Boskdyk yn Winsum. “17 jier ha we dêr mei plezier wenne”, seit Annet. “In soad sels ferboud, en ik hie ek in lytse Bed&Breakfast-ferhier yn it bygeboutsje dat op it hiem stie.” Boppedat hie Annet ûndanks it drokke bestean mei-de-piper-yn-de-bûse altyd ek noch wol in eigen parttime baan derby. Wol gauris in baan yn de moadebranche. Har lêste baan wie bygelyks yn in moadesaak yn Stiens. Mar ja, mei de koroana-perikelen hold dy baan op. Dick hie yn Winsum ek al skiep en hynders – mar by de pleats yn Winsum wie úteinlik net safolle romte, net allinne fanwege it fee, mar ek fanwege de trekkers en oar materiaal dat faak anneks is mei it hâlden fan fee. Doe’t de pleats op Skillaerd frij komme soe, hie Dick dêr wol sin oan, mar Annet seach it net sitten: se hiene it ommers moai foar inoar op de Winsumer pleats. Dat Dick gong de earste kear allinnich nei Skillaerd om de pleats te besjen. Mar de twadde kear is Annet wol mei Dick meigongen om de pleats te besjen. Dick seach it wol sitten: “Met 7 hectare land heb ik hier ruimte genoeg voor mijn 40 Bleu du Maine-schapen en de twee Friese paarden. Ook voor mijn werk zit ik hier in de goede regio.” En mei it argumint dat hjir in treinstasjon is, in winkel en oare foarsjennings gong ek Annet oerstaach. Dan brekt in tiid oan fan ferbouwen en renovearjen. Dan komme je bytiden ek aardige dingen tsjin. Sa kamen se by it renovearjen noch in plankje tsjin dêr’t wierskynlik in timmerfeint syn namme en it jiertal op skreaun hie: ‘Sjoeke Douma, Oosterwierum 1879’. Se binne no ek hielendal fan it gas ôf. Ferline jier krysttiid binne se nei Skillaerd ta ferhuze, al wennen se yn earste ynstânsje boppe, want ûnder moasten bygelyks noch flierren lein wurde. Mar de foarein sjocht der no prachtich út, mei in hiele grutte glêzen pui yn de wenkeuken. Kinst de dyk en tagelyk it lân moai oersjen. “Ik hâld wol fan wat reuring”, laket Annet. Mar dat hat dan ek hiel wat oeren Mandeguod februari 2024 | 23
24 Online Touch Home