fervjen en skuorjen en noch ris fervjen koste… Ja, it treppehûs moat noch wol ferve wurde, mar dat komt noch wol. De grutte skuorre sels moat ek noch oanpakt wurde: dêr komt de snie soms tusken de pannen troch. Mar alles op syn tiid. “Oer de Winsumer pleats ha we ek 17 jier dien om him te ferbouwen”, laitsje se beide. As earste ha se de lisbox fernijd. Dêr siet noch in asbest-dak op, en foar alle sinnepanielen op it dak wiene de âlde spanten net sterk genôch, dat der is in hiele nije stâl boud. Romte genôch foar Dick syn trekkerark. En fansels: dêr ha de twa Fryske hynders in moai plakje – beide krije fan’t maitiid in fôle. Dick fokt mei dizze beide hynders. Nee, der wurdt op dit stuit net op dy hynders riden. De âldste dochter wie in skoftke lyn fan it hynder ôf fallen, en wie doe sels eefkes bûten westen, dat dy wol net wer op it hynder. En eins mocht Annet dat ek net mear, fûnen de dochters… No ja, se ha dêr op Skillaerd ek net in hynsteridersbak, en no’t Dick mei de hynders fokt, komt it dus ek wer goed. Ek de 40 Bleu du Maine-skiep – skiep mei blaugrize koppen – hawwe dêr alle romte. Oer in pear wike moatte se lamje, dus dat wurdt in drokke tiid. Bleu du Maine is in ras dat net hiele grouwe lammen krijt – in foardiel mei it lamjen dus. De ramkes fan dy skiep gean dêrom soms nei boeren dy’t sa’n raam brûke foar de toukes, de ienjierrige skiep. Mar ek al binne de Bleu du Maine-lamkes earst net sa grut, sadree’t se op ‘e wrâld binne, groeie se as koal! “Daar fok ik ook mee”, fertelt Dick, “ik heb deze schapen ook wel geïmporteerd uit Engeland. Dat wil zeggen vóór de Brexit! Dit schapenras is al meer dan honderd jaar geleden ontstaan uit een Engels en een Frans ras. Om precies te zijn: de rassen van waar de Bleu du Maine is ontstaan zijn: de Chotelais (Frans), de Wensleydale en de Blue faced Leicester (Engels). Ik ben ook lid fan die fokvereniging. Dit ras vind ik ‘s zomers het mooiste schapenras!” Ek de wol komt moai fan pas: Annet brûkt de wol bygelyks om te filten. Se mei ek graach skilderje, en dêr foar hat se no ek in moaie wurkromte: it dwarsgedeelte oan de foarein is har wurkromte wurden foar dat soarte hobby’s. Ek dêr is in grutte glêzen pui yn kommen, sadat it in moaie ljochte wurkromte wurden is. Annet sit ek op de filt-akademy, by Truus Huijbregts yn Baard. 24 | Mandeguod februari 2024
25 Online Touch Home