38

Mantgum fiert de oplevering fan Plan Boppeslach Ryklik twa jier lang setten in soad Mantgumers harren yn om Plan Boppeslach te realisearjen en dat it plan no sa goed as klear is waard fierd op 23 desimber mei in feest foar alle frijwilligers. It resultaat fan it hurde wurkjen fan de projektgroep en alle frijwilligers mei der wêze en dat waard fierd troch in hiel soad Mantgumers. Elk dy’t woe, koe meidwaan oan de Bjusterbaarlike-Boppeslach-BingoBongel-tocht troch it doarp. Wapene mei in bingokaart gong jong en âld op syk nei de foarwerpen op de kaart. In rige fol? Dan op nei de Tsjerke foar waarme sûkelademolke en it prachtige Konsert fan koperblazers. Twa rigen fol? Dan wie der yn lyts Kanaän glúwein, ranja en marshmellows yn it fjoer. De measte minsken kamen nei in kuier fan sa’n twa oeren mei in folle bingokaart werom yn de Wjukken. As beleaning wie der foar elkenien snert en patat. De opsmûkgroep hie de Wjukken prachtich oanklaaid yn krystsfear. Op dizze feestlike dei wie yn hast alle romtes fan de Wjukken wat te sjen as te dwaan. Middeis waard der omraak en fanatyk spile op de koersbalbaan yn de 38 | Mandeguod februari 2024 middenseal. Ek hjir in moaie mingeling fan jong en âld. (Kin wol wer ris!) Stichting Freed hie in spannend spul yn de alhiel renovearre kelder organisearre. It poadium wie omboud ta in smûke bioskoop en de alderlytste bern koene omraak knutselje. Op de muzyk fan Grytz en Grize gongen de jûns op ’e Clincke de fuotsjes fan de

39 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication