De iisklup De Twa Doarpen In pear wike lyn kaam Johan van der Werf oan ‘e doar mei in dik boek ûnder de earm. Foaryn stie mei moaie krulletters skreaun: Notelenboek van de IJsclub “de Twa Doarpen” te Mantgum en Schillaard. De fraach wie: kin der ek in ferhaal oer de iisklup yn de Mandeguod? Fansels wol, it febrewarisnûmer is dêr poer geskikt foar: yn dy moanne binne ommers ek de measte Alvestêdetochten ferriden, dus… In protte minsken witte net dat dit eins de twàdde iisklup yn Mantgum is mei de namme ‘De Twa Doarpen’. De earste iisklup wie nammentlik oprjochte op 4 febrewaris 1879. Mar de iisbaan lei doe net op it plak dêr’t er no leit, oan de Skillaerder kant fan Mantgum. Nee, de earste iisbaan lei oan de oare kant fan Mantgum, ûngefear oan de oare kant wetter fan wêr’t no De Mêden is, net sa fier fan it spoar ôf. Johan hat in kaartsje makke dêr’t yn oanjûn stiet wêr’t it nei alle wierskynlikheid wie. Mar op in stuit wie dat stik lân net mear beskikber, mei as gefolch dat der gjin iisbaan mear wie, en de earste iisklup dêrom mar opheven waard. By need waard doe in skoftke riden op ‘it Wiid’, it stikje brede Mantgumerfeart achter it tsjintwurdige Boppeslach Plan. Net in ideaal plak fansels: dat wie djip, en gefaarlik, foaral foar bern, as it iis noch net sterk wie. 6 | Mandeguod februari 2024 De notulen beskreaunen it dan ek poëtysk; “Wanneer de winterkoning zijn zetel te Friesland opsloeg en de nieuwsbladen kolommen vol aankondigingen van evenveel te houden hardrijderijen besloegen, stond onze oude IJsclub ‘De Twa Doarpen’ meestal in de vooraan. Helaas aan al dit mooie kwam een bitter einde.” Lokkich kaam it wer goed: de tsjerkfâdij koe yn dat gebiet earne in stik lân ruilje, in tsjerkfâdij dy’t wol oanfielde wêr’t de minsken ferlet fan hiene: in iisbaan. Se lieten it stikje lân omdykje, et voilà! In iisbaan! Dat sadwaande waard der “op 22 Januari 1914 savonds 7 uur ten huize van de heer Meinsma Kastelein te Mantgum” foar de twadde kear in iisklup mei de namme ‘De Twa Doarpen’ oprjochte. De gearkomste waard offisjeel iepene troch de hear E. van Douwen, en der waarden in foarsitter, in ponghâlder, in siktaris en seis karmasters beneamd. Fuort trochpakke dus. Fuort de oare deis waard der in hurdriderij foar de manlike leden fan de iisklub organisearre. “Vrolijk wapperden de vlaggen en prettig scheen de Januarizon op de glinsterende spiegelgladde ijsvlakte.” In goed begjin!
7 Online Touch Home