(S. van Galemawei 35, wêr’t Herman en Helga Aukes no wenje). It waard fuort ek in bêste winter, dat op snein 25 febrewaris 1914 waard der nòchris in hurdriderij foar leden organisearre. Fan dy tiid ôf wie der alle jierren yn de hjerst in ledefergadering, meastal by de kastlein, mar ek sa no en dan by Jentsje Miedema, yn it stasjonskofjehûs Yn 1917 kaam de iisklup op it lumineuze idee om mei de keatsklup Jacob Klaver in tinte oan te tugen dy’t winters by de iisbaan stean soe en simmers op it keatsfjild. De tsjerkfâldij soe frege wurde om sa’n tinte te bekostigjen, en it ûnderhâld soe dan ek foar de tsjerkfâdij wêze. Mar dêr trape de tsjerkfâdij net yn. Der kaam in keurich bryfke fan de tsjerkfâdij werom, mei de meidieling dat se net op dat fersyk yngongen. Wol wienen se genegen om it oanwêzige hout fan de eardere feesttinte oan de iisklup en de keatsklup ôf te stean, dan koene se sels in tinte bouwe en dy sels ûnderhâlde. Ek in fraach fan ien fan de leden oan it iisklupbestjoer om muzyk by de → Mandeguod februari 2024 | 7
8 Online Touch Home