8

hurdriderijen helle it net: “financiële onmacht laat dit niet toe.” Yn 1920 kamen der wer nije problemen: it wetterskip koe net mear wetter yn de doedestiidske iisbaan krije, en yn 1922 wurdt der op de gearkomste praat oer it opheffen fan de iisklup: want wat is in iisklup sûnder iisbaan? Mar dêr wolle de measten net op oan, en foarsichtich wurdt der wer sjoen nei de tsjerkfâdij. Mar net elk is dêr foar: “G. Reitsma is daar fel tegen: die wil niet aan kerkvoogden bidden om land voor een ijsbaan.” Immen oars komt mei it idee om by it spoargat in iisbaan te graven en dan de modder yn it spoargat te goaien. Ek wurdt in idee oppere om lâns de Skillaerderdyk in iisbaan te meitsjen. Der wurdt in skoftke oanmoddere sûnder iisbaan – der wurdt dan ek wer riden op ‘It Wiid’. Mar úteinlik wurdt der besletten ta in nije iisbaan oan de Skillaerderdyk, en dêr wurdt yn 1924 in baan oanlein fan 215 meter lang en 22 meter breed. Yn oktober fan datselde jier wurdt in mole oantúgd: in wynmotor komt op it fierste ein fan de iisbaan te stean. Alles wurdt mei jildaksjes bekostige. De eardere iisbaan “It Leech” en “It Wiid” yn de Mantgumerfeart Ien fan sokke aksjes wie fansels in ferlotting: yn dy tiid waard elk jier in pear redens ferlotte. Hoe populêr dizze ferlotting wie blykt wol út it feit dat immen syn lidmaatskip opsizze woe doe’t it bestjoer it plan hie om dy ferlotting ôf te skaffen. Resultaat: de ferlotting fan redens bleaun. En sadwaande wûn Jurjen Jongstra (pake fan Eelkje van der Veen-Jongstra) yn 1927 in pear redens, en it jier dêrop wie de lokkige winner Tsjerk Jehannes de Jong (de broer fan Lys har pake Sibbele). Dizze Tsjerk Jeh. de Jong wie yntusken ek de ‘beskermhear’ wurden fan de iisklub. Dizze beskermhear wie net ûnbelangryk foar de finânsjes fan de iisklub – doe’t Tsjerk Jeh. de Jong yn 1959 ferstoar waard dêr yn de gearkomste by stilstien. Yn tiden fan finansjele need hiene se ommers nea fergees by him oankloppe… It belangrykste wurk fan it iisklupbestjoer wie it organisearjen fan wedstriden. Hurdriderij 1929. Op de foargrûn Marten Steigenga; hy gong letter nei Amearika en waard piloat. Wat doe tige populêr wie: “3 man aan ’t haakje”. Twa manlju en in frommeske yn it midden oan de stok. In wedstriidfoarm dy’st no net mear tsjinkomst. 8 | Mandeguod februari 2024

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication