9

Uteraard wiene it allegear koartebaanwedstriden. Wedstriden foar jonges oant 16 jier, wedstriden foar manlju, froulju, foar skoalbern, en soms ek in pearkeriderij (in man en in frou achter inoar). Al is net elk sjarmeard fan dizze lêste foarm fan wedstriidriderij, sjoen de rûnfraach yn novimber 1937: “H. de Boer vraagt of het misschien ook mogelijk is een rijderij te houden van mannen alleen. Het is altijd een toer een dame te vinden, en dan was men ook eens vrij van die bongelarij achter je aan.” In suggestje om in kostumearre hurdriderij te hâlden helle it lykwols net: de foarsitter fûn dat te kostber. By dizze wedstriden kamen de riders soms fan fier en hein. Der wiene faak jildprizen te fertsjinjen en yn dy tiid koe in goeie rider bytiden in aardige bûssint byfertsjinje. Dat it der op de jiergearkomsten altyd noflik om en ta gong waard yn 1933 oantekene: “De discussies waren van aangenamen toon ende er heerschte op de vergadering een goede geest van eensgezindheid, die zoozeer heeft meegewerkt aan het welslagen der bijeenkomst.” Uteraard waard alles yn dy tiid yn it Nederlânsk opskreaun. Pas it jierferslach fan 1933/1934 is yn it Frysk opsteld, troch siktaris Sjoerd Goodijk, jierrenlang it haad fan de iepenbiere legere skoalle. Yn 1938 wurde plannen makke om it 25-jierrich bestean fan de iisklub yn 1939 mei in grut feest op it iis te fieren. Mandeguod februari 2024 | 9 Spitigernôch is der dan gjin sterk iis, dat it feest wurdt op 1 maart (foar de âlderein) en 3 maart (foar de jongerein) holden yn de herberch. Toanielklub Frisia bringt it stik “Pake” foar it fuotljocht, yn it skoft sprekt grytman Mr. Wytse Hoekstra en nei it skoft is der in ‘revu’ dy’t Neeltsje Bosch skreaun hie. De besikers krigen twa fertarrings fan de klup, de oare doarpsferienings kamen lâns, en as slútstik waard de slotsang troch it bestjoer en feestfierders yn de seal songen dat it davere. Dêrnei waard der dûnse dat it klapte. Nei dit djoere mar moaie feest wie de klupkas aardich slonken, mar de klup gong de takomst striidber en mei blidens temjitte! →

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication