Fûgelwacht Mantgum, Jorwert, Wiuwert, Britswert siket neisoargers / leden ‘t Is winter. Op it lûd fan gakjende guozzen en it gefluit fan de smjunten nei, is it stil yn it fjild. In tiid fan rêst, herstel en nei binnen keare. Stil hat it ek even west rûnom de fûgelwacht Mantgum e.o. (Jorwert, Fûns, Wiuwert en Britswert). Hoewol’t de ynspanningen oangeande it greidefûgelbehear (neisoarch) troch belutsen fjildminsken ûnferminderd fuortset binne, is der troch omstannichheden net folle organisearre en dield oer de belibbingen yn it fjild. Mar nei de winter komt altyd wer de maitiid. De ljip, de skries en oare fûgels wurde wer aktyf en begjinne harren te setteljen. It is ek de tiid fan frisse skjinne lucht en wer mei enerzjy oan de slach gean mei nije plannen. It bestjoer fan de fûgelwacht sjocht út nei de kommende maitiid en wol graach wer in rol spylje as it giet om it ferbinen fan minsken mei in hert foar fûgels, natuer en aventoer. Mar in ferieniging sûnder leden is as in ljip sûnder kuif. En dêrom ek dit berjocht yn jo doarpskrante. De fûgelwacht is op syk nei nije neisoargers / leden. Algemiene leden dy’t it leuk fine om ris mei te gean op ekskurzje of dielnimme wolle oan in aktiviteit. Dêroer letter mear. Yn it bysûnder binne wy op syk nei minsken dy’t har ynsette wolle as neisoarger om ús groep neisoargers te fersterkjen. Fia dit berjocht ynformearje wy dy graach oer wat in neisoarger docht en wat der fan him of har ferwachte wurdt. Dit dogge wy oan de hân fan in fraach en antwurd: Wat is in neisoarger en wat docht hy / sy? In neisoarger is ien dy’t foar de fûgelwacht en de boer nêsten registrearret yn syn of har neisoarchgebiet. De neisoarger bringt tiid troch yn it fjild (heal maart oant heal july) en observeart de fûgels om dêrnei de → Mandeguod februari 2025 | 43
44 Online Touch Home