47

De beukerskoalle midden jierren 70 Sa’n 25 jier lyn waard de eardere legere skoalle – it gebou oan de Seerp van Galemawei dêr’t no noch altyd mei moaie letters “O.L School” op stiet – leechhelle. It hie syn funksje as legere skoalle, letter as beukerskoalle en dêrnei as doarpshûs, ferlern en it gebou soe partikulier ferkocht wurde. It hiele gebou moast opromme wurde. Net allinne de eardere lokalen, mar ek de ferskuorrend hege solder. Alles bedarre yn grutte konteners, klear om fuortgoaid te wurden. Johan strúnde dêr doe ek efkes om en seach opiens it pears opskildere plankje mei de wurden “De Sinnepit” út ien fan dy konteners stekken. De measte minsken soene der oan foarby rûn wêze, mar Johan herkende it plankje daliks: it hong yn de jierren 70 yn de gong fan it gebou. It wie de tiid dat it gebou in beukerskoalle wie. Om krekt te wêzen: it wie in dependâns fan de Weidumer beukerskoalle. Foardat der yn Mantgum in dependâns wie gongen de Mantgumer beukers yn Weidum nei de beukerskoalle. Mei in taksybuske, mei as sjauffeur Skelte de Boer. ‘Skelte Buske’ yn de folksmûle. Dy Weidumer beukerskoalle hiet “De Sinneblom” – reden om de dependâns yn Mantgum “De Sinnepit” te neamen. Ien fan de Weidumer juffen, Fokje Peenstra, hie it plankje skildere, en omdat Johan as lyts beukerke syn dagen trochbrocht yn de Mantgumer dependâns, stie him dat pearse plankje noch skerp op it netflues. In skoftke lyn kaam Johan datselde pearse plankje by it omrommeljen yn syn garaazje wer tsjin, en daliks tocht er oan Juf Veltman, syn beukerjuf fan destiids. Dat hy frege Lys om dêr tegearre in ferhaal oer te meitsjen. Lys koe har Juf Veltman allinnich mar herinnerje omdat sy lyk tsjinoer de útdoar fan de skoalle wenne, en op it ein fan de skoaldei koe sy Juf Veltman dan nei bûten kommen sjen, mei al har lytse beukerkes dy’t yn in lange rige de skoalle út hipten. Johan van der Werf en juf Veltman mei it plankje. Dat is no allegear 50 jier lyn Mar Juf Heleen Veltman wit it allegear noch tige goed. Doe’t Johan en Lys by har yn har Ljouwerter appartemint op besite → Mandeguod februari 2025 | 47

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication