kamen, hie se allegear foto’s foar it ljocht helle mei de Mantgumer beukerkes út dy tiid. Johan en Heleen koenen 99% fan de bern ek op namme bringe. In inkele kear wisten se it net hielendal sekuer, mar dochs… Mantgum wie doe uteraard gâns lytser as no, mar se hie dochs goed 30 beukers op ‘e noed. Op in stuit wiene der dan ek twa juffen, wat ynhold dat de beide klassen geregeld fan lokaal wikselen, omdat it iene lokaal mear boarterslokaal wie en it oare lokaal as wurklokaal fungearre. It wie ek net ûngewoan dat de bern alle taffeltsjes en stuoltsjes oan ‘e kant skowe moasten om romte te kreëaren. It gebou hat net sa lang as beukerskoalle tsjinne Juf Veltman waard op 1 febrewaris 1973 oansteld. By har sollisitaasjepetear stelde it bestjoer dat it wichtich wie dat de bern Frysk learden. “En ek Nederlânsk”, fûn Juf Veltman. It waard in twatalige skoalle. Der waarden dan Nederlânske èn Fryske ferskes songen. En der waard yn beide Van links naar rechts en boven naar beneden: Inge Adema, Siemen Reitsma, Marije v Doorn, Joke Lageveen, Josien vd Munnik. Loltsje Oosterbos, Juf Heleen Veltman, Johan Monsma, Ferdinand Aukes, Nynke de Boer, Willemien vd Weide, Greta Jepma, Jan Reitsma. Wiep Monsma, Akke Bosma, Sjoukje Agema, Johan vd Werf, ? , Jochum vd Spek. Pieter Dijkstra, Wilma Zijlstra, ? , Elsbeth Lotgering, Anton vd Kooij, Riemke Fopma, Gea Schuurmans. Hilda Hansma, Esther vd Kooij, Ankie Hartmans, Pieter Hartmans, Petra Lageveen, ? . 48 | Mandeguod februari 2025
49 Online Touch Home