20

20 Mandeguod Wat hinget der by dy oan de muorre? Tekst en foto’s: Jan Terpstra Myn namme is Jan Terpstra en ik waard frege oft ik wol in stikje yn de Mandeguod sette woe oer wat by my yn ‘e hûs hinget of stiet! Jantje Kiewiet kwam op in jûntiid by my lâns om dit te freegjen. Omdat se graach ek wol ris witte woene wat der by de jongeren yn Mantgum hong of stie en om de jongeren der wat by te belûken. Ik ha yn de hal wat in oare kapstok stean as wat de measte minsken yn Mantgum en omkriten ha, tink ik. Dizze kapstok is makke fan in âld doar. De kapstok wie doe noch fan âld-bewenner en doarpsgenoat Jelle Anema. Doe’t ik it hûs fan him kocht, frege hy my oft ik ek ynteresse hie om dizze kapstok mei oer te nimmen. Ik sei fuort “ja”, want it is in machtich moai ding! It is even wat oars as oars en dat makket it wol wer grappich om soks yn ‘e hûs te hawwen. It klaait fuort de muorre moai oan en minsken begjinne faaks fuort mei fragen te stellen oer hoe’t ik hjir oan kommen bin! Mar sa bin ik eigentlik oan dit item kaam. Sa as je op de iene foto sjogge, hinget der ek in keatswant oan de kapstok. Ik mei op himsels wol graach ris in baltsje

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication