4

4 Mandeguod ‘It kin net’ As de temperatueren wer nei it nulpunt gean, dan binne wy Friezen it oer ien ding iens: De Hollanners komme. ‘Ligt er al ijs? Wanneer begint de tocht der tochten?’ Mei Erben Wennemars as grutte entûsjasteling foarop. 7 febrewaris wie it sa fier. In teken fan kjeld die ús lân oan. In hiele dei iiskâlde en hurde wyn dy’t soarge foar de nedige sniedunen, koade read en einliks ris wat oars as koroananijs. De gemiddelde Fries tinkt dan: snie en kjeld? Dat wurdt bomiis. De gemiddelde Hollanner tinkt: Elfstedentocht(…) Yn fiif lagen nei de Swette Mocht it iis sterk genôch wêze, dan soe ik ek ôfgryslike graach wer dé tocht sjen wolle. Yn ’85 wenne ik, krekt as hjoed de dei, oan de Swannedrift yn Mantgum. Dé tocht kaam der oan en ik mocht it sjen fan myn âlders. Ik hie fansels gjin idee wat it ynhold. Yn in piamabroek, in maillot, noch in piamabroek, in spikerbroek en in reinbroek gong ik yn de nacht nei de Swette om de earste riders oan te moedigjen. Bysûnder is dat ik niks mear wit fan de tocht, mar wol dat ik goed klaaid nei de Swette mocht. Je soene it mar kâld krije. De tocht yn gedachten Mantgum hat op in moaie wize dochs as ien fan de earste doarpen oan de rûte in prachtige bining mei de Alvestêdetocht. De tocht fan in jier letter, yn ’86, herinnerje ik my fan de tillefyzje en sjen nei in ridende meute minsken. De tocht fan ’97 is better bewarre bleaun yn myn ûnthâld. Tegearre mei myn heit en suske, goed oanklaaid, ha we de riders sjoen by it Bolwurk yn Frentsjer op wei nei Dokkum. Wát in feest wie dat! Mei oranje-kleurde mûtsen stie der in lân fol minsken te hossen op it iis. Koe dit wol goed gean sa, mei stadichoan hieltyd mear wetter op it iis? 2021 Troch it C-wurd dit jier gjin Alvestêdetocht. Ek al is it iis dik genôch. Sa sei foarsitter Wiebe Wieling. Neffens my in wiis beslút, want tûzenen minsken oan de kant dy’t in feestje fiere is net te ferantwurdzjen. De politisi út Den Haag ha dit beslút Prakkesaasjes fan de redaksje

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication