49

maart 2021 49 Alvestêdetocht 1986 De redaksje socht om wat Mantgumer foto’s fan de Alvestêdetocht fan 1986, en sa kamen we by Siebolt Dykstra telâne. “Mar,” sa ferhellet Siebolt, “Ik haw wakker socht, mar allinne myn startkaart is foar it ljocht kommen. Aukje hie wol fan alle trije tochten in plakboek makke, mar dat wiene eins allegearre kranteartikels en foto’s út de krante.” Wol kaam der in papierke foar it ljocht mei de nammen fan de dielnimmers út Mantgum oan dy tocht út 1986: Durk de Vries Durk Monsma Popke van der Zee Henk Kroon Jan van Hulzen Jan Duko Koopmans Nanne Orré Hylke Schuurmans Doeke Odinga Haije de Jong Peter de Bruin Anne Christien Piebenga Huub Storm Siebolt Dijkstra In oantal fan dizze minsken binne fertrietlik genôch net mear ûnder ús – dochs wolle wy harren ek hjir noch neame en op dy wize noch efkes foar it fuotljocht helje. Dy dei yn febrewaris 1986 – no al wer 35 jier lyn – sil foar in protte Mantgumers in memorabele dei west ha; foar dyjingen dy’t de tocht sels rieden, foar de supporters dy’t by de kant lâns stiene of al dy minsken dy’t thús foar de telefyzje in pracht-dei belibben. redaksje

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication