54 Mandeguod Wer by de wâl op klauwe “Onvoorspelbaar,” sa typearre se har sûnens doe’t ik foar de Mandeguod opbelle mei de fraach hoe’t it mei har wie en oft se wol fielde foar in ynterview yn ús doarps krante. Myn twadde fraach waard lokkich ‘ja’ op sein! Yn it smûke âlde hûs yn Littens (“Denk om die drempel!”) sitte Harmie Boerrigter en ik oan de tafel te praten oer hoe’t har libben de lêste twa jier hiel oars rûn is as dat hja ferwachte hie. Tritich jier – sûnt 1 jannewaris 1993 – hat Harmie fysioterapeut west yn de fysiopraktyk yn Mantgum. Mei in soad plezier hat se withoefolle minsken behannele: in prachtberop, fynt Harmie. It is in berop dat tal fan fysike hannelingen freget, mar dat ek foaral in berop docht op de holle: want je moatte altyd sjen wat der àchter de kwaal sit. Wêròm hat dy man lêst fan de nekke, wêròm stroffelet dy frou iderkear mar wer. Der sit faak méár achter in kwaal, en as fysioterapeut moatte je besykje der achter te kommen wat de reden of de oarsaak is fan in kwaal. Je moatte de pasjint bewust meitsje fan wat wòl en wat nèt kin. Dàn kinne je ek echt helpe, fynt Harmie. En mei sa’n lang tiidrek fan wurkjen yn de fysioterapy hat se in soad (minske) kennis opdien en kin se in hiel soad minsken ek fierder helpe. Of advys jaan oer hoe’t it it bêste fierder kin. “Je kunt vaak niet alle ballen in de lucht houden, je moet ook wat respect voor jezelf, voor je lichaam hebben. Maar vaak dender je maar door tegen beter weten in,” sa konkludearret Harmie. Harmie har karrière as fysioterapeut is begûn yn 1981 en al gau bedarre se yn in lyts sikehûs yn Switserlân. “Een fantastische tijd. Ik mocht ook alles van mijn patiënten meemaken. Als iemand een heupoperatie moest ondergaan,
55 Online Touch Home